De lêtste dagen thus en de reis nei Mexico
No hjir sit ik dan, EINDELIK is it safier! Ik wie der de lêtste dagen ek echt wol oan ta en koe eins net mear wachtsje. Salang ha ik hjir mei dwaande west om alles te regeljen om op reis te gean. It hat in hiel soad tiid en enerzjy koste om beslissingen te meitsjen en no is it eindelik safier en no sit ik hjir gewoan yn MEXICO!!
De lêtste dagen thús
De lêste wike yn Fryslân wie nogal oars dan ik yn’e holle hie. Mar ja, it giet eins altyd oars dan we ferwachtsje. Ik hie sa’n sin yn dy lêtste wike frij. Yn alle rust it hús skjinmeitsje, noch alle lekkerste dingen iten gean wêr ik fan hâld en ik hie sin om alfêst wat filmkes te meitsjen fan de recepten dy yn’e workshop foarkomme. Ik wit immers net as ik hjir yn Mexico wol deselde middelen ha. Dêrneist wol ik alle tiid ha om elkenien gedach te sizzen. Dochs gie it dus samar oars omdat ik de sneintejuns samar wekker waard mei in behoorlik búkgriep. De details hâld ik mar foar my, mar ik leau dat ik yn lange tiid net sa siik west ha. Ik koe eins neat omdat ik my gewoan sa min fielde en as ik wol wat útfun koe’k hieltyd nei de wc fleane. Gelokkich wie dêr yn dizze wike myn mem dy (undanks dat ek sy de búkgriep hie) my alderraast holpen hat om de boel toch stadichoan skjin te krijen. Sa no en dan mei in pauze om de 10 minuten omdat we beide sa beroerd wiene. Oh oh oh..
Doe ik bliid wie dat ik nei in wike eindelik wer in bytsje ite koe, krige ik ynienen sa’n seare kiel dat ik amper prate koe en ik kuchele my útelkoar. Jemis sis, wat hat je liif je dan yn’e macht. Ik wist wol seker dat it puur spanningen wiene mar klear, foar de sekerheid ha ik yn’e letste wiken dus noch 2 kear in test dien. Gelokkich wie it neat mar dochs is it mega vervelend want ik hie nergens puf foar en sin yn de lêtste wike. De kriebels yn’e kiel waarden allinne mar erger troch de lucht fan it fleantúch, dus kuchelje koe’k net foarkomme en dat is tsjinwurdig toch in ‘dingetje’.
Dêr kaam by dat ik ondanks dat ik de rest allegear netsjes regele hie en de tas al hast 2 wiken klear stie, dochs last minute in grut probleem hie. De creditcard dy ik in pear wiken lyn besteld hie en dy 2 okt mei de post oankomme soe, net arriveert is. No hie ik myn gewoane pinpas wol op ‘wereld’ setten mar dêrmei kin ik allinne mar cash út’e muorre helje en nergens betelje. Ik koe neat oars as ôfwachtsje as der miskien de dagen dernei noch yn’e bus falle soe mar helaas. Ik sil no besykje as ik alsnog in kaart bestelle kin dy dan nei Mexico stjoerd wurd.
De lêtste dei yn Nederlân ha ik best relaxed noch meimakke. Fansels gierde it wol troch my hinne omdat it spannend is. Undanks dat ha ik noch mei heit op’e trekker gêrs helle, de kop op wat oars en noch efkes gesellich kletse mei heit. Dêrnei ha’k sels noch hiel relaxed yn bad lein! Oan’t einde fan’e dei run healwei 6 wie it dan eindelik safier en gie ik rjochting Skiphol!
De flucht
Op Skiphol ha’k noch efkes in ekstra bevestiging frege oer wat no wol en net yn’e ruim- of handbagage mei. Ik hie it hielendal goed seine se. Ik hie under oare noch wat farsk fruit mei yn’e handbagage, cakejes dy ik bakt hie en hearlike núten. Ik hie in soad lekker guod bewarre thús om de lêtste wike noch efkes lekker fan te genietsjen mar troch de búkgriep ha’k eins neat iten. De núten en it fruit ha’k dêrom mar meinaam. Ik hie noch in hiele sek fol núten dus de measten ha’k moai by de ruimbagage yn dien. Dat mocht gerust fertelden se my op Skiphol.
Doe ik ien kear yn’t fleantúch siet wie ‘k nijsgjirrich wa der neist my sitten kaam. Ik hie in stoel hielendal achteryn it fleantúch sadat ik yn elts gefal gjin lêst mear ha soe fan minsken dy my yn’e rêch stompe (sa as de flucht nei Austraalje). Oan’t it lêtste momint siet der sels hielendal NIMMEN by my op it rijtsje! Ik koe myn geluk net op! Dan ha ik gewoan 3 stuollen foar mysels en kin ik selfs lizzen gean om lekker te koesen! Yess.. Krekt foar it fleantúch begun te riden kaam der samar út it niks in famke/frou nei achteren draven en ploft op de 3e stoel. Jammer tocht ik, mar klear der sit noch steeds in lege stoel tusken ús. De beste dame dy no by my siet koe blykber gjin ‘hoi’ sizze en se straalde een en al ‘perfection’ út. Miss perfect ha’k mar neamt foar mysels. Se seach der sa strak, moai, gelokkich, zelfverzekerd út. Se hie it blykber ek nea kâld want se hie bleate fuorten en in hiel sexy himdsje oan. Dy zelfverzekerdheid waard noch efkes ekstra dúdlik doe se binnen de earste minuut dat se dêr siet ek lyk har strântas pontificaal op de stoel tusken ús ynsette en lyk langút der oer lizzen gie sadat se lyk mar sliepe koe. Ik stie der eins wat ferbluft nei te sjen wat my ynienen oerkaam wyls it fleantúch opstijgde. De iene minuut ha’k 3 stuollen foar mysels en no ynienen ergere ik my grien en giel oan dizze ‘miss perfecto’. De hiele reis is dat eins as wat bleaun, miskien wie it ek wol wat jaloezie dat madame sa’n skijt oan alles hie en gewoan lekker slipt hat de hiele reis. Ik ha fansels ek 10 oeren lang myn bêst dien om te sliepen mar dat is net slagge. De klap op de fjoerpylk wie doe ik efkes nei de wc west hie (dy rjochtneist my wie…) dat miss perfecto sels ek noch myn kessen ynpikt hie en dat se no op in stapel fan 3 kessen en tekkentsjes lei te sliepen!
Ik ha it mar litten, undanks dat ik har wol wat dwan koe hie ik gjin sin om it kessen under har sliepende perfecte gezicht wei te skuorren en ferfolgens der ruzje om te krijen. Ik ha sels oan it einde noch myn broadsje en in appel oan bean.
Dochs illegaal?
Omdat ik net sliepe koe ha’k op in gegeven momint op it skermke foar my wat oan’t sneupen west. Sa kaam ik ek by in rijtsje formulieren dy je ynfulle moasten of op papier krije soene as je mexico ynkomme. Ik skrok my kapot want der stie ek op it formulier dat as ik IETS eetbaars mei hie dat ik it oanjaan moatten hie. Alle appels, parren, bananen, cakejes en núten fleagen my doe raar troch de kop. Ik ha efkes ferhaal helle by de steward dy wol Engels koe. Hy wees my der ek op dat ik inderdaad dat iten NET mei mocht nei Mexico, ek al hiene se my dat wol tasein op Skiphol. As ik it echt mei woe dan koe ik it stiekum bewarje sei der, mar wol mei in twifel yn syn gezicht. No ik wist lyk wol seker dat ik DAT net fan plan wie. Ik ha genôch ferhalen lêzen en heard oer Mexicaanse douane en plysje en dy binne net mals, ik kin mar better kontakt mei harren fermijde. Ik ha dus as in idoait safolle mooglik op iten direct en al it eetbare út myn handbagage mar yn’e prullebak goait yn’t fleantúch. 1 probleem minder, mar de grutte sek núten yn myn ruimbagage sieten my wol dwars! Ek de steward seach besoarge en sei dat ik dêr foar it formulier ynfulle moast en my melde by de douane. Jim wolle net witte hoe faak ik al yn myn holle opsein hie hoe ik it dochs earlik opbiechte soe en dat ik it echt net mei opset dien hie omdat ik tastemming frege hie!
De oerstap yn Mexico city gie redelik flot, ik hie samar in soart fan visum foar 180 dagen en it welbegeerde BRIEFKE wat ik dus hieltyd by my hâlde moat. As se der nei freegje wêr dan ek mar en ik ha um net by my, dan is de kâns dat ik in boete krij of sels tidelik yn’e gevangenis sitte moat.
Doe ik úteindelik nei de 2e flucht oankaam yn Cancun wie de spanning grutter. Earst sjen as inderdaad myn bagage wol oankaam wie, dêrnei checke as der gjin skuor ofsa yn siet omdat der drugs by yn stopt is ofsa en troch de douane mei myn ferhaal oer de núten.
No hjir kin’k koart oer wêze hahaha… Neat oan’e han, der wie net iens duoane wêr ik trochhinne hoegde, ik hie net iens de kâns it te melden! Oh wat sil ik lekker genietsje fan myn illegale núten hjir 😉 Gelokkich eindigt dit ferhaal net mei in spannend douane of gevangenis ferhaal, mar ik sis earlik dat ik knap benaud wie!
No earst genôch oer de lêtste dagen en de flucht! Ik bin oankaam, fiel my goed en bin bliid!! Undanks 19 oeren mei in stom mondkapke non stop op en dat ik woansdei te jun pas sliepe koe nei 45 oeren wekker te wêzen! Dit wie miskien wol it diel wêr ik it meast tsjin op seach. Ik bin te plak en it hostel liket fijn! Letter mear!
4 Comments
Marianne Boersma
Moaie ferhalen,leuk dat wy it sa mei belibje mei.
En ek leuk das’t der foto’s en filmkes by dochst,hiel nijskjirrig.
In goeie tiid!
En oant dyn folgjende ferhaal.
admin
dankjewol Marianne!
Franz
Wat een leuk verhaal Petra. Wel soms lastig om het te lezen in het Fries, maar het meeste haal ik er wel uit. Volgende keer moet je meer in het midden zitten, dan komt er ook niet zo snel iemand naast je zitten om te slapen, leg dan een (handbagage) tas op de stoel waar je officieel hoort te zitten. Verder is de politie eigenlijk best vriendelijk in Mexico en ik denk dat je al veel aanspraak hebt als lange blanke blondine. Maar je bent dus naar Cancun gegaan? Hopelijk heb je lekker weer en kom je wat tot rust! Ik ben in die buurt nog niet geweest maar er is vast genoeg te doen.
admin
He Franz! Ik lees je berichtje nu pas! Ik zal je tips meenemen in mijn verdere trip ;)! Ga jij ook weer op reis?