De rol fan ‘minder fiele’
In artikel oer wiisheid fan oaren, twifelje oan jesels en iepen doarren.
2 lessen
Foarig jier ha ik fan Bradley in les leard dy geregeld efkes werom komt. Hy learde my: meitsje keuzes net op basis fan alle fertrouwen op allinne 1 ding of 1 persoan. Dêrmei bedoelde hy dat ik net alle fertrouwen ha moat yn ALLINNE dat iene ding of persoan. Brûk ek dyn eigen ferstân. Leau net allinne mar 1 wierheid, elk hat syn eigen wierheid en syn eigen idee oer it libben.
Dêrneist krige ik op myn hert drukt troch Nancy út Pai; twifelje NEA oan dysles Petra! Wat der ek bard, wat minsken ek sizze! It libben hat in soad útdagingen wêryn we oan’t twifeljen brocht wurde en we soms efkes net mear witte wat we no moatte. Nei wat we lústerje moatte, welk paad we folgje moatte want we krije allegear ferskillende adviezen fan elk. Ik ha dan de neiging om as allerearst oan mysels te twifeljen. Ik helje mysels hiel maklik ûnderút. Dy stem fan it ego is sterk ûntwikkele en ferteld my by hast ELKE situaasje dat it MYN skuld is,IK wie net goed genôch en ek al hat it hielendal neat mei my te krijen: IK moat it fixe!
Oaren net talitte boppe je te stean
Dizze wurden fan Bradley en Nancy kamen no wer by my boppe omdat ik juster in soad minsken tsjin kaam dy my fanalles leare woene. It is allegear goed bedoeld mar ik fal automatysk dan yn in rol fan: Ik bin noch net goed genôch, ik bin der noch net. Ik fal geregeld onbewust yn dizze rol as ik hulp freegje of mei immen in fraach of probleem diel. Dan wurd ik oerdondere mei allegear goeie adviezen en al harren kennis. Faak binne it dingen dy ik allang wit.
De eye-opener
Ik mei de rol fan student loslitte! Ik mei de rol loslitte om ûnder oaren te stean en my lytser fiele te litten. Ik liet it self unbewust telkens ta. Ik liet it ta my te bestoken mei alles hoe ik it wol net oars of better dwan moatte soe. It kleineerd my geregeld. Yn pleats fan dat ik der better fan wurd troch al de adviezen, fiel ik my júst mear ‘nietig’.
Wiis en sterk
Ik bin ynmiddels sa wiis en sterk dat ik eins genôch wiisheid ha om foarlopig mei oan’e slach te gean. Net fierder sykje nei MEAR. Want dan sil ik it nea fine. It is hjir en no, ik ha safolle kennis fergaard. Ik mei earst eigen wurde mei de kennis dy ik ha. Dat is genôch, dat is goed. Ik ha it al, ik ha alles al yn my wat ik nedich ha.
Sicht fanút in oar perspektyf
Soms is it goed as immen je der efkes oan herinnert, omdat der safolle kennis is wat je fersamele ha en miskien koe ik foar dizze situaasje better in oare ’tool’ brûke. In oare kijk. Dat is prima. Mar mear as dat ha ik net nedig. Yn dizze situaasjes stean minsken neist je, net boppe je. Se joue in advies, omdat je freegje mar litte it dêrby. Prebearje net harren gelyk te krijen, it troch te drukken of noch folle mear ongevraagd advies te jaan.
Ik wurd yn’e war as minsken allegear HARREN wurklikheid oer my hinne stroaie. Minsken dy oaren konstant oertsjûge wolle fan harren wurklikheid, kennis en wiisheid. Ik ha leard, dat wannear minsken sa hurd oaren oertsjûgje wolle, dat dy harren sels noch sa hurd bewize wolle. Wêrom? As men sichsels hielendal aksepteard en fan sichsels hâld, dan ha je net dy bewiisdrang.
Iepen doarren, ik hoech net MEAR
Sa as Jelle Hermus yn ien fan syn boeken ferteld binne der safolle iepen doarren. Der binne al safolle oplossingen foar ús problemen. Dochs sjogge we it faaks net. Ten earste kin dat komme omdat it TE moai liket om wier te wêzen. Ten twadde omdat it te ‘maklik’ liket. As tredde omdat we altyd op SYK binne nei iets betters. Nei iets NIJERS. We wolle sjen wat der achter de tichte doarren sit, wyls der gewoan iepen doarren binne mei genôch oplossingen.
Praktyske fergelikingen hjir fan binne der oeral! Medicinen, skjinmakmiddelen, ûnderwiis, masjines etc. It bestiet allegear al, mar we wolle it BETTER, NIJER. Mar wat is der mis mei de oerâlde medicinen fanút planten en krúden dy faaks folle sterker wurkje en gjin troep besitte. Wat is der mis mei beppe har oplossingen om mei simpele huis- tuin- en keukenmiddelen dagelikse problemen op te lossen yn pleats fan chemische djoere merkproducten?
Wêrom moat it underwiis telkens feroarje, telkens ‘leuker’.. wurde de bern der slimmer fan dan ús pake’s en beppe’s? Hearre we net hiel faak dat dy âldere nokia mobieltsjes net stikken te krijen wiene en alle nije gadgets samar ‘kadoek’ binne?
We sykje altyd nei better, nijer en wat OARS.. mar eins.. binne alle oplossingen der al en creeëre we faaks allinne mar mear syktes en stress..
Wow, wat jout dat in rust. Ik hoech net mear op syk nei mear antwurden, ik hoech net op syk nei mear… Lit my earst mar djipper gean en genietsje fan alle kennis en wiisheid dy ik al ha!