De wike ‘after the monastery’
Tsja.. Ik skrok súver wat dat it alwer snein wie en ik tocht.. wat ha ik beleefd fannewike, wêr sil ik oer skriuwe. Want eins is de ôfrune wike yn in soart fan fijne ‘roes’ foarby gien. Oan’e oare kant eindige de wike mei in machtige sneon fol sensatie.
De wike ‘after’
Ik wie yn’t kleaster súver wat benaud om werom te kommen nei de drokke wrâld. Wol bliid dat ik yn Pai bliuw no foar in skoft want it is in soart fan in grut doarp. It is sinds in pear jier mega útgroeit tot in toeristisch plak mei in soad bysûndere minsken mar in pear jier lyn wie hjir noch neat. It is dêrom wol drok mei toeristen mar foar de rest is it net grut en dêrom redelik oersichtelik. Je witte alles gau te finen en je kinne yn in dei alle hoeken fan’t doarp sjoen hawwe by wize fan.
Boppe myn ferwachting bleaun ik kalm de hiele wike! Echt wie, ik ha my se enorm kalm, lokkich, dankber en tevreden fielt! En dat is NET omdat der gjin drama op myn paad kaam want der barde genôch, mar ik liet mysels gewoan net meigean yn dy drama en stress. It wie alsof der in stem yn mysels lûder oanwêzich wie dy sei: adem yn en út, it komt allegear wol goed, laitsje der om, it bard allegear mei in reden, prebearje der boppe stean en lit it dy net mei lûke yn’e stress. En dat slagge super goed! Ik stie der sa no en dan sels fan te sjen, grutsk op mysels en fijn om te ervaren dat it dus wol gewoan yn my sit mar faaks binne de oare stress stemkes tefolle aanwezig dat we dy oare stem net mear hearre. Troch it soad meditearen yn it kleaster binne dy stemmen nei de achtergrun ferdwûn en wie ik gewoan lekker kalm.
Juns gie ik lekker betiid op bêd om moai yn’t ritme te bliuwen. Ek al wie der allegear feest ensa yn’t doarp, ik hie dit kear NET it gefoel dat ik wat misse soe. Ik ha efkes wat iten helle en bin tevreden mei opgeheven holle lekker yn bêd kropen. 6 oere de wekker want dat fyn’k ek hearlik.
Ik bin de earste 3 dagen drok bezig west mei de vlog dy jim yn de foarige mail krigen ha. Eins wie dit fansels fffiiieeerstente folle tiid, sonde!! mar dit kear bleaun ik kalm. As ik dit wol, dan doch ik it goed. As ik it in kear yn ’t Engels dwan wol mei ûndertiteling dan gean we der foar. mar POEH!! dat stikje wie wol echt in útdaging om kalm te bliuwen! Want eins wie de vlog al klear nei 2 dagen mar doe gie it mis mei de ûndertiteling. Sawysa hat dy undertiteling my 6 oeren koste en ik MOAST EN SOE it dan ek der by ha! Allegear wer programma’s downloade en útsykje yn filmkes en op google hoe it wurket mei it undertiteling bestand pfff.. Sokke dingen ha k dus echt neat mei he.. ik wol gjin computer nerd wurde, marja as je wat wolle moat je soms wat. Ohad hat my úteindelik in ein opwei holpen en tis eindelik ein fan’e 3e dei slagge. Wat in operaasje.
Nije maat en hot springs!
Tongersdei ha ik Richard troffen yn in kofje saakje. Richard komt út Dútslân en wennet sinds 2019 ek yn Pai. Tidens ús gesprek fernaam ik al dúdlik hoe machtig moai en ferbaasd hy eins wie dat we oer in soad deselde kennis beskikten en itselde nei de wrâld seagen. Ik moetsje júst mear minsken hjir yn Pai mar hy hie dy klik hjir net safolle mei in soad minsken. Richard fertelde oer syn ungelok in oantal jierren lyn wat foar him, ik neam it mar syn ‘wake-up call’ west hat.
Hy is tidens it klimmen meardere kearen tsjin in berg oan fallen en mist ungefear in moarne út oan herinneringen. Syn hersenen hiene sa’n opdonder han, knibbel, hân en syn gezicht. Hy kin dus ek neat mear sjen mei 1 each. Dochs hat de klop syn hiele libben posityf feroare. No wie myn hersenskudding net sa heftig as dat fansels! mar ik sjoch it faaks ek as ien fan de meardere dingen dy yn myn libben bard binne om my wekker te meitsjen en my oare dingen sjen te litten. Fansels is de depressie dêr miskien wol in grutter part fan, mar blykber wie dat net genôch om my wekker te skodzjen en my op it oare paad te setten. 😉 Sa de arbo arts doe sei tsjin my: “er is een reden waarom jou lichaam niet hersteld. Je hart wil je wat vertellen maar jij wilt niet luisteren, en nu zegt je lijf ‘stop’. ” Ik ferjit it nea wer wat dy man allegear sein hat, hy hat achternei in begjin west fan in nij libben foar my. Mar klear dat terzijde, ik dwaal ôf! hahaha
Freeds ha ik mei Richard nei in hotspring west, dy ha je dus ek yn Pai. Dit like dan wol in gewoan zwembad oan’e bútenkant mar der komt dus konstant waarm wetter trochstromen wat regelrjocht út de ierde komt! Hearlik, lekker genoten. Moarns betiid want dan ist noch wolris fris dus dan ist lekker! Ik ha gjin foto makke, oops! mar yn’e vlog letter deze wike, komt dr wol in stikje foarby.
Sneon, Peet lit Pai de echte Peet sjen!
Jaaa, sinds ik hjir yn Pai bin kaam der lyk in gek idee yn my op. Ik fielde my hjir thús en mei alle hippies, dreadlocks, tattoos en oare gekkigheden fielde ik my hjir hielendal tusken pasjen. En it begun te kriebeljen dat ik dat sjen litte woe. Dus ik ha freed in berjocht op in facebook groep setten of der ek immen in fohn te lien hie foar my en warempel binnen in oerke krige ik in reaksje fan Nancy. In âldere frou dy sei: fansels, kom mar heljen! Doe op paad nei hierlak en ik ha Kim frege of sy de skeidingen juns meitsje woe.
Sa ha’k sneontemoarn 6 oere de wekker setten en myn hier yn spikes dien! Poe.. dat wie ek noch wol efkes stressie want de lak hjir wie lang net sa sterk as thús! dus doe ik mei de 2e spike begun, sakke de de 1e hielendal yn elkoar! Ek foel it mei de fohn noch net mei en moast ik konstant de stekker yn’t stopkontakt drukken bliuwe as ik him brûke woe. Mar klear tis slagge!
Eins wol wat zenuwachtig run ik it doarp yn. Normaal sprutsen kom ik earne mei freonen mar hjir koe NIMMEN dizze Peet, dus it fielde ek wol wat ungemakkelik omdat elkenien sa siet te sjen. Minsken sieten omgekeerd op harren scooter of stutsen harren tomme omheech. Ik bin it grutste diel fan’e dei nei de ‘saturday market’ west. In merke wêr foaral alle ‘locals’ komme en allegear harren eigen baksels ferkeapje of spul ruilje. In hiele fijne community. Close mei elkoar, gesellich en it fielde hielendal dat ik aksepteard waard en omearme. Wat in fijn gefoel, dit is dus precies wat ik fielde. Ik krige safolle komplimenten en de bern binne sa puur hjir! Ut alle kanten fan’e wrâld komme se en se draafden sa no en dan nei my ta om gewoan harren pure reaksje te jaan. De measten funen it prachtig, woene efkes fiele of woene gewoan efkes fan tichtby besjen, sa moai!
Foto’s
Ohja juns kaam ik noch in fotograaf tsjin!! dy hat prachtige foto’s makke!! hihiii wat in gelok hie ik! Dy foto’s komme noch letter. Ik ha der juster wol wat in loltsje fan makke dat as minsken in foto fan my woene dat ik sei: No, dan wol ik ek in foto fan jim 😉 Ohja en juns let ek noch efkes mei de plysje op’e foto west! hahaha
Myn húske
Noch wat fijns, wat my hiel bliid makket is dat ik no foar in skofke in hús ha.. jaa ik neam it gewoan myn hús. Ik betelje IETSJE mear, mar no ha ‘k in koelkast, in tafel en stoel om oan te wurkjen en wat mear romte. Oh EN… in veranda! haha minsken dy my goed kinne witte dat ik dêr in zwak foar ha.. In veranda hat foar my ien of’t oar gefoel of beeld dus hielendal fijn!!
Ik leau dat ik it hjir mar by lit dizze wike! Ik sil myn hier wer efkes herstelle en fan ‘e 2e dei genietsje dat ik myn hier omheech ha en dan jun mar lekker alles der wer út douche! Oan’t sjen!