Dochs noch in hiele belevenis foar fertrek! #Blog 13
Ik eindige myn foarige blog mei it feit dat ik kalm oan soe dy dei troch de migraine en de oare deis betiid fuort, op paad nei New Orleans. Dochs run it wat oars. Samar kaam fan it ien it oare en stie der ynienen op’e planning dat ik juns mei Bart nei ‘Broken Spoke’ gean soe. Broken Spoke is in dancehall dy echt noch âlderwets bleaun is en wer eins elke dei noch live muzyk spile wurd en fansels dûnse! Ik wie der mandei mei Simone, se hat doe in moaie foto naam foar it gebouw mar op mandeis wie der krekt slúten. Bart woe der wol mei my hinne en we ha Simone mei frege!
Simone ha ik undertusken al 4 kear doei sein omdat we elke kear tinke dat it de lêtste kear is dat we elkoar sjogge. Dochs bliuwt se telkens werom kommen. Sa no ek. We hawwe in hapke dien yn’e broken spoke wyls der in live western sjongers oan’t sjongen wie.
Simone moast hjirnei wer fuort mar Bart hie undertusken Celeste frege (goeie freondin fan him) om ek te kommen om te dûnsjen. Wyls rekke ik yn gesprek mei in echt cowboy (Tim) 😉 Dizze man hie 3 dochters dy in pear jier jonger as my wiene en hy wie no foar wurk nei Austin kaam mar wennet yn Johnson City. Ik hie wol by him ferbliuwe kinnen want hy fertelde dat syn mem flakbij him wenne en dy hie wol 4 keamers oer.
Tim woe my wol dûnsjen leare sei der en sadra de musyk begun binne we losgien. Ik moat sizze dat hy precies efkes wie wat ik nedig hie om myn wei der yn te finen. Hy hat it my hiel goed útlein wat ik dwan moast mar fertelde my ek kear op kear dat ik foaral lekker geniete moast, net tefolle op’e stapkes lette en gewoan mei de musyk mei gean litte. En dat slagge, ik murk dat it my hiel maklik ôf gie warskynlik troch it rock ’n roll dunsjen wat ik fansels al jierren dien hie. De stapkes bin oars mar foar de rest komt it soad oerien. Ik ha genoten! We sieten oan in tafeltsje mei syn 4en mar ik ha amper sitten. Der wie de hiele tiid wol wer in oare man dy nei my ta kaam om ek mei my te dûnsjen! Der wurd folle mear wissele fan dûnspartners dan by it rock ’n roll dunsjen wat ik went bin.
Filmkes folgje yn’e vlog!
Ohja, dit moat ik gewoan noch efkes mei jim diele. Ik ha my sloplake yn’e wc! Broken Spoke is âld en dat litte se yn eare. De 3 wc’s dy der wiene wiene dan ek net echt om nei hûs te skriuwen. De siet gjin doar foar de wc mar in douche gerdyn! Uiteraard in Amerikaanske flagge want dy litte Amerikanen safolle mooglik sjen as kin. As je op’e wc sitte dan leunt it gerdyn sis mar op je knibbels dus je fuorten stekke nogal út. Net te leauen! Omdat it gerdyn yn’t midden nogal bol stie betekende dat, dat der immen op’e wc sit. Der kaam in hiel âld griis bepke fan ôf, machtig moai dat men sels op dy leeftiid noch fuort giet om te dûnsjen en se fertelde my dat it acceptearen fan dizze wc der dan by hearde 😉 Op’e foto trouwens net it âlde froutsje, dy wie undertusken nei binnen skarrele.
Al mei al, in machtige jun! En in moai foarútsicht want ik hie undertusken besletten dat ik in dei letter fuortgean en woansdei te jun mei Sandra ek wer te dûnsjen gean! It like Sandra ek machtig om ris te learen en te dwan dus hoppatee, ik hie der enorm sin oan! Ik moat sizze dat it no wol wat begûn te kriebeljen om dochs langer te bliuwen omdat dit ‘cowboy-Texas’ gedeelte júst wie wêr ik foar kommen wie!
Mei de boots werom nei Allen’s
Ek al hie ik in moaie dûnsjun han, doe ik thús kaam wie it wat dubbel. Ik hie fansels foar it earst myn nije cowboy-boots oan han. Ik seach no by thúskomst dat der op it puntsje in stikje lear omheech stie en der kaam in wyt kleurke underwei. NEE TOCH? Ik ha se noch mar 3 oeren droegen en no lyk al raar? Ik baalde enorm want dit hie ik net ferwachte foar dizze priis. Ik hie wat bettere kwaliteit ferwachte. Ik bin dus mei de learzen EN mei Simone (ja doe seagen we elkoar al wer 😉) nei Allen’s gien. Se ha it efkes polijsten mar fierder niks. It wie gewoan it brûken en it lear op de punt wie ferfe en net hielendal trochdrenkt, dêrom seach ik in oare kleur. Spitich mar ik moat it mar loslitte.
Microfoan wer trochjun
Ik realiseerde my dat ik wat út myn tas kwyt moast. Der komt ‘stiekemerwei’ hieltyd wat mear spul by en it is net mear te dwan sa fol en swier sitte alle tassen. Ik ha dêrom besletten de microfoan dy ik fan Harm krigen ha troch te jaan. Hy nimt gewoan in soad romte yn en ik ha Simone frege of sy him ek ha woe. Sy wie der hiel bliid mei en dat fun ik dan ek wol wer hiel fijn. Koe ik dochs noch iets werom dwaan foar alles wat se foar my dien hat!
I’m alive!!
Tsja.. warskynlik as ik dit avontoerke fertel sille der fêst minsken wêze dy my foar gek ferklare. Der hie fanalles gebeure kinnen. Mar sa as mem in tekst op’e wc hat: “als je altijd alle regels volgt, mis je alle lol”. No yn it kader dêrfan ha ik fannejun in spontane gekke aksje ûndernaam.
Sandra en ik hiene dûnsles mei allegear oaren en mei 1 jongeman (Brian) hiene we beide dûnse. We ha hiel wat bijkletst. De jonge komt oarspronkelik út Florida, hat û.o. jierren yn New Orleans wenne en no dus yn Austin. Wol ferekte tafallich allegear. Ik ha tidens de les ek noch mei oaren dûnse mar it wie net mei elkenien sa’n grut sukses. Der wie noch in jonge dy Fryslân wol koe, hy hie mei 3 Friezen in skoft trochbrocht yn Barcelona. Wyls dat wol ynteressant wie, dûnse ik leaver net mei him. Hy stonk ús syn mûle en nei in skofke dûnsjen wie myn hiele shirt wiet fan syn swit.. Krammele! Haha
Nei de les begun der in live band en soene der in soad minsken komme, mar dat kaam net safolle op gong. Brian fertelde oan Sandra en my dat hy aanst nei Sam’s dancehall gie. Dat diene de measten dy hjir wiene sei der. Sandra moast wer optiid nei hûs mar sy sei spontaan: Ooh, Wel she can go with you! Sandra seach it wol sitten mei Brian en my hie’k it idee. Brian wie wat ferlegen mar grapte wat dat ik dan wol achter op’e motor moast want hy wie net yn’e auto.
Naja, lang ferhaal koart. Deze dame hat mei Sandra oerlein, en we hiene beide itselde gefoel dat it in goeie jonge wie en dat der seker wol te fertrouwen wie. Sels doe ik sei: OK, let’s go do it!, stelde hy noch foar dat Sandra syn nummer ek wol ha mocht foar’t gefal dat se it net fertrouwde.
“My mom would kill me if she heard this!” 😉
No dêr giene we. Ik wie hielendal understeboppe fan syn moaie Harley Davidson! Ik krige noch wat ynstruksjes fan Brian foar ûnderweis en doe starte hy de motor. In kneiterlûde motor dy oanknalde want tsja.. dêr ha’k dochs ek wol wat in zwak foar. Dat ik no sels op dy motor mocht! Sunder helm dat wol, mar Brian ride foarsichtig.
Omdat myn hier los wie sil it der fêst machtig útsjoen hawwe. Myn wapperende blonde hier achter op’e motor. Doe ik de wyn yn myn gesicht en hier fielde en my foar de feiligheid mar fêstklemde oan Brian gie der wol in machtig gefoel troch myn hinne!! Dat stikje wat altyd op’e reklame foarby komt: I’M ALIVE!!!! Brian hie it net yn’e gaten, troch de herrie en de wyn mar ik ha my achter op’e motor kapot lake en myn wangen diene sear fan de big smile. Wat in aksje om dit samar te dwan, machtig!! Ut je comfortzone gean jout je faaks sa’n kick dat je echt wer efkes fiele dat je libje!
Myn hier wie ien dikke knoop doe we oankamen en myn gesicht stie hielendal strak fan de hurde wyn. Dat wie wat minder mar dêr ha’k my mar wat by del jun haha. We hawwe in moaie jun han, ik ha noch in pear kear dûnse mei ferskillende mannen en doe hat Brian my, sa as beloofd feilich thúsbrocht!
No gean ik wer fierder… Ik ha fannacht noch in skoft oan’t douchen west om de knopen út myn hier te krijen en wat op te waarmjen. Ik koart nachtsje want 6.45 gie de wekker wer en ik sit no foar 10 oeren yn’e bus rjochting New Orleans!
One Comment
Marianne Boersma
Hé Peet,ik freechje my altyd ôf wat dy grutte heche dingen bin,dy altyd te sjen binne yn Amerikaanse film ensa en ik sêch ek ien yn dyn vlog(mei ljochtsjes en dy moaie ferljochte beammen).
Bin it wetter tanks ofsa?
Groetsjes Marianne