Earste dagen Texas! #blog8
Hatsikidee! Dêr bin ik dan yn Texas! De reis fergie hiel soepel eins it wie fansels wol efkes spannend by de douane mar ik hie al efkes in pear kear yn myn holle betocht wat ik sizze soe. Visiting friends, they live on a farm. Ek hie ik wer in ‘onward’ retourticket. Dit is as it ware in reservering foar in zogenaamde weromreis. Ik betelje sa’n 14 euro foar dy reservering en de reservering wurd automatisch annuleerd nei 48 oeren. Mar foar de douane ha ik dan in bewiis dat ik binnen koarte tiid it lân ferlit.
Doe ik op it fleanfjild oankaam stie Bart al op my te wachtsjen. De reis fan Fort Worth/Dalles nei harren hûs wie wat langer dan ik tocht hie mar dit makke neat. We hawwe de hiele reis oan’t kletsen west. Bart wie nijskjirrig nei myn reis en ik wie nijskjirrich nei Bart syn ferhaal, syn erfaringen hjir en hoe hy hjir sa telâne kaam wie. Wyls ha’k troch it raam strúnt. Ek al waard it al gau tsjuster, de sinne gie prachtig moai read ûnder. Foar de rest stie ik noch net echt mei 2 fuorten op’e grun en koe ik my mar amper realiseare dat ik no echt yn Amerika wie.
Myn earste aventoer wyls ik amper yn Texas wie!
Flak foar Bart my útsette soe by it kantoor frege der of’t ik jun ek noch mei op jacht woe. Syn swager gie fannejun te jaaien en as ik echt Texas belibje woe dan wie dit fansels wol sa’n aventoer. Fansels!!
Al wie ik wol wurch, hie ik gjin idee hoe en wat. Dizze dame wol wat beleve dus dan sil je ek wat beleve! In oer as 8 wie it doe Bart my by it kantoor brocht en sjen liet wêr ik sliepe koe de kommende nachten. Hy soe my wol appe wanneer syn swager my oppikke soe om te jaaien. Ik wist earlik sein net sa goed hoe en wat allegear, mar ik ha it mar oer my hinne komme litten. Myn bêd klearmakke en om in oer as 10 stoppe der in auto. Rick en Kaylon (Rick syn frou) pikten my op. Se binne run 24 jier skat ik sa. It wie undertusken pikdonker mar Rick hie in ferrekiker wêrmei der waarmte sjen koe. Makkelik dus om in ploegje wylde bargen te finen.
Se runen tusken de kij en fretten moai it foer op wat der lei. Wyls we tichterby kamen fertelden se my hoe gefaarlik se wêze koene. De grutte ‘slagtanden’ ragden sa al it fel en spieren fan je lichem. Se woene my foto’s sjen litte fan hoe dat der útsjen koe, mar dêr ha’k mar foar bedankt. Dêr kin’k net sa best oer. Dat se link wiene dy bisten, dat wie wol dúdlik. Ek fertelden se dat se al hearder mei makke hiene dat se in baarch sjitten hiene mar dat der net dea genôch wie, oerein kaam en dan lilk achter je oan komme soe. Doe we achter it stek wei ien sjitten hiene giene we der hinne. Fansels wiene de oare bargen fuort flein mar we hiene dochs in ‘medium’ baarch te pakken.
Syn tosken wiene ferhipte skerp seach ik wol. Rick pakte ek noch efkes in oar pistoal út’e bûse foar ’t gefal dat. Sa stiene Kaylon en ik te kletsen by de deade baarch en Rick gie fierder de bosken yn om te sjen as der noch mear bargen fine koe. Wyls we stiene te kletsen, begun de baarch te bewegen. We tochten earst miskien in stuiptrekking, mar it waard hieltyd heftiger. Fansels waard ik lyk ferekte benaud, Kaylon lake wol mar dy begun ek al om Rick te roppen dat hy werom komme moest: “he needs another shot!!” Ik moat earlik sizze dat Rick my der net hurd genôch wêze koe en pas doe hy dêr stie mei syn geweer wie ik gerêst haha. Ik wie kapot nei dit avontuur mar fun it wol in machtig begjin!
Wêr ik no koes
De office stiet op it hiem by de pleats en it hús fan Bart en Linda stiet sa’n oardel kilometer fierderop. Nachts hearde ik fanalles yn’e office, want ja je hearre allegear nije lûden. Yn pleats fan dat ik benaud waard fertelde ik mysels dat dat fansels de meiwurkers wiene dy oan’t wurk wiene en dy efkes nei it kantoor giene om te pisjen. Foar de rest wie it hearlik om wer under lekker dikke tekkens te koesen!
De oare deis ha’k û.o. Linda en de bern ek moete. Se hawwe 4 bern, skatten binne it! In hiele leafdefolle famylje, dat sjoch en fiele je gewoan oan alles. Hoe se mei elkoar omgean ensa. Se wenje trouwens ek fenomenaal! Boppe op in heuvel mei oan alle kanten alderraast moai útsicht! Ik ha der in filmke fan makke, dy komt der fêst noch op te stean. Ik begryp dus wol hiel goed dat se hjir harstikke gelokkich binne en as je sa lokkich mei elkoar binne dan is it hielendal net in punt dat je freonen en famylje fierder fuort wenje.
ECHT yn Texas!
Middeis hat Bart my nei Hico brocht. In doarpke hjir flakby wêr ik moai efkes runstrúne koe. Bart hat my in oantal oeren letter wer ophelle. Ik moat earlik sizze dat ik earste oere eins pas echt realiseerde dat ik ECHT yn Texas bin en dat it der hjir echt sa útsjocht as yn’e films! Der rinne cowboys om my hinne, restaurants yn rjochten sa as se der út sjogge yn’e films, veranda’s, countrymuziek, in hynder mei wein etc etc. Ik koe de big smile mar amper fan myn kop ôf krije!
Juns hawwe Bart en Linda my meinaam nei in feesje. Se wiene útnoege troch in oantal freonen om te bbq yn’e loads. Sa ha ik samar wer hiel wat minsken kinnen leard, moaie gesprekken han en it is leuk om te sjen op wat foar manieren se elkoar hjir opsykje omdat de ôfstannen gewoan sa grut binne. T’is net sa dat je efkes yn’t selde doarp elkoar opsykje. De measten hawwe bern, dy gean dan ek geregeld mei en omdat de leeftiiden fan ‘e freonen ek hiel wisseljend binne, is dat ek sa mei de leeftiiden fan’e bern. Bart en Linda hawwe lytse bern (de jongsten binne 2 jier) dus sy hiene oppas regele.
Poffertsjes kening en geweren yn’e supermerke
Snein binne we begun mei poffertsjes! Bart hie in skoft lyn op syn jierdei in heus poffertsjepanne krigen fan Linda. (Lês: seer proffessioneel apparaat, wat se fêst ek wol brûke foar ferkeap) Ik ha my ferwûndere hoe fluch en moai Bart poffertsjes oan’t bakken wie. Hy koe sa op’e merke stean want is seach der super professioneel út en syn eigen recept smakke bêst! 😉 We ha it hjoed fierder kalm oan dien want it wie ‘heitiedei’. Oan it ein fan’e middei ha’k mei Linda nei de Walmart west yn Stephenville. We soene in simkaart helje sadat ik internet ha en wat iten. Doe we dêr toch wiene hat se my ek de afdeling fan’e geweren sjen litten en in stikje fierderop de ‘berne-geweren’. Ik moast der wol efkes om gnize omdat dizze ‘berne-geweren’ foar ús yn Nederlân gewoane geweren binne. Ik wit noch dat maten fan my út Fryslân sa’n hiene en dy mocht dan elkenien prebearje want WOW, in gewear mei kûgeltsjes, dan koene we fan in ôfstân sjitte op in kaartsje ofsa.
Ik bin hjir noch mar krekt mar ik ha wol al realiseert dat it hjir gewoan oars is. Dat de regels oars binne en dan je troch al it gefaar wat der ek wêze kin troch de bisten, it júst hiel ferstandig en normaal is dat elk in gewear of meardere yn’e hús hat of by him. Linda hat my ek útlein hoe en wat dat giet by de bern. Dat it júst ferstandig is om se der mei opgroeie te litten en foaral te learen respekt te hawwen foar in geweer. Sadat se fan jongs ôf oan goed leare hoe der mei om te gean sadat je ûngelokken foarkomme kinne.
Gefaarlike bisten /spannende ferhalen
Ik moat noch efkes sizze oer it feit dat ik der wis fan wie dat de gelûden dy ik nachts heard hie dat dat de wurkjouwers wiene. Bart ferteld my de oare deis dat dat net koe. Sy hawwe de kode fan’e doar net, dus nimmen kin binnen komme. Wat it foar gelûd west hat ha ik dus gjin idee fan. Warskynlik hat der in bist under it kantoor west. Wylde bisten binne hjir wol. Sa ha ik dus de earste jun al kennis makke mei de wylde bargen dy in grutte plaag hjir binne en hiel gefaarlik binne. Sa hawwe se my de oare deis ferteld oer it feit dat se ek tarantula spinnen oantroffen hiene rûnom harren hûs en it kantoor weryn ik sliep. De oare dei foar ik sliepen gie kaam it tafallich ter sprake dat hjir ek mountain lions binne. In soart fan Poema dy op in leeuw liket. Doe ik dat opsocht waard ik ynienen wol wat benauder. Dy hoech ik hjir net tsjin te kommen!! Hy sil my libjend opfrette sûnder pardon!
Doe Bart my de 3e jun werom brocht nei it kantoor kaam der samar wer in wyld bist ter sprake. Wylde Afrikaanse wespen dy sich hjir en dêr ferstopje. Mar as’t harren nêst perongeluk rekkest dan bist de sjaak, dan falle se dy sa hurd oan dast eins gjin tiid hast om te reageren. Se stekke dy allegear safolle mooglik yn’t gezicht en moast sjen as’t sa gau mooglik yn’t sikehûs terjochte komst. Noja, ik moat it mar wat loslitte, net te benaud mar wol de kop der by hâlde dus 😉 Nei sokke ferhalen oer dizze bisten liket it ynienen net iens sa eng mear om in slang tsjin te kommen. Haha
The farm fan Bart en Linda
Bart hat my juster in rûnlieding jun oer de pleats. Se binne in jier lyn ferhúze en hawwe hjir eins it measte hielendal wer opbouwt! It wie net sa best achterlitten dus se hawwe it hielendal under hannen naam. Moai om te sjen hoe se it foar elkoar krigen hawwe en hoe moai it der no by stiet! Tevreden kij dy hearlik yn’t sân lizze, de kealtsjes wurde earne elts opgroeit oan’t se 3 moarne binne. Se hawwe de pinken yn in stik lân rinnen rûnom harren eigen hûs wat fansels ek noch foar in prachtig plaatsje soarget.
Bart en Linda hawwe sa’n 600 melkkij en hawwe 6 minsken foar harren oan’t wurk. In fêste ploeg, elk hat syn taak. It binne alle 6 Mexicanen, Amerikanen binne eins net te finen dy’t dit wurk dwaan wolle. Dizze Mexicanen stoarte harren der folledig yn en wenje yn in húzen hjir flakby dy’t Bart pleatst hat. Se wenje dus yn principe gratis. De kij wurde op’t heden 2 kear molken en foar elkenien molken is, bin we ungefear sa’n 8 oeren fierder. De Mexicanen wolle graach wurkje en hoege eins nea in dei frij. Se wolle graach fertsjinje en wurkje dêrom 6 dagen yn’e wike. Fêste melkers en ek fêste minsken dy’t fuorje, de ligbox stâl skjinhâlde, ynsemineare of oare dingen dogge. Bart en Linda wurkje beide yn it bedriuw, Linda docht foaral administraasje en Bart is oeral en nergens mar wol fansels wol graach de kij yn’e gaten hâlde. Puntsje by pealtsje binne de Mexicanen fansels net ferantwurdelik dus miskien ek wol krekt wat minder krekt.
Bart hat my it systeem útlein hoe se byhâlde wannear in ko ynsemeneart wurde moat bygelyks en der wurd nei de kealerij dageliks byholden as se goed op themperatuur binne. Dit giet mei kleuren en streepkes op’e kont fan’e kij. Ik fun dit eins wol ynteressant want ik koe my eins net foarstelle hoe je mei 600 kij alles noch oersichtelik hâlde kinne en foaral as je de kij noch wol kinne. Ik wie ferbaasd hoe Bart dochs ek mei safolle kij wol aardig wit wa welke ko is en wat der mei oan’e han is! Petje af! Moai om te sjen hoe’n passie hy foar de kij hat. En net allinne foar de kij, mar ek hoe der omgiet mei it personiel. De Mexicanen ha harren eigen kultuer en gewoantes fansels wol, dus dat kin best wolris lestig wêze.
Onbewust groeie
Soms ha je it efkes nedig dat in oar je in spiegel foar hâld. Om te sjen wêr je stean en te sjen wat foar stappen je al setten hawwe. Wy minsken wolle immers altyd mear en wannear is it goed genôch? It is dêrom faaks goed om efkes werom te blikken nei jierren lyn. Hoe je doe mei dingen om giene en hoe je der no mei omgean. Sa waard my fannewike onbewust in spiegel foarholden doe myn famylje reagearde op it ien en oar wat ik hjir belibbe hie. Ik fun it machtig, ‘twie spannend mar machtig. De reaksje fan’e famylje wie: Jeutje, dasto dêr sa chill under bist, wiest net benaud? Ik realiseerde my doe dat ik eins hielendal gjin tel benaud west hie en dat ik dat miskien jierren lyn wol west hie. Fierstente benaud foar alles. No bin ik fansels ek noch wol benaud soms, mar as je sjogge nei hoe ‘chill’ ik no reagear op dingen en hoe oars ik nei de situaasjes sjoch. Dan bin ik best wol efkes ferhipte grutsk op mysels!!
Omdat je der sa ‘ynsitte’ sjogge je eins net mear sa goed hoe je groeie. Behalve as je ris goed sjogge nei wat ik hjir eins allegear doch. Ik sit hjir toch mar efkes en ik ha de stap setten om wol op reis te gean, myn plannen kear op kear om te goaien. Mysels wer fan’e grûn op te rapen, kop der wer foar en wer opstean en fierder gean.
Yn’t ferline liet ik angst hieltyd de baas wêze. Ik bin noch net wêr ik wêze wol mar ik wurd der hieltyd better yn om dy angst in plakje te jaan. Te sizzen dat it allinne mar gedachten binne en dy binne negatyf. Dy geane út fan ‘wat as it misgiet’, wyls we eins faker tinke meie: ‘wat as it no allegear noch folle moaier giet dan we betinke kinne’! Fertrouwen en leaue yn jesels. Dit binne dingen wêr ik dageliks mei dwaande bin. Mysels útdaach troch búten myn comfortzone te stappen en dêrtroch te groeien! Ik kin hjir noch wol folle mear oer fertelle en betink my dat ik der miskien mar ris in aparte blog oer skriuwen gean. (Ek dat is wer in stapke út myn comfortzone)
Fertrouwe dat it allegear goed komt en dat alles wat ik nedig ha op myn paad komt. Sa as Linda hjir in moaie tekst yn’t kantoor hingjen hat: A goal should scare you a little and excite you a lot! Dat is tink ik precies wat je sykje moatte om út je comfortzone te stappen en te groeien!
Ik wol dat noch folle mear. Sa wol ik eins folle mear experimentearen gean mei de oare underwerpen op myn website. Mar iets yn my is te benaud, te ûnseker en te benaud om te begjinnen. Want as je noch net starten binne, binne it prachtige goeie plannen. As je se werkelik útvoere is der in kâns dat je fale. Dochs wol ik gean foar de kant fan it prebearjen, pas as it net slagget of ik wurd der net bliid fan kin ik earlik sizze dat ik it net dwan wol. Mar wa wit…. Wurde myn plannen wol ien grut sukses!! En bin ik der noch folle better yn dan ik tocht… wa wit!? 😀
Ferfolch
It falt hjir net mei om te reizigjen sunder eigen auto. Dochs is it eins te djoer fyn ik sels te djoer om yn myn uppie in auto te hieren. Dêr komt dan noch by dat it noch folle djudder wurd as ik dan nei it súden reizigje en um dêr wer achterlit. Ik bin drok op syk nei oare mogelikheden, miskien om ergens frijwilligers wurk te dwaan tsjin kost en ynwenning. Wachtsje op reaksjes dus! Wyls ha Bart en Linda my oanbean dat ik salang ik noch gjin oare bestemming ha noch wol efkes hjir bliuwe mei. Ik sil harren dan hjir en dêr helpe wêr ik kin. Iten siere, skjinmeitsje, wat ferfje etc. Miskien is it ek wol slim as ik dan op syk gean nei in kringloopwinkel foar wat 2e hands klean!
Ik mis myn beweging wol wat. Ik ha juster in poging dien om efkes búten fia de dyk in eintsje te rinnen, mar wyls ik in video makke en fertelde oer de bisten hjir waard ik benaud fan myn eigen ferhalen. Wat as der sa’n poema út de bosken kaam neist de dyk, it is úteindelik wol de middle of knowwhere hjir. Mei gang mar werom run haha, grutte held!
Moaie belibenissen!
Ohja juster ha’k ek wol wer machtige dingen beleefd. Ik sil en kin net alles mei jim diele mar ik beleef hjir wol it ‘echte Texas cowboy leven!’ It giet allegear wat rûger en makkeliker, hearlik! Sa ried ik juster mei Bart troch it lân yn’t tsjuster omdat we rook rûkt hiene. We moasten efkes checke as der net earne brân wie op syn hiem. Sa riden en hobbelden we mei de auto troch it lân en ynienen rekke Bart in gat yn’e grun en begun de auto te ratteljen. Oeps tocht ik, no is it mis. Mar Bart wie relaxed en ride achterút, sa it ratteljen wie wer oer. Dochs gie it net sa maklik dan hy tocht hie. Want doe we wer ride soene makke de auto dochs wat mear kabaal! Efkes de motorkap iepen en Bart soe sjen wat der wie. It wie samar klear, mar ik wie stomferbaasd hoe Bart ynienen in komplete beam út syn motorkap skuorde!! Hahaha, jim hiene it sjen moatten. Sa barde hjir safolle moaie dingen, mar alles gebeurd spontaan of rete snel. Te snel om der in camera by te pakken!
Dit wiene de earste ferhalen út Texas!
Oare kear mear!