Echt Amerika #BLOG9
Amerika is echt sa as yn’e films
Ik wit net hoe jim der oer tinke mar as ik Amerikaanse films sjoch dan ha ik faak it idee alsof it wat ‘gemaakt’ is. Wat oerdreaun en moaier makke dan it is. Dochs ervaar ik hjir hieltyd mear dat it eins wol echt is sa as ik it hjir ervaar of de ferhalen fan Bart en Linda hear.
Skoallen yn Amerika
Wêr ik warskynlik wol in hiel haadstik oer skriuwe kin is de skoallen hjir. Ik ha no in pear kear mei Linda mei west om de bern op te heljen en dat is foar my best wol in ervaring. Âlders komme de skoalle net yn mar sette de bern ôf en pikke se wer op. En sa as in soad dingen hjir yn Amerika giet alles mei in ‘drive in’. Sa ek op skoalle. As je de bern wer oppikke, komme je oanriden en stean je yn’e auto yn’e rij. Healwei de dyk stiet de directeur mei in walkietalkie en sjocht wa der yn’e auto sitte. Sa jout hy troch dat Linda der oan komt. In stikje fierder is der noch in frou dy it wer besjocht en trochjout dat Linda no wol hiel flakbij is en as we dan op it juster punt binne, dan stean harren bern klear mei in oare helper dy de bern yn ‘e auto tilt. Alders komme de auto dus net út en hawwe ek gjin contact mei oare âlders.
Dit makket it ek wol wat lestig om bern nei skoaltyd mei elkoar boartsje te litten. Dit bard eins nea neffens my. De âlders hearre fia de bern wa der by harren yn’e klasse sitte mar fierder witte se nea. 10 minute gesprekken binne der net echt. Se krije trouwens al wol húswurk mei fan ôf jongs ôf oan! Der wurd wolris wat op it huswurk delsetten troch de learkrêften sa litte se âlders soms wat witte hoe it gie. Foar my as learkrêft best in núvere gewaarwording. Oan’e oare kant wol wer noflik dat âlders de learkrêften harren ding dwan litte sunder harren oeral mei te bemoeien. Se fertrouwe der hjir op dat learkrêften it beste foar harren bern dogge.
In oar ding is dat se hjir oars bernefeesjes hâlde. Do meist net útnoadigings kaartsjes op skoalle út diele oan in pear bern. Of net ien op skoalle, of de hiele klasse. It punt is dan allinne dat je as âlders zijnde net witte wa je útnoegje en oarsom dat je net witte wêr je bern hinne giet as dy útnoege wurd. It is dan ek net normaal om je bern willekeurig ôf te setten, meastal bliuwe de âlders dan dus ek by it jierdei feesje. En dat is dus ek wer precies wat we faaks sjogge yn’e films. Ik ha dit noch nea begrepen mar no dus wol! Net elke famylje is ‘gewoan of te fertrouwen’. Der wenje ek hiele núvere gesinnen en minsken hjir yn Amerika fertelde Linda. Gesinnen wêryn it net sa goed rint en wêryn net folle leafde is of bygelyks as heit en mem yn’e gevangenis sitte en beppe oppasset. Dit witte je net fan elkoar dus ik begryp hiel goed dat as je bern nei in feesje wol, dat je as âlders zijnde mei gean en der by bliuwe.
Dan noch sa’n ding wêr ik my mega oer ferbaasde! De âldste 2 bern fan Bart en Linda hiene juster wat aparts op skoalle. Ik begreep der earst neat fan mar doe liet Linda my in filmke sjen. Ik koe hast net leaue, mar precies wer sa’n typisch iets út Amerikaanse films. Sa’n sportsaal sis mar mei oan beide kanten tribunes. Dan wurde der faaks ferskes songen, it publiek wurd opruit om safolle mooglik lawaai te meitsjen en dan binne der faaks chearleaders dy in dûnske dogge. It klearstomen foar in sportwedstriid. Ik tocht earlik sein dat dat iets wie fan eartiids mar dat is dus gewoan no wat der noch elke kear bard. Ek fertelde Linda my hoe wichtig it wie om te presteren op skoalle. Hege sifers helje, de learling fan’e moarne wurde en foaral de sport is hiel erg belangryk! As je slim binne dan bin je dus ek lyk populair en belangryk en is der folle mear mooglik.
En ik mar miene dat dat wat oerdreaun waard yn’e films om in goed filmferhaal te meitsjen, it is dus gewoan real life hjir. Opsich fyn’k it machtig dat it allegear echt is. It spitige fyn ik dat we krekt as yn Nederlân sa pushe op presteare yn pleats fan de neidruk lizze op gelokkich wêze en elkenien aksepteare sa der is. Ek al kin min net sa best leare, elk hat syn kwaliteiten!
As lêtst oer de skoallen: in boerd wêr Linda my efkes op wees. In foto fan it boerd set ik hjir under. It komt der op del dat de skoalle oan jout dat der in oantal minsken op skoalle in gewear/pistoal by harren hawwe en dizze brûke sille as it nedig is. Ter beskerming fan’e bern op skoalle. In goed ding ferteld Linda my. Want as dit net sa wie dan soe in skoalle in maklik doelwit wêze om rare dingen út te fretten. Omdat in crimineel, drugs of dronken persoan oars makkelik rampen oanrjochtsje kin yn in skoalle omdat je witte dat de bern en learkrêften self gjin gewear hawwe.
It is hjir dochs echt wol in ding om je eigen feiligheid te waarborgen. Ik wit dat it fanút ús Fryske ferstân hiel núver klinkt mar ik sjoch hieltyd mear yn en ik hear hieltyd mear ferhalen wêrom it hjir gewoan wol logischer is. It is net dat men de geweren en dageliks yn’e bûse hat of se brûkt! Mar op bepaalde plakken is it in soad fan self ferdediging. Ien fan de meast logische redenen is dat alles hjir al sa fier út elkoar leit.
Linda neamde juster bygelyks in foarbyld. Wat no as Bart no fuort wie en sy is allinne thús mei de 4 berntsjes. Wat as der immen har hûs binnen komme soe, om yn te brekken of om wat foar reden dan ek mar. Al soe se de plysje belje dan duorret it in ieuwigheid foar dy der wêze soe ek is der yn’e fierste fierte nearne in buorman dy har hearre soe of helpe kin. It ienige middel om har bern en harsels dan te beskermjen is om in gewear by har te hawwen. Soe sy yn it ergste gefal him del sjitte moatte omdat hy har wat oan dwan wol yn har eigen hûs dan wurd der fierder ek neat net moeilik oer dien. Wat op sich ergens wol logysk is. In oar heard net yn je hûs yn te brekken en se docht it puur om harsels te ferdedigjen. De ferleiding om úberhaupt yn te brekken en spul te stellen fan oaren wurd dêrom wol folle minder oantrekkelik dan yn Nederlân.
Efkes sneupe op tinder
Nee, op syk nei in wederhelte bin ik hjir net. Mar doe ôfrune wykein myn mobiel my der hieltyd oan herinnere dat tinder noch steeds op myn mobiel stie, dat se my misten en dat der minsken op my wachten waard ik dochs wol efkes nijskjirrig. Wat foar kerels soene der foarby komme op de tinder fan Texas? It meast fan’e tiid sei ik allinne mar: Oh my Gosh, echt? De ferskeidenheid oan de kerels hjir is grut. Mar it komt der allegear wol op del dat úterlik hjir leau ik net hiel wichtig is. It is in uniek as je ien fine dy laitsje kin op’e foto’s, de measte sjogge swart (of miskien fine se dat in stoere look?).
Se binne allegear hiel breed. Ok, ja ik ha wol wat in swak foar sterke mannen. Mar net allinne harren skouders binne breed. Ik tink dat ik wol 3 of 4 kear pasje yn harren grutte ‘body’s. Sûn ite is hjir net sa populair leau ik. Dan komt der noch by dat hast elkenien in mega grut burd of in snor hat. (in burdsje is opsich gjin probleem mar in snor is foar my echt in mega ôfknapper, dan bin je in âlde man fyn’k altyd. En in burd sa grut as Sinteklaas lokket my no ek net sa.
Wol stoer is dat in soad cowboys wylde foto’s der op hawwe. Wyls se op in bolle sitte, mei de lasso op in hynder achter in bolle oan fleane of fansels: op’e foto mei alles wat se fongen ha. Noja, wille ha’k der yn elk gefal wol om 😉
Nei de kringloop en ‘Dirt cheap’
Fansels hie dizze dame har tas ynpakt foar Mexico en dus 30 graden! It is hjir yn Texas wol wat frisser. Oerdei kin it hearlik wêze hjer! Moai lekker hyt waar mar it kuollet hurd ôf en nachts kin it samar ûnder nul wêze! Ik ha geregeld nachts it kacheltsje oan en oerdei de airco 😉 Mar klear, ik ha myn tas minimalistisch ynpakt dus ha mar 1 lange broek en aangezien ik ferwachte hie allinne mar op slipper run te sjouwen ha’k mar 4 pear sokken. Ik moat dus eins efkes wat mear hawwe foar de pear wiken dat ik hjir sit. Omdat ik it warskynlik dêrnei wer fuortgoaie sil en hjir net in modesjow hoech te rinnen woe ik eins wol efkes nei in kringloop. Yn Austraalje diene Syb en ik dat ek foar wat wurk klean.
Ik ha dus moarns earst nei in kringloop west. Der binne hjir net folle yn’e buert dus ik tocht ik moat myn kâns pakke en mar net te kritisch wêze! Sa ha’k mar in broek kocht, in blouske, legging en in fest. De broek hie ik it meast nedig mar hjir wie ik ek it minst tevreden oer. Marja, better iets as neat, dan mar foar âld. Middeis moast Bart nei Stephenville en koe der my ek noch wol efkes ôfsette by Dirt cheap. Noja de namme seit it al.. It is goedkeap en in dikke bende haha.. Mar it binne wol nije klean en allegear nij spul mar je moatte efkes sykje.
In bezoekje yn dizze mega grutte winkel wie wol wer in belevenis opsich. Alle klean hongen in principe wol net yn rekken, al lei der hjir en dêr tusken de rekken ek gerust hiele bulten op’e grun. Mar iets sorteare op maat, of type kledingstik. Nee, dat kinne se net yn dizze winkel. Dus it kaam der op del dat je gewoan elk kledingstik by lânsgean moatte. Sjen wat it is en de maat checke.Dit naam nogal wat tiid. Sokken wiene ek wichtig dus dêr bin ik earst mar nei op syk gien. Dy woe ik fansels net twaddehâns!
Nei in skofke hie’k se fun.. Noja.. In hiiieeeele grutte bak fan 4 by 4 meter siet fol mei fanalles en noch wat. Gewoan in mega bak fol mei allerhande troep. Mutsen, wanten, underguod, klean, pyjama’s, knuffels en hjir en der… in SOK!! Ja ja.. dit wie in grutte puzzel. Fyn hjir mar ris yn dizze chaos 2 deselde sokken dy by elkoar hearre en deselde maat hawwe. Ik ha der wol wille om han. Ik ha warempel nei in skofke 3 pear útsocht. 2 pear sieten oan elkoar en it tredde pear ha’k mei in heal each sels accepteart as deselde sokken. De kleur en de maat wie wat oars mar klear! Haha.. Ik ha sokken!
In bettere broek ha ik hjir helaas net fun. Ik leau dat ik dochs wat smeller bin dan de gemiddelde Amerikaan hjir. De measte broeken wiene namelik maat XXL. En hjir en dêr moast ik earst goed sjen wat it überhaupt foar kledingstik is. Werkelik ik ha sa’n ALDERFERSKUORRENDST grutte broek hingjen sjoen dat ik hast net leaue koe dat der IMMEN sa’n grutte maat nedig hawwe soe. Ik tink dat ik der self wol 8 kear ynpasse. Oh oh oh, ik mei hoopje dat it nea sa mâl mei my komme sil!
Uteindelik ha’k noch in hiele noflike legging fun en dus de sokken! 😉
Pick up point by de supermerke.
Ok, ik ha leau ik hearder al ris sein dat Amerika best wol achter rint mei Nederlân. Wy binne oeral krekt wat fierder mei. Mar opsich is dit folgende best wol in leuk dingetje wat ik yn Nederlân wol bruke woe haha. It is wol wer typisch Amerikaans omdat ik it idee ha dat it harren soms wol hiel maklik makke wurd en dat se miskien wat lui wurde? Foar alles is hast in drive inn. Om te pinnen, it iten oeral, de drogist etc. Ek as je dus je boadskippen besteld hawwe gean je op it parkeerterrein stean, je stjoere in berjochtsje op welk plakje je stean en dan lekker sitten bliuwe. In pear minuten letter komt der in famke mei in winkel karre by de doar om te checken as ’t de júste persoan bist en wêr ast alles ha wolst. Sy laat it foar dy yn en as it klear is meld se it en kinst wer fierder ride. Hoe maklik! Gemak dient de mens 😉
Mexicaanse jierdei
Justerjun kaam ik by Linda om it iten te meitsjen. Doe fertelde se dat de plannen wijzige wiene. Bart hie krekt in útnoeging krigen fan 1 fan syn wurknimmers dat se op jierdei komme mochten fan de soan fan syn wurknimmer. De jonge wie 11 wurden. Ik mocht fansels mei, ek al rûn ik yn myn âld fest en legging, dat joech neat. Ite hoegde net want dat krigen we dêr wol. En ja seker, iten genôch. Se wiene oan it barbequen en doe we oankamen hiene se ungefear as foar in weeshûs oan fleis oan’t bakken west! It wie undertusken allegear al wol wer kâld en redelik taai mar klear, in gegeven paard net yn’e bek sjen 😉 Linda hie my wat warskôge foar it fleis omdat se hearder wol mei makke hiene dat it fleis wat se krigen sels slachte wie. Hjir en dêr sieten noch fearen yn’e hin en hierkes yn’t kowe fleis. It wie mar goed dat it al wat tsjuster wie en dat we dat no net seagen. It foel dizze kear leau ik aardig mei. Ik ha in hamburger tusken twa wraps dien wat best yn te nimmen wie. It fielde allinne wat ungemakkelik allegear. De Mexicanen sjogge Bart en Linda echt as ‘baas’ en wy moasten sitte wyls sy allegear stiene. Der wiene fansels mar in pear stuollen. Ek moasten we net te min ite, it wie dreech te sizzen dat ik echt net mear hoegde as se it je 5 a 6 kear freegje ofst echt net mear wolst.
Doe we fol sieten fan’e barbecue wie it tiid foar taart! (huh taart no? We sitte immers fol fan’e bbq??) Mei syn allen nei binnen en earst in komplete fotoshoot, de jonge moast mei de taart mei elkenien op’e foto. Doe wie it tiid foar de taart. Hy seach der prachtig út mar âlderraast wat wie der dreech! Ien bulte sûker, cream en cream en cream. Ik wie bliid dat ik sein hie dat ik mar in helte hoegde. Let op: dy helte wie ungefear noch 3 x sa grut as in stik taart wat je normaal sprutsen yn Nederlân krije. We krigen it fuort mar ik plofte wol hast! We ha ta eintsje beslút noch in pûdsje snoep mei krigen mei sjokolade, sjips en fretterij. En foar’t gefal we noch net genôch han hiene frege se of we noch in stik taart mei nei hûs woene. Dêr hawwe we mar foar bedankt. Wol wer in ervaring riker 😉
rbt
Hoe no fierder?
Ofrûne wykein siet ik wat mei de hannen yn’t hier. Ik bin hjir no in wike langer as dat plant wie mar ik ha hjir in poerbest plak. Ik sier no eltse dei eins it iten foar Bart en Linda en help wêr ik kin. Opromje, skjinmeitsje, ôfwasmasjine, wask etc. En wyls is der genôch tiid oer om myn eigen dinkjes wat te dwan. Ik ha ungefear 6 wiken hjir yn Texas en dan hoopje ik noch 6 wiken yn Florida te wêzen foar ik Amerika wer ferlitte moat. Ik wol dus wol mear sjen as allinne dit plak. Lestig om te kiezen en te bepalen. It wiene foar my ek efkes wat núvere dagen. Ik wist efkes net sa goed wat foar kant ik op moast en wat ik woe. Ik wie mysels efkes kwyt. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: ik ha mandei in oantal hiele fijne meditaasjes dien, bin mysels tsjinkaam, kwytrakke en ha mysels werom fun. Alle antwurden sitte al yn jesels mar faak hearre we de antwurden net omdat it te onrustig is yn ús holle.
Ik kaam nei in pear meditaasjes wer hielendal by de kern werom. Wêrom bin ik op reis, wat wol ik yn myn libben, wat makket my lokkich en wat is myn ropping hjir? Hiel fijn om dat wer efkes te fielen, want wat jout it in rêst as je ticht by jesels bliuwe. Dan fiele je je lokkich yn wat je dogge, wêr je binne en witte je precies wat te dwaan. Myn doel is om safolle mooglik minsken op’e wrâld te helpen. Om safolle mooglik minsken lokkich te meitsjen mei de kennis en ervaring dy ik ha. Dêr wol ik my dus mear mei dwaande hâlde! Troch alles wat der bard om my hinne wurde je sa gau ôfleiding dêrfan en undertusken giet de tiid wol troch.
Ik ha dêrom besletten dat ik kommende wike (tiisdei oan’t freed) my hjir follop gean stoarten. Al it oare efkes lit foar wat it is. Miskien dus ek wol efkes dizze blog wat mear loslitte want it kost my best wol in protte tiid om alles te ûnthâlden en alles dan wer op papier te setten. Ik sil dizze wike echt stappen sette want dreamen en ideeën BLIUWE dreamen en ideeën as der gjin aksje undernaam wurd! Dus, aksje!
En hoe giene de earste 2 dagen?
Poe, tsja, dat is my wat. Tiisdei begun ik mei in mega soad motivaasje mar wist ik hast net heal wêr ik begjinne moast. Nei 2 oeren undersyk op internet oer hoe je bygelyks in online cursus meitsje wie ik totaal al wer myn motivaasje kwyt. Alles yn mysels woe my fertelle dat ik gewoan better de boel de boel litte koe. DIT makke my net lokkich en oh wat is it maklik om dan wer op te jaan.
Ik ha hjir en dêr wat hulptroepen appt wêrfan ik op dat momint it leafst advies ha woe. Dy der erfaring mei hiene ofsa. Ik ha behoorlik mei mysels oan’t striiden west. En net in bytsje. Dizze dame realiseerde nei in oantal oeren dat se fierstente hurd wol! Ik wol mei de flow mei gean, mar ik gie no folle hurder en dat wurket net! Wer efkes op je bek gean en wer werom nei jesels. Jemig, wyls yn dizze oeren dat ik mei mysels struggelje hie ik safolle wurk dwan wollen mar ik fielde oan alles dat it op dizze manier net wurkjen gie. LOSLITTE, opnij besjen en wer tichtby jesels komme. Ik ha hiel wat gûlt, mediteart, bidden, dankt en prachtige ynsichten opdien. Wat op sichsels al hiel bysunder wie. Want as ik der no op werom sjoch fyn ik it super knap fan mysels hoe ik my juster troch dy weerstand hinne sleept ha, hoe ik mysels wer omheech krigen ha! Fansels mei sa no en dan de júste wurden fan minsken om my hinne. Dy miskien hielendal net troch hiene dat se precies seine wat ik op dat momint nedig hie. Dankjewol Janneke, Maaike en Syb.. 😉
I’m back! Woansdei wer fol goeie moed. Ik rjochtsje my no op 1 ding en jou my der by del dat ik net yn 4 dagen in kompleet bedriuw opsette kin. Dat ik net oare wike ynienen miljonair bin 😉 Man oh man, wat wolle we faak te hurd! Keuzes, geduld, falle en opstean..
Wêr ik no mei dwaande bin? Ratataaa.. In online cursus oer sûne voeding! Ik woe my eins hiel graach stoarte op in online cursus meditaasje mar omdat ik de workshop oer sûne voeding al hiel faak jun ha en dat in grut sukses is like it my ferstandiger dizze earst oan te pakken. Ik wol de kursus ek noch steeds live online jaan bliuwe, mar it is erg pittig fernim ik om minsken by elkoar te krijen op deselde datum. Elkenien hat it drok. Ek foar my is it no hiel lestig om te bepalen wannear ik wer goed internet ha en wêr ik dan momenteel úthingje. As ik de cursus online set dan kinne de minsken de cursus gewoan op harren eigen tiid folgje!
No earst wer genôch want ik ha oare dingen wêr ik my op stoart!!
Howdy!
3 Comments
Folkert
Heey Petra,
Prachtig om dyn aventoeren te lêzen!
Fral de struggle of live, de ups en downs, tige werkenber.
Mexico hieik graach mear fan sjen wollen mar alles draait om keuzes.
En Texas, prachtig om te lêzen, mar neat foar mij haha…..
Giest ek nei Brazilië? Wij hawwe plannen dêr yn febrewaris te wêzen.
Rio, cocacobana, samba, ensafh…
Groetnis Folkert en Ariadne/Vagner
admin
He Folkert,
Wat leuk om te hearren dast de ferhalen sa prachtig fynst. Ik ha wol yn myn achterholle om ek noch ris nei Brazilië te gean. Warskynlik bin ik oan’t begjin febrewaris noch yn Florida mar dernei moat ik it lân wer ferlitte en kin ik bygelyks nei Brazilië ta gean. As it safier is hearre we wol wer efkes! It soe dan fansels wol super leuk om elkoar op te sykjen.
Groetsjes!
Tjikke Wijngaarden
Ha dy Petra,
No dochs mar eefkes prebeare om dy op disse manier in hint te jaen….
As wy mei fekânsje binne, ha ik in skrift mei en skriuw dêr de belevenissen fan de dei yn. Dan hoege je net alles sa lang te ûnthâlden en ast it nei in pear jier wer nei lêst, belibbest it wer! Miskien wat foar dy? Groetsjes!