#Blog 3: Flink siik, mei de fyts oer’e kop etc..
Warning: deze blog is net allinne mar positiviteit đ Ik ha 100 ideeĂ«n mar totaaaaaal gjin enkele motivaasje om ergens mei te starten.. Life is not always easy, but what doesn’t kill you, makes you stronger! đ
Poe, ja doe wie it ynienen efkes stil op sneintemoarn. Gjin blog, gjin vlog, gjin podcast. Ik bin sinds sneontemiddei siik wurden en ha it flink te pakken! In oantal kearen migraine, kombineard mei flinke koorts. Myn hiele liif docht sear, spieren, hĂșd, en foaral myn kop.. Sa begun it.. Mar doe ik tocht dat it in bytsje opknapte gie ik hieltyd hast Ășt’e tiid as ik ek mar yn’e buert fan iten kaam! Oeff.. dĂȘr skrok ik wol fan.
Noja, net tefolle wurden oan smoarch meitsje, gjin goeie enerzjy.. ha undertusken wol skjin myn nocht fan it lizzen, myn bealich wit net mear HOE.. ik ha ferekte honger mar ik drink hiel goed om net Ășt te droegjen en der wurd goed op my passe! Hjoed 5e dei siik, hooplik giet it eindelik gau de goeie kant op.. DELJAN PEET!
De ĂŽfrune oardelwike
Ik bin de foarige kear eindige mei alle shit dy op myn paad kaam… no ik sil jim fertelle, dat wie blykber noch mar it begjin, want it gie noch lekker efkes troch! Mar ik ha mei 2 freonen yn gesprek west en no is it oan harren. In oare freon liet my noch witte.. Peet it feit dasto iepen stiest om earlik nei dysels te sjen en te learen, wol net sizze dat oaren dat ek wolle. En doe tocht ik tsja.. dat is wier.. ik wol se sa graach helpe, mar in soad minsken bliuwe graach yn harren feilige cocon wĂȘryn se slachtoffer fan it ferline of fan it heden binne. As it te eng foar harren is om der Ășt te stappen en je eigen ferantwurdelikheid te nimmen foar alles yn je eigen libben. Dan is dit oan harren. Al sil dit miskien wol betsjutte dat ik harren langzameroan op in ĂŽfstĂąndsje hĂąld omdat ik hiel erg down en negatief fan dizze enerzjy wurd.
Lit my fierder mar net te folle hjir oer Ăștwreidzje.
Tim syn jierdei
Freed ha we Tim syn jierdei fiert! De oaren dogge hjir net echt oan mar ik fun dat Tim syn momintsje nedich hie omdat hy qua opvoeding eins neat meikrigen hat. Sinds syn 8e foar himsels soargje en fjochtsje foar je libben. Ik woe fanalles mar dat gie wat mis (lĂȘs it folgjende stikje). Gelokkich fun myn leave buorman Bo it ek in goed idee en dy hat my holpen. Wat minsken by elkoar frege om yn ‘om-garden’ te kommen. Ik hie ballonnen ophongen en kearskes kocht foar yn in taartsje wat Bo kocht hie en in farske kokosnĂșt đ Hy wardearde it tige by tige!
Mei de fyts oer’e kop!
Ik hie in dei hearder in fyts fan Tim krigen dy ik liene mocht. Dus fol goeie moed soe ik nei de 20-baht shop om slingers, toeters en bellen. Ik miende wol te witten Ășt myn holle wer dy winkel siet, in eintsje buten it doarp. Fol trots op’ e fyts trape ik it doarp Ășt, de heuvel op, de heuvel ĂŽf…. oan’t ik de heuvel wer op moast en wat mear kracht sette moast. Wat der barde hie ik net yn’e gaten mar BAM!!!! KLAP!! it ketting klapte der ĂŽf en ik rekke raar Ășt balans en foar ik it wist lei ik langĂșt op’e dyk!! In dyk wĂȘr de auto’s en scooters foarby fleane mar GELOKKICH op dit momint net! Lyk kamen 2 jappaners te hulp sjitten dy tafallich ek fytsers wiene.
De iene hie rap it ketting der wer om en ik miende dat it foaral de skrik wie want ik trille in hiel ein hinne mar fielde net echt pine. Wol angst, deselde angst wat as doe ik mei de scooter foel foarig jier. Folgens de jappanner koe ik wol wer troch fytse. Ik bin earst mar rinnend fierder gien want binnen 2 minuten fielde ik myn elleboog en myn teannen.
Ik ha hjir en dĂȘr frege om in kalde wiete doek by de thaise winkeltsjes. mar dizze thais wiene gjin engels went en self doe ik it fertaalde nei THai mei myn mobiel koene se my net helpe. Ik krige Ășteindelik in vochtig babydoekje fan in frou en ik ha har mar enorm bedanke, al wie dit fansels lang net genĂŽch. It gebaar wie super leaf want se hie spesjaal in pakje kocht foar my!
Doe ik om my hinne seach kaam ik der achter dat dit ek hielendal NET it paad wie nei de juste winkel.. en doe krakte ik yn. Bah.. DĂȘr gie myn goeie bedoeling, stomme fyts, alles die my sear, ik trille der oer en doarde amper mear fierder te fytsen. Ik wie ynienen bang dat as ik nei beneden gie dat de remmen aanst ek noch knappe soene ofsa..
Mei de siel under de earm bin’k op hĂșs oan setten en ha’k de striid opjun.. Fierder bin’k noch in pear kear ĂŽfwezen o.a. troch in freon fan foarig jier, bin ik achterlitten mei de hannen yn’t hier etc etc… JEMIG sis.. hoefolle moat ik hjir te foarduren krije? ik bin noch mar krekt yn Pai en safolle op myn bordje!!!
Mar no genĂŽch seurt en miept! hahahaaaaaa… Want dizze dame is hjir net om by de pakken del te sitten! Haha.. ik waard der allinne wer efkes hardhandig oan herinnere wat de kracht fan PAI is.. as je leare wolle, sterker wurde wolle, dan sil je ek de Ăștdaging krije om jesels sjen te litten dat ik inderdaad folle sterker wurden bin, better myn grinzen oanjan kin en HIEL wat ha kin! It moaie is: as je der oer in skofke op werom sjogge dan kin je der om laitsje đ
ik ha tuskentroch ek leuke momentsjes han! đ
- Ha moaie 2 dagen han mei in nij maatsje dy helaas nei 2 dagen alwer fertrok
- lekker yn’e hotspring chilled
- ik ha samar blommen krigen!
- Wassim (freon fan foarig jier) kaam spesjaal foar my nei Pai (spitich genoch waard ik doe siik đ )
En no ist foar my earst wol wer genĂŽch! Ik jou my del!
Oh trouwens! Dit kear GJIN audio ferzje.. ennn ik gean miskien binnenkoart in oar platfoarm Ășt prebearjen sadat myn mails net mear yn’e spam komme! Dan soene jim jim efkes opnij ynskrieuwe moatte, mar as it sa fier is, hearre jim it wol!
One Comment
Tjikke
Och earme siel…..