Eye-openers

Focus op bliid mei wêr ik NO bin!

In eye-opener

Soms, as ik oan’t skriuwen bin yn myn journal komt der safolle dúdlikheid en ynsichten. En hiel soms, as der dan ynienen in hiele lading oan wurden en enerzjy komt, dan fielt it súver alsof it God is dy’t my wat sizze wol of my wat fertelle wol troch my ynienen dizze wurden skriuwe te litten. Want op sokke mominten snap ik net wêr dit oars wei komt. It klinkt miskien hiel gek en idioat foar sommige minsken dy hjir te nuchter foar binne. Mar ik tink dat in soad lêzers fan dizze blogs wol begripe wêr ik oer praat. In bytsje itselde idee (mar dan wat minder heftig miskien haha) as wat der barde mei ‘Neale Donald Walsch’ yn: “een ongewoon gesprek met God”.

En dat hie ik dus juster ek wer ris. Doe ik ynienen de ynsichten krige dat ik my fergelike mei minsken dy miskien noch net witte wat ik wit, net ervaren ha wat ik ervaren ha. Ynsichten dat in soad minsken pas bewust wurde en harren sa ûntwikkelje as se hast oan’t ein fan harren libben binne, of hielendal net iens. Ik stie efkes stil by al dy minsken dy ik de ôfrune jierren de eagen iepen dien ha, wêr ik it ferskil makke ha, dy ik wat ljocht sjen litten ha. Ik besefte dat ik sels immen dy’t 30 jier psycholoog west is in soad fan my leard, Al dy ik foar jier fan’e drugs ôfkrigen ha, dat ik in soad minsken inspirear en stappen sette lit. Dat ik dat wolris wat mear ynsjen mei! (Ja mem, ik wit dat mem it ek faaks seit mar dan tink ik: tsja, dat seit in mem fansels omdat ik har bêrn bin) Ik hingje der faaks in oardeel oan dat it NET sa is omdat ik der gjin jild mei fertsjinje of omdat ik noch net alles ‘perfekt’ begryp of neilibje kin.

Earst wat ynfo foar ik oer myn doel fertel

Earst in lyts stikje achtergrun hoe ik hjir by kom. hmm hoe doch ik dat.. want om it iene te begripen moat je earst wer it stapke dêrfoar útlizze.. en sa is it samar mooglik dat ik aanst in kompleet boek skreaun ha mar net it iene lytse ferhaal oer myn stik wat ik eins echt no diele wol! Ik beslút foar no mar net yn te gean op de achtergrûn info oer hoe it yn elkoar sit. Wêrom it hoe en wat, dat komt wolris yn in oare blog beslút ik by deze.

Dit binne wat topics/ûnderwerpen/ynsichten wêr it op basseart is. en wêr ik dus yn in OARE blog fierder op yngean.

–> It ferline en de takomst bestean net echt. It bestiet allinne yn ús gedachten en gedachten binne gjin wurklikheid. It ienige wat der eins allinne mar is, is NO.

–> Der is gjin romte. (tsja das in pittige, ik wit it) Alles is oeral.

–> We kreeëre ‘lijden’ as we ús fersette tsjin wat is. Tsjin it no, tsjin hoe it NO is. Makkest in fijân fan it húdige momint.

–> Libje fanút ‘overvloed’ yn pleats fanút in tekoart. As je dus altyd in ekskuus ha bygelyks wêrom it NO noch net goed is. Pas as je dit of dat ha, DAN…

–> Buddha: ‘de wortel van het lijden zit in het onophoudelijk begeren en verlangen’

–> Eckhart Tolle: troch fersette tsjin wat ‘is’, onnoadig oardiele en ontkenning fan it no, sitte je yn’e onbewustheid (dingen dwaan mei tsjinsin mar it fielt fertroud en it liket feiliger!)

–> Eckhart Tolle: Alles wast dochst mei negatieve enerzjy wurd ek troch negatieve enerzjy besmet! + elke negatieve innerlike tastân is besmettelik. (dêrom is it sa wichtig dast de júste minsken om dy hinne hast dy dy motiveare yn de dingen dysto dwan wolst! en dy net oan’t twifeljen bringe!)

–> Theo Buit (de arbo arts dy my wekker makke hat): angst voor geluk (het onbekende) is voor veel mensen de reden om door te gaan met wat ze altijd deden, veilig maar niet fijn. En dan worden ze ziek..

Doe ik juster oan’t skriuwen wie kamen ynienen de wurden:

Potjandikkie PEET! Do bist 33 jier en al sa mega bewust, sa fier yn alles! Wês net sa streng dast noch net NOCH fierder bist. Want wannear wit je ALLES? Wannear is it goed genôch? Is der in mins wat NEA struggelt en altyd alles yn’e macht hat? As ik my rjochtsje op wat ik noch NET berikt ha, dan stjoer ik just onbewustheid út, dan lústerje ik júst nei it EGO dy seit dat it DAN PAS goed genôch is, of dat it ELDERS better is. Dat ik NOCH net goed genôch bin en dat ik dus net OK bin mei it NO!!

Duss.. myn les, wêr ik my no allinne mar op focusje wol is dit ynsicht:
Ynsjen hoe fier ik no AL bin, wat ik NO al leard ha, focus op de mominten dat ik WOL oanwêzich bin, bewust bin en dus helemaal OK bin mei wat is. Ok wêze mei wêr ik NO bin, NO stean, NO doch en al dien ha.

It ego sil my tig kear per dei útdaagje om my it tsjinoergestelde leaue te litten. It sil allegear gedachtes komme litte om my ûnderút te heljen wêrom it noch NET goed genôch is. It sil my angstig meitsje wolle dat ik falen gean, dat ik dit of dat.. Allerhande gedachtes om my bang te meitsjen, wat foar ekskuus it ek mar is. En foaral sil it komme mei gedachtes dy gefoelich lizze by my fansels! Angst oer de takomst, angst dat ik toch net samar sunder angst kin! hahaha gedachten dat ik my dochs echt drok meitsje moat oer jild, oer wurk, oer tiid, oer takomst oer WIT IK VEEL WAT!

It is oan my om ‘bewust en oanwêzich’ te wêzen! Want as ik bewust en oanwêzich bin, sil ik my net identificeare mei it ego mar ynsjen dat it puur it ego is dy my bang meitsje wol. Dy my yn’e war meitsje wol. Bedank him foar it warskôgjen mar dizze dame doet niet meer mee! Dizze dame identificeert har mei it fertrouwen, it NO, it bewust wêzen, fanút leafde. Lit it los en sjoch dat it it ego is.

Ik stopje it handeljen en tinkten fanút angst en tekoart. Ik handelje fanút overvloed mei vreugde en leafde foar mysels en de minsken om my hinne. Fanút fertrouwen.

Ik lit LOS dat ik pas suksesfol bin as ik myn jild hjirmei fertsjinje, ik lit los dat ik pas echt frij bin as ik miljonair bin. Ik lit los dat ik my soargen meitsje moat oer de takomst dat ik iets opbouwe moat omdat it oars net goedkomt. It ienige wat der is is NO, wês bewust! Libje en genietsje fan it NO

AMEN, ASHER, NAMASTE!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *