‘Kennismeitsje mei meditaasje’
Dochst mei?
..
Bist nijsgjirrich wat meditaasje is en wat it mei dy dwan kin? Bist ta oan rêst yn’e holle, hast ynspiraasje nedig, wolst better sliepe of kinst wol wat help brûke om wat te ferwurkjen?
Dizze online kursus is in moaie kâns om ris yn’e kunde te kommen mei meditaasje. Om dyn brein fiele te litten hoe it is om efkes stil te stean.
It is foar my ien fan de grutste middels west om út depresje te kommen en my no sterker en gelokkiger as ea te fielen! (Hjir lêst der mear oer) Ik helje altyd út in meditaasje wat ik op dat momint nedig ha en ik kom tichter by myn ‘wiere sels’.
‘Meditaasje is simpel mar sá bysûnder! It kin dy wurklik alles jaan wast mar betinke kinst!’
Ik wol dy dêrom útnoegje om it ris te besykjen troch mei te dwaan oan dizze koarte kursus. Hiel leegdrempelich en simpel. Net dreech, wol effektyf! Twa wiken nim ik dy mei, it is mar 5-10 minuutsjes per dei! 10 mominten echt oandacht foar dysels!
Myn ûnderfining en missie
Ik leau dat meditaasje in hiele protte bijdrage kin yn dizze wrâld. In stik krêst, lok, fertrouwen, selsleafde, bergen nije ideeën, ynsichten en mottivaasje!
Sels meditear ik sinds 4 jier dageliks en brûk hjirby allegear ferskeidene technyken. Technyken dy ik leard ha tidens myn ferbliuwen yn kleasters (Thailân), fan myn spirituele leararen dy ik op myn reis tsjin kaam, út boeken, fan myn therapeut destiids en eigen ervaring.
Ik jou dêrom graach myn kennis en kunde troch en hoopje mei dizze kursus elk in mooglikheid te bieden om yn oanrekking te kommen mei meditaasje of it júst wer op te pakken!
Ik bin dankber foar eltse persoan die ik hjirmei helpe kin. Want ik leau dat we troch mear stil te stean en echt doarre te fielen, hiel wat burn-outs en sliepeleaze nachten foarkomme kinne en folle mear rêst en enerzjy kreëare kinne! Troch gewoan dizze momintsjes foar dysels yn te lassen.
Ik ha hearder sawol live as online meditaasjes mei meardere minsken dien. 1 op 1 of mei in groep. Mei dizze kursus kin ik meardere minsken tagelyk berikke en it is leechdrempelich om it ris te besykjen. Elk kin it dwaan op syn eigen tiid.
‘Ek in moaie kâns ast al wolris meditearst mar graach in FRYSKE meditaasje lústerst of gewoan in stok achter de doar brûke kinst!’
Ek nei de twa wiken hasto tagong ta alle meditaasjes om se noch sa faak ast wolst te werheljen fia de beveiligde links nei youtube.
Underfiningen fan oaren:
Yldau: Fijne meditatie cursus waar je op een laagdrempelige manier kan ontdekken welke meditatie aspecten/vormen bij jou passen. Daarnaast is het ook fijn dat je elke dag een nieuwe krijgt, zo blijf je gemotiveerd.
Anoniem (man): rustgevend, laagdrempelig en effectief. Daarnaast leer je techniekjes die je later weer kunt gebruiken om tot rust te komen. Vooral als je veel in gedachten ben is dat zowel met of zonder het luisteren naar de meditaties handig om de gedachten los te laten.
Catharina: Petra heeft een hele fijne stem! En wat zo leuk is is dat ze ook wat dingen uitlegt over het hoe en wat van meditatie. Heel fijn om je dag mee te starten of af te sluiten
Efkes alles op in rijtsje:
Foar wa? Foar elk wa’t ynteressearre is. As’t noch nea mediteart hast of al wat erfaring hast. Man of frou, nuchter of sweverig, âld of jong (net geskikt foar hiele jonge bern (10-), wa wit komt der noch in berne ferzje yn’e takomst!)
Wat freegje ik hjir foar? Besykje dizze 10 meditaasjes foar 33,-. (en foar dit jild kinst de meditaasjes sa faak en sa lang belústerje ast wolst!) Tidelik no de neisimmeraksje foar 22,-!
Gean nei DIZZE LINK om in meditaasje te belústjeren en in idde te krijen hoe it klinke kin.
Of lústerje hjir in lyts stikje as foarbyld
In meditaasje foar it begjin fan’e dei: