Thailân 2e reis

#Blog 6 Ik bin en fiel my ‘segene, super lokkich en dankber!’

Sa eindelik wer ris in ferhaal oer myn libbentsje hjir yn Thailân. Omdat it hjoed ek myn lêtste dei is yn Pai, sil ik net tefolle yn gean op details. En miskien is dat ek hielendal net nedig momenteel.

Wyls ik dit skriuw tink ik oan de blogs fan de foarige jierren. Alles iepen en earlik, dat doch ik noch steeds. Dochs wiene it ek faaks dingen wêr ik tsjin oan rûn en mei ‘struggelde’. Problemen, gefoelens, drama, hichtepunten mar foaral ek de djiptepunten kamen miskien wol mear nei foaren. Wêrom? Net bewust hjer, mar as it goed giet ha we faaks net folle te klaaien en sizze we dat it goed giet. Mar as it del komt op drama dan ha we hiel wat te melden.

Ik ha wol ris it idee dat it tsjinwurdig hast ‘normaler’ is as je in soad drama hawwe, it te drok hawwe en foaral: wa hat it it dreegst!? As immen ferteld oer it ien en oar wêr der mei sit of wat der bard is dan is de reaksje al gau: ohja, dat ha ik ek hjer of we gean gelyk yn de ‘oplossings-stand’. Wyls dy persoan miskien gewoan efkes him/har úterje wol en hielendal net om adfys freget en hy/sy wurd der nea better fan te witten dasto dy ek sa min fielt hast of it ek sa dreech hast.

Mar klear to the point: Ik fiel my GEWELDIG!! 😀 Echt wier, noch steeds sinds it kleaster ha ik sokke geweldige dagen, dei nei dei! Ik FIEL en ik SJOCH mysels gewoan elke dei de fruchten plukken fan it innerlik wurk wat ik dien ha de ôfrune jierren. En wyls lear ik fierder, WOL ik fierder, djipper en noch mear genietsje!!

HOE DAN?

Troch meardere dingen! Ik bin allerearst HIEL bewust en oanwêzich. Mindfull.. Dus ik sjoch sis mar alles wat der gebeurd yn my en om my hinne. As der in gefoel komt, bin ik nijsgjirrich. Ik fjochtsje der net tsjin. Ik akseptear folle mear wat IS. Dingen en minsken binne gewoan sa se binne en de drama kreëere we sels omdat we ús fersette tsjin wat der is. Sa simpel is it eins!

Ferset

As we ús fersette tsjin hoe it is; we hiene it oars sjen wollen, we fine dat it oars heard te wêzen, we plakke der in label op: goed, fout, net earlik of wat dan ek. DÊR troch kreëere we ús eigen drama en problemen.

Hoe fierder hjir op yn te gean en mei om te gean, dêr skriuw ik letter noch wolris oer, dat is tefolle no om út te lizzen yn dizze blog dy koart bliuwe soe 😉

Fertrouwen

Dêrneist leef ik mear en mear puur fanút fertrouwen. De angst gedachten: wat as dit.. wat as dat… dy lit ik gean. Ik fertrouw op God (sommigen neame it leaver universum, oneindige intelligentie of wat dan ek). Alles is mooglik, de wrâld is in weerspiegeling fan dyn gedachten en God hat it allerbêste mei dy foar! Dus as it net giet sa ik hoopt hie of tocht hie, dan tink ik no: hmm dan is der warskynlik noch iets FOLLE betters en moaiers foar my.

Spiritueel en wekker

Dan komt noch it spirituele en ‘wekkere’ gedielte. Dat ik hieltyd mear en mear bewust bin en lear oer WAT we hjir dogge op ierde, wat der eins ECHT oan’e hân is, WA ik eins echt bin. En dan bedoel ik net dat ik in dochter bin, in juf, in frou, in lichem of Petra.. Mar folle folle djipper.. It begripen fan dat we allegear 1 binne. Ik begryp en fiel it hieltyd mear.

Dat makket dan ek tagelyk dat ik in hiel soad soargen wat ik foarhinne hie LOSLITTE mei. Omdat ik wit dat it NERGENS op slaat en puur fanút angst is. Ik sil der hjir mar net te djip op yn gean.. letter miskien wol yn in oare blog. Jim meie my sweverig neame, hippy, crazy, wappie, wat dan ek.. Helemaal prima jonges, net myn probleem. Ik wit better ûndertusken.

Dreech

Pittich fyn ik it soms wol om it út te lizzen en it is pittiger nei te leven as ik mei minsken om my hinne bin dy op myn ‘âlde’ manier yn’e wrâld stean en der oars oer tinke. It is iets wat je fiele, ervare meie en dat is lestig út te lizzen en gewoan NET te dwan oan immen dy sceptysk is. Dat is dan ek de reden dat ik tidens myn reis konstant bewust bin fan de minsken om my hinne. Hâld bepaalde enerzjy op in ôfstân en konnekt mei de enerzjy dy my passet en dy my helpt fierder te ûntwikkeljen.

Pittich omdat ik SA graach ELKENIEN dit geweldige gefoel en al dizze wiisheid trochjaan wol en it elk SA GUN!!! Ik mei dat loslitte. Dat wurket averechts. Ik fiel my SUPER GEZEGEND dat ik dit ervare mei en der de rest fan myn leven profijt fan ha mei yn myn machtige leven!! Ik nim NIMMEN wat kwalik as se oars libje of liuwe, alles is goed!! en ik wit.. dat as minsken der klear foar binne, en se hawwe my help nedig dan komme se op myn paad. Want dat gebeurd hjir namelik al stik foar stik. Prachtig moai wurk fyn ik dat! Ik fiel dat DAT is wat ik hjir dwaan mei :).

Noch mear oarsaken..

POE… No bin ik ien kear los en no kin ik noch wol 10 siden skriuwe oer wêrom ik my sa gelokkich, dankber, kalm en HEARLIK fiel… want der binne noch wol folle folle mear redenen wat my hjir krigen hat. Ik gean der no net fierder op yn, miskien letter. Jim ha no wol troch dat ik my intens dankber fiel en my hjir lokkich fiel!

Ofrune wike

Myn lêtste wike hjir, alles foar it lêtst, wurkje oan vlogs, hús opromje, bepaalde minsken better kinnen leard en noch moaie konneksjes makke. Ek noch moaie plakjes ûntdekt fan Pai foar ik fertrek, dêr kin ik dan oer jier mear fan genietsje. En ta eintsje beslút ha ik noch iets dien wêrfan ik net ferwachte hie dat ik dat dwaan soe!

Deze dame hat de Jungle Tubing dien! Ik ergere my altyd sa oan alle dronken dropkes dy safolle lawaai meitsje, heal neaken ein fan’e dei op strjitte rinne en kompleet besopen binne. marrrr.. ik tocht ik ha it rjocht net om der sa oer te oardielen as ik it net sels dien ha. Duss Peet hat Pollo sa fier krigen om mei my mei te gean en we hawwe in machtig moaie middei han! Wat ha wy lake om de dronken dropkes! We ha it moai observeard wyls we sels oer de hiele middei 2 pilskes han hawwe. In machtig moaie belevenis om it ris te sjen. Ik typ der fierder net tefolle oer..der komt in vlog oer 😉 Dat sil mear sizze as 1000 wurden.

Myn nije bestemming!!

Moarn fertrek ik nei Laos! Ik sil Pai misse, mar ek yn dit stik focus ik op de moaie dingen en ha fan eltse dei genoten dizze wike. Ik focus op it moaie en ha sin om Laos te bewûnderjen. Se sizze dat it folle minder ûntwikkele is en echt hiieel back to basic. Ik sil it belibje.

Slowboat, 3 dagen reizigje!

It is in lange reis, mar sa as ik altyd sis, de reis earne hinne, is al it aventoer op sich!
Moandei: 6.50 by it station en dan yn in buske de 762 bochten werom fan Pai nei Chiang mai.
12.00 In oare bus fanút Chiang Mai rjochting de grins fan Thailan/Laos.
17.00 grins Laos en ús visum foar elkoar krije.
Tiisdei: 9.00 op’e slowboat…. foar 7 oeren stil sitte, hiel stadich troch de rivier
Woansdei: 10.00 wer op’e slowboat… foar 6 oeren stil sitte, en dan ein fan’e dei eindigje yn Luang Prabang!


Ik sil hjir earst wer yn hostels ferbliuwe. Socialize en Laos ûntdekke!

Hatsikideeeee, in machtig moaie snein tawinske en oan’t de oare kear!!

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *