Eye-openers

Ik bin net depressief, mar ik HIE it..

In artikel oer depressie, helpende labels, begrip, understatements, slachtoffer wêze, situaasjes aanvaarde, selfleafde en de swarte hûn..

In eye-opener foar mysels destiids (en soms wer opnij en opnij) om it gefecht op te jaan.

Foar oaren miskien herkenning, inspiraasje…. of júst in nij ynsicht en in bettere útlis?

Yn dit artikel lis ik it út oan de hân fan myn depressie mar it is fansels op allerhande dingen ta te pasjen dy’t dy yn’e macht ha of ûnderút helje!


Sa as elk wa my kin wol wit, ha ik 12 jier striiden mei in depressie. Ik hie mominten dat ik hielendal fêst siet yn dy depressie. Mominten wannear ik SA lilk wêze koe op mysels omdat ik it mar net foar elkoar krige om de knop om te krijen. Wêrom slagge it my net om dankber te wêzen, om te genietsjen, net sa negatyf te dwaan, gewoan te leven sa as elk die!! As der gjin reden ta wie om my sa te fielen, wêrom koe ik dan net gewoan bliid wêze?? Ik focht hiele dagen tsjin myn eigen gefoelens, hoe STOM kin je wêze dat je dat net stopje kinne. En sa gie ik djipper en djipper yn dy spiraal. Skamme my dea, lilk op mysels, noch mear ferset, noch mear om mysels te haten en te balen fan hoe ik wie.

Heftige wurden

Soms wist myn mem dit efkes te trochbrekken troch te sizzen: Peet, it is logysk dat dat net wol. Do bist immers siik yn’e holle. Oef, ja foar jim klinkt dat miskien heftig en cru. Mar op dizze manier koe ik it wol los sjen fan my. Ja, dat labeltsje ‘ernstige depressie’ joech my in soad rust. Núver te begripen tink ik foar in soad minsken. Mar it soarge der foar dat ik it los fan mysels sjen koe. ik BIN net dy depressie! It is iets oars, iets búten my, iets oars wat momenteel de macht oer my hat.

As ik dat wer efkes ynseach, waard ik leaver foar mysels. Want it is behoorlik heftig as je in ‘ernstige depressie’ ha. Earme ik.. ik ha hjir mei te dealen en dat is erg genôch. Ik sleep dit as it ware achter my oan, de hiele dei. Ik koe mar better wat leaf foar mysels wêze en der net tsjin fjochtsjen gean. Gjin medelijden, mar begrip foar mysels.

Foar elk (en ik hoopje in soad) dy’t gjin erfaring hat mei sa’n heftige depressie, is it lestig om echt foar te stellen hoe fêst je hjir yn sitte kinne. Ik nim it se ek nea kwea ôf, want sels wannear ik yn myn bettere dagen wie, koe IK SELS net iens foarstelle hoe it no sa heftig wêze koe. Op myn goeie dagen hie ik allerhande tactieken betocht wat ik dwan koe, wat helpe soe. Mar as je der ien kear ynsitte, dan komt soks net oan.

In fergelyking

Om jim in idee te jaan en foar in maklike útlis fergelykje ik it mei in brutsen foet. Dat is iets wat elk him warskynlik wol foarstelle kin. As jo in brutsen foet hawwe ferwachtsje je net dat je in eintsje te draven kinne. Nimmen sil dat uberhaupt ek fan je ferwachtsje, se sille alle begrip foar dy hawwe en dy helpe wêr nedig.

Wat ik eins die op de mominten dat ik focht tsjin de depressie is constant prebearje in marathon te draven mei dy brutsen foet. Lilk wurde omdat it enkel, de knibbel en de heup stikken is en ek noch yn’t gips sit. Lilk wurde dat drave, springe en gewoan rinne net slagget, lilk dat je net iens oerein komme kinne. As je it sa sjogge, dan liket it sa logysk dat dat fansels net kin. It is bale fan dy marathon mar t’is dúdlik dat it net kin en prebearest der it bêste fan te meitsjen troch dy wat ferwenne te litten en dy del te jaan yn’e sinne, foar in goeie film of in goed boek. Gewoan omdat it al slim genôch is wast hast.

Klinkt frij logysk toch? Wêrom dat net slagget mei de depressie? No ik tink ten earste omdat it net sichtber is. It is iets yn ús holle, en dêr tinke we folle mear ynfloed op te hawwen en it is lestiger te begripen. Net sa konkreet as dy brutsen foet. Ten twadde is dêr it feit wat oaren der fan fine. Foar de brutsen foet hat elk begrip, al soe it moarnen duorje. Mar de minsken dy sels net yn sa’n depressie sitten hawwe, kinne harren meastal net goed foarstelle hoefolle heftiger en dat wêze kin dan se tinke. It wurd yn myn eagen faaks enorm underskatten. It begrip is der net sa omdat men is simpelwei net sjocht! Seker net as je jesels oan leard hawwe om it net oan’e butenwrâld sjen te litten omdat je je skamje.

As je dan leaf bedoelde adviezen krije dan begjinne je allinne mar mear it gefoel te krijen dat je daadwerkelik je oanstelle en dat je inderdaad stom binne dat je it net ‘efkes’ positief wêze kinne of dy knop om sette kinne. Understatements sa as:

Ah kom op, efkes positief jong –> klinkt as: ah kom op, spring gewoan efkes mei dy brutsen foet!

Ik ha ek wolris in dei dat ik my net sa lekker fiel hjer –> klinkt as: ik ha ek in blauw plak op myn foet mar ik draaf de marathon wol!

Dêrom meie we leaver wêze foar ús sels!

We meie dêrom júst op de mominten dat we der efkes troch hinne sitte, leaver foar ússels wêze net sa hurd! Want it lijden wat ús oerkomt is al genôch om mei te dealen! As we ús der ek noch tsjin fersette en ússels feroardiele oer it feit dat we it net feroarje kinne, makket it lijden allinne mar erger! Dus ferwen dysels júst efkes ekstra op sa’n momintsje en lit los dast dysels altyd geweldig fiele moast!

De balans tusken ‘slachtoffer’ en ‘aanvaarde’

Dit fun ik (en soms noch steeds!) in hiele moeilike!! Want it leit hiel ticht by elkoar faaks. By it aanvaarden sjochst it sa as ik krekt yn’t boppesteande beskreaun ha. It is al erg genôch dat ik dit ha, dus ik mei wol wat leaver foar mysels wêze. Je sjogge it as iets wat momenteel je yn’e macht hat, de depressie dy de oerhân hat of de foet dy brutsen is. Mar je BINNE it net. Do hast der lêst fan, mar do BIST it net. De reden wêrom ast dit hast list los. It is der, en do aanvaardst it. Sjochst dernei fan it ôfstandsje. hoe dit te dwaan? Dêr sil ik noch ris in stik oer skriuwe want dit koe ik net samar, mar it helpt my elke kear wer! As je yn it ‘aanvaard’ gedeelte sitte, dan nimst ferantwurding foar dysels en foar wat is.

Asto dy identificeerst mei dy depressie, dan BIST it. Dan sist der yn fêst en bist slachtoffer. Dan oerkomt it dy allegear. Dan kinst alles de skuld jaan, it leit oan de baan, it leit oan dyn partner, de kollega’s, it jild, de wrâld, de bern etc. As’t dit of dat hiest DAN.. do bist slachtoffer en nimst net dyn ferantwurding want it leit um immers oan alles om dy hinne.

Beide kearen kin de depressie (of wat foar ‘naars’ asto ek mar hast) der wêze, mar do lijdst der minder under as it aanvaardst ipv dast slachtoffer bist.

Dizze 2 kinne hiel ticht by elkoar lizze, mar tagelyk is it effekt in hiel grut ferskil! Ik sis ek net dat it maklik is om fan de iene nei de oare te gean. Mar sa ik sei sil ik noch ris in artikel skriuwe oer hoe je dit foar elkoar krije.

Foar my wie it dus soms efkes de opmerking fan myn mem dy sei dat it in ‘sykte’ wie. Ik wie de sykte net, ik hie der allinne lêst fan en hie der mei te dealen. Ik koe der neat oan dwaan!! Dat is in hiele hiele wichtige gedachte! In hiele wichtige, dy ik noch geregeld tsjin mysels sis en dy ik jim ek oanried tsjin jimsels te sizzen as soks je oerkomt. Feroardiel dysels net, wiis dysels net ôf, wês net te hurd foar dysels! Dan makkest it lijden allinne mar mear en it is al heftig genôch dast dit hast, dus meitsje it net erger troch dysels underút te heljen of der tsjin te fjochtsjen!

“The black dog”


Yn understeand filmke, wurd it hawwe fan in depressie moai en koart útlein yn 4 minuten. It lit krekt sa ik sei sjen dat it iets is búten jesels om. Je BINNE it net, mar yn dizze útlis is it dus in zwarte hun. Ik self naam it faak it zwarte doek as de dúvel dy je oernaam hat (yn it filmke te sjen wannear de zwarte hun de baas is)

3 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *