In hectische wike! #4
Holimoli… Dit wie my wol in heftig wykje! It is dan no ek al mear dan in wike lyn dat ik oan it skriuwen west ha. Der is safolle gebeurd. Sawol yn myn holle mar ek om my hinne. As ik jim alles fertelle soe kin’k better in totaal tiidskrift útjaan gean mar ik sil myn bêst dwan it beknopt te hâlden 😉
It begun best noflik 🙂
Foarige wike sneon begun hiel best! Op de ien of oare manier ha ik hjir moarns behoefte oan beweging. Ik wol it leafst sa gau mooglik nei búten en wat dwan omdat it noch lekker koel is yn de earste 2 oerkes. Ik bin dizze sneon dan ek hearlik begun troch te draven, ha búkspieren dien en wat yogaposes dy ik tafallich hearder dien ha. Eindige mei in hiele fijne meditatie en myn begjin fan’e dei koe net better, fielde my hearlik! Foar de rest ha’k in skoft bezig west op’e laptop. Ek bin ik fan ôf no op in oare keamer. Mei Emma en Hugo. Hugo komt út Frankryk, wurket online en is sa stil as wat. Alle trije hâlde we der wol fan om betiid út bêd dus dat is wol noflik. Emma en Rachel hawwe beide ek gjin wurk mar binne krekt as my sykjende nei wat se wolle en setten hjoed it ien en oar op papier om ergens in start te meitsjen. Earst krige ik hjir in rotgefoel fan. Ik tink iets fan jaloezie of it gefoel dat sy harren ideeën tot wurkelikheid meitsjen gean en ik bliuw wat hingjen. Oan’e oare kant realiseerde ik my just dat ik júst ek wol posityf triggere waard hjirtroch om ek gewoan aksje te undernimmen en ergens te begjinnen. Wêr uiteraard ek myn ‘Expedition to happiness’ oer giet! Gewoan prebearje en oan’e slach gean!
De measte minsken dy my wat better kinne, witte dat ik enorm moeite hie altyd mei ‘snein’. Hjir doch ik der alles oan om dat los te litten en te feroarjen en dat slagge goed hjoed! Op ien of oare manier hie’k wol sin om ‘sneinse’ klean oan te dwan hahaha. Tsja, dat sit der altyd noch wat yn fan eartiids. Dus ik ha myn measte krease klean oan lutsen dy ik by my hie. Hjoed efkes NIKS gjin ferwachtingen fan mysels, GO WITH THE FLOW! Efkes wat romte yn myn holle creeërt troch de data efkes op in rijtsje te setten en der efkes oer neitocht hoe ik myn jierdei fiere wol. Al mei al, best in hiele noflike snein!
Nije útdagingen op myn paad
Ik ha aksje undernaam en ha in ‘testpanel’ fun dy de earste online workshop folgjen gean. De workshops oer orthomoleculaire voeding ha ik foar de simmer al meardere kearen jun mar no sil ik sjen as dit ek slagjen giet online! Ik ha der sin yn en in stok achter de doar! Hatsikidee, ik moat gewoan ergens begjinne!
Fierder bin ik dageliks oan’e slach mei myn Spaanse húswurk. Ik moat sizze dat dit hiel erg mei ups en downs giet. Ik ha no 5 lessen han mar noch steeds net echt it gefoel dat ik in simpel gesprek hâlde kin ofsa. Mar ik hâld fertrouwen, it komt fansels!
Ek krige ik fan Remona (in Nl famke dy hjir ek yn it hostel sit en hjir ek tidelik wurk docht foar it hostel) te hearren dat it famke wat hjir elke moarn meditaasje jout in oantal kearen net koe. Ik sei hiel foarsichtig dat ik ek wolris meditaasje dien ha mei in groepke freondinnen en dat dit best goed gie. Ik doarde it hast net te sizzen omdat ik sels noch net wis wie as ik dit wol diele woe. Sy kaam uiteraard dêrnei mei de fraach of ik miskien in pear kear ynfalle kin as Mara in kear net kin. OEF… Meditaasje jaan oan wyldfrjemden? En foaral: YN IT ENGELS!!? Haha noja ik tocht JA PEET! Ast de kâns krijst dan moast it dwaan! Bereid dysels goed foar en dan kinst it wol. Do bist hjir júst om sokke útdagingen oan te gean en it út te prebearjen! Noja, Remona soe efkes hearre by de organisaasje hoe en wat.. ik ha noch neat heard.. mar it soe wol super fet wêze!
Te snel went oan it nije libbentsje?
Ik hie fannewike ek efkes in ‘wake-up’ momintsje. Doe ik op’e famylje app wat foto’s foarby kommen seach fan nije winterjassen ensa, doe realiseerde ik my wer efkes hiel bot hoe bliid ik bin mei it waar hjir! Ik wie ynienen sa enorm bliid dat ik hjir bin, elke dei 30 graden. Dat ik bliid bin mei bewolking omdat it oars súver te hyt is! Wa hie no tocht dat ik dat ea sizze soe. Je binne der sa snel oan went, mar hoe hearlik is it dat as je út je sliepkeamer komme dat it gewoan búten waarmer is as binnen. Nea in jaske oid mar gewoan elk momint fan’e dei, sels nachts is it hearlik waarm! Ik fyn it hearlik en jou der neat om dat ik my kapot swit of dat myn ijsje te hurd smelt en de sjokolade der hast ôf raant. Ik fiel gewoan echt dat ik folle folle bliider en relaxter bin yn dizze temperaturen dan de temperaturen yn Nederlân.
Kop der by hâlde en op skerp stean!
Fannewike binne der meardere dingen om my hinne gebeurd wêrtroch ik ekstra allert wêze moat. Ik bin tige dankber dat ik al myn spul ha! Doe ik fannewike op in moarns oan’t draven wie yn’e strjitte seach ik ynienen Gilad as it idioat kneiterhurd draven. It earste wat ik tocht wie: tsjonge jonge, kinst ek oerdriuwe troch te sprinten ipv te joggen. Doe hy my seach stoppe der lyk en ik seach de paniek yn syn eagen. Syn hier wie wiet omdat der krekt út de see kaam. Syn mobiel en syn beurs wiene stellen! Hy draafde no as in idioat mar oeral en nergens hinne om te sykjen nei in frou mei blauwe klean en koart hier. Dy hie it stellen! Holy shit tocht ik. Ik ha my eins dy hiele dei wol wat rot fielt foar him. Ik tocht telkens, wat as it my oerkomme soe. Wat in ellende! Wat in gesodemieter!
Letter dizze wike is Omer syn mobiel ek jatten! Dêrneist hearde ik ek noch ferhalen dat je op’e ferry nei de eilânen der ek om tinke moatte omdat der ek de nedige dingen jatten wurde. Sels in freondinne fan myn roommate siet yn’e taksje en de taksje sjauffeur is der fan troch gien mei al har spul behalve enkele kledingstikken.. Oef sis.. Kop der by hâlde dus en net te maklik wurde!
Nije dingen ite en untdekke
Ik tink dat ik yn Austraalje leard ha om te learen nije dingen te iten. Ik ha dêr bygelyks leard faker avocado te iten en ik bin der no gek op! Sa ha ik fannewike mei Omer nei in tentsje west te iten wêr allegear nije dingen op it menu stiene út Venezuela. Arepas (glutenfrije pita’s), nije drankjes en allegear ferskillende oare dingen wêr ik de nammen no efkes net mear fan wit. Machtig fyn ik it. In ferrassing wat je krije, it ienige wêr ik skerp op bin is dat ik seker witte wol dat it net pittig is. En dat is noch wolris in dingetje hjir. Want as Mexicanen it totaal net pittig fine dan ha ik noch geregeld dat it fjoer my út ‘e eagen en earen knalt.. Ik kin echt niks nada gjin pittig ferneare en wurd der ek echt net bliid fan, it docht súver sear haha
Laptop yn troubles
Ik ha hearder al ferteld dat ik alles kwyt bin is t net? Alle filmkes dy ik makke hie foar de workshop mar letter ek noch foto’s! In nije kabeltsje kocht mar blykber leit it oan’e laptop sels. Noja om in HIEL LANG ferhaal fan in pear dagen stress en gesodemieter gear te fetsjen: út eindelik ha SimonPaul my fanút Easterein holpen om fia teamviewer en via whatsapp te beljen, oeren en oeren oan’e slach west om út te finen wêr de fout sit. Ik bin him sa untsettend dankber want ik ha ynienen in hiel soad filmkes werom!!! Der bleek namelik wat mis te wêzen mei de USB stick en dêrneist wol ik ek noch myn laptop oersette nei in lokaal account want omdat hy no alles yn’e cloud sette wol kiept der dus in hiele soad dingen gewoan fuort omdat de cloud fol is. Noja sa ik al sei is dit in koarte samenvatting mar it hat my dagen oan stress en oanklooien koste mar hooplik is aanst alles foar elkoar en kin ik DAT loslitte. Ik bin Simon Paul super dankber!! Ik hie nea ferwachte dat ik ea wer wat werom fine soe fan’e filmkes en wie bang dat myn laptop miskien wol opstjoerd wurde moast foar reparaasje. It falt gelokkich wat mei!
De kop yn’e war, tefolle op myn paad en keuzes meitsje.
Foar de rest ha’t myn kop fannewike hiel wat gekke sprongen makke. Spontane aksjes, lestige keuzes, balâns sykje yn wat âld en nij patroan is en tagelyk wol by mysels bliuwe. Ik waard fannewike behoorlik útdaagd om myn nije paad te finen. Keuzes meitsje en sjen en fiele as it goed wie of net. Sa ha’k in pear kear NEE sein omdat ik gewoan wurch wie of dat it gewoan genôch prikkels en ervaringen wiene foar dizze dei. Ik fyn dat hiel lestig want je wolle neat misse, de dagen sitte hjir fol, kneiterfol mei nije erfaringen elke dei wer.
De kearen dat ik NET foar nee keazen ha mar júst de útdaging opsocht ha is dat ik juster de Spaanse les cancelled ha, samar beslúten ha om dochs wat kultuer te snúven omdat it my gewoan efkes tefolle wie fannewike. Ik bin justermoarn foar it earst nei in Cenote west, prachtig!! Foto’s komme online! Dêrnei de boel hiel snel ynpakt en foar 2 nachten bin ik mei Omer fertrokken nei Isla Mujeres! Wy kinne it goed fine tegearre en yn dizze wike wêr yn ik mysels efkes behoorlik tsjinkaam wie hy degene dy op ien of oare manier my kalm krige en my wer efkes mei 2 fuorten op’e grûn sette liet. Doe hy frege of ik mei him mei gie nei Isla ha ik dat dêrom besletten, it is fansels ek folle nofliker en leuker om tegearre út te sykjen wêr je hinne moat ensa dan alles yn je uppie út te finen en te beleven.
Dus boembats, alles achterlitten yn Playa de Carmen en mei myn laptop en in bytsje klean sit ik no op Isla Mujeres! Letter mear!! Ik ha namelik noch mear belibbe wat ik graach mei jim diele wol mar ik wol no earst genietsje fan it eilân!
Moandei de earste online workshop, spannend as alles soepel ferrinne sil mar ek in hiele soad sin yn!
Woansdei bin ik jierdei en ik bin benijd hoe dy dei ferrinne sil. Ik ha yn elts gefal in hiel leuk en moai idee om te dwan mar ik moat der noch wol in nedige foar útfûgelje hoe dat wurket.