‘It wurd dochs nea wat’
Don Det: Samar waard ik wer oerrompele troch in núver iets wat myn flow stoppe. Ik hie sa’n sin en motivaasje om de Nederlânske meditaasje kursus ôf te meitsjen. En no is it safier, en it wol net sa soepel. Ik bin bewust, en fiel en sjoch wat der oan’e hân is. Bin wat minder streng, stopje wat hearder en prebearje de dingen te dwan wêr ik it measte sin yn ha op it momint. Dochs is der iets wat ‘wringt/knypt’ en dwarsbongelt!
De folgjende dei mien ik wer fol goeie moed oan’e slach te gean. Ik negear it ûnderbúkgefoel want ik wol oan’e slach! It sil myn perfektionisme wol wer wêze, it sil de hitte wol wêze, allegear ekskúsen. It komt moarn wol wer, gewoan trochsette. Wyls fiel ik hiel stiekem dat ik efkes langer stilstean mei en hjir wat mei dwan mei om it echt wer flowe te litten. Ik wit en fiel dat ik djipper fiele mei wat der eins oan’e hân is.
Noch in dei letter. Ik begjin itselde. Ik forceer mysels in bytsje. Ha net super folle sin mar dat sil seker wol komme as ik wat taken dien ha, as ik my ferfolt fiel. Wyls wit ik djip yn mysels dat ik mysels foar de gek hâld. Ik wol mei gang oan’e slach en net earst wer stilstean, dreech dwan, oan mysels wurkje. Dochs kom ik der net ûnderút en wit ik dat ik ‘iets’ wat oan’e hân is better earst boppe wetter helje kin, want it kin my in bulte stress, ferset en tiid besparje. Ik ha yn’e lêtste jierren faak genôch ervaren dat de tiid en ynfestearing yn jeself, dûbbel werom betelle wurd as je earst wer by jesels komme en ‘heale’ wat der underbewust dwars sit.
Ik stopje myn wurk, gean sitten en meditear. Dizze kear in geleide meditaasje dy my helpt yn te sjen en te fielen wat der dwars sit. Al frij snel komt boppe wat der ûnbewust yn my spile. De gedachte: ‘It wurd toch noait wat!’. In oertsjûging dy ik al hiel wat faker tsjinkaam bin yn myn libben en dy ferhipte djip sit en lestig underút te heljen. Ik miende dat ik um loslitten hie mar hy wie no stiekem yn myn ûnderbewuste werom kroept. Wyls ik fol motivaasje mei de kursus oan’e slach soe wie dit in oertsjûging dy’t ik yn myn underbewuste meinaam hie yn it ûntwikkeljen fan’e kursus.
In nare oertsjûging dy my ûnderút hellet. Dy djip siet en dus sterk is. Maklik om um te leauen, SA sterk dat it hast fielt alsof ik net oars kin as leaue dat it wier is. Want myn holle hat gjin tsjinbewiis, en wol genôch redenen te betinken werom it dus inderdaad noait wat wurd mei my.
Ik prebearje fanalles, stoer en sterk, hâld de kop boppe wetter, creeër dingen, lear in soad. Ha 2 online kursussen, begjin te advertearen, lear mear, doch wer nije dingen.. Dochs ha ik noch net foarelkoar wat ik yn’e holle hie. Dus wyls ik stoer oan de folgjende kursus begjin en wit dat it goed is en mega helpend is wat ik kreeër.. Is dêr dus dochs dy underbewust oertsjûging, it ego, dat stemke wat ik net hearre woe. Mar wat stiekem ropt: KAPPE PETRAA!! Ferspilde enerzjy, it wurd dochs gjin sukses, it kosset dy folle mear enerzjy dan de pear sinten dy’st der oan fertsjinjen giest aanst, bereid dy mar foar dat it in flop wurd etc etc.. Oftewel: it wurd dochs nooit wat!
Wyls ik meditear, lit ik it gefoel ta. Trinnen rinne oer myn wangen. Wat docht it mei my? Dy gedachten dat it toch nooit wat wurd, omdat ik ’toch nooit goed genôch bin’. It docht sear, it fielt sa echt, as maklik om de handdoek yn’e ring te goaien.
Dochs jou ik net op, NET om sa’n gedachte, net om dy oertsjûgingen. Want dan jou ik se allinne mar mear krêft en jou ik eins ta dat it dus inderdaad wier is. Wat ik wol doch? Ik lit de trinnen der wêze. It feit dat dizze oertsjûging sa djip sit seit wat oer myn ferline. Sa lang ha ik leaut yn dy oertsjûging. It lytse famke yn my wurd rekke. Dat ‘gewonde’ stik, dêr mei ik no de oandacht oan jaan. Dat stik mei leafde ûntfange om te hielen. Ik bin dus hjoed efkes wat leaver foar mysels. Efkes stop mei de kursus en it gefoel der wêze litte, efkes net fjochtsje tsjin it gefoel en de oertsjûging.
Ik hoech niks, ik MOAT de kursus net ontwikkelje, ik MOAT net suksesfol wêze. Ik MEI it dwaan omdat ik it leuk fyn en as it flowt. De druk dat it perfekt wêze moat mei ik loslitte. Ik wit dat ik in soad minsken helpe kin mei de meditaasjes, ik kreeër it fanút leafde. Dankber dat ik it effekt dageliks fiele mei en dankber dat it myn libben sa’n ommedraai jun hat. Sjen wêr ik no bin..
ASHE (and so it is)