Klooster ‘Wat Pa Tam Wua’
10 dagen it kleaster yn en mei it programma mei dwaan. Ik moat gelyk ta jaan dat ik it programma wat underskatten hie. Mar nei in pear dagen wenne woe ik seker de 10 dagen fol meitsje.
De video dy ik hjir oer meitsje seit warskynlik folle mear dan ik omskriuwe kin. Ik fyn it dan ek lestig om koart te omskriuwen hoe de ervaring wie. Ik soe dêrom sizze, sjoch earst de video mar..
Ik tocht ik diel hjir dochs wat dingen dy net yn de vlog ferteld wurde omdat it gewoan wat persoanliker is. Ek hoopje ik dat de vlog ek sjoen wurd troch minsken dy nei it kleaster ta wolle, dus fanút oeral oer de wrâld. Fandêr dat ik it yn it Engels dien ha. Sy hoege fansels net alle ins en outs te witten.
Oeren mediteare en in sear liif
Totaal meditearden we sa’n 4,5 oere per dei. Dit is inklusyf rinnend mediteare, sitte en 1x per dei lizze. It lizzen is wol noflik nei sa’n skoft yn’e lotushouding te sitten mar is ek pittig om net yn sliep te fallen! Buten it meditearen om binne der ek in soad mominten dat we gewoan lústerje moatte, chante of food offering en dy mominten sitte we ek op’e knibbels op yn’e lotushouding! Je liif is dit net went ek al meditear ik in soad, net altyd yn dizze houding en faaks mei in lytse leuning yn’e rêch 😉
It wie dus faaks net iens de útdaging om sa lang te meditearen mar mear om sa lang te sitten. Je knibbels begjinne sear te dwaan en de rêch giet konstant flink yn protest! As je liif dit net went is wolle je nei sa’n dei neat leaver as it bêd yn! Marja!! NET dit bêd! haha, je liif hat behoefte oan in matras! De kessentsjes wêr we op sitte mei it meditearen binne dikker as de matrassen dy we krigen hawwe dus as we lizzend mediteare op dy platte kessentsjes is dat súver al nofliker!
Ik moat earlik tajaan dat ik op in gegeven momint frege ha om mear tekkentsjes omdat ik it kâld hie. Give hat my der 2 jun (Net tsjin B sizze hjer sei se noch want dy soe der wol wer oer zeuren gean, wyls dy der NEAT oer te sizzen hat en mei te meitsjen hat!). De 2 tekkentsjes ha ik in pear kear dubbelfouwt sadat precies myn heupen en myn skouders der op lizzen koene, dat wiene de grutste knelpunten 😉 Tsja in matras wie miskien wol it measte wat ik miste 😉
Net iens mei de monnik
Op dei 5 kaam der in oare monnik yn’t kleaster. In oantal hiene al op him wachte want dizze monnik kin goed Engels en leit in soad út. Ja dat die der seker, wol hastig moat ik sizze mar hy woe ús in hiele soad leare. We koene nei de meditaasje sessies mei ús kessentsje nei foaren skowe om fragen te stellen. No moat ik earlik sizze dat sommige minsken mei hiele núvere fragen kamen. Mar klear, dat sille se miskien ek wol fan myntes tocht hawwe.
Ek hjir by de monnik waard ik útdaagd om by mysels te bliuwen want hy kaam sa no en dan ek mei ferhalen wêr ik my NET yn fine koe. Dat wie in stikje fanút it Boeddhisme. Alle ferskillende gradaties wêr we yn komme kinne as we dea gean bygelyks. Sa fertelde der ek oer de hell en wa dêr kamen. Doe der de hiele list opnaam wa allegear nei de hel giene, wie der my kwyt. As je in soldaat west wiene, alcohol dronken etc etc. No ik tocht beste man, ik kin net folle minsken dy nea alcohol dronken hawwe yn harren libben, dus dan wurd it knap drok dêr yn’e hel!
Inspiraasje en motivaasje!
Ik fyn’t súver spannend om dit hjir te dielen en net foar mysels te hâlden haha. Tidens de ‘walking meditations’ hie ik geregeld hiele heldere ideeën. Ideeën dy my net loslieten en dy allinne mar dúdliker waarden. Ik ha se dêrom mar opskreaun en sels al ien útwurke. Miskien kaam dit júst omdat der romte kaam troch de stilte.
It earste wat is dat ik my tidens de meditaasje ynienen hiel sterk fielde. Ik bin goed sa ik bin, en mysels fergelykjend mei it ferline sa untsettend folle wiizer en sterker! Dit makke dat der iets yn my sei dat ik genôch wiisheid en ervaring ha om in retrait te organisearjen. Ik merk ek yn dit kleaster dat der in soad minsken binne dy ik al hiel wat leare kin oer de ervaring dy ik al op dien ha. Ik fielde ynienen dat ik net hoech te wachtsjen tot oer 5 of 10 jier om in retrait te organisearjen mei alle kennis en ervaring der yn dy ik ha. Ik kin it no ek dwaan. Sa seach ik it ynienen hielendal foar my yn Fryslân en kaam de ynfulling frij snel der achteroan.
Tidens de folgjende meditaasje kaam der sels in idee yn my op dat ik it net foarút skowe moast nei pas yn Fryslân want warskynlik hawwe de minsken it dêr dochs altyd fierstente drok en hawwe gjin tiid foar in pear dagen de boel loslitte. Doe ynienen seach ik foar my dat ik it hjir dwaan mei, yn Pai! Want hjir komme ek genôch Nederlanders dy wol de tiid ha en dy faaks ek oan’e slach wolle mei harren eigen ontwikkeling. Waaahh, ik waard der hielendal gek fan yn’e goeie sin fan it wurd ! haha.. machtig!
Ik begun oan alle kanten ideeën te krijen! Ik ha alles op skreaun nei de meditaasje en wyls ik it opskreaun kaam der samar in flinter op myn skriuwende finger sitten! Is dit in teken dat it in goed idee is? Of draai ik der wat yn troch?? helje ik my wer fanalles op’e hals wat te idioat is?…..
It oare moaie heldere momint wat ik wol direct al yn gang setten ha is dat ik in earste persoanlike meditaasje ynsprutsen ha. Ik ha in pear dagen mei 2 Dútse froulju kletst yn’t kleaster en sy wiene hiel nijsgjirrich nei myn ferhaal. Sy hiene namentlik beide soartgelike dingen yn harren libben as my en wiene nijsgjirrich hoe ik der mei om gie wie. Sa fijn fyn ik dat! Ien fan de fammen hie my fertelt oer har sus dy ek jierren depressief west wie en harsels in jier lyn fan kant makke hie.
Tidens de meditaasje dêrnei gie it my troch merg en been, har hiele ferhaal. Ik ha undertusken in pear technieken leard om dingen in plakje te jaan of yn elk gefal it wat mear te ferwurkjen. Dit ha ik yn de meditaasje brûkt dy ik foar har opnommen ha. Ik moat it noch bewurkje, en dêrnei sjen as ik kontakt mei harren krije kin om har de meditaasje te stjoeren. Ik bin hiel benijd wat se der fan fynt. Dit is namentlik ek ien fan de dingen dy my moai lykje om foar oaren te dwaan, persoanlike geleide meditaasjes yn elkoar sette.
Persoan B
Wat sy bygelyks net hoege te witten is dat ik tidens myn ferbliuw der in bepaald persoan hie dy foar my nogal in útdaging wie. Ik neam him yn dit berjocht mar ‘B’. B wie foar my in útdaging yn de sin om ticht by mysels te bliuwen, net te oardielen en net oan mysels te twifeljen. Fan nature sjoch ik faaks op tsjin oare minsken. Ik sjoch de goeie dingen yn harren. Dêr is fansels neat mis mei in principe. Behalve as it ten koste giet fan myn eigen wearde.
B komt oer as immen dy alles hiel goed wit, seker is fan himself en dat graach sjen lit. Dit is warskynlik ek de reden dat ik him serieus naam en tsjin him op seach. Al fielde ik hiel faak al yn’t begjin dat it totaal net strookte mei my. It klopte net mei wat ik tocht, it klopte net mei wat ik wit en dat begun oan my te knagen. It kaam der op del dat ik my foaral de earste dagen stierlijk ergerde oan syn hâlding. Hy seach op my del en die alsof ik lucht die. Hy kaam bygelyks hiel ynteressearre by my mei in fraach en sadra ik net it antwurd joech wat hy woe dat waard der súver kribbig. It leafst hie der dat ik him yn’e kont kroop sis mar.
Hy holp oeral wêr der koe yn it kleaster, dus wie zogenaamd de voorbeeldige vrijwilliger. Net gewoan helpe, mar foaral op in opfallende manier sadat ELK sjen kin dat hy wurket. Ien kear plofte ik hast. Doe ik seach dat in monnik him frege wat te dwaan. Hy sei: ja natuurlijk!! Doe kaam it der op del dat der wc papier bij fulle moast yn de bakjes op de tafel. Doe de monnik fuort run frege der my as ik him helpe koe. Ja hjer, ik kin wol helpe (hy koe it gerust self, mar dit putsje wie him te leech tink ik). Doe der my útlein hoe it moast run der fuort, hy ferhipte it, en dêr stie ik dan.. dit is net helpe, dit is gewoan it putsje troch skowe nei in oar wylsto sels tsjin de monk sein hast dast it wol dwaan woest!!
Doe ik myn ergernissen mei Elli dielde seach sy it just fan in oare kant. Se sei: ach, mei hokker yntensje hy it ek docht, tis moai dat der wurket. Dus tsja, Petra net sa oardiele en inderdaad it is moai dat hy sa hurd syn bêst docht.
Tot nei in pear dagen MEAR minsken sich ergerden, doe kaam myn ware ik wer wat werom, sjoch no wol, ik bin net gek. En doe seach ik B ynienen mei oare eagen. Warskynlik sit der under dat eigenwize sekere gedrag in hiel ûnseker persoan dy sich absoluuuut net sjen lit. B hat warskynlik konstant fan oaren de bevestiging nedig dat hy geweldig is, slim, perfect, gewild etc etc. Tsja.. en dan ha je dus wer dy spiegel, omdat ik dat ek noch faak nedig ha, mar ik bin my der yn elk gefal bewust fan.
Ik seach B ynienen oars en dat makke my dat ik de frustraasje wat loslitte koe, ik prebearre der boppe te stean. Net boppe him, mar myn triggerje te litten troch syn gedrag en it my net yn’e war meitsje te litten. B bliuwt noch 10 dagen yn’t kleaster omdat der sa goed helpt koene se him wol brûke. Hy hat undertusken de funksje krigen dat der minsken runleide mei, no dat past him krekt.
De juns foar myn fertrek kaam der by my: He ast langer bliuwe wolst, dan kin dat fêst wol hjer. Ik kin it wol foar dy regelje mei de ‘monks’ en hy wist wol hoe en wat. Ik ha efkes djip yn en útademe en sei: Dankjewol, mar ik ha myn kop der no al ta setten en dat ik moarn nei hûs gean. EN… As ik wol bliuwe wolle soe, dan kin ik dat SELS ek wol freegje en regelje. Sa, dat moast ik efkes kwyt. Ik sei it freonlik, dat wol hjer! haha.. mar menear wie dit net fan my went en run zogenaamd geërgerd fuort om wat op te heljen. It famke wat neist my stie knipeage nei my, lit los en stean der boppe! 😉
No dit wie wol genôch.. Der is wol mear, mar it moat leuk bliuwe fansels 😉
ha jim fragen of reaksjes nei myn ferhalen of vlogs, jim mei my altyd in appke of reaksje stjoere. Ik bin wol fier fuort, mar net onbereikbaar 😉
2 Comments
Jan Keuning
Petra, wat een belevenis. Prachtig om te lezen en wat een mooie foto’s.
admin
Hoi Jan, dankjewol foar de moaie reaksje!