Reisavonturen - Amerika

Lêtste 4 dagen @ChalkMountain #Blog 10

Hatsikidee!! Myn foarige blog eindige mei in twifelige Petra dy al gau it fertrouwen wer kwyt wie en net witte wêr no presys te starten. Tongersdei ek freed ha ik wol mega moaie stappen setten! Ik bin  begun om de earste video’s op te nimmen! It wurk noch in hiele klus mar it begjin is der en ik wit no in bytsje hoe ik it ha wol. Stap foar stap. Ik pasje earst alles oan fan de workshop nei in online les. Alles ferdiele, opnij yndiele. Hoe wol ik dat de cursus der út sjocht. En foaral, wat wol ik ekstra oanbiede want allinne fertelle wat sun is en wat net, dêr komme de measten net folle fierder mei.

Ik brûk fansels as basis de workshop dy ik al yn elkoar setten hie en ik foech der oan ta wat ik tink wat de minsken misten of wêr se tsjin oan runen. Eins is dizze opset noch folle moaier want no is it wat mear ferdield yn lytse en haalbare stikken. Better ta te passen yn je dageliks libben en dus ek folle better fol te hâlden as je sukses behelje wolle.

Fansels moat ik mysels sa no en dan wol efkes wer mei beide fuorten op de grûn sette. As it dan ynienen SA lekker giet, wolle je mear en noch hurder! Tsja.. dêr gean je dan wer, hurder as mei de flow mei wurket net! Neist it wurkjen oan myn earste online cursus hie ik sowieso oer it algemien it gefoel dat ik echt yn’e flow siet. Alles giet dan soepeler, antwurden en oplossingen komme ynienen op je paad! Sa krige ik berjocht dat ik by noch mear NL yn Amerika wolkom bin yn Austin en in reaksje fan in workaway plak alfêst foar yn Florida!

Ik wit net seker as ik hearder al útlein ha wat workaway ynhald mar it giet om pleatsen, bedriuwen of gewoan by minsken thús wêr je tsjin kost en ynwenning in oantal oeren meihelpe. In moaie mooglikheid om ek kennis te meitsjen mei it echte Amerikaanse leven omdat je alles mei de famylje dogge. Ik ha no fannemoarn wer kontakt han en it liket goed. Ik fyn it wol pittig om dan ek echt in datum fêst te lizzen want dan bin ik minder frij om spontaan te dwaan wat ik wol. Ik hie allinne no it gefoel dat it wol echt moast om úberhaupt in kâns te krijen ergens te kommen. Der binne mear workawayers dan hostplakken. Se seine dat se in goed gefoel by my hiene dus ik hoopje dat ik wat mei harren ôfprate kin. It ienige wat my  noch in bytsje dûbbel siet is dat je offisjeel in spesjaal wurk visa ha moatte foar workaway. Ek al is it wurkje foar neat. It is offisjeel ferplicht. Ik hoopje dat sy der net moeilik oer dogge.. Wurd ferfolge dus 😉

Ik wie net gek, der wie in bist!

Ja ja, der siet fannewike op moarnskoft eindelik in bist yn’e fal. En it wie gjin mûs! Ik wist dat der wat wie. In bist wat omrommelje koe en in soad fan hantsjes/klauwkes hat. En jawol, der siet in prachtig moai bist yn’e fal. In possum. Mei dit bist hie’k al kennis makke yn Australie mar dit wie dochs seker in hiele oare soart! In prachtig moaie dikke plúsen feltsje. Linda hat him my sjen litten en hat it filme. Hy lei te koesen mar begun wol wat te blazen doe der my seach. Ik snap hi mek kwol fansels. Ik tink wol dat hy der leaver útsjocht dan wat der daadwerkelik is. Mar klear, se slope in soad dus se binne net echt gewild.

Undertusken ha ik kontakt mei in famke út Fryslân dy my warskynlik wat helpe kin mei myn online cursus. Ik sil fannewike mei har belje.

Ek sil ik myn lêtste call mei Janneke dizze wike hawwe. By Janneke ha ik de lêtste moarnen foar ik fuort gie in traject by folge.Om better te ûntdekken wat ik wol, en hoe ik dêr eventueel myn wurk fan meitsje kin. Omdat ik de lêtste 2 wiken foar ik fuort gie myn kop kompleet op oare dingen hie ha we de lêtste meeting earst mar útstelt. Wyls ha ik wol hjir en dêr kontakt mei Janneke. Ik ha fan ôf it begjin in klik mei har, wyls we elkoar noch neat yn real life moete hawwe. Janneke komt út Drenthe en har libbensferhaal liket ferhipte folle op myntes. Fansels wol mei oare ynfullingen mar ik herkende safolle yn har ferhalen en har struggles. It fielt súver wat as in goeie freondinne dy in oantal jier foarrint op my. Sy hat ek troch alle problemen en weerstand hinne wrotten wat ik no doch of dien ha. Se motiveart my sa no en dan wer efkes as ik it self efkes hielendal kwyt bin. www.mindfullsurprise.nl is har site. Se is momenteel dwaande om har eigen boek út te bringen, hiel koel en knap!

Safolle Friezen en Nederlanders

Ik ferbaas my der hieltyd mear oer. Trochdat ik no by Bart en Linda bin lear ik ek in soad oare minsken kinnen. En warempel, dan sjogge je ynienen hoefolle Friezen hjir wol net rûnspane. Beppe yoghurt bygelyks dy elke moarne dizze kant op komt en hjir liters en liters selsmakke yoghurt bringt. Juster bin ik mei Linda nei Klaas west, dy in oantal beamen foar bart en Linda hat, en ek gewoan hearlik Frysk praat. En yn harren freonegroepen sitte ek in soad Friezen of Nederlânders. Benaud om hjir net mear je eigen taal prate te kinnen of om wat te dielen hoege je hjir yn Texas net benaud foar te wêzen.

Heftig berjocht fan thús

Fannewike ha ik mei heit en mem belle. Ik sil jim de details besparje want ik kin der sels eins hielendal net oer. Ik fiel lyk yn mysels wat ik fertel. IT komt der op del dat ik tige tige dankber bin dat myn heitie der noch is! Hy hie tegearre mei de keapman problemen mei in ko dy ophelle waard. Om in lang ferhaal koart te meitsjen. It die my tinken oan “Herman moast nei Brada, mar hie gjin sin”. De ko hie it NET yn’e kop om de trailer yn te gean en wie sa alderraast yn paniek rekke dat der oeral by op fleach. Oer stekken, muorren en alles wat blykber mar stikken koe. Doe heit en de keapman beide in kant fan in ljedder pakt hiene om him dochs de goeie kant op te krijen miende de ko dat der OER de ljedder springe moast wat fansels net slagge. Heit achteroer op’e grûn en de ko lande FLAK neist him ek op’e flier. No is ús heit behoorlik nuchter en makket de ferhalen altyd sa lyts as stelde it neat foar. Hy sei no earlik dat der deadsangsten út stie en eins seker wist dat der dea gean soe. De ko hie in lyts stikje de oare kant op landen en dan hie ik gjin heit mear han. It feit dat heit sels de dea yn eagen seach seit my genôch… Hy hat him net kinnen litten en se hawwe úteindelik de ko yn’e trailer krigen. Doe heit strompeljend nei in skoft yn’e hûs komme koe die alles him sear en koe der eins neat mear bewege.

No wurd it ferhaal toch al wer langer. It komt der op del dat der in hiele grutte INGEL op heit syn skouder sitten hat, of miskien wol in hiel koar ingelen. Heit libbet noch, de hiele bealich docht sear en as it goed is sit der allinne mar in skuor yn syn skouder. Hy kin fansels no net folle tot neat op’e pleats mar hy is der noch!! En dêr bin ik ferkrikkelik bliid mei! Ik hoopje dat der yn’e kommende wiken/moarnen goed herstelle sil. It is dochs dan wol efkes núver dat je net efkes del komme kinne om efkes by heit te sjen, dan kommende tiid heit mar ris wat faker belje (as hy úberhaupt de tillefoan opnimme kin 😉)

Loco Coyote

Foarige wike stie it al op’e planning mar dit wykein binne we der west. Loco Coyote is in soad fan bar/restaurant. Gewoan yn’e middle of nowhere, miskien wol júst foar boeren en de minsken dy bútenút wenje. Want it sjocht der fan búten ek echt út alsof it in âld skuorre west is foar bisten ofsa. Der sit in grut stik lân by wêr picknicktafels stean, wêr je spultsjes dwaan kinne en binnen binne ek foaral grutte lange picknicktafels. In bar, in podium, ferskillende hichtes, in lyts winkeltsje en yn it achterste stik is de flier bedobbe mei seagsel. Echt precies it TEXAS gefoel wêr ik hope hie. De measten drage in cowboyhoed en de musyk is uiteraard countrymusyk!

Wat in geweldig plak!! Ik hie der de hiele wike wol sitte wollen, wat in ervaring! Ik kaam ek yn gesprek mei de eigener. Hy wie nijsgjirrich nei myn ferhaal, wêr ik weikaam ensa. Hy hat in muorre yn’e saak wêr elkenien in dollar op niet of plakt wêr je namme op stiet en it plak wêr je weikomme. Fansels moast ik dat ek efkes dwan en ha ik myn ôfkomst (Fryslân) ek kenber makke en de dollar op’e muorre prikt! De eigener frege my ek nei myn maat klean. Ik tocht earst huh, wat makket dat no!? Haha, mar hy bood my oan om in gratis t’shirt út te sykjen yn syn winkeltsje. 😀 SUPER FET!! Dit is in machtig moaie herinnering oan in prachtig plak. Soe ik werom komme yn Texas, dan soe ik seker hjir noch in kear hinne wolle!

In grut ferskil hjir mei Nederlân is dat de famyljes hjir folle closer mei elkoar binne. De jeugd is gewoan afhankelik fan heit en mem hjir totdat se 18 binne en it rydbewiis helje kinne. Troch de grutte ôfstannen is dat gewoan oars hjir. Je sjogge je freonen op skoalle of by tsjerke mar fierder hawwe se net echt de mooglikheid om elkoar op te sykjen en it is ek minder gewoan. Yn in plak as Loco Coyote komme dus allegear famyljes. Sa wie ik der ek. Net mei Bart en Linda omdat Linda siik wie en Bart soe letter komme. Ik mocht mei Lance en Shanna mei. Dit binne freonen fan Bart en Linda. Sy hawwe 3 pubers en tafallich wie beppe ek op bezoek en hie in freondinne fan har meinaam.

Ik ha my dan ek ferbaasd oer hoe se yn syn kompleetheid mei elkoar omgean, hiel oars as by ús thús. Broers en sussen binne closer, yn elk gefal wol yn dizze famylje. Se hawwe gewoan hiele oare ferhâldingen mei elkoar. Heit en mem nimme gerust in bierke en beppe docht ek like hurd mei mei in cocktail en hat minstens sokke dikke wille. Se ouwehoere enorm mei elkoar. Foar Fryske gewoantes kin it súver wol wat núver oerkomme hoe makkelik en roech se mei elkoar omgean. Se kinne redelik wat fan elkoar hawwe.

Dêr stiet tsjinoer dat se dit dus útstrale en dogge oan’e butenkant mar se binne hjir yn Texas allegear hiel gelovig. Se gean eins allegear nei tsjerke en binne hiel gelovig. Se binne hjir hiel iepen oer en ek bern stean der allegear hielendal achter. Ik moast der sa no en dan wol efkes oan wenne eins, omdat ik oars went bin. As ik sneontejuns yn’e kroeg sis of wannear dan ek dat ik nei tsjerke gean of dat ik gelovig bin dan wurd ik meastal núver of bysunder oansjoen. Hjir is it neffens my júst hearder oarsom.

Sa is it hjir hiel gewoan dat jeugd en âlderen klean drage wêr teksten op stean as: ‘I all need is Jesus’, ‘Love Like Jesus’ (sa as de frou dy binnenkomt op it filmke). Ik fyn it hiel bysûnder en it makket my ek dat ik my mear en mear thús fiel.

Elkenien fan’e famylje hat syn eigen cowboy boots! 😀

Going to church with the Rook family

Doe de tsjerke ter sprake kaam doe ik mei Shanna prate, frege se of ik ek mei harren mei woe moarnier. Graach fansels! Ik bin hiel nijsgjirrich nei hoe it hjir giet yn in tsjerke en Shanna prate sa entûsjast oer har tsjerke dat ik hiel graach mei harren mei woe. Se giene nei de betiide tsjinst dus soene my 7.45 oppikke. Frij betiid sneintemoarn mar ik bin dochs meastal 6.15 al wekker troch de shovel op ’t hiem wat ik ek hielendal net erg fyn.

Mei de auto wer bomvol (8 minsken) binne we nei de Southen Baptist church riden yn Lingleville. Ik sil net de hiele tsjinst mei jim diele. Ik kin jim wol fertelle dat ik it hiel bysûnder fun. Yn it begjin hie ik efkes de tiid nedig om alles op my ynwerke te litten. De tsjinst hat net echt in offisjeel strak begjin. Doe we op ús plak sitten giene wie der al immen oan’t fertellen. Om my hinne sieten cowboys. De hoed of in pet meie je gewoan ophâlde (allinne doe se bidden giene se wol ôf) en der wiene ek in soad jonge stellen. Dat is iets wat ik by ús wat minder sjoch. Foar myn gewoan binne der in soad âlders dy it harren bern mei jaan wolle mar sitte de bern der foaral omdat se mei moasten fan heit en mem. Hjir is dat gewoan hiel oars.

De musyk is ek oars, 2 froulju dy prachtig sjonge koene, understeund troch in band. As der musyk is giet elkenien stean en fielt elk harren frij om te bewegen, de hannen yn’e loft te dwan of wat dan ek. Ek tidens de tsjinst triggere de dominee ús om ek te reageren op syn fragen. Ik koe yn it begjin net alles hielendal presys folgje troch it taal ferskil. Dochs kaam it boadskip seker oan. It fielde echt alsof hy de preek foar my skreaun hie. It joech my noch mear fertrouwen en sekerheid dat ik goeie dingen doch. Dat it in goeie keuze west hat om op reis te gean. It gie oer fertrouwen hawwe en foaral GEAN en net hingjen bliuwe yn it fertrouwde wat je net 100% jout wat je hoopje yn it libben. Fertrouwen is net makkelik mar bliuw trochgean. Hmm.. as ik it sa fertel wie it net sa spesjaal, mar dêrfoar hiene jim der wêze moatten en it fiele. Ik ha it fielt en it wie waarm, motiverend en spesjaal 😊 Ik bin tige bliid dat Lance & Shanna my meinaam ha!

Fort Worth Stockyards mei in sneu einde

Sneintemiddei bin ik mei Bart, Linda en de bern nei Fort Worth gien. Dit wie in punt op it liske wêrfan elkenien sei dat ik der hinne moast. The Fort Worth Stockyards hâld yn dat se eins sjen litte hoe it yn it ferline gie mei de feehannel. Hoe de bisten der brocht waarden, hoe se troch de stêd rûnen fan it iene nei oare plak en hoe de ferkeap gie. De rest fan’e stêd is redelik folbouwt mei grutte gebouwen en is net folle oan waard my ferteld. Dit stikje (2 strjitten) is dan wol hiel leuk omdat alles moai oanklaait is!

We wiene moai optiid om earst de live stock the sjen. Grutte longhorns (hiele kalme kij mei âlderferskuorrendst grutte hoarnen op’e kop!) runen stadich troch de meute, leiden troch cowboys. De kij dogge dit 2x per dei dus binne net oars went en joue nearne om. Ik moat earlik sizze dat ik dit spektakel iets heftiger ferwachte hie omdat ik miende dat it der sa’n 200 wêze soene (hoe ik der bij kom gjin idee) en tocht dat se miskien wol wat drave soene. Mar, ik moat ek earlik sizze dat ik wol folle mear ûnder de indruk wie fan de longhorns self. Wat in prachtige bisten. Ja jonges, sels in boeredochter kin ûnder de indruk wêze fan in ko 😉 Bart fertelde my dat it karakter fan dizze bisten ek hiel kalm is. Doch my der dus mar in pear fan yn’e foartún. Prachtig gezicht!

Fansels moast ik doe ek efkes myn kâns pakke en de toerist úthingje doe de mooglikheid der wie om efkes op sa’n ko se sitten en op’e foto te gean 😉. Fierder ha we der efkes trochhinne strúnt en wie der noch in show. Ik folge it net hielendal wêr it oer gie mar der waard yn sjitten haha. Tyce siet by my op’e skouders en wyls Linda har best die om har hannen op syn earen te dwaan fun Tyce it neffens my allinne mar prachtig en joech der net folle om’e hurde knallen.

Op’e weromreis hawwe we mei elkoar út iten west by in Italiaan. Hjir waard Zoë al net sa fit. Se hat eins neat iten. Dit wie in foarbode foar de weromreis want dy gie net sa soepel as we hoopt hiene. Ofrune dagen wiene Linda en Tyce siik west en hiene de boel der út spuit, no op de weromreis begun it ek mei Zoë en Nico ☹ Earme skatten. Ik tink dat we wol 5x stoppe binne om in nije pûde of neist de dyk de boel der út te goaien. Ik hie it der hearder al mei Linda oer han dat wy beide net oer spuierij kinne. As ik it rûk, sjoch of hear dan gean ik ek. Ik hie ferteld dat ik wol oars ervaren hie as it der echt op oan komt. As der in berntsje op skoalle spuie moat dan is der op ien of oare manier in automatyske knop dy myn gefoel útset en allinne mar tinke kin: earme siel, wat silst dy fersrkikkelik rot fiele ik moat  helpe. En sa wie dit gelokkich ek it gefal doe se beide tagelyk spuie moasten. Ik ha Nico fêstholden wyls dy de boel der út jaaide en Bart bekommere him om Zoë. Ik wie bliid dat dit overlevingsknopke dochs wurket op sokke mominten. Ik soe my dea skamje as tsjin sa’n siik mantsje fan 4 sizze soe. Sorry rêd dysels mar efkes, ik kin der net oer as ik dy sa sjoch! Haha.. We hoopten dat we fan dizze bacterie ôfwiene mar blykber net. Ik hoopje dat Tessa, Bart en ik besparre bliuwe!

Hjoed de boel ynpakt want ik sil wer fierder! Spannend! Want ik sil nei in nije famylje ta! In Nederlânske famylje dy ik fun ha fia facebook.

Op nei Austin!!

Dankjewol familie van Ruiten foar dizze moaie 2 wiken fol aventoer en nije ervaringen!

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *