Thailân - reisavonturen

Machtige plannen en in bysûndere tsjinst!

In bysundere ’tsjinst’

Sneintemoarn, krekt neidat ik de blog fan ôfrune wike skreaun hie, krige ik in appke fan Richard. As ik ek mei woe nei Shekina garden. It wie krekt sokiets as juster sei der by de merke. In soad deselde gezichten, in community dy sneintemoarns by inoar komt. Lunche mei in oar under oare. Wyls ik myn spikes wer efkes kreaser makke appte ik him werom: “ja tuurlijk, werom net, gesellich”. Krekt foar 1en helle der my op en we moasten eins wol efkes opsjitte want it begun 1 oere.

Huh, in start tiid? Is it net frije ynloop dan? Ik stapte by Richard achterop de scooter en hiel stadich (yfm myn spikes) riden we nei Shekina garden. Underweis fertelde Richard my wat mear. POE haha, doe twifele ik ynienen as ik wol op it júste plak wie mei myn spikes.

It wie in katholieke bijeenkomst mar hy sei dat eins elkenien der wol komme mocht en je merkten it eins net hiel bot. Fierder fertelde der dat wat der fan my ferwachte waard en wat my te wachtsjen stie. Jim meie earlik witte dat my it swit ynienen op ‘e rêch stie. Ik fyn it sowieso spannend om nei in nij plak te gean wêr elk elkoar kin en dan sjoch ik leaver earst efkes de kat út’e beam en stean wat on opvallend op de achtergrun, mar no mei myn spikes soe ik just mega opfalle..

Ik krige it noch wat benauder doe we der ienmal wiene, yn in cirkel stiene mei sa’n 30 minsken. We moasten elkoar hannen fêsthâlde en der wie in frou dy in gebed die, se songen mei elkoar en se fertelde dat alles wat we diene kaam omdat Jezus ús by elkoar brocht. No bin ik fansels gelovig en is dit net frjemd foar my mar ik hie mysels gewoan totaal net ynsteld hjir op en fielde my wat ungemakkelik, júst ek omdat Richard sein hie dat ik hast net merke soe dat it in ‘religieuze byienkomst wie. As in lyts benaud fûgeltsje

Puntsje by pealtsje foel it allegear 100 punten mei. It stel wat it
organisearret is indie hiel gelovig mar doe we letter in praatcirkel hiene
wêryn elk sich foarstelle mocht en diele mocht wat Kryst foar harren betekene,
kaam ik ta de konklúzje dat ik miskien wol ien fan de ienige 4 minsken wie dy
úberhaupt gelovig wie! Hahaha.. Der sieten no 40 yn’e cirkel (wyls de rest
buten de cirkel oan’t boartsjen wie mei circus attributen, tsja das dan wer
typisch Pai haha) en fan’e 40 wie de helte tink ik foar it earst. In soad
holden eins hielendal net fan kryst of hiene it oer Santa Claus en de
cadeautsjes. Undanks dat ha ik mei trots ferteld dat ik elk jier nei tsjerke
gean en dat ik it ‘ere zij God’ yn tsjerke altyd ien fan de moaie mominten fyn.
De ljochtsjes, de muzyk en de famylje by elkoar.

Unrust yn’t liif

De ôfrune dagen wie ik wat unrustig. Ik wit donders goed hoe dat komt en ik
wit ek dat ik it loslitte mei. Ik fjochtsje unbewust TE hurd om wer dat
hearlike gefoel fan foarige wike te ervaren. It fertrouwen yn alles,
dankberheid en leafde. Ik wit undertusken dat soargen meitsje hielendal nergens
ta leit en it slacht nergens op. We meie puur libje fanút fertrouwen,
dankberheid en leafde. want as we dêr op fertroue en leaue yn ússels dan is der
gjin twifel, gjin angst en gjin soargen.

As it my net slagget dat te fielen dan mei ik gewoan omearmje dat ik it no
gewoan efkes net fiel. Opjaan, net te HURD prebearje, dat is in falkuil wêr ik
faak yn werom fal. Marrrr tagelyk, as ik mysels fergelykje mei mysels in pear
moarne werom bin ik alwer SAFOLLE wizer, riker en sterker! Dêr mei ik my op
rjochtsje. Alle oare dingen binne in diel fan it experiment. Gewoan
experimenteare mei dingen oars dwan as oars. Gewoan keuzes meitsje en sjen wat
it docht yn pleats fan it ‘oertinke en piekerje’ dêr is dizze dame hielendal
klear mei 😉

Earste stappen setten!

Ja ja, ondanks boppesteande ha ik juster de earste stappen setten foar myn
eigen expedysje! Sa ik hearder al sei ha ik de machtige plannen om in retrait
op te setten en te organisearjen. De hiele wike kamen der allegear redenen yn
myn holle werom ik it NET dwan soe. Lekker feilig en gjin risiko nimme.. Want
tsja as je it net dogge, dan is der gjin risico op falen en kin je lekker
fierder dreamen bliuwe.. Mar WAT as ik it gewoan besykje!? As it net slagget
dan ha ik der fan leard en kin ik dêrmei fierder. As it WOL slagget dan bin ik
super super grutsk op mysels en is dit miskien wol in super moaie start foar
iets noch folle moaiers!

Ik ha hjir en dêr myn ideeën dielt en witte litten wat ik nedig ha en 2
freonen hjirre sille kommende tiid ris runhifkje wat der mooglik is qua
lokaasje! waahhh super fet!! ik wurd der no al zenuwachtig fan mar fiel my ek
super ‘excited!’

Spontaan nei in hege berg!

Doe ik fannewike in bierke die yn in punkbar hjir yn Pai hie de eigener gjin
wisseljild. Hy sei dat ik letter wol betelje koe, wat in fertrouwen, dat is
puur Pai want de beste jonge hie my noch nea hearder sjoen. Doe ik juster werom
kaam om te beteljen hiene we it oer dat ik wol in langere tiid hjir bliuwe woe
en in scooter ha woe miskien. Hy soe wolris efkes om him hinne hearre en soe
syn bêst dwan wat te regeljen. (Undertusken ha’k it trouwens run dat ik noch in
moarne langer hjir yn myn húske bliuwe mei!)

Mar fan’t ien kaam it oare. Hy sei dat der sa efkes der út woe. Nei in moai
útsicht wat net fol wie mei toeristen. As ik ek mei woe. Ja best, dogge we! 4
oere fuort, ik yn myn shirtsje en koarte broek achterop. Wat ik net besefte wie
dat we hielendal nei it puntsje fan’e berg giene en it dus mei de minuut kâlder
waard op’e scooter!! Mar klear, gelokkich hie’k wol in fest, broek en jas yn’e
tas mei en ha’k dat lyk mar oanlutsen doe we dêr oankamen. In prachtig útsicht!!
en we ha gesellich by kletst.. al wie ik wol de rest fan’e jun ferklomme tot
oan’e bonken.. bbrrrr dit is dus ek de temperatuur hoe it wêze sil yn
jannewaris hjir! oerdei wol sinne mar fan ôf 6 oere juns tot moarns 10 oere is
it noch ferhipte fris!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *