Thailân 2e reis

#Blog 1: Myn 3e reis allinne, werom nei Pai!

Leuk dast dizze blog iepene hast en dast my folgest! Dit jier krije myn blogs in oare foarm, hoe dat wit ik noch net. Miskien net mear sa faak as oars, miskien wat koarter, gjin idee. Mar no as ‘earste snein’ woe ik jim dochs efkes op’e hichte bringe fan hoe de reis en de earste wike gien is. Ik doch myn bêst it koart en krachtig te hâlden 😉
Foar de nije lêzers: dit is no myn 3e kear dat ik allinne op reis gean. De earste kear nei Mexico en Amearika, foarig jier nei Thailân en Bali en no bin ik dus werom nei Thailân. Werom nei Pai, it doarpke boppe yn Thailân wêr ik foarig jier hast 3 moarne wenne ha.

It wie in lange reis om hjir te kommen! 4 dagen!!

3.30 sneintenacht mei heit en mem nei Brussel airport ride.
9.55 – 19.00 fleane Brussel –> Abu dhabi (6 oeren fleane, 3 oeren tiidsferskil)
15 oeren wachtsje yn’e nacht op’t fleanfjild fan Abu Dhabi
10.00 – 19.30 fleane fan Abu Dhabi –> Bangkok (6,5 oere fleane, 3 oeren tiidsferskil)
1 nachtsje Bangkok
Oare dei fan iene kant Bangkok nei de oare kant (dat koste my ferdorie wol 5 oeren!!)
20.22 – 8.30 (13 oeren nachttrein fan Bangkok –> Chiang Mai
5 oeren wachtsje
13.30 yn in buske fan Chiang Mai –> PAI !! (3,5 oere troch 700 hierspjeldbochten 😉 )

“Welcome home” sa’t Suwat sei

It grutste aventoer fan de reis self

Eigenlik is de hiele reis geweldig gien! Alles gie soepel! It sliepen yn de 15 oeren op it fleanfjild wie net sa’n sukses mar klear. Ik hie dêrnei yn it 2e fleantúch it grutte lok dat ik 2 stuollen neist my frij hie!! ik ha hjir dus lekker gebrûk fan makke en ha lekker oerdwars lein en koest!

It ienige wat wol efkes myn hart op hol slaann liet, wie doe ik yn Bangkok op wei wie nei de oare kant Bangkok. Ik hie it eindelik útfoegele hoe ik dat sa goedkeap mooglik dwaan koe fansels. Earst in gratis shuttle bus nei it lokale busstation (wêr eins allinne mar Thai sieten en gjin toerist of backpacker, I love it, lekker tusken de locals 🙂 ) en dan soe ik fan ôf dêr mei in bus nei de oare kant Bangkok.
Ik sit yn dy bus…sil efkes de tiid tsjekke..huh? Bûse… taske…. WER IS MYN MOBIEL!!!!!!!!!! aaaahhhhh… ik hoegde net lang te sykjen want ik wist wol seker dat ik um net yn ‘e koffer of tas dien hie! Ik hie um hieltyd yn’e hân of yn myn nije heuptaske.

Wat ik hiel moai fun, en best grutsk op bin, is dat ik my realisearde dat ik kompleet oars op dizze situaasje reagearde as yn’t ferline. Sels in jier lyn hie myn holle no yn de paniekstand gien! OH NEE>>> WAT as ik um net werom fyn! AL myn gegevens, oh nee ek noch al myn jildpaskes!! Ik hie it noch net ferdield oer ferskillende tassen. PANIEEKK…

nee.. dizze kear skrok ik fansels wol flink earst. Mar realisearde ik my: it IS.. it IS wat it IS. Net tsjin fersette. It ienige wat ik no dwan moat is kop der by hâlde en wat ik dwaan kin is sa rap mooglik yn de folgjende bus werom nei de airport en betinke wêr ik dat ding foar it lêtst han ha. It ienige wat ik my betinke koe wie by de bali wêr ik frege hie hokker bus ik moast, en oars koe it noch by de wc wêze wêr ik noch wat wetter yn myn hier die en doe ik fuort run botste ik tsjin in frou op dus miskien lei der dêr.

Gelokkich hiene de 3 Thai by my yn’e bus al snel yn’e gaten dat ik wat miste en mei hannen en fuorten ha se my holpen om my wer op’e goeie bus werom te setten, super leaf!! Doe werom op de airport, drave nei de balie! De jonge seach my fernúvere oan en begun te sykjen.. doe wist ik al genôch, hjir leit der net. oars hie der it wol witten twie noch gjin 30 minuten lyn. OEI… lêtste hoop, de wc!

Hy moast by de kraan lizze, dat koe net oars, en no hoopje dat in earlik persoan um fun hat! By de wc’s oankaam: Neat…….oef.. no sonk my de moed wol efkes yn’e skuonnen. Want no hie’k in grutter probleem, oanjaan by de plysje en bla bla bla.. + ik hie gjin jild en paskes..

Lêtste hoop dat der op’e wc lei. Spitich genôch stie der in rij fan 3 minsken. Ik wist noch precies welk hokje, dus as der dêr ien ôf giet, dan freegje ik of ik efkes snel sjen mei as der wat leit. Wyls komt der in skjinmakster oan rinnen mei in plysje achter har oan, en NOCH in plysje.. sûnder wat te sizzen drave se nei it wc hokje wêr ik wie en docht um fan bûten fan slot. Ik rôp lyk: did you find my phone??? De mannelike plysje man wenkte my lyk dat ik komme mocht en mei hanskuontsjes oan pakte se de mobiel en moast ik harren sjenlitte dat it myn mobiel wie. Se diene krekt alsof it in bom wie! Wyls ik God dankte dat ik um werom hie, waard ik troch beide plysjes op’e foto setten en doe ynienen moast ek myn paspoort dr noch by komme en op’e foto! Naja prima jonges, ik ha neat misdien, elkenien kin wolris wat ferjitte.. oohhhh wat in gelok!! BLIID en DANKBER dat ik wie!! Ha de kommende oeren mei in big smile op’e kop run en fansels GELYK paskes ensa ferdielt oer ferskillende plakken 😉 ( Ik hie achternei freegje moatten as ik de foto ek ha mocht dy se makken doe ik herenigd waard mei myn mobiel haha)

Ik wie ferfolgens mei de bus toch te fier útsetten foar it trein station en moast mei koffer, tas en mysels achter op de scooter noch nei it treinstation brocht wurde. iets wat ’t yn nederlan nooit in kear kinnen hie, mar klear hjir kin alles en de Thai holpen my sa leaf dat foar ik it wist siet ik der op.

De earste dagen yn Pai

Eins ha ik hjir noch net gekke folle oer te sizzen. It wie fijn om werom te kommen, dat wol. Al murk ik ek dat ik de earste dagen wat ûnseker wie. Leuk om âlde bekenden werom te sjen: Kazembe, Tim, Suwat, Bo, John, Roy, noch in John, Busra, Yaniv en Veronica. Bo is myn buorman hjir, komt út Australië en syn mem komt út Nederlân leau ik dus hy kin wol wat Nederlânsk. Ik sit trouwens wer precies yn’t selde hûs as foarig jier! Yn it doarp achter de skoalle.

Fierder seach ik ek dat it miljoenen oare en nije minsken binne en dat sommige ‘fijne’ plakjes net mear binne wat se wiene. Dus dêrfoar meie nije plakken fun wurde. De âlde bamboo brêge bygelyks dy foarig jier wol yn’e vlogs nei foaren kaam is, bestiet net mear en ek net it fijne plak oan’e rivier wer ik lekker yn’e sinne lizze koe en rustig boekje lêze koe is no in prive terrein wurden. Maarrr de ‘saterday-market’ is just groeit en wie super gesellich juster!! 😀

Hjoed nei in ceremonie fan Kazembe dy hy organisearet foar freonen en bekenden. Om de Mexicaanse ‘day of the death’ te fieren. Oftewel de dei fan de deaden fiere, sa se yn Nederlân de minsken betinke dy it ôfrune jier ferstoarn binne. Ik bin benijd 😉
Dat wie it.. no knap dien toch, net sa lang 😉 haha..

ps: Ohja, ik ha 2 húsdieren hjir by my wenjen. Doe ik thús kaam justerjun kaam ik der achter doe 2 pear grutte eagen my oangluurden.. Gjin idee as se bite kinne, dat sil ik Nok (de landlady) noch efkes hifkje as ik har sjoen. Ik ha se noch net goed op’e foto krigen dus dy hâlde jim noch te goede 😉 hihi

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *