Reisavonturen - Mexico

Myn earste dagen yn Mexico

De earste stappen búten de airport lieten my lyk witte mei wat foar temperatuer ik te dwan ha hjir. It is smoarhyt, en dêr rin je dan mei al je kilo’s mei spul op’e rêch en búk, lange broek en lange mouw shirt. Mar ik sil net klaaie, ik swit my leaver de rambam dan it de hiele dei kâld hawwe 😉.

Gelokkich hie ik frij snel de goeie bus te pakken en ha my de eagen út sjoen wat ik yn dat oerke al troch it raam seach fan’e bus. Nei in oerke kaam ik oan yn Playa del Carmen. Dit is in behoorlik toeristisch stedsje wêr myn reis begjint. Dat fielde nofliker om in bytsje te ferdwinen tusken de oare toeristen en net tefolle op te fallen, dat like my wol in noflik begjin. Ik hie gelokkich foarôf al opsocht wer ik hinne rinne moast om by it hostel te kommen. Mar goed ek want oars hie ik it werkelik nea fun! It is namelik gigantisch ferstoppe, ik bin der no al achter dat dat eins mei alle hostels sa is. Ik sil sjen as ik in foto meitsje kin fan’e yngong en um hjirby pleatse. Doe ik ien kear binnen wie gie der echt werkelik in onmogelike wereld iepen. It Selina hostel wêr ik sit is mega grut, ik ha gjin idee hoefolle keamers mar ik tink dat se wol 200 minsken kwyt kinne ofsa. Yn it midden hast in hiele noflike tún/lounge/terras en in swimbad. Dêr omhinne op ferskeidene hichtes binne alle keamers. Ik sil sjen as ik wat mear foto’s of filmkes meitsje kin, it is echt in hiel fijn plak om te wêzen.

De earste 2 nachten hie ik in prive keamer boekt. Dêr wie ik mysels ek wol hiel dankber foar neidat ik de juns pas nei 45 oeren wekker wêzen yn myn 2 persoans bêd plofte. Omdat sa’n prive keamer toch hast 3 kear sa djoer is ha ik de oare nachten op in deelde keamer boekt mei 4 bêden. It moaie is wol dat se hjir de keamers mar foar 50% fulle yfm Covid. No dat fyn ik hielendal gjin probleem haha, ik sliep dus momenteel gewoan mei 1 oar famke op in keamer wyls der 4 bêden binne.

Hoe is Mexico qua Corona regels?

No earlik sein, hiel oars dan ik ferwachte hie. Ik tocht dat Mexico der wat skijt oan hie omdat it dus mar it ienige lân is wêr ik hinne koe útsein fan Europa. Eltse 2 wiken wurd elke provinsje opnij besjoen en krijt it in kleur. No wie ik wol hiel bliid dat de provincie wer ik start samar grien wie! Dochs moast ik dus de hiele reis wol in mondkapke op en ek yn’e winkels hjir moat ik ferplicht sa’n ding op. Ik moat sizze dat dat wol in bytsje fielt as in stapke werom omdat we der yn Nederlân krekt klear mei wiene. Ek as’t sommige winkels yn giest krijst lyk wat gel yn’e hannen en op plakken sa as yn’e supermerke moast ek efkes temperatuurt wurde. Se nimme it dus wol serieus. Selfs sa serieus dat in hiele protte minsken self op strjitte mei 32 graden frijwillig dat ding de hiele dei drage. Dêr kin ik noch net hielendal by moat ik sizze, ik hie leau ik fan myn stokje gien.

Myn earste indruk oer de feiligheid

It is fansels koart troch de bocht nei in pear dagen en mar yn 1 stêd mar toch ha’k hjir wol it gefoel dat ik hjir gewoan dwan en litte kin wat ik wol. It fielt eins wat itselde as dat je op fakânsje wêze soene yn Spanje ofsa. Je hâlde je spul wol yn’e gaten mar foar de rest is der neat oan’e hân. Ik moat wol earlik sizze dat ik justerjun efkes skrok doe we mei in ploegje efkes op wei wiene nei in bar en der troch alle drokte fan toeristen ynienen fan alle kanten jeeps foarby kamen riden fult mei militairen mei grutte geweren yn’e hannen. Hielendal ynpakt en se laitsje no net bepaald freonlik. Ik doar der earlik sein amper nei te sjen wyls ik it leafst in foto meitsje wollen hie om it jim sjen te litten. Dochs bin ik te benaud dat dat net mei en dat ik lyk meinaam wurd ofsa HAHA! Noja ik ha sa krekt bij in winkeltsje in prachtig gesprek han mei in âlder Mexicaans mantsje dy dêr foar syn winkeltsje siet. We hiene in moai gesprek en hy wie nijsgjirrich nei wat ik fan Mexico fun ensa. Sa fertelde ik him ek oer myn gefoel by de militairen en prompt kamen se lâns riden. Hy liet my witte dat hy it just noflik fun. Hy sei dat de militairen just der wiene om rotsooi te foarkommen, se litte harren sjen sis mar en binne der júst om ús feilich fiele te litten. Hy wie wat minder te sprekken oer de plysje, dy koene noch wolris gemeen wêze.

Samar hiel soad nije minsken

Ik hie wol ferwachte dat it fêst oars wêze soe as je minsken kinnen leare wolle yn in hostel as je allinne op reis binne. Yn Austraalje wiene we dochs tegearre en dan hawwe je minder behoefte oan oare minsken en wurde je as stel ek minder gau oansprutsen. No waard ik súver wat oerdondere de earste dei dat ik samar hiel soad nije minsken om my hinne hie dy ek allinne wiene en nij en samar gesprekken oan giene mei my. Anniek út Switserlân, Isabella út Denemarken, Eddy út China etc. Se komme werkelik oeral wei! Wyls ik fan plan wie om de earste dei nei de flucht ensa betiid op bêd te gean hie ik sokke moaie gesprekken mei Isabella dat we efkes wat iten helje soene en ferfolgens sa’n lol han hawwe dat ik alsnog pas let de juns op bêd lei mar wol in machtige earste jun han hie mei har. We ha wille han mar tagelyk en moaie gesprekken. Spitich genôch is se de oare dei wer fierder gien nei in oar plak. Ek dêr sil ik oan wenne moatte, dat je snel moaie konneksjes hawwe mar dat ek alles mar foar eefkes is omdat elk wer ferdwynt.

Momenteel bin ik hjir in soad by in oar ploegje. Allegear ienlingen mar se komme tafallich hast allegear út Canada. It is eins hearlik om sa’n bij elkoar raapt soadsje bij elkoar te sjen. Sa oars as thús. Dan sykje je je freonen út foar langere tiid of ha je lyk in oordeel oer ien. Hjir bin je qua freonskippen folle makkeliker want elkenien is foar eefkes en nimmen ferwachtet wat fan je. Je kinne oanslúte of je kin gewoan efkes allinne wêze wolle, it giet hiel maklik.

Wat doch ik hjir sa al?

Wat ik oan’t no ta dien ha hjir is foaral prebearje noch wat dingen te regeljen, alles wat bezinke te litten, goeie gesprekken mei minsken mar ek komme je dingen tsjin wêr je jesels tsjinkomme. It sil de kommende tiid foaral wol it sykjen wêze nei in balans tusken alles.

Wat experimentearje mei wat je fine kinne yn’e supermerke, iten meitsje yn de gedeelde keuken of is it goedkeaper om wat op strjitte te iten. Wol ik geselligheid of bin ik dan lyk wer allinne mei oaren bezig en doch ik dingen wêr ik eigenlik hielendal net bliid fan wurd. Wat kin je better wol en net dwan. Sa as bygelyks te earlik wêze tsjin minsken dy my in tripje ferkeapje wolle oer it feit dat ik allinne reizigje. Ik ha leard dat ik tsjin sokken better sizze kin dat ik mei maten reizigje bygelyks mar dat sy no efkes yn it hostel binne. Tsja sa lear je elke dei wer. Ik ha der al sa’n lol om han mei Kaneesha. Sy fertelde my dat se dat ek leare moast, net te earlik wêze om jesels wat te beskermjen. Se hie samar har sleutel fuort jun oan  immen wyls se letter pas realiseerde dat dat miskien wol de domste aksje ever wie. Ek wol wer fijn om te hearren dat ik net de ienige bin yn soksoate dingen.

Moaie gesprekken

It klinkt miskien wat oerdreaun mar wyls ik hjir no 4 dagen bin ha ik echt al in hiele soad prachtige gesprekken han. Der binne in hiel soad minsken dy itselde as my oer dingen tinke. Elk hat syn eigen ferhaal mar it fielt alsof ik mear oerienkomsten ha mei de minsken dy ik hjir tref. Sa ik my thús yn Fryslân noch echt in ‘aparten’ soms fiel as ik fertel oer meditearen, spirituele dingen, myn oare kijk op it leven en it fielt hjir krekt of stean se hjir der precies itselde yn. It hostel wêr ik sit hat elke moarn Yoga en meditaasje en dêrneist noch in soad oare leuke activiteiten. Ik doch noch net mei alles mei, mar de ‘vibe’ is hiel noflik.

Sa wie ik juster mei it ploegje Canadezen fuort. Se soene wat te iten helje. Ik hie gjin honger mar ik tocht ik gean wol efkes mei, efkes der út. Ik tocht se sille wol mâl op stap gean dernei mar doe ik frege wat we dêrnei dwan giene seine se allegear: Nou, wy bin hiel saai, wolle graach betiid op bêd omdat we graach moarns betiid der út wolle. En ik tocht JAA!! Haha prachtig dat is ek wat ik wol, mar ik fiel my altyd sa’n degelike tut as ik soks sis mar by harren is it dus hielendal ok. Ek mei sokiets merk ik dat ik soms noch wat te benaud bin om gewoan te wêzen wie ik bin omdat der ergens toch iets sit dat je bang binne om ôfkeurt te wurden ofsa.

Oare kear mear

Ik leau dat dit it earst mar wie foar no. Ik merk dat ik it lestig fyn om te bepalen wat ik wol en net opskriuw. Der bard safolle hjir mar ik wol jim net mei elk detail ferfele fansels. Sa spannend en denderend wie dit ferhaal no ek wer net. Opsich in goed teken dat der noch niks heftigs gebeurd is fansels haha.

Foar de kommende dagen sil ik beslúte as ik miskien wol in co-work abonnement nim of dat ik miskien foar langere tiid yn in oar appartement bliuw ofsa. Ik fermeitsje my hjir best namelik. As ik foar it co-work gean kin ik ek gebruk meitsje fan mear romtes wêr je lekker wurkje en sitte kinne en dan hâld ik 30 dagen lang deselde keamer. Wol moat ik dan in keamer diele mei oaren en dan ist fansels mar de fraach wa der by je leit op’e keamer. As dit immen is dy hiel lûd snurkt of ferskrikkelik stjonkt dan wurd it in ramp fansels. As ik kies foar in oar appartement hjir fierderop dan ha ik foar itselde jild in prive keamer mar dan soe’k ek de gedeelde keuken misse en wit ik net of der wol in tafel en stoel is om oan te wurkjen sis mar. Lekker rustig is it dan wol, mar contacten mei oaren as je der behoefte oan hawwe ha je wer net.. Pff al dy keuzes ek hieltyd. Ik sil it efkes loslitte en dan komt it antwurd fêst fansels. Wurd ferfolgd 😉

Ohja, moarn sil ik myn earste Spaanse prive les hawwe!!

2 Comments

  • Anita Postma

    Hoi Petra, 19.35 moandei 11 okt.2021.

    Wat is dit leuk om te lesen en wat moai dat de earste iendruk goed is.
    Sa dapper dast dit oangiest,en de verhalen bin leuk gewoan sa at it is .
    In moaie tiid tawinske yn Mexico, ik bin er self ek ien dei west .

    Groeten fan Anita Postma

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *