Reisavonturen - Amerika

 New Orleans #Blog14

10 oeren yn’e bus. Ik hie my der goed op foarbereiden en gie der fan út dat it pittig wurde soe. No, dat foel my 100 punten mei! De bus stoppe om de 2 oeren ofsa efkes sadat je efkes snel de fuorten stekke koene en pisje. Foar de rest hie’k genôch festen en jaskes oer my hinne lizzen foar de airco. Myn nije learzen die’k hieltyd út en in pear ekstra sokken oan. It foel my best mei. Ik fun it wol efkes hearlik dat ik efkes niks hoegde. Ik ha de lêtste blog oan’t skriuwen west en genoten fan de wifi. It ienige pittige stik wie it lêtste stik. We soene 6 oere oankomme mar de bussjauffeur hie moarns al sein: “I know flixbus gave you a time to arrive, but I’m dreaming to be there at 6! Depends on the I10”. Oftewel, it leit oan it ferkear en hy ferwachtet absoluut net dat we úberhaupt dat optiid helje soene. In dik oere fertraging makke it lêtste stik yn’e bus dan ek wol tragisch lang. Ik moast allang pisje en it duorre en it duorre mar 😉

Janneke

Eindelik oankaam yn New Orleans, pikte Janneke my op. Janneke wennet hjir allinne yn New Orleans al foar sa’n 20 jier. Se pikte my op yn har reade mazda en sa binne we nei har hûs ta skeurt troch de stêd om myn tas earst thús te bringen om dan ferfolgens rinnende nei in restaurant te gean om wat te iten. Letter begreep ik pas wêrom dy tas earst nei hûs moast.. Ik bin hjir yn in kompleet oare wrâld oankaam. Dat hie ik binnen in pear oeren al hiel erg yn’e gaten.

Ik sil prebearje de blogs iets koarter te hâlden dus dêrom mar efkes gewoan wat koarte redenen wêrom it hjir sa oars is.

It waar! Underweis wie alles al hielendal potticht, wiet, wiet en dochs benauwd! New Orleans hat in HIELE hege luchtvochtigheid!

Earmoede! New Orleans is net in ryke stêd, en dat sjogge je. De diken binne hiel min, oeral gatten en bulten! Ek oan oare dingen sjogge je dat it der gewoan earmer útsjocht.

Corona vaccinatie! Doe we it restaurant binnen rinnen soene waard ús frege nei ús vaccinatie bewiis. Ik sei: huh?? En sjoch Janneke ferbaasd oan.. mar ik bin net vaccineerd! Hjir hiene we beide gjin tel by stil stien. Ik wie ûndertusken sa went fan Texas dat der eins amper of gjin corona regels binne en Janneke wie der hjir sa oan went dat se der net iens by stil stien hat om dat tsjin my te sizzen.. It waard no troch de fingers sjoen, mar dit kin noch wolris in moaie útdaging wurde.

80% is afro-Amerikaans of earne oars wei. As blanke minsken binne we dus yn’e minderheid en dat merk je ek wol gau. Janneke en ik ha al in hiel ynteressant gesprek han oer racisme, hoe dat sa yn stân holden wurd ensa. Ik merk dat minsken hjir folle mear op harren hoede binne en de freonlikheid straalt der net altyd fanôf moat ik sizze.

Op understeande foto’s in pear tentsjes mei homeless minsken under de brêge, dit sjogge we in hiel soad hjir, ek yn Austin trouwens.

Feiligheid! Ik ha allegear instruksjes krigen fan Janneke. As ik op strjitte rin net wyls op’e mobiel sjen mar sjoch de minsken oan yn’e gean. Op dy manier straalst út dast opletst en dast se yn’e gaten hast. Se fertelde my ek oer allerhande manieren hoe se hjir de auto’s oerfalle en dat it dus ek net feilig wie dat myn backpack yn de auto lizzen bleaun wyls wy út iten wiene. Poeh he, dit is wol efkes oare shit as Texas.. Janneke is nergens benaud foar en as immen wol wat te melden hat op strjitte dan wit se der direct wat op te reageren sadat minsken wer mei de bek fol tosken stean of toch ynienen samar wol in big smile opsette. Se lit goed merke dat se net benaud is, dat se net mei har hoege te sollen en dat wurd wardeart hjir leau ik!

Freed, in plysje aginte om benaud fan te wurden!

Hjoed is Janneke oan’t wurk dus ik bin allinne thús. Janneke hat gjin wifi dus se hat my adviseart om nei de bibliotheek te gean foar internet. Dea benaud en fan tevoren de route útsocht sadat ik net op’e mobiel hoegde te sjen op strjitte bin ik nei de bieb gien. Ik moast by it community centre wêze ofsa hie Janneke sein. Doe der by de doar in heule grutte en brede plysje aginte siet en ik ha frege krige ik in zwart gezicht (wyls se blank wie) werom en in snauw dat dat ticht wie! Ik skrok nogal mar lei út dat my ferteld wie dat ik hjir wol gebrûk meitsje koe fan’e wifi. Se snauwde noch in ein hinne en joech my noch krekt gjin skop mei mar ik mocht fierderop sitten gean, dêr stiene mear kompjûters.

Ik ha hjir moai in pear oeren sitten, al wie ik wol erg op myn hoede. Heit is hjoed jierdei dus ik hope efkes mei him belje te kinnen mar elkenien siet hjir yn’e bieb fansels SA mûsstil dat ik fansels net lûdop prate koe. Ek hie ik in meeting mei in pear freondinnen, ús ‘inspiratieclubje’, mar ek dat gie pittig sunder te praten. Ik ha op in gegeven momint in plakje fun wer ik dan sa no en dan flústerjend tsjin de microfoan oan wat sei. Omdat de airco oan stie wie ik undertusken ek aardig ferklomme dus wie ik hielendal op’e stoel kropen en hie 1 skoen út sadat ik op myn foet sitte koe om him waarm te hâlden. Komt dy plysje aginte wer lâns parraderen en befeelt my RAP dat ik myn skoen wer oan dwan moast!! Poe.. de route wer útfûgele en doe mar gau wer nei hús.

Juns ha ik iten makke foar Janneke en letter binne we noch op paad west nei in goed doel aksje. Janneke is der lid fan. Se prebeare wat mear grien en fytspaden yn’e stêd te krijen. Moai op’e tandem, tige gesellig!

Fytse mei bline minsken en de stêd

Sneontemoarn betiid der út. Sa as ik al sei is Janneke hielendal gek fan fytsen en sa fytst se ek 1 kear yn’e  moarne mei in groepke wêrby se allegear tandems hawwe en bline of ‘slechtzienden’ mei achter op de tandem nimme. Super moai initiatief fansels en hiel gesellich. Op dizze manier ha ik in hiele protte fan de stêd sjoen. We wiene mei 3 tandems dizze kear en 3 minsken op in gewoane fyts derby. Ik ha underweis hiel wat filmkes makke fan moaie strjitsjes en gekleure hûskes!

Aligator ite en myn earste ‘gay-bar’!

We ha stoppe foar de lunch en doe ha ik in ALIGATOR woarst iten! Middeis ha we wat chilled, nei de supermerke west en juns op paad New Orleans yn! Janneke har freon (chaad) ha we dêr troffen, se binne ungefear no in healjier tegearre. Ek in maat fan him (Harold) wie mei. Harold is homo en dêrom ha we nei in homo bar west. Net allinne foar him mar foaral ek omdat Janneke en Chaad de kroeg sa gesellig fine. Ik murk no fannejun wol wer efkes dat ik, wenjend yn Easterein, dêr eins hielendal net sa bekend mei bin. Ja fansels sjogge je wolris homo’s en ik kin der ek in soad en ik ha der niks gjin problemen mei. Ik fyn it altyd moai dat minsken gelokkich harren sels wêze kinne en harren net mear opslúte troch de gefoelens fuort te stopjen.

Dochs murk ik dat ik behoorlik oerdondere waard doe nei 2 oerkes de kroeg hielendal fol stroomde mei allegear jonge jonges dy fan top tot teen ferklaaid wiene as froulju en elkoar blykber ek allegear wol koene. Janneke fertelde my dat New Orleans wol bekend stie om in soad homo’s. Ik ferbaasde my der eins oer want júst as dizze stêd sa racistisch is.. Mar blykber wurket dat júst wol goed.

Ohja, Chaad lei dûbbel fan’t laitsjen doe ik fertelde dat ik dochs wol wat benaud wie yn New Orleans troch alle ferhalen dy Janneke my ferteld hie. Ek de jonge fan’e motor 2 dagen lyn hat hjir 8 jier wenne en hie my ek warskôge dat se allegear grapkes en trúcjes hiene om my hjir jild ôf te troggeljen. Ik moast mei nimmen in gesprek begjinne wie syn advies. Chaad fun dit hielendal nergens op slaan en hie him noch nea unfeilich fjilt. Ek Janneke hie yn’e gaten dat se my dochs wat te bang praten wie en dat it mear bedoeld wie om net te maklik te wurden mar gewoan de kop der by te hâlden. Want yn alle jierren dat Janneke hjir wenne hie se sels ek noch neat meimakke dus it soe wol mei falle. Mar ik begryp har soargen wol.

Troch it raamke hjir under op’e foto stean ik te haffeljen oan in stik hin. Ik hie it SA ferekte kâld sneontejun dat we earst efkes wat haffelje moasten!

Sa ik al sei byt sy wol fan har ôf en dat fyn’k ek machtig om te sjen. Janneke is in frolike, enthousiaste frou dy wat itselde figuur hat as my. Net sa breed en grau as de plysje aginte wêr je allinne om nei har te sjen al benaud fan wurde. We ha al in pear kear op’e tandem sitten en troch strjitten wêrfan Janneke sei dat de measte minsken dêr absoluut net komme soene. Sy fytst der mei in big smile troch hinne en as der wol in dronken gast op strjitte stiet te razen en te skellen dan winsket se him in prachtige dei of in oare moaie opmerking en ynienen is de lilkens fuort en winskje se har in prachtige dei! Ik genietsje hjir fan, net te benaud en posityf! Sa hat se wol mear ferhalen ferteld wat se dien hat om de homeless people te helpen. Gratis selsmakke sjem útdiele, in praatsje meitsje of sa as júster ús left-overs fan it restaurant yn in bakje meinimme en oan immen jaan dy op strjitte leeft.

New Orleans op’e tandem again!

Sneintemiddei binne we wer op’e tandem stapt en hat Janneke my oeral en nergens mei hinne naam om alles sjen te litten. French quarter, Frenchmen street, cathedral, garden district, the oldest bar of America, in Po-boy broadsje, decartur street etc etc etc.. We binne ek lâns it hûs riden fan N-rise. In beroemde zanger. Warempel seit Janneke moandei te moarn: leaust nea wa der fannacht ferstoarn is: N-rise!

Ik ha fanalles besjoen mar it feit wêr ik it measte fereale op bin hjir binne de hûzen! Omdat New Orleans dus in gefaarlike stêd is qua tornado’s en orkanen en it jierren lyn ek behoorlik oan stront gien is, stean alle hûzen hjir wat heger. En je kinne dus echt je hús omheech sette litte!! Ik hie it al sein op it filmke mar it kin dus echt! Janneke hat it my sjen litten en se wol it ek noch by har eigen hûs sadat it mei in pear flinke reinbuien net elke kear oerstreamt yn’e underste ferdjipping. Har wyk stiet sis mar wat yn in dal. Dus as de pompen fan ‘e stêd it net mear oankinne dan streamt júst al it wetter harren hûzen yn!

In hûs op stelten!

Ien hûs woe Janneke efkes specifiek sjen litte. Ik ha dûbbel lein.. HOE krij je it foar elkoar, en HOE heech ferwachtsje je it wetter wol net? Ik sis fierder mar neat mar dizze foto seit fêst genôch! Haha, Janneke begreep der ek neat fan en fun it mear ûnnoazel!

De earste 60 dollar fan myn donatie jild!

It is net sa’n spannend ferhaal, mar dochs ha’k wat útjun. It is foaral it jild wat ik krigen hie om oan mysels út te jaan wat ik ynsetten ha. Willem hie namelik in bedrag doneert wêrfan der graach woe dat ik it bestede oan in wat luxer plakje as in hostel. Ik ha dêrom syn donatie útjun oan it motel wêr ik ferbleaun yn San Antonio. Ek ha ik it bierke han wêrfan Tjitte sei dat hy ek woe dat ik dat ik pilske foar mysels helle 😉  Dêrneist ha ik in earste donatie dien oan homeles bern dy juster op strjitte oan’t trommeljen wiene op âlde amers om wat jild te fertsjinjen. Ik hearde se al fan fierren en hie de camera al klear. Dochs hie ik júst it begjin filmje moatten. Want doe se seagen dat ik oan’t filmjen wiene stopten se lyk mei drummen en fleagen se as in idioat mei harren amers nei my ta omdat ik se jild woene. Ik moat earlik sizze dat ik der lyk wol sa hurd op ôfknapte dat ik der eins lyk al spyt fan hie. Beskeidenheid siert de minske en as men der sa brutaal om freget fyn’k dat net leuk. Ik jou leaver as minsken it net ferwachtsje. Mar klear, ik ha de bern wat jun. Der komt fêst ek in vlog oer New Orleans en dan kin jim it mei eigen eagen sjen!

Hoe no fierder?

No dat soe ik eins hjoed útfûgelje! Mar op ien of oare manier ha ik troch positiviteit, fertrouwen en ‘the Secret’ it sels oanlutsen. Allegear opsjes ynienen! Ik kin mei Sherman (ja dy racet noch steeds op en del troch Amerika op syk nei in boat) mei op syk nei in boat en nei Panama-city beach. Ik ha no ek 3 opsjes wat betreft NL famyljes yn Florida dus fansels komt it allegear goed 😀 Ik fyn it machtig dat wer te ervaren dat as je fertrouwen bliuwe en it loslitte, gjin soargen meitsje (want it komt altyd goed, HOE dan ek!) dan komt der faaks fansels fanalles op je paad!

Myn earste Po-boy (poor broadsje, dus oarspronkelik in boadsje mei de left-overs)

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *