Reisavonturen - Mexico

Ofrune wike en werom nei Playa! #blog5

Werom fan Isla Mujeres nei Playa del Carmen

Ik sit yn’e bus, werom nei Playa del Carmen. Ik prebearje my te concentrearen op dit ferhaal want der wurd wyls in film draait yn’e bus dy oergriselik eng is. De iene nei de oare persoan wurd opfretten troch krokodillen of fersûpt under wetter. Ik wol it negeare mar it is lestig, it gelûd fan de film en it geraas fan de minsken dy opfretten wurde raast troch de bus hinne!

Eindelik kom ik efkes yn’e rust. Wat in wike.. Ik bin echt leeft ôfrune wike en dat is iets wêr ik in hekel oan ha. Der wie tefolle geande dizze wike, tefolle tagelyk. In oantal dingen ha ik yn’e foarige blog al ferteld mar ek doe ik dat typte wie ik hastig. Hieltyd it gefoel hawwe dat je achter de feiten oanrinne is iets wêr ik min oer kin. Ik wurkje it bêst op foarút wurkje mar op ien of oare manier slagge my dat no net. Ik komt mede mei it feit dat je troch it ‘reizigers’ libben hieltyd útdaagd wurde omdat der sa ferskrikkelik folle om je hinne gebeurd. Minsken dy je ûntmoetsje, spontane gesprekken dy untstean wyls je eins allinne efkes nei de wc rinne soene of iets út’e koelkast pakke wolle. Minsken dy freegje as je mei wolle te iten, mei gean op in tour of wat dan ek. Dat binne de dingen fan bútenôf mar fansels ha je sels ek de noadige dingen wêr je oernei tinke. Wat wol ik yn dizze reis, wat wol ik fannewike, wat wol ik NO?

Miskien dochs nei USA?

Yn it hostel waard fannewike in ‘family-diner’ organiseare. Ik tocht gesellich. Elkenien nimt wat mei, makket wat of keapet wat en dan ite we it mei syn allen op. Uteraard wie Petra stipt op tiid omdat ik dat went bin mar der wie nimmen. Doe ik efkes nei myn keamerke gie en 10 minuten letter werom kaam fielde it krekt alsof ik te let wie. Der sieten sa’n 10 man oan in tafel te haffeljen, de measten hiene Chinees helle ofsa. Ik bin mar snel oanskowt mar se wiene sa rap de boel oan’t nei binnen wurkjen dat ik amper wat han ha en doe ik oan kaam mei myn bak fol iis as dessert wie de helte alwer fuort! Haha, noja klear.. ik laitsje der mar om, we bin wer in erfaring ryker.

It moaie wie wol oan dizze jun dat ik ek yn gesprek kaam mei Harm van Wijk. We hawwe in hiel gesprek han oer je eigen business en hy hat my allerhande adviezen en tips jun! Hy hat it namelik al hielendal makke en hat ôfrune jier in miljoen draait. Ik wie fansels hiel bot ynterresseare yn syn ferhaal. It komt foaral ek wer del foar my op in stik mindset. It stik fertrouwen dat ik it meitsjen gean. Dat wat ik doch, hielendal goed is en net benaud wêze moat of twifelachtig. Hy fertelde my oer hoe it wurket mei business en hoe ik it oanpakke moast mei myn plannen.

Oef, dit klinkt geweldig mar it fielt ek noch sa fier by my wei. Dat ik der te banaud foar bin en dat it hiele ‘business’ gebeuren my wat tefolle is. Ik wol sa graach al myn kennis diele en minsken helpe mar fanút leafde en omdat minsken der iepen foar stean en ik der fertrouwen yn ha. As ik der in soad jild foar freegje soe dan ha ik it idee dat minsken mear ferwachsje dan wat ik te bieden ha of dat ik tefolle druk fiel en dan júst fêstrin. Noja, ik lit it efkes sakje hoe en wat alles..

Mar wat dizze beste man ek sei, is dat hy no kommende wike nei de USA giet. Ik sei dat kin net, of bist vaccineert? Nee sei der, do kinst tot 8 november noch wol binnen komme.. HUH?? Nee dat kin net! Ik ha sa goed checkt fan tevoren as ik nei Amerika koe mar it is echt op slot foar Nederlânders! Wat blykt no, as ik langer as 2 wiken yn Mexico bin dan mei it ynienen wol! Mar wol foar 8 nov omdat je dêrnei dus wol in vaccinatie plicht hawwe. Ok, doe wie de kop wol efkes flink yn’e war.. IK KIN DUS SERIEUS NO NOCH NEI AMERIKA?? Mar dan moat ik dus hiel rap alle plannen omgoaie! Ik wie krekt wol op myn plakje hjir eins yn Playa, it begjint te wennen en ik fiel my thús. Mar de lêtste kâns misse om Amerika yn te meien is ek wol wat! Ik kin fansels altyd werom sadra ik wol nei Mexico. Ik bin sa tichtby!  Ik sil hjir dus efkes goed oerneitinke moatte en goed útsykje hoe alles sit. Ik soe namelik hiel graach nei Florida en nei Texas wolle. Der binne fêst noch folle mear moaie states mar ik soe sa graach dy vibe fiele wolle fan de ‘cowboys’ en echte Amerikanen kinnen leare 😉

De Mexicaanse lunch

F0arige wike ha ik noch wat moais beleefd. In kâns dy net eltsenien hat mar dy ik machtig moai fun omdat ik júst graach it ‘echte’ leven sjen en fiele wol fan de minsken dy leve yn de lânen wer ik kom. Net allinne it toeristische gedeelte. Sa krige ik in oanbieding om te lunchen mei in Mexicaanse famylje. Dizze ynstansje wol namelik nei de corona boel de reizigers en de locale bevolking wat tichter by elkoar bringe. Ik hie dêroer al kontakt mei ien fanút Nederlân. Ik bin tegearre mei Rachel gien, dy eins fierstente benaud wie en sels sa benaud wie dat we de boel net fertrouwe koene dat se my ek oan’t twifeljen brocht. Mar klear, ik fertrouwde it. It is in fairtrade bedriuw en in moai idee. We moasten nei de oare kant fan Playa del Carmen en by it sikenhûs waarden we ophelle troch Jorge. Mei him binne we earst nei in winkel west mei griente en fruit en hy hat ús it ien en oar útlein wat wat wie.  Dit wie al leuk. Doe rieden we nei syn hús mar foar we dêr kamen giene we troch hiele grutte hekken. Der stie in bewaker by it hek en Jorge fertelde ús dat dit de manier wie hoe de minsken feilich wenje. Achter it hek kin nimmen oars komme as allinne de minsken dy der wenje. In wyk sis mar dy befeilige is. Yn dit diel wenje sa’n 100 gesinnen  en it is in soart fan lytse communitie. Se kinne elkoar en je kinne elkoar dus ek fertrouwe, de komt nimmen oars binnen. Fytsen en scooters kinne hjir dus gewoan op strjitte stean bliuwe. It joech my ek wol in feilich en gesellich gefoel. Allinne de minsken dy der gjin jild foar hiene fertelde hy wenje net yn sa’n wyk achter de hekken.

Rachel en ik nei de Mexicaanse lunch mei Sandy and Jorge

Ik sil net alles diele oer de lunch want dat is tefolle. Wol kin ik fertelle dat it in hiele speciale ervaring wie. Jorge koe Engels prate en syn frou net sa bot mar we ha ús prima rêden. We hawwe mei elkoar iten makke, ervaringen en ferhalen oer ús libben dielt en it wie gewoan echt in hiele spesjale ervaring. Safolle oerienkomsten yn erfaringen en belibbenissen yn ús libben.

Sa hiene Jorge en Sandy ek beide harren libben hielendal omgoait neidat se net gelokkig wiene en fan hiel fier wei kamen. Harren bedriuw is no dat se elke dei foar sa’n 10 tot 15 minsken iten meitsje en dat besoargje foar de minsken dy it bestelle. Jorge bringt it gewoan mei de scooter run yn Playa del Carmen en de oare kear as je wer bestelle dan helje se it brûkte bakje graach wer op om it wer herbrûke te kinnen.

Dit die my tinken oan de tiid dat ik krekt werom kaam út Austraalje en dat de minsken thús bliuwe moasten troch corona en dat ik ek oan it kôkjen west ha foar de minsken yn it doarp. Prachtig dat sy der fan runkomme kinne, ik soe soks ek prachtig fine! Se sette gewoan eltse moarn in menu op’e app of op facebook en wa interesse hat reserveert in menu, fol = fol. Al mei al in prachtige moarn. It ienige dingetje wie dat Rachel en ik troch alle prikkels, ervaringen, ferhalen en alles by elkoar SA ÔFGRISELIK wurrich wiene! Dat we op de weromreis hast net iens mear prate koene. We fielden ús beiden SA leechsûgt op in positieve manier dat we by it hostel per direct hast op’e grun leine fan wurgens en spontaan de slappe lach krigen. Sa núver dat we om 1 oere middeis ús beiden sa kapot fielden alsof we in komplete marathon draaft hiene of in wike net slipt. Haha.. we ha ús dêrom mar efkes deljun!

Omer

Dizze hectische wike ha ik foarnamelik trochbrocht mei Omer. Omer komt út Israël en ha ik hjir kinnen leard yn it hostel. Ik kin eins net sizze wat it wie, mar ik wit wol dat konneksjes en ferbiningen op reis sa kompleet oars binne. Ik kin en wol der gewoan net tefolle wurden oan fergrieme want it is gewoan net foar te stellen sunder dat je it sels ervaren hawwe.

Omer en ik op Playa Northe

In wike hearder wie der in oar famke hjir dy my fertelde oer in jonge dy sy moete hie en se fertelde hoe intens alles fielde. Ik fun it nogal oerdreaun, sa sy it fertelde en ik tocht se lit har gewoan te maklik meigean ofsa. Nou, no wit ik wol better. It is gewoan ûnbeskriuwelik en net te begripen as je it net sels ervaren hawwe. Mar alle konneksjes en relaasjes dy je hjir opbouwe mei elkoar binne sa oars. Je leve yn itselde ‘thús’, diele je djipste geheimen en gefoelens mei elkoar. Je begripe elkoar better dan as oaren faaks dogge en tagelyk witte je safolle dingen NET fan elkoar. Ondanks dat de konneksjes sa intens en djipgeand binne ferdwynt ek iederien wer. Ik ha it gefoel dat Omer foar in reden op myn paad kaam yn dizze hectische wike, hy hat my der trochhinne skuort en hat der foar soarge dat ik mei beide fuorten op’e grûn stean bleaun. We hawwe aldermachtigst wille han, gekke dingen dien, mar ek musyk makke en in soad mei elkoar dielt. Al mei al, Omar kin prachtig gitaar spylje en sjonge, we ha wille han en tegearre moaie dingen besjen is toch in stik leuker as allinne. Al is it allinne al mar om de foto’s te meitsjen en te dielen wat je der fan fine.

Sa binne we nei de Cenotes west freed en dêrnei dus mei de Ferry nei Isla Mujeres. Sa ha ik tagelyk ek samar 2 kulturele dingen dien! En no bin’k der earst wol wer klear mei! Haha.. Mar oh oh, wat kaam ik mysels dêr ek wer tsjin. Ik woe fansels moaie foto’s! Want elkenien hat fan dy prachtige foto’s as se earne west binne. Omer hie niks mei foto’s en it fielde dêrom ek hiel ungemakkelik dat ik it wol woe en foaral om dan te ‘poseren’ foar immen dy je amper kinne. Noja ik ha dit probleem mar mei him dielt en fansels die ik moeilik oer iets wat net nedig wie haha, we ha der it bêste fan makke!😉  

Rot hostel

It wykein siet ik op Isla Mujeres dus. In oar hostel mar it falt under deselde ‘branch’. Dit is namelik ek Selina en dêrom koe ik gewoan myn 21 dagen dy ik al boekt hie hjir trochsette. Wol moast ik ekstra betelje omdat Isla Mujeres wat djudder is. No ik sil jim fertelle dat as ik alles witten hie, dat ik dan al it jild derfoar oer han hie om in oar hostel te boeken. Wat in sjitsooi wie it hjir! Ik wit net wat it wie, mar alles wurke ús tsjin. Ik kin der wol in boek oer skriuwe wat der wol net allegear mis gie mar dan wurd it ien en al negativiteit hjir, dat wol ik net. Koartsein: it zwembad en de keuken wiene NET beskikber, we krigen niks gjin ynfo oer it ien en oar, minsken woene NET meiwurkje, elke receptionist fertelde ús in oar ferhaal en we koene gewoan nergens op oan. Ik ha o.a. 3 dagen stress han oer it feit as ik no wol of net in plak hie om de 1e workshop te jaan. Ik ha hjir allinne goed internet foar nedig en in hokje wêr ik prive sitte kin. Man oh man, 2 oeren foar de workshop hie ik it eindelik foar elkoar, mar dit hie my hiel wat stress besparje kinnen!

1e online workshop en dikke wille!

De workshop gie goed! Dêr wie ik hiel bliid mei. Nei de workshop hie ik noch 2 lytse oerkes foar ik de ferry werom nimme soe nei it fêste lân en ek ôfskie nimme moast fan Omer. Omer en ik ha doe foar 1 oere in golfkarre huurt. Ja werkelik, it liket hjir op Isla Mujeres echt wol ‘Jurasic Park’. Iederien ryd yn golfkarkes en fansels moasten wy dat ek efkes ervare. We soene gewoan efkes runtoere wie it idee. Oan’t Omar betocht dat we miskien yn in oere ek wol hinne en werom nei it einde fan it aailan koene. Jim wolle net witte hoe n wille we dêrom han hawwe. Alsof we in bank giene beroven sa holden we elke minuut by om te realiseren wannear we ECHT omkeare moasten om optiid werom te wêzen. PLANKGAS, kneiterhurd oer hege drempels en doe we úteindelik it einde ek noch helle hiene moasten we lyk werom. NEE sei ik, “We HAVE to make a picture!” Dus drave as in idoat, hiel hurd laitsje op’e foto en plankgas werom nei de huurder. We ha it helle!! En ik moat earlik sizze dat de foto’s ferhipte goed lukt binne en je sjogge hielendal net dat we eigenlik búten adem wiene fan it draven! 😉

Sa intens en djip as konneksjes dus wêze kinne, sa snel stoppet it dus ek wer. Doe ik nei de ferry gie wie dat dan ek best wol efkes in rotmomintsje. Je komme op elkoars paad mar de wegen skeide ek wer. Omer is noch in skofke oan it reizigjen mar sil dernei werom nei Israël omdat hy dokter is. Hy sil de kommende jierren sa’n 100 oeren per wike wurkje moatte en wol út eindelik in specialist wurde yn orthopedische operaasjes. Al mei al ha ik dizze wike ek in hiel soad leart oer Israël!

No dit wie it earst mar wer!

Ohja ik ha ek noch foar it earst fan myn libben supt! machtig wie it, en super easy! behalve doe der dikke golven kamen! haha

Hjir earst bykomme en ik sil myn plan foar myn jierdei online sette!

27 okt wurd ik 32 jier. Dit jier wol ik myn jierdei fiere en diele mei de rest fan’e wrâld. It makket my gelokkich as ik wat betekenje kin foar oaren. Dêrom wol ik jim dit jier freegje om in frijwillige bijdrage te jaan. Dit jild wol ik net brûke foar mysels mar wol ik útjaan yn dizze reis om wat te betekenjen foar oare minsken dy op myn paad komme. Minsken dy it jild folle mear nedig hawwe as my. Ik ha fansels noch gjin idee wat dat precies wêze sil, mar ik fertrou en leau dat der earne yn dizze reis situaasjes of minsken op myn paad komme wêrfoar ik op dat momint harren in stikje helpe kin op wei nei harren ‘happiness’. Fansels sil ik op www.expeditionhappinezz.nl diele wêr ik it jild oan útjou. Ik (en de gelukkigen) bin jim tige tankber!

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *