Round Rock #blog11
Om jim efkes in bytsje gefoel te jaan wat foar musyk ik hjir lústerje en wat my in hearik Texas gefoel te jaan set dan wyls efkes ‘Tyler Childers ‘ oan op Spotify wyls jim dit lêze of lústerje 1 nr fan him fia dizze link. (Linda kaam mei dizze sjonger, ik fyn’t hearlike chille musyk!)
Round Rock is de namme fan de town boppe Austin wêr de famylje wennet wêr ik dizze wike bin. David en Sandra binne op jonge leeftiid yn Nederlân trout mar letter hjir hinne kaam troch David syn wurk yn’e IT. Se hawwe 2 dochters Indy fan hast 15 en Meagan fan 9. Fan Meagan krige ik lyk hinnereis yn’e auto in sels makke earmbandsje mei myn lievelingskleuren. Bart en ik binne moandei healwei dy kant op riden en op’e helte hawwe Sandra en Meagan my oppikt. In hiele oare omgeving samar fan de buorkerij en redelik the middle of nowwhere nei in town. It is net it stêd idee mei allegear stopljochten, lawaai en drokte fan in grutte stêd hjir yn Round Rock. It is eins in lyts stêdsje boppe Austin mar dochs hat it 124.000 ynwenners. Austin self hat der hast in miljoen. Om in in bytsje in byld te jaan is Austin dus grutter as Amsterdam.
Wêr ik no úthingje
Se hawwe hjir in prachtig hûs en ik moat alwer sizze dat in hiele soad dingen op Austraalje lykje. Krekt as doe Syb en ik yn Gold Coast wiene mei Kryst. De measte strjitsjes binne mei in lyts rotonde’tsje / run pleintsje op it einde.
By dizze famylje fielde ik lyk al dat ik hiel wolkom wie. Se seine beide apart fan elkoar dat se der nei útsjoen hiene dat ik komme soe. Ik kin my dat hast net foarstelle haha. Se kinne my hielendal net en nimme dochs in risiko om my in wike yn’e hûs te nimmen en foaral dan ek noch om my by hun Thanksgiving te belûken. Want wyls ik dit skriuw is it Thanksgiving. De dei sit fol mei plannen mar ik MOAST efkes skriuwe omdat ik oars tefolle achter rin en ik hie der hearder gjin tiid foar. Ik hie de wekker om 7 oere om sa rap mooglik wat te skriuwen.
Alwer tige wolkom
Ik fiel oan alles dat ik wolkom bin, se fine fan alles mei my út en nimme my mei yn al harren plannen. Der is safolle hjir te beleven en sjen te litten sizze se telkens dus we moatte keuzes meitsje. Sa binne Sandra en ik al in pear kear efkes mei de auto der op út west om de omgeving te sjen, in drankje yn downtown fan RoundRock, ryke en earme strjitten om ek dat ferskil te sjen. Poe wat in mega optrekjes binne dy djoere strjitten!
Earm en ryk Amerika
De earme strjitten lykje my noch steeds harstikke prima, it binne gjin sloppewijken ofsa. Ik hie gerust sa’n hûs ha wollen. It ferskil is allinne wol dat it ferskil hjir grut is tusken earm en ryk en dat in soad earme hjir in soad gepaard giet mei aso/drugs/en gekkigheden. Ik ha it noch net erfaren of sjoen mar dat ha’k no al sawol fan Linda as fan Sandra heard. Ik soe fanút myn achtergrûn sizze, earme minsken, skear se net lyk oer ien kaam. It kinne dochs hiele bêste minsken wêze mar blykber is dat hjir wat oars. Der binne yn Amerika gewoan folle mear ‘rare’ minsken sa Linda sei.
Paleo wer 95% oppakke (hjir en dêr in bierke 😉)
Sandra is tige nijsgjirrich nei myn paleo itenswize. Se wol fan alles leare en we hawwe lyk de earste dei fanalles en noch wat kocht wat sy ek útprebearje woe. Sa ha ik de earste dagen knolselderij en zoete aardappel patatsjes makke. It foel poerbêst yn’e smaak, ek de kokosyoghurt. David is net sa fan al dit soart dingen mar doe hy it preaun joech der dochs ta dat it best wol lekker wie. 😉 Ek foar my wer efkes goed dat ik my wer efkes wat better en strakker werom pak op myn paleo iten. Ik murk dat ik der hieltyd stiekum oan wat makliker yn waard en dat fernaam ik ek! Ik fielde my opsetten, in graue bealch en sa no en dan wer minder enerzjy. It komt fan it hinne en wer reizigjen en dan hieltyd mar efkes makkelik wêze 😉 No wer efkes flink oppakke is hearlik.
Der op út
Ik merk dat it hjir yn’e stêd oars is dan op’t plattelân. Hjir pakke se wolris de (elektrische) fyts en kinne Meagan en Indy der gerust self op út om nei freondintsjes ta te fytsen en wenje se foaral yn’e buert. Ek de skoallen binne hjir troch de grutte toch wat oars ferdielt dan by Bart en Linda.
We binne juns der al efkes op út west, hawwe in soad kletst en ervaringen dielt. Texas spultsjes dien yn de tinte wêr we in drankje dien ha (sjoch filmke). Juster nei The Oasis west, in bysunder terras op ferskillende hichtes mei prachtig útsicht oer de ‘Colorado River’. Prachtig! Letter dy dei mei David op paad west op’e fyts en dan sjogge je ynienen in hiele oare kant fan’e stêd. Ik ha yn myn tiid hjir yn Texas noch drup rein sjoen, mar UITERAARD begûn it precies te reinen doe wy op’e fyts stapten! We ha ekfes twifele mar seine doe: we gean der foar en hoopje dat it sa wer droech wurd! We hawwe de dagen redelik fol plant dus in oar momint wie der ek net echt en ik wie wol efkes nijsgjirrich. We hawwe fytst oer in moai fytspaadsje slingerjend troch boskjes en parken en je fernimme neat fan in stêd. Harstikke leuk! We eindigen yn Downtown fan Round Rock en hawwe op in dakterras fan in bierke genoten en wyls waard it donkerder om ús hinne mar giene der ek hieltyd mear ljochtsjes oan! Ja ja, echt wier, dit is wer echt Amerika. Oeral kryst ferljochting!
Krystferljochting en ‘light workers’
Hearlik, ik pasje hjir wol thús wat betreft al dizze ljochtsjes. Yn myn strjitte thús bin ik miskien wat oerdreaun mei myn ljochtsjes thús tidens Kryst mar ik wurd der sa bliid fan! It jout ljocht en frolikheid yn’t tsjuster. Warskynlik ha ik dit fan heit en mem want dy hawwe de pleats ek altyd redelik ferljochte. Mar jonges, sa heftig as it yn films altyd is yn Amerika. Dat ALLES ferljochte moat, yn alle kleuren fan’e reinbôge, knipperjend en dat ek noch op de melodie fan’e muzyk.. Tsja sa echt is it echt jonges. Ik soe no sels net sa gau myn tún fol sette mei herten, sniepoppen en krystmannen en ik hâld it sels leaver by giele ljochtsjes. Mar ik fyn it wol machtig moai om te sjen. It makket de buert in stik geselliger en waarmer. Love it! En dan te betinken dat David en Sandra kear op kear sizze; fynst dit al ferljochte? Wacht maar tot nei Thanksgiving want pas DAN begjinne de minsken mei al hun ferljochting! Dus it wurd noch folle moaier en heftiger 😉
Doe we it der oer hiene kaam ek ter sprake wa dit yn fredesnaam allegear dwaan moast. Want echt jonges, yn elke beam dy je hjir mar fine kinne sitte miljoenen ljochtsjes!! Net sa der yn smiten, mar hiel krekt en precies alle ljochtsjes ferdielt. Se fertelden my dat der ‘light-workers’ foar wiene. Faaks binne it Mexicanen (ja jonges, dêr gean we wer. Mexicanen binne hjir de minsken dy it fysieke bútenwurk dogge).
Doe we juns in drankje diene fan ien fan de tentsjes dêr yn downtown seach ik ynienen in jonge búten in guirlande ophingje yn in lantearnpeal. Earme jonge tocht ik, it is juns in oer as 10 en it is juns behoorlik fris sil’k jim fertelle. Sandra tocht dat hy miskien wol in gesin hie, oerdei by de bern wêze wollen hie en dêrom juns mar wurkje moast. We wisten it net, mar ik bleaun nijsgjirrich. Ik bin nei in skofke nei him ta gien en ha it him frege, ha him útlein dat ik reiziger bin en dat ik noch nea soks mei makke hie.
En samar stean ik hast wer in healoere te kletsen omdat ik safolle bysûndere dingen hear en hy nijsgjirrich wie nei myn reisferhaal. Mar it meast opfallende wat hy my fertelde wie dat hy eins stiekum TE BETIID begûn wie mei wurkjen. Hy mocht eins pas nei 12 oere nachts begjinne omdat it ‘magic’ wêze moat! Minsken (en dus ek folwoeksenen) moatte moarns betiid tinke: Huh? Wa hat dit ynienen dien en wêr komt dizze fersiering en ferjochting allegear wei!? Ik wie stomferbaasd mar ik fun it ek wol wer wat hawwen, hearlik the magic fan Christmas. Light worker, ik fyn it in moaie namme en de jonge hie der in soad wille oan. It wie ferekte kâld fun hy ek, mar hy genoot der fan om oeral ljocht en blijheid achter te litten en hy gie mei syn bedriuw fan staat nei staat en fan stêd nei stêd dus hy seach in hiele soad. No yn Austin mar ek Las Vegas en oare stêden ferljochtet hy.
Struggles oer hoe fierder
Doe ik David en Sandra fertelde oer myn plannen en dat ik ek in oanbieding krigen hie om mei in NL fan Houston nei New Orleans te riden begun by my de boel wer te borreljen. It kin noch steeds.. en as ik it sa fertel dan is it gewoan te moai om gean te litten. Ik ha dêrom de oare deis de moarns ris hiel erg oan’t borreljen west yn’e kop wat ik dwan sil. Alsnog rete snel in dei nei San Antonio of dochs kalm oan en op eigen ferfier der hinne? Ik fielde dochs mear by it lêtste. Dochs prebearje ik no wol iets mear te plannen omdat it ek dan wat mear rust creeër en net elke dei hoech út te puzzeljen wêr ik oer 2 dagen hinne moat.
Fan’t wykein sil ik nei in oar plak yn Austin, nei it súden mear en dan kin ik terjochte by Anita. In pear dagen tink ik want dan sil ik troch nei San Antonio. Ik hoopje dêr Ricardo te meeten. Dy ha ik kinnen leard yn Playa del Carmen en hy komt út Mexico en wennet frij ticht by de grins fan Texas. As hy oare wike syn nije auto hat wol hy graach mei syn auto nei San Antonio en sille we der ek tegearre efkes op út.
Thanksgiving
Hjoed, 25 nov is it Thanksgiving. Foar de measte Amerikanen wurd it grutter fiert as Kryst. Alles is ticht, mear as yn NL mei Kryst of wat foar feestdei dan ek. Ek restaurants! De famyljes sykje elkoar op en elkenien nimt iten mei. Omdat David en Linda hjir fansels gjin eigen famylje hawwe komme der ein fan de middei in pear freonen fan harren op bezoek mei harren bern. We sille kalkoen ite fan’e bbq en ek de grientes en de rest is dochs redelik traditioneel.
Fannemoarn binne we earst begun mei in ontbijt mei syn 5en en dêrnei binne we rjochting in National Park gien om te ‘hiken’. It wie hast in oardel oere riden mar dan ha je ek wat. We hawwe in moaie route folge oer kronkeljende paadsjes en hjir en dêr wat klimme en klauterje. Tusken de cactussen ensa. It is in hiele oare wrâld hjir, folle mear bergen ensa.
Letter: We hawwe in moaie route oan’t hikes west. Efkes in dik oere bykomme en doe kamen de freonen mei de bern. Hearlik wat ha wy lekker iten! In graue kalkoen en smoked spare ribs fan’e bbq! Wat in soad en hearlik iten ha we han. Fansels hat dizze dame wer fierstente folle iten en hie’k dêr nachts ek nogal lêst fan. Mar dat mar gau ferjitte. We hawwe it hiel gesellich han juns. Moaie gesprekken en hiel gesellich spultsje dien mei elkoar!
Ik flok?
Tidens it spultsje spyljen juster kaam der samar ter sprake dat we it hiene oer Amerikaanse flokwurden. Neffens my kaam it omdat ik der ien sei. Ja jim hearre it goed. IK sei der ien, it brave famke wat nea rare wurden seit. Ik sil mysels lyk ek mar ferdedigje mei it feit dat ik werkelik NET bewust wie dat it wurd wat ik sei überhaupt in flokwurd wie! Doe ik prebearre út te lizzen wat dat wurd foar ús yn’ t Nederlânsk betsjut skrokken de freonen fan David en Sandra hiel bot. Ik flokte no noch folle erger troch de oare wurden dy ik brûkte! Se skrokken omdat it blykber hiele heftige flokwurden binne mar tagelyk moasten we der ek hiel hurd om laitsje omdat ik my dus nergens fan bewust wie en tagelyk wol allegear rare wurden sei! Ik skrok der sels ek fan! Ik wol hielendal gjin rare wurden sizze. Mar werkelik foar ús yn NL binne it mar simpele ‘baal’ wurden. Ik moat hjir wol rekkening mei hâlde want ik doch it dus totaal ûnbewust en ik ha it net iens troch. Ik ha sels in shirt wêr dat grutte flokwurd op stiet, dy yn Amerika hjir mar efkes net oanlûke. It ha dus mar hiel wat leard fannejun!
Dagje Austin, ‘Keep Austin Weird!’
Freedtemiddei binne we mei it hiele gesin Austin yn gien, nei Downtown. Se hiene sels wat leuke plakjes dy se my sjen litte woene en ik hie op tripadvisor ek wat dinkjes opsocht. It leuke wie dat der ek 2 dingen tusken sieten dy sy noch nea sjoen hiene dus it wie foar ús allegear wol wat in kultureel dagje.
Nei in ferrassende lunch, (les: ik hie ris wat ‘nijs’ besteld omdat ik dêr wol foar yn wie. It wie spesjaal en nij, mar net iets wat ik ea wer opnij bestelle soe 😉 haha) binne we earst nei de ‘Cathedral of junk’ west. Samar yn immen syn achtertún, hie in man fan allegear ‘junk’(troep/sooi) in cathedraal bouwt. Ik tocht earst, wêr ha ik dizze famylje yn fredesnaam mei nei ta naam, mar doe we it echt beseagen wie ik dochs behoorlik under de indruk. Machtig, net út te lizzen, jimme moatte it sjen op it filmke en de foto’s! Gewoan sûnder nei te tinken wat oan elkoar knope, plakke en dwan en dan wat creeëre.
Dizze man passet perfekt yn Austin. Austin stiet bekend om de sin: ‘keep Austin weird!’ Oftewel, bliuw apart, want lekker jesels wêze en apart wêze dat passet hjir hielendal. Dat sjoch je hjir en dêr ek oan hoe minsken der by rinne en faaks ek it personiel yn in restaurant! Kinst it sa gek net betinke hoe se der by rinne, yn NL soe it echt NOT DONE wêze! Heal neaken, asociaal, super apart, oerlelijk of júst super moai, it kin hjir allegear!
Us reiske gie fierder. We hawwe op’e foto west by in ‘mural’ (bekende muorre mei graffiti), Casa Neverlandia (dy we allinne fan búten besjen mochten) en op it lêtst ha we oan’t strúnen en shoppen west yn in hiele lange strjitte (South congres avenue). Dêr ha’k noch in pear MACHTIGE cowboy learzen passe! Ik sil en ik wol in pear machtige keapje! Al ha k heard dat ik se priistechnisch better yn Mexico helje kin dan yn Texas. It punt is dat se net bepaald lyts binne en dus net maklik om mei te sjouwen. Se binne gau 300 dollar of mear dus ik wol se wol kreas hâlde en net dageliks op rinne, dêr binne dizzen ek net foar bedoeld. Nei hûs stjoere is net te beteljen ha’k heard, dus earst nei tinke oer hoe ik soks ha sil.
Tidens it juns iten hawwe we ôfpraten mei 2 freonen fan David en Sandra en mei harren hawwe we in machtig juntsje han yn’e pianobar. Der waard folop dûnse, jeugd krekt boppe de 20 oan’t hiele âlde mantsjes dy der krom fan rinne sa âld se binne. Machtig! Wat in minsken en in feest, alsof der nea corona west wie. Ek dizze jun ha ik wer ervaren dat Amerikanen hiel maklik in praatsje meitsje mei ûnbekenden. Samar út it niks. Tefolle om alles te fertellen, mar sear bysûndere konfersaasjes ha’k han kin’k wol sizze haha. Ohja en noch in tel. Nr skoart fan in famke dy yn Florida wennet! Wa wit ha’k der wat oan!
Sneon ha we efkes hearlik bijkaam. Sandra is oan’t wurk west, de bern ha boarte of shopt en ik ha dwaande west mei myn earste vlog. Efkes wat kalmer hjoed, dêr wie ik wol oan ta nei alle prikkels en belevenissen. Juns ha we ‘blote-konten’ en dikke wille hân mei elkoar. (blote-konte is in kaart spul 😉) Ik fiel my hjir yn dizze famylje hielendal thús. It is gesellich, we ha wille en goeie gesprekken en ik bin wer super super dankber dat ik hjir sa goed opfongen bin en dat der sa leaf en goed foar my soarge wurd. Súver wer lestig om fuort te gean.
In ‘Poop soldier’ (poep soldaat), it is dochs net te leauen!
Ja wurklik jonges, ek dit is in baan. Se kamen der op omdat der in poop soldier by de buren kaam. It is te triest foar wurden dat de Amerikanen echt alles dwaan litte troch oaren omdat se sels te lui binne of gewoan it jild wol hawwe om it troch in oar dwan te litten. In poop soldier komt ien kear yn’e safolle dagen/wiken del en klauwt dan, jawol, alle hûnestront fan je eigen hûn út je tún wei.
Oan’t de oare kear!
Ohja, ik bin drok dwaande om de site wat better te krijen. Dus alle foto’s ensa wurde omsetten, oare pagina’s etc etc It kin dus wêze dat jim momenteel net alles werom fine kinne mar as ik efkes mear tiid ha dan fiks ik it allegear en dan wurd it in stik oersichteliker!
2 Comments
Sandra
Wat n leuk stukje heb je geschreven Peet,
En wat hebben we n plezier gehad samen!
Ik heb fijn van je kunnen leren over je Paleo lifestyle . Ga ik zeker meer over lezen/leren.
Dankjewel voor je happy self!
We houden je in de gaten vanaf afstand.
Weet dat je altijd welkom bent hier. ❤️
admin
Oh wat lief Sandra! Thanx ik heb zeker mooie en leuke herinneringen aan deze week!