Reisavonturen - Mexico

Start co-work place, yn’e war en baalmominten

Snein ha ik nei hiel wat dubben noch nei in appartemente komplex west wer in jonge my allegear keamers sjen liet wêr ik in prive keamer hiere koe foar deselde priis. It like prachtig mar ik kies no toch noch efkes foar de geselligheid en de keuken dy ik no ta myn beskikking ha. Ik ha doe derom mar in boeking dien om  de ‘co-working’ versie hjir te dwan. Dan betelje in bytsje mear dus mar dan kin ik wol yn in kantoor sitte om wat mear op’e laptop te dwan sunder dat ik opfretten wurd troch de musquito’s.

Krekt doe ik dat boekt hie appte isabella my dat se yn Tulum wie en dat it sa prachtig wie dat se wol seker wist dat ik dêr folle leaver wêze soe. NEE he! Ik hie der sa oer twifele as it wol as slim wie om sa  lang te bliuwen yn it earste bêste stedsje en no koe’k net werom. De juns waard ik noch mear yn’e war brocht omdat ik mei in oar groepke út iten gie en dêr wie in famke by dy’t al 7 jier yn Thailân wenne en sei dat it gewoan iepen wie. Ik sei nee dat kin net, oars hie ik dêr namelik wol sitten en net yn Mexico! Ik woe júst sa graach nei Azie! Ik waard efkes flink yn’e war wat ik no dwan moat en sil op internet neichecke as dat inderdaad sa is. Al hear ik ek folle mear minsken oer it feit dat op internet faak stiet dat it net mooglik is omdat se it foarkomme wolle mar dat je gewoan gean kinne wer je wolle allinne miskien yn quarentaine moatte.

Foar’t earst sporten

Moandei te moarn bin ik goed starten! Ik ha wat ‘sport-achtige’ klean oanlutsen en bin draven gien oer ‘de’ strjitte hjir. De winkelstrjitte dy moarnsbetiid gewoan lekker rustig is en wêr de Mexicanen langsem oan harren winkeltsjes klearmeitsje foar in nije dei. Jim wolle net witte hoe stoer ik mysels fielde, haha. Ik draafde der oer de strjitte alsof ik in mega atleet wie dy dit elke dei die en dat fielde best cool! De minsken dy my draven seagen witte fansels net dat dit myn earste kear draven hjir is en dat ik dit eins nooit doch mar klear ik leau dat ik der wol professioneel útseach yn myn klean. Op de weromreis ha’k sels noch efkes lekker oan’t swemmen west yn’e see. Hearlik begjin fan’e dei en ek al draaf ik nooit wer hjir, hjoed is goed 😉

Spaanske les

Ik ha hjirnei myn earste Spaanse les han. Ik moat sizze dat ik wat núver wekker waard net wittend wat no te dwan en wyls ik juster sa entûsjast wie oer it Spaans learen fielt it ynienen as ferspilde tiid en jild as ik alsnog no lyk nei Thailân gean soe. Mar klear, ik ha it earst mar loslitten en bin nei de les gien. De jonge dy de les joech is hiel aardig en ik tink myn leeftiid. Ik moat sizze dat it my wol efkes tsjin foel. De earste regel wie: no English talking, only Spanish. Ik leau dat myn mûle kompleet iepen foel haha, hy begreep it wol mar dan lear ik it snelst. Ek as ik mei him whatsapp sil it yn it Spaans moatte. De les wie pittig en ynienen realiseerde ik my dat de bern yn myn klas op skoalle harren ek geregeld sa fiele as se it net hielendal begripe en dat je it gefoel hawwe dat je je leraar sjen litte wolle dat je snel leare kinne en dat je al in soad witte mar ik fielde my kompleet falen. Mar klear, ik lear! Ik krij húswurk nei elke les en it is oan my hoe snel ik lear.

Moai terraske ûntdekt!

Middeis ha’k efkes lekker niks dien en bin ik op in machtig terraske beland! Ik fyn it just moai om net te iten en drinken op de plakken wêr it it populairst is mar krekt de strjitsjes tuskentroch. En hatsjee ik ha der ien fun. Machtig moai lyts terraske en it wie in soad fan Frâns saakje. De man bakte syn eigen stokbôle ensa. It hiele saakje hong fol mei foto’s fan toeristen mei de baas fan’e saak. Dit sei my genôch dat dit net in standaard saakje is mar dat dizze man it docht mei passie! Ik ha in hearlike salade han en in mega bak fol smoothie. Hy komt gewoan nei de tafel ta mei syn blender en in glês om dy earst efkes priuwe te litten ast it lekker fynst en ast it lekker fynst skinkt der de rest pas yn. Omdat der folle mear makke hie dan der yn it mega glês paste moest ik earst efkes gau wat drinke sadat hy ek de rest by fulle koe. Ek krigen we hjoed gratis fruit fan’e saak. Noja kinst my mei sokke saakjes en minsken net blijer krije, ik ha hearlik genoten en bin mei in bomfolle búk werom gien.

Suksesfolle minsken #jaloezie

It ein fan’e middei trof ik in Nederlânsk famke yn it hostel. Se wie ferrast dat ik hjir al in wike wie en ik hie it idee dat se wol graach wat fan my witte woe oer hoe en wat. Je komme dochs wat stil en allinne in nij hostel yn. Dochs feroare dat werkelik yn 30 seconden doe der in oare jonge by kaam sitten dy by har yn’e keamer slipt. Se frege wat myn ferhaal wie en ik hie allinne wat ferteld oer dat ik myn baan opsein hie en wol sjoch hoe alles komt. Doe ynienen kaam sy yn gesprek mei de jonge oer allerhande manieren hoe sy harren jild fertsjinnen online. Se hie ôfrune moarnen wat dingen leard omdat studeare net slagje woe. En no ynienen wie se mega succesfol en de jonge blykber ek!

Hy fertelde wat der allegear die, dien hie en werkelik ik wie strontjaloers. Hy fertelde ek dat as hy 2 jier sa trochgie dat der dan de rest fan syn libben net mear hoegde te wurkjen. Ek sy hie dus big business. Ek wie har Engels sa ferekte goed dat ik ynienen eins neat mear doarde te sizzen. Se straalde safolle sekerheid út dat ik my mei elke minuut lytser en nietsnuttiger fielde wurden. As klap op de fjoerpylk wie madame ek noch ris in hiele moaie meid en doe ik frege nei har leeftiid sei se 23!! Holy shit! Se fregen of ik mei harren mei gie út iten mar dêr hie ik eins net sa’n ferlet mear fan.

Ik fielde my ynienen in earme sloeber dy har spaarsentsjes op sit te meitsjen en ynienen hiel ûnseker wie neist 2 minsken dy sa seker oer harren sels wiene, niks net beskeiden of benaud en dus mega suksesfol. Hmm.. ik soe it ek graach wolle mar ik leau dat dit noch hiel fier by my wei stiet. Ik soe al bliid wêze dat ik aanst wat online hawwe soe wêr ik wat tientsjes oan fertsjinje kin en mei alle leafde doch. Mar sy hiene it oer 30 minuten yn ‘e wike wurkje en pear tûzenen per wike fertsjinje. Jim begripe fêst myn jaloezie wol wat.

Oare dagen

De folgjende dagen mar efkes wat koarter! De dagen fleane foarby en foar myn gefoel doch ik niks. Noja ik bin wol drok mar ik kom neat fierder sis mar. Ik bin dagen dwaande west om de 21 dagen co-working te beteljen. Op ien of oare manier sei der hieltyd dat de visa net accepteart waard. Heit en mem ha my ek holpen fanút Fryslân en nei in oantal dagen omkloten bleek dat it net oan de pas lei mar de pas hat in extra verificatie nedig en dat hie de link foar it beteljen net. Lang om let ha ik hjir in Nederlânsk famke frege om it foar my foar te sjitten en gelokkich woe se dat. Sa ha’k my no rêden mar ik hoopje net dat ik faker foar dit probleem kom te stean!

Eindelik goeie musyk en oanwêzich wêze yn it HJIR en NO..

Foar de rest ha ik in machtige jun fuort han mei Rachel. Ik twifelje as ik har faker beskreaun ha. Mar Rachel is grappig, lyts, fol enerzjy en fyn’t my op ien of oare manier enorm grappig. Ik ha faaks gjin idee wat ik doch mar blykber fertaal ik it Engels dan wat núver en dan sis ik blykber hiel wat oars. Naja, we hawwe yn elk gefal in soad wille. Wêr ik yn mysels wat om gnize moast is dat Rachel my middeis noch hiele wiize wurden joech dat ik YN it momint leve moast en net dwaande wêze mei oare dingen want dan mist wat foar leuks der op DIT momint is. Dit is in hiel belangryk ding wat ik earder al leard hie mar soms moat je der op bepaalde mominten wer efkes oan herinnere wurde. It grappige wie dat Rachel wol wiize wurden hie mar ferfolgens de hiele jun mei har mobiel yn’e han sitten hat om alles fan de band dy’t spile te filmjen. Se fun it sa leuk..mar ik tocht famke, sjoch en lústerje dan nei de band en net hieltyd nei it skermke op dyn mobiel! Haha, noja omdat se sa drok wie mei har mobiel ha ik wol moaie gesprekken han mei in mexicaanse man neist my oan’e oare kant dy goed Engels prate koe, sa wie ik wer wat Mexicaanse ynfo fierder wyls der lekker rockmusyk spile!

Op wa kinne je wol bouwe??

Foar de rest ha ik no eins TEFOLLE ferhalen en ervaringen oer it feit dat ik hjir ECHT net op de minsken oan kin wat betreft ôfspraken. It is no al sa faak gebeurd dat we wat plant hiene en dan elkenien op it momint sels ynienen fuort is, wurch is of gewoan seit nee ik gean net mear. Ik stean der kear op kear fersteld fan dat se hjir blykber allegear sa binne. Tsja of it leit tafallich oan it feit dat ik momenteel mei in soad Canadezen omgean of it leit oan it type minsk wat allinne reiziget.

Sa hie ik juster wer sa’n ervaring. We soene ‘big party’ hawwe yn’e tiki bar omdat Ryan fuort giet. We soene mei in hiele ploeg fan in stik of 8. Mei elkoar ite en party. Om in lang ferhaal koart te meitsjen. Kaam úteindelik NIEMAND op de ôfsprutsen tiid om der mei elkoar hinne te gean. Ik bin der allinne hinne gien omdat 3 fan harren der op ien of oare manier al wiene. Ferfolgens ha’k gruttendiels allinne sitten, wiene der 4 ipv 8 minsken. Doe ik frege wannear we iten giene seine se dat der 2 al iten hiene en de oare 2 al besteld. Ok dan.. dan yt ik ek mar wat foar mysels en om it hiele ferhaa moai te meitsjen siet ik puntsje by pealtsje noch oan myn earste bierke doe se ynienen allegear beslúten om fuort te gean! Myn mûle foel hast iepen, serious?? Dêr siet ik dan allinne oan’e bar mei myn bierke klear foar de ‘big party’! Hahaha, earlik sein koe ik der doe wol wat om laitsje mar werkelik it is dochs net normaal dat je op nimmen oan kinne?

(*&#^^$@*)%#%

Juster hie’k tink ik myn minste momint. Sa jim miskien wol witte ha ik foar de simmer in soad workshops jun oer orthomoleculaire voeding. It wie best in sukses en ik woe dêrom it hjir trochsette mar dan online. Noja, de theorie online en troch in goeie tip fan Alice kin ik de praktyk moai derby dwaan troch filmkes te meitsjen fan alle recepten dy’t we oars ek yn’e workshop makken. Omdat ik hjir yn Mexico net alle gadgets, materialen, fatsoenlike keuken en de ingrediënten ha, ha ik yn’e lêtste wike (wyls ik mega búkgriep hie) doch noch alles op alles setten om filmkes te meitsjen en alle recepten makke. It binne sa’n 18 recepten en fan elk recept hie’k wol 3 of 4 filmkes. Hjir soe ik dan alles yn elkoar sette en der moaie brûkbare filmkes fan meitsje. Noja.. Ik hie alles mei de mobiel filme dus de mobiel siet aardig fol en ik woe it graach oersette op in USB. Om in lang ferhaal koart te meitsjen is der ergens in fout yn kaam en puntsje by pealtsje is ALLESSSSS, ja echt ALLE FILMKES FUORT!!! …..

Jim meie earlik witte doe rûnen de trinnen my oer de wangen. Ik hie eindelik it gefoel dat ik ek best wol wat koe tusken al dizze suksesfolle minsken hjir dy allegear fertsjinje. Ik tocht man, Peet do hast in workshop dy’st jaan kinst ommers en hast in hiele soad kennis dêr oer en de cursus is kompleet mei al dy moaie filmkes.. en bam… dêr gie it lêtste stikje fertrouwen..

Efkes wat dingen op in rijtsje

  • Ik bin noch wat oan’t útsykjen hoe ik it it beste dwan kin qua iten. It leafst meitsje ik myn eigen iten omdat Mexicaans iten hjir op’e strjitte allegear taco’s binne. It is allegear granen, zuivel en sûker. Wol ha ik it idee dat it folle djudder is as ik sûn iten út’e supermerke helje dan ite op strjitte. Dêr komt noch by dat de tichtsbijzijnde supermerke hjirwei 15 a 20 minuten rinnen is en das opsich gjin probleem mar mei 30+ graden is it net sa’n pretje mei in swiere rêchtas en de tas fol spul.
  • Der is no al 4 kear iten fan my stellen! Wyls ik myn spul netsjes yn in tas ha yn’e koelkast en myn namme der op! De oare klaaie der net oer, dus blykber bin IK telkens de pisang. It is net ferskrikkelik om in nije banaan te keapjen ofsa as der stellen is. Mar as je ontbijte wolle  en je moatte earst nei de supermerke rinne foar in banaan ofsa omdat ie jatten is en it is al de safolste kear.. dan wurd ik wol wat ‘lichtelik’ geïrriteerd!!
  • Ha ynmiddels 3 Spaanse lessen han en ik kin alle sifers tot 999.999 al! Yes!!

Der is noch folle mear wat ik wol fertelle kin mar ik fyn dat ik no echt stopje moat oars wurde de ferhalen fierstente lang om te lêzen!

Ohja, as jim tips ha of as it inderdaad fierstente lang is lit it dan witte yn’e reaksjes. Dan nim ik jim tips mei yn’e folgjende ferhalen 😉

As ik der motivaasje foar fine kin komt der binnenkoart hoop ik in experiment fan my online! 😉 keep following!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *