Blog 11 Werom yn Fryslân: It paad wat bjuster, Aaipop en de ‘donaasje-dyk’
Samar wer yn Fryslân
Wat in wille en adrenaline doe ik snein de 24e werom reizige fan Indonesië nei Fryslân. Jimme hawwe fêst allegear it filmke wol sjoen wêr yn ik heit, Tien, Gees en Nies ferraste fanút de kartonnen doaze. De moandeis ha ik by Geeske west. Boartsje mei Doutzen en Gees helpe mei de lytse ‘Ilza Sterre’. Hiel gesellich en leuk!
Foar wa it filmke dochs noch mist hat of noch in kear genietsje wol. Klik dan hjir!
Spitich genôch slûpte der dêrnei in oar gefoel nei binnen. No ik der op werom sjoch, herinnerje ik my dat dit oare jierren ek wolris it gefal wie. Je hâlde rekkening mei in kultuershock en jetlag. Dochs tink ik elke kear wer: oh dit giet moai, ik ha nergens lêst fan!! Mar dy earste dagen gean dochs op adrenaline want letter yn’e wike wie de kop behoorlik yn’e war.
Op ien of oare manier fielt it dan krekt alsof alle wiisheid, lessen en ûntwikkeling achter bleaun binne yn it lân wêr ik wie. Ik kin der op iene of oare manier net bykomme. It komt net binnen. Fertrouwen is NERGENS te finen en hoe ik ek noch overgebleven taktieken tapasje wol, it wurket averechts. It komt mede mei dat ik hjir triggere wurd troch it ‘âlde libbentsje’ wat ik leefde. In soad dingen binne hjir itselde bleaun of herinnerje my oan de tiiden fan de depressie. It fielt dan alsof ik útdaagd wurd om wer op de âlde manier te reageren en my dus foaral wer like ‘down’ te fielen en elk grijntsje positiviteit en fertrouwen wurd underút helle. De negatieve stimmen en gedachten binne hjir safolle sterker ofsa.
Mar gelokkich ha ik no eindelik de knop wer wat omkrije kinnen. In goed gesprek mei in wiize freon, In oantal rock’n roll dûnskes op snein en juster dus AAIPOP!!
Oerweldigjend mar ek in ferwaarme hert op Aaipop
Overweldigend, dat wie it wol wat. Ik murk dat ik noch aardig lêst ha fan’e kultuershock ek al bin ik al in wike thús. Ik sjoch oeral ‘wite’ minsken en it libben draait hjir om hiele oare dingen. Ik bin sa went oan Azië no dat it altyd wer behoorlik heftig wenne is as ik werom kom. De dingen wêr minsken harren hjir drok oer meitsje en wêr se fan genietsje is sa oars as wêr ik no wei kom. Dochs wie Aaipop machtig moai!!
Sa stoer en koel dat ik rûnrin mei myn spikes, sa kwetsber en gefoelich is dit famke fan binnen.
Ik waard op Aaipop oansprutsen troch in oantal minsken dy my witte lieten dat se my folgje en dat se it moai fine om te lêzen wat ik mei meitsje en sommige sjogge my sels as ynspiraasje bron. Wow.. Dêr waard ik yn mysels efkes stil fan. Dêr stie ik efkes net mear by stil.
De blogs en vlogs binne faaks ienrjochtingsferkear. Ek hear ik hieltyd mear minsken sizzen dat de mails altyd yn’e spam komme en se dêrom de ferhalen en fideo’s misse. Hjirtroch ha ik ûnbewust wat ynfult dat minsken net mear op myn ferhalen stean te wachtsjen. Ik ha dochs neat ‘bysûnders’ mear te melden de lêtste tiid en it levert dochs neat op… Dêrom die it my mear dan ik blike liet om te hearren dat minsken wêr ik it NET fan ferwachte my folgje en mei in soad wille de ferhalen lêze. It rekke my echt.
Dat der noch steeds in oantal minsken binne dy ik inspirear, dy sa grutsk op my binne dat ik myn hert folgje en it ûnbekende paad op gean. Ik fiel no ik dit skriuw wer sa’n kriebeltsje yn myn liif. De wurden rekje my seker. Ik sjoch it namelik sels net altyd mear. Myn eigen paad gean, mar welke kant giet dat op? In befestiging sa no en dan soe wol noflik wêze.. Ik lear elke dei en ûntwikkelje my tige snel as ik op reis bin. Dochs lit it my fansels net kâld as ik my soms dochs fergelykje mei oaren om my hinne.
It liket dan safolle ‘feiliger en rustiger’ as je in fêste partner ha, in fêst ynkommen, it ‘húske beamke bistke’ sadat je je ungefear witte hoe en wat je libben der út sjocht. Ik WIT wol dat ik my net mei oaren fergelykje moat en ik bin eins altyd allinne mar super dankber foar it libben wat ik leef! Want dat westere ‘huske beamke bistke’ passet miskien wol net by my. Dochs wurd ik werom yn Fryslân altyd hiel erg triggere op dit stik.
Je krije geregeld fragen: werom ik noch net in kerel ha, wannear ik no ris ‘klear’ bin mei reizigjen, dat ik toch seker wol foar ynkomsten soargje moat etc. Fragen dy my triggerje en soms ûnseker meitsje. Want ik leau dat as ik it paad folgje wat God foar my yn petto hat, dat it allegear op myn paad komt. Ik ha dat meardere kearen ervaren, dochs binne der ek mominten dat ik it efkes net sa dúdlik sjoch en fiel.
En yn sa’n momint siet ik dus dizze wike no ik werom bin. Kompleet it paad bjuster yn’e holle. Ik koe mysels efkes net oertsjûgje fan myn ‘fertrouwen en kijk op’e libben’. Freed hie ik al efkes in goed gesprek han mei in wize maat fan my, en mei de leave wurden en de ervaring fan Aaipop juster is Peet back! YES!! 🙂 Ik bin jimme (dy dit lêze!) dan ek tige tige tankber!
Ik hearde fannemoarn in ferske: “Over 100 jaar zijn jullie allemaal dood’ en wij ook”.. en doe tocht ik : INDERDAAD, sa is it mar krekt!! PEET it kin SAMAR foarby wêze, SONDE om yn angst te libjen yn ‘e tiid dast hjir op ierde bist! Hatsikideeeee!! Doe seach en fielde ik samar wer wat ik hjir doch, wêrom en hoe it ‘spultsje’ hjir wurket 😉
Heftige keuzestress.. net mear fan dizze tiid, mar dochs dizze kear..
Wat der moarns achter de skermen (thús) foarôf gien is oan de punten witte de measten net. Keuzes meitsje, yn it ferline wie dat in regelrjochte ramp, en dat is dan noch sêft útdrukt! Ik koe mysels hielendal ferlieze yn in simpele situaasje. It koe my dan hielendal yn’e macht hawwe want ik moast EARST in kar meitsje foar ik wer rustig en helder tinke koe. Ik lei der allinne mar mear druk op en in simpele keuze waard dan ynienen in grut probleem!
It heechsensityf wêzen komt ek hjir dan wer om’e hoeke. Minsken dy heechsensityf binne meie graach alle opsjes besjen en alle foar- en neidielen op in rijtsje krije sadat je in ‘weloverwogen’ beslút nimme kinne. Ek in poging om kontrôle te hawwen tink ik. It punt wie no allinne dat ik troch it TEFOLLE oertinken NEA ta in beslút komme koe. Want oan elke keuze sit sa syn foar- en neidielen.
Tsjinwurdig giet dit folle folle better! (Miskien skriuw ik noch wolris in artikel oer myn ’taktieken’ dy ik tapas tsjinwurdig.) Ik skrok der dêrom ek nogal fan doe ik de moarns foar Aaipop my dochs hielendal ferlear yn it ‘hier-dillema’! Net normaal!!
De spikes yn hie ik eins net mear yn’e holle omdat ik troch it enorme hier ferlies fan febrewaris ferwachte dat it net iens mooglik wie. Dochs begûn it te borreljen, ik moast de befestiging hawwe dat it echt net koe. Dus mem hat my holpen de skeidingen te meitsjen en sei: prebearje mar gewoan 1 of 2, dan sjogge we dan wol hoe it liket. Ik hie self it universum al frege om in dúdlik antwurd omdat ik GJIN wol/net/wol/net situaasje woe. Noja.. dat waard it dus wol!
Nei 10 kear fan wol nei net en oarsom, twifelje, oerlizze, hulptroepen freegje, mediteare, fiele (pffff je kinne it sa gek net betinke) kaam ik der noch net út. Sadra ik tocht dat ik der út wie en yn’e douche stappe soe om it hier te waskjen kamen per direkt de gedachten hoe leuk it wêze soe as ik toch WOL it hier omheech dwan soe. En sadra ik dan dêr foar gie, fleach it my wer oan en hie ik júst ferlet fan efkes ‘gjin belangstelling’ en gjin stress as it wol of net sitten bliuwt.
Heit en mem bleaune gelokkich kalm en diene harren bêst my te helpen mar ek dy wisten net mear wat se my advisearre moasten omdat ik konstant alles tsjinpraatte! Mei de spikes omheech fiel ik my selsfersekerder en opsich koe ik dat momenteel wol efkes brûke.
Wat ik foarkomme woe barde. It hat my de hiele moarn yn’e tange holden, tot oan’t de lêtste skiter dat ik om 1 oere mei GANG dochs de punten omheech setten ha! It stie!! koest der dwars trochhinne sjen omdat ik no sa weinig hier op’e holle ha. Dochs wûnder boppe wûnder, stie it sels allegear noch omheech doe ik thúskaam!!
In HIELE drege befalling dus, mar de komplimenten en de leafe wurden dy ik krige diene myn hert warmjen en lieten my de stressfolle moarn wer wat ferjitte. Ik straal mei myn spikes blykber út dat ik skijt oan alles ha, en dat is just wat ik wolris faker tsjin mysels sizze mei. Dus it hier helpt dan wol mei foar in sterker ‘self-fertrouwen’. Al tocht ik geregeld nei de leave komplimenten: “se soene ris witte moatte!”
Update ‘donaasje dyk fan Laos’
Foarige wike krige ik samar wer in berjocht fan Ta. De jonge dy ik it donearde jild jun hie foar de dyk fan harren doarp yn Laos. Hy liet witte dat se de dyk no ôfmakke hiene en stjoerde my foto’s fan dat se dwaande wiene. Dus by dizze diel ik de foto’s ek mei jimme!
Wêrom bin ik eins werom en hoe lang?
Tsja, dat ha ik noch net iens dielt. Ik bin hjir mar foar in pear wykjes! Dêrnei gean ik foar de lêtste moarne nei Bali om dan de 18e wer werom te kommen foar de brulloft fan Maaike en Albert Jan.
Mar wêrom no? Doe ik oan’t brainstoarmjen wie yn Laos oer hoe en wat fierder seach ik de line up fan Aaipop foarby kommen! GRRR… dat kriebelt.. want Aaipop is myn feesje! De measte dingen lit ik sûnder moeite los as ik op reis bin. Dochs fyn ik it jierliks pittig as it 2e peaskedei is en ik de ferhalen en foto’s foarby kommen dat freonen en famylje nei Aaipop binne, ien grutte reuny altyd.
Noja, brainstoarmje is brainstoarmje.. dus alles mei op’e list! Sa kaam ek aaipop op’e list. Allinne wol mei de ferwachting dat as ik de tickets sjen soe dat ik lyk in dikke streep troch dizze opsje sette soe, want allinne foar aaipop werom en sa’n ferekte djoer ticket, dat doch ik fansels net…
Doe ik de tickets tsjekte seach ik dat Aaipop op 1 april wie en as ik foar it wykein dan oankaam soe, soe dat precies op myn suskes jierdei wêze!! Oahhh.. wat soe dat moai wêze as ik as kadootsje op har jierdei kom!!! Ik seach it al hielendal foar my! en oohh dan kin ik de lytse Ilza Sterre ek foar it earst sjen!! Poe, doe wiene der samar 3 hiele goeie redenen en omdat ik myn suskes reaksje al hielendal foar my seach begun ik it hieltyd leuker te finen!
De syktocht nei tickets waard serieus… dochs prebearre ik ek dúdlik te lusterjen nei ’tekens’. As it de bedoeling is, dan giet it makkelik en komt der in machtig moai ticket!
Dat ticket gie net sa soepel.. de goedkeapsten wiene 800, soms 600.. mar it siet my net lekker.. dat wie tefolle! Doe ik wol in goedkeaper ticket seach lei it ynternet dr ynienen ôf, wurke de site net of wie der wol wer wat oars… LOSLITTE dus! As it de bedoeling is, komt it fansels, God is altyd op tiid! 🙂 Ik bleaun der yn leauen dat der in MACHTIG moai ticket foar my klear lei.
En ja hjer!! Doe ik it eins opjun hie en tocht, “ok dan dus net” en die in lêtste check op noch 1 oare datum. KLIK KLIK.. Rap gegevens ynfulle foar der wer nei in hegere priis fljocht!!! en BINGOOOO!!! Waahhh myn gelok koe net op!! Dankber dat ik wie!!! In retour ticket foar 442,- !!! hatsikideee Hearlik, wat bin ik dan toch wol efkes dankber dat ik sykjen en tiid no werom betelle waard! Fansels.. foar dizze priis wol Peet wol hinne en wer fleane!!
2 Comments
Franca Huitema
Leave Peet, wat haw ik fan dy genoaten mei Aaipop. Ik seach dy wer stralen fan ear oant ear. Fansels haw ik wol in stikje mei krigen fan de hier-stress.
Maaruh dêr wiene dyn freondinnen ek skuldich oan haha. Earst soe ik bobbe, doe toch mar op ‘e fyts? Want it waar foel toch wol wat mei. Mar doe wie der in leave skoanheit dy’t wol foar taksi-sjauffeur boartsje woe.. en dat allegear yn 1,5 oere?
Dus dat betsjutte foar dy:
Hier kin omheech want Franca bobt,
Oh nee, toch net want we gean op e fyts.
Oh ja toch wol! Want der is wol in taksi-sjauffeur.
Haha koartom it gong wer sa allinnich froulju dat ha kinne. Soe Johannes wol sizze.. haha.
Mar, we ha it oprêden! En doe we der wiene mei in pilske/wyntsje yn’e hân wiene we dat al gau wer ferjitten.
Dikke tút!
admin
Heee faam! Jaa dat klopt! wat kin we soms lekker wispelturig wêze he 😉 En wat fijn om te hearren dast my sa genietsjen seachst 😉