Expeditie blogs,  Eye-openers

Weromsjen op 2021

Ik wol mei jimme werom sjen op 2021. Ik folge in 10-daagse meditatie mei Michael Pilarzyck syn app ‘meditation moments’. Yn ien fan dy meditaasjes giene we werom yn it jier. Ik realisearde dat we wol faak dwaande binne mei de takomst en dy wurd faak betocht yn ús holle op basis fan ús ferline. Dochs murk ik dat as ik echt ris hiel bewust it jier rûn gie dat ik best wol hiel grutsk op mysels wêze mei. Dat der mear bard is dan ik my realiseerde.

Ik wol jim freegje om efkes mei my mei te gean, werom yn’e tiid. Januari 2021, in nij jier begjint. Wêr wiest op dat momint? Hoe wie âld en nij, hoe wie de Krystfakânsje?

Foar my wie it net in noflike tiid. Ik wit noch hiel goed dat ik yn dizze Krystfakânsje hiel djip sitten ha. Hiel djip, dat ik my sa ferskuorrendst allinne fielde en net mear wist wat ik úberhaupt hjir noch by te dragen hie op’e wrâld. Ik wit noch dat ik in soad by heit en mem west ha omdat ik nearne oars hinne mocht. Ik ha fochten, alderraast fochten om dat ferskrikkelike depressieve gefoel fuort te krijen. Ik wie der hielendal klear mei! Mei alles, my mysels en alle negativiteit. Jierren en jierren fjochtsje tsjin dy rotdepressie, ik wie op..

In moai momint oan dizze fekânsje wie dat ik myn earste ôfspraak hie mei Jacqueline Noordmans. Sy is energetisch therapeut wêr ik goeie ferhalen oer heard hie en omdat ik gjin oare wei mear seach, gjin fertrouwen mear hie yn oare hulptroepen joech ik it in kâns. Wat wie ik bliid neidat ik de earste kear by har west ha! In totaal oare manier om nei de wrâld te sjen, in oare manier om mei myn depressie om te gean en mei de negatieve gedachtes dy yn my omspookten dei en nacht.

Jacqueline hat my leard út myn holle te gean en yn myn liif, se hat my frege om ‘The power of now’ (of ‘De kracht fan het nu’) te lêzen en hat my it fertrouwen jun dat der dochs in wei is om wer gelokkich te wurden. Se hat my leard dat ik dy depressie achter my litte kin (ipv mei leare leve sa alle oare psychiaters my altyd ferteld hiene) en noch folle mear geweldige dingen wat my eindelik wer wat ljochtsjes sjen liet. Sels dingen wêrfan ik sels al opjun hie dat it ea better wurde soe. In prachtig begjin fan dit jier achternei!

Alles komt goed

It fertrouwen hawwe yn dat alles wol goed komt wie foar my en ik tink foar in soad oaren in pittig ding om yn te leauen op it momint as je der midden yn sitte. Ik sis bewust ‘wie’. Want inmiddels wit ik hoe sterk ik wêze kin mei fertrouwen. ALLES komt út eindelik goed. Ek al is it miskien net altyd precies hoe asto it sels yn’e holle hiest. Ik leau en fertrou dat it blykber wol it beste is. Je witte fansels nea wat der oars precies gebeurd wie. Ik leau dat alles gean moat sa it giet. Dat it libben prachtig wêze kin en dat alles in reden hat. Dit jout tagelykertiid ek safolle rêst want ik hoech net mear te striiden en te stressen as iets oars giet as ik tocht hie.

Fansels is it lestig om jesels fan de iene op de oare dei te feroarjen. Sa ek foar my. It fertrouwen dat alles wol goed kaam wie ik kwyt doe ik ôfrune simmer myn hûs skilderje woe. Achterôf sjoch ik no hoefolle tiid en enerzjy ik ferprutst ha om der oer te stressen en de kontrole prebearje te krijen. Wat in klus! Mar oh oh, wat bin ik ferhipte grutsk op mysels dat ik ondanks dat it bloed swit en trinnen koste hat. Uteindelik de goeie kleur fun ha, de boel skjin makke, skuorre en skildere, op’e steiger meters heech en yn onmogelike posysjes hingje wat eins levensgefaarlik wie. Mar ik ha it flikt!!

It is goed om werom te sjen en om by sokke dingen stil te stean want faak ferjitte we hoe sterk we binne. Gean mar ris werom blikken. Wat foar mominten wiene der it ôfrune jier wast knap funst fan dysels. Wat foar DYN dwan knap wie, net fergelykjend mei in oar. Om it noch better te dwaan soe ik sizze: pak in pen en papier en gean der echt ris foar sitten. It klinkt stom en miskien binne der allegear excuses om it net te dwaan want de tiid is der net. Mar leau my, it stilstean en alle moaie dingen opneame, moaie mominten wêr ast fan genoten hast en de mominten dast grutsk op dysels wiest. Skriuw it op en prebearje it hiele bryfke fol te krijen. It kost efkes in momint. Mar it is it wurch want it makket dy safolle sterker! Bliider, grutsker en sterker.

We binne faak neigt om werom te sjen op alle minne dingen dit jier mar lit dy foar no efkes gean. Prebearje sels út dy dingen de moaie mominten op te skriuwen. As’t immen ferlern bist, miskien hast noch in moai momint mei dy persoan han, bist bliid dast ôfskied nommen hast of dat de begrafenis moai wie. Op it bryfke meie allinne de moaie en bysundere en grutske mominten stean. Ik garandear dat it dankbere gefoel en it weromsjen soarget foar in goed gefoel. Dan kin je dêrnei wer fierder mei in tevreden gefoel en wittend dat hoe mâl it soms ek rinne kin yn in jier dat der altyd moaie mominten binne en dat we altyd groeie en leare!

Graach diel ik mei jim in pear dingen wêr ik dankber foar bin foar it ôfrune jier. Net alles, want dan bin ik moarn noch dwaande. (Ik neam gjin nammen yfm privacy 😉)

Ik bin û.o. dankber:

  • Dat Jacqueline op myn paad kaam is en my fanalles leard hat om wer gelokkich te wurden
  • Dat ik, ondanks dat we net op stap mochten, in ploegje freonen hie wêr ik terjochte koe
  • Foar in nachtsje fuort mei in freon wêryn ik realisearde en seach dat ik safolle sterker al wie as foarhinne, dat ik relaxter wie en wer genietsje koe!
  • De spannende fytsritsjes werom nei hûs tidens de avondklok, dankber dat ik nea pakt bin 😉
  • Dat ik trochsetten ha om de stúdzje tot orthomoleculaire voedingscoach ôfmakke ha!
  • Dat ik it lef hie om workshops op te setten en dat it in daverend sukses wie!
  • Foar de kookcursus mei de bern fan skoalle yn’e simmerfakânsje.
  • Yn myn uppie op fakânsje yn de caravan, wat in belevenis en ynspiraasje, wat ha ik in moaie dagen han!
  • De help dy ik krige om de caravan letter wer lekkage frij te meitsjen en de minsken dy my hinne en wer riden ha!
  • De minsken dy ik kinnen leard ha en dy my in soad brocht ha en holpen. Dy precies op it momint der wiene doe ik it nedig hie.
  • Dat ik de kâns krige sa lang yn Easterein op skoalle wurkjen te bliuwen.
  • Dat myn suske en har man lytse Doutzen krigen hawwe
  • Dat in oantal freondinnen zwanger wurden binne
  • De momintsjes dat myn tantesizzers my oankroepten en bliid wiene my te sjen
  • Dat ik der wêze koe foar myn famylje doe se ferhúzen
  • Dat ik undanks de enorme spanning sa no en dan oer de reis dochs fertrouwen hold en wist dat ik dit dwan moast.
  • Dat ik de stap setten ha myn ontslag te nimmen en op reis te gean!
  • Dat ik myn eigen website ha en hieltyd better lear hoe der mei om te gean!
  • Alle dingen yn myn reis dy my sterker makke ha en groeie litten ha!
  • Dat ik hieltyd better fiel wat ik wol, libje fanút fertrouwen en it aventoer oan gean.
  • Foar de famyljes dy my hjir yn Amerika in skofke in thús jun hawwe.
  • Foar alle minsken dy op myn paad kaam binne en my wat mei jun hawwe
  • De leafde dy ik fiel fan de minsken dy my misse
  • Foar alle leave reaksjes fan de minsken dy myn ferhalen lêze en my folgje
  • Foar de minsken dy sizze dat se inspireare wurde troch wat ik doch
  • Foar it fertrouwen yn it kommende jier, ik ha der sin oan ek al wit ik net hoe dat jier der út komt te sjen!

Ik ha sin yn 2022, wyls ik gjin idee ha, echt gjin idee wer ik hinne gean en wat der barde sil. Mar ik ha der syn yn omdat ik fertrouwen ha dat alles goed komt. It giet sa it gean moat en mei alle nije dingen dy ik leard ha, meitsje ik der myn moaiste libben fan!

Alles komt goed! 😊

As jim reageare wolle dan mei dat fansels hjir under. In reaksje op dit artikel of diel jim moaiste momint fan 2022!

4 Comments

  • Marianne Boersma

    Ik ha respekt foar dy!
    Ik probear ek mear op dy manier yn it lubben te stean.
    Ik ha in soad meimakke en ek noch,hjoed 30 dec in jier lyn,myn sus samar ynien ferlen.
    Sa’n fertriet en troch alles,net lekker yn myn fel.
    Mar kop der foar en ik gean der wer foar.
    Wêr sit Jacqueline eins?

    En ik hie freeche;wat binne dy hege soart fan silo’s(op poaten) dy yn amerika in soad te sjen bin?
    Wetter silo of sa?

    • admin

      Hee Marianne,
      dankjewol! Ik hie dy al hearder reaksje jun mar ik tink dat der wat mis gien is.
      De grutte silo’s binne wettertanken. Foar it gefal it wetter en stroom ensa útfalt (wat nogal ris gebeurd as ik de ferhalen leaue mei) Om dan wol druk op it wetter te hawwen binne se sa heech.
      Jacqueline sit yn Boalsert, Jacqueline Noordmans. As’t mear witte wolst dan moast efkes kontakt mei my sykje fia facebook of miskien hast myn nr wol 😉
      Groetsjesss

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *