Amerikaanskse plannen en nei genietsje
Tongersdei ha’k ek in hearlike dei han. Ik ha hearlik nei genoten fan myn prachtige jierdei en ek dizze dei mei in smile op myn kop run. Ek ha ik hjoed dwaande west wat ynformaasje te fersameljen oer Amerika. Ik ha eins al foar 90% beslúten dat ik seker nei Amerika wol. En aangezien dat nei 8 november net mear mooglik is, moat ik sa rap mooglik de boel run krije en dy kant op. In Esta oanfreegje, beslúte wêr ik hinne wol (want dat moat ik oanjaan op it Esta), ticket boeke etc.
In útdagende útnoeging
No kaam ik fannewike yn gesprek mei Sherman. Sherman hat de boel goed foar elkoar. Reiziget no al 15 moarnen en leeft wol redelik sa ik ek leef. Hy yt sûn, makket graach syn eigen iten. Wol minimalistisch leve en hat dêrom bygelyks foar himsels de regel dat der mar 7 kilo bagaazje mei mei, dit skeelt him elke fleanreis ek in hiel soad jild omdat der gjin bagaazje hoegt yn te checken. Hy hat dus allinne mar handbagaazje. Hy hat 4 fêste koarte broeken mar syn shirts keapet der eltse kear by lokale winkeltsjes sadat der dy ek steunt. As der dan nei in skoftke wer fuort giet jout der dy nije shirts troch oan dakleazen en giet der mei 1 shirt oan nei it nije plak. Ik fyn it allegear tige ynteressant, ik bin sels noch net safier mar it triggert je wol.
Sherman is dus ek bewust net vaccineert, krekt as my en wol dêrom ek graach foar 8 nov nei Amerika. Hy wol graach in boat keapje yn California of Florida en dan kin der ferfolgens mei mear frijheid de wrâld oer. Hy soe it moai fine om in reismaatsje te hawwen mar wol fansels net elkenien mei hawwe. Omdat ik wol wat op deselde manier leef en we deselde miening ha oer bepaalde dingen hat der my útnoege om mei him mei te gean.
Uteraard sit dizze dame dêrtroch fansels wer mega yn twifel. Wat moat ik dwan? Allinne reizigjen bliuwe of it aventoer oan gean en mei him mei? Hy hat goeie plannen, hat de boel goed foar elkoar en sa’n kâns krij je net samar wer. Nei it earste gesprek mei Sherman wie ik wol wat oerdondere moat ik sizze. Sherman is berne yn India en op syn 9e ferhúze nei London. Engels is dus syn earste taal en hy praat dêrom razendsnel Engels. Hy en syn âlders hawwe mei elkoar 7 húzen ofsa, op syn 16e hat hy al in stik lân oerkocht fan syn omke en hy hat no mear lân. Hy hat in eigen bedriuw en der binne meardere minsken foar him oan’t wurk. De boel goed foar elkoar dus, mar ik fielde my wol enorm lyts wurden neist dizze ferhalen.
NET myn dei
Freed: Hjoed wie it NET myn dei! Sa moai de ôfrune 2 dagen wiene sa moai begun ek dizze. Fol fertrouwen, ik soe hjoed myn beslút nimme wat te dwan mei it Amerika ferhaal. Ik ha moarns oeren en oeren ûndersyk dien, mails stjoerd om der achter te kommen wat no exact de regels binne. Ik ha wol ferhalen heard mar ik wol it zwart op wyt hawwe. Dizze dame is fierstente benaud om iets te dwaan wat net mei, te benaud om yn’e problemen te kommen. Spitich genôch kaam ik nei al dy oeren achter de laptop net folle fierder. Ik beslúte dêrom it efkes los te litten en mysels te ferwennen troch ff lekker op it strân lizzen te gean.
Hjir waard myn humeur niks better. Ik hie mysels krekt kompleet te plak, ynsmaart en al op myn handdoek. Begjint it sa mega hurd te waaien dat de handdoek konstant fuortwaaide, ik kompleet under it sân siet wat fansels lekker plakken bleaun oeral en nergens. En sels as ik eindelik OP de handdoek lei fouwde de handdoek him smakelik om my hinne en ferfolgens hie’k it sân yn’e eagen, earen, mûle en neus en SKJIN MYN NOCHT. Prima tocht ik, as dit net ‘meant to be’ is dan pak ik de boel wer yn en gean ik werom en gean ‘k wol by it zwembad lizzen.
Brutsen teantsje?
Neidat ik tink 20 minuutsjes by it swimbad lei en mysels prebeare te herpakken mei in big smile, barde der wat oars. Ik lei op in bêd, soe op stean en op ien of oare manier bliuwt myn lytse tean heakjen. Hy die ferhipte sear, marja ik tocht je stompe wol faker ris je tean. Ff trochbite. Sa stean ik 10 minuten te praten mei in famke neist my en ynienen bewoog ik blykber myn tean en raazde de pine troch myn hiele liif! Ik seach dat de tean ek bliede, mar dat koe de pine net wêze. Gjin idee WAT der is mar ien ding fielde ik wol. Dit is net goed. Ik ha it prebearre te negeren mar sindsdien kin’k net mear normaal rinne..
De rest fan alle drama dizze dei hâld ik mar efkes foar mysels. De iene nei de oare shitsooi en pech folge elkoar op. Net te leauen! Ik prebearre der om te laitsjen mei wat selfspot. Dochs murk ik letter dat der in soad fan orkaan yn my siet dy der hiel graach út woe. Wyls ik prebeare laitsjen te bliuwen fielde ik dat dy orkaan der earst útmoest. Ik ha myn eardoppen pakt, bin nei it dak gien en ha midden op it dak earst efkes twa ferskes heard dy my reitsje en hoppa, dêr wie de orkaan al. Ik ha efkes sa flink oan’t grienen west dat ik gewoan trots op mysels wie. Want ik ha leard: gefoel is echt, dus as it der is, lit it der wêze. Ast it underdrukke wolst wurd it allinne mar dreger!
Nei dit momintsje fielde ik my wat rêstiger en bin’k starten mei in meditaasje. Dizze kear efkes in geleide, al moat ik sizze dat ik amper nei de frou lústere ha. Der wie ynienen romte yn my, ik fielde ynienen hiel djip fan binnen wat ik woe. Ik wol nei Texas, yn myn ientsje om ticht by mysels te bliuwen en te witten hoe en wat. Ik ha de eardoppen út skuort en bin mei in big smile en miskien noch trin eagen, mar mei rêst yn myn liif wer nei beneden gien. Dêr trof ik Sherman. Ik ha him ferteld wat ik fielde en woe. Op ien of oare manier ha we sa’n moai gesprek han. Ik wie kalm, bin dúdlik en earlik nei him west en it gesprek brocht hiel wat helderheid. Dit gesprek hie’k begjin fan’e dei mei him ha moatten, mar blykber wie ik der doe noch net oan ta.
Al mei al. Sa ik der no yn stean wol ik dus graach oare wike nei Texas, sjoch wol hoelang ik der bliuw. En as ik myn nocht ha dan gean ik nei Florida en sykje ik Sherman op dy dan al in boat kocht ha en dan soene we alsnog tegearre in stik reizigje kinne. Dan ha ik beide mar bliuw ik by myself. It hat my rêst jun troch alle twifels en gedachten te dielen. Sa ha’k ek tsjin Sherman sein dat ik graach mei him de trip oan gean mar gewoan as freonen en dat hy net mear as dat ferwachtet. Dat ik myn eigen regels ha en myn romte nedig ha. Hy stie der itselde yn en woe my ek helpe sa ticht mooglik by mysels te bliuwen ek al soene we tegearre gean.
Nei de meditaasje en dit gesprek foel der eindelik alle spanning fan my ôf. Ik bin der noch efkes út west troch efkes te iten mei de ‘playa familie’. Dêrnei gie iederien op stap omdat it fansels freedtejun is, se giene wer nei ferskeidene clubs. No hâld ik net fan dy musyk mar ek mei myn tien kin ik no gjin kant op. Ik bin dus lekker myn bedsje yn kroept. Ohja en we hawwe ynienen sinds jun in nije roommate! In jonge, ek út Frankryk. Sa ik him no sjoen ha is hy aardig en ek zachtsjes, snurkt net dus ik bin tevreden! 😉
Sneon: Fol fertrouwen myn sportklean oanlutsen en ik krige myn foet samar yn de skoen! Mar doe ik de treppen del run wie it al dúdlik. Ik kin amper rinne, dus seker net drave. De romte om oare oefeningen te dwaan wie noch op slot dus ik leau dat ik my deljan moat foarlopig en hoopje dat myn teantsje sa gau mooglik heelt!
Hjoed lekker op it strân omhongen mei in groepke fan it hostel. Hearlik, efkes bykleurje want de rest fan’e tiid binne je eins konstant yn’t skaad omdat it oars te hyt is. Juns hie’k wakker sin om op stap mar de hiele meute gie fansels nei in club ta, wêr ik gewoan echt gjin sin yn ha. Dan kroep ik noch leaver op bêd. Ik ha dêrom mar in poging dien yn myn uppie ergens in bierke te heljen wêr live muzyk wie mar de band wie dy spile wie net denderend dus nei 1 frisje bin ik ek mar op bêd kropen. Snein wer lekker fris en betiid derút jout my mear enerzjy! Wyls ha ik hjoed ek fanalles prebearje út te sykjen oer de ESTA dy ik oanfreegje wol foar Amerika, in ticket boeke etc. Mar ik bin noch net hiel folle fierder kaam. Ik merk gewoan dat ik it hiel lestig fyn momenteel om by mysels te bliuwen. In soad minsken om my hinne en op internet prebearje my oan alle kanten angst yn te boezemjen. Dat it net kin, dat it net tastien is, dat Texas net leuk is, dat ik net NO gean moat puur omdat it NO noch kin. Pfff, ik fyn it sa lestig dan om fertrouwen hâlden te bliuwen. It is fansels de makkelikste wei om hjir te bliuwen en net it aventoer oan te gean. Mar dan doch ik it puur út angst omdat ik bang bin dat it tsjinfalt, dat it echt sa núver is dat ik nei Texas wol, dat se my der út pikke en dat ik werom stjoerd wurd, dat it te djoer is, dat ik gjin hostels fine kin, dat ik gjin minsken tref etc etc.. Oan alle kanten wurd ik triggere.
Snein: Yes, ik kin wer hiel foarsichtig drave en rinne!! SA DANKBER dat myn tean in stik better is! Ik doar um noch net te bewegen mar ik kin wer wat flugger foartbewege😉 Ik ha nei it draven wer lekker wat stretching, oefeningen en meditaasje dien. Hearlik, dan fiel ik my gewoan in stik fitter.
Nei dizze start kaam Rachel mei advies foar my, dat woe se efkes kwyt. Ik moat sizze dat se my earst júst oan it twyfeljen brocht mei har praat. Ik moast gjin beslissingen nimme út angst! NEVER. Ok, ik snap dy meid, bin it ek hielendal mei dy iens. Allinne krige ik it idee dat se my oanprate woe dat ik NO nei Texas gean woe omdat ik BANG wie dat it myn lêtste kâns is. En tsja, fansels is dat wol wat sa. Dus dan soe it miskien wol wat angst wêze? Dochs sjoch it leaver as: ik woe hieltyd al nei Texas en Florida mar it wie net mooglik. En no IS der wol in mooglikheid, dus ik sjoch it as in iepening om no te gean. Ek moat ik gewoan tsjin mysels sizzen bliuwe dat der mar 1 persoan is sa as my en dat IK graach nei Texas gean wol. Ek al fine oaren dat miskien net in moai lân of boeit it harren minder. Ik gean! Ik ha namelik ek leart: as ik it foar mysels ferantwurdzje kin, dan is it goed! It ienige dinkje wat my noch dwars sit is dat der stiet dat it eins net bedoeld is foar toerisme mar dan moat ik miskien efkes betinke dat ik in meeting fan it wurk ha ofsa?
Hjoed sil ik hooplik tegearre mei Sherman de boel boeke en runkrije. It is dochs efkes nofliker as je tegearre de boel ynfulle en dat je beide oer de dingen neitinke moatte.
De Amerika plannen cancelje?
Ok, nee dus. De dei run kompleet oars. Allinne mar mear stress en twifels oer alles omdat in soad minsken seine dat it NET koe en dat we miskien it lân wol net mear út meie. Wyls hie ik hjir en dêr wat fragen stelt hie op groeps appen as minsken hjir ervaring mei hie, krige ik allegear shit nei myn holle goait. Se hoopten dat ik pakt waard en dat ik nea wer Amerika yn mocht. Ik wit dat it domme minsken binne, doch rekke it my omdat ik benaud wie om wat ferkeards te dwan.
Noja, oan’t ein fan dizze snein bin ‘k der eins wol klear mei. Ik ha gjin sin yn stress en gesodemieter en ik bin hjir prima te plak. It hat my al dagen stress koste, miskien hie it net sa moatten.
Mandei: Net in geweldige nacht han. Us nije roommate kaam pas 2.30 thús en wie net bepaald hiel stil. Ik waard wekker en irriteerde my behoorlik haha. 6.15 gie de wekker omdat ik dizze kear de Spaanse les hiel betiid boekt hie. Efkes trochbite, en op’e weromreis siet de kop noch fol mei keuze stress. Nei de Spaanse les seach ik dat ik in berjochtsje werom hie fan Bart út Texas. Positief! Hy siet der net sa oer yn en bearn sels oan dat as ik der dochs wie, dat ik wol efkes lâns komme mocht. YES!! Dit stikje fertrouwen en befestiging hie ik efkes nedig. Ynienen wist ik it gewoan. IK GEAN NEI TEXAS!! Dit is wat ik wol, dit is wêr ik sin oan ha. Ik ha gewoan it gefoel dat ik dêr mear te plak bin en der better pasje dan hjir. Ik fyn it hjir machtig hjer, mar de cowboys en de Amerikanen lûkt my gewoan sa. No sil we it echt beleven gean as dat ek inderdaad sa is!
Ik bin hast huppeljend nei it hostel werom gien. De lêtste boadskippen foar fannewike dien en lyk de laptop pakt om myn ESTA oan te freegjen en myn ticket te boeken. Hatsikidee! No wachtsje op goedkeuring sadat in in Esta ha. Op syk nei in plakje om te sliepen de earste nachten en útfûgelje welke test ik regelje moat. YEEAAHHAAWWW!! 😀 😀
Fotoshoot en go with te flow!
Tiisdei: Fannemoarn hiel betiid wekker wurden en alwer in minne nacht. Ik wie sa kapot juster dat ik 9 oere op bêd lei. En super bliid dat ik in PRIVE keamer ha fannacht want beide roommates binne fuort en der is hjoed net in nije kaam, hearlik! Ik woe ek betiid op bêd omdat ik mei Rachel ôfpraat hie dat we moarnier betiid foto’s meitsje soene. Foar de sinneopgong dus foar 6 oere de wekker! Ik koe net echt sliepe undanks ik sa wurrich wie en ik skrok my dan ek rot doe in oere as healwei 11 ynienen dochs immen myn keamer ynrun. Hy skrok blykber ek fan my. Normaal sprutsen bin ik geirriteerd op sa’n momint mar op ien of oare manier hie ik samar in gesprek mei dizze jonge (wyls ik myn eardoppen noch yn hie! Haha) Ik fertelde him wêrom ik sa betiid lei en doe sei der: Oh wat leuk, ik bin fotograaf! Noja, lang ferhaal koart: we ha in healoere oan’t kletsen west en doe besliste hy dat der ek 6 oere derút soe om foto’s fan Rachel en my te meitsjen. Ik wie sa entûsjast en fielde my lucky haha.. Hoe koe dit no samar op myn paad komme op dit momint? Hy sei dat der eins in AIRBNB boekt hie mar dat it dûbelboekt wie dus wie der no juns let toch mar nei Selina kaam.
Midden yn’e nacht is der in jonge bijkaam dy my wer wekker makke. Ik bin no redelik klear mei alle minsken dy ’t hieltyd let yn’e nacht oankomme en my telkens wekker meitsje.
Moarns betiid rap wat make up op dien en prebeare sa hurd mooglik wekker te wurden want oars soene it allegear slieperige foto’s wurde! Doe we nei it strân rûnen realiseerde ik my dat Rachel hielendal net op’e foto gong mar dat se allinne mar foto’s fan my meitsje soe. Dat hie ik net sa begrepen en ik tink dat se har dêrom achternei wat overbodig fielt hat omdat Derek (myn nije roommate) foaral alle foto’s makke. Letter is der efkes yn in flucht fan in sekonde wat gebeurd wêr Rachel pissig om wie en is per direct fuort run. Ik fun har reaksje nogal oerdreaun en woe it loslitte mar fielde my der rot om. Letter liet se my ek dúdlik witte dat se inderdaad pissig wie.
De fotoshoot wie machtig, de foto’s komme fest wol online, noja in pear. Mei Rachel sil ik it hooplik útprate.
Doe in oere letter krige ik ynienen de útnoadiging fan Derek om mei my mei te gean nei Tulum. Ik tocht nee man.. mar eins wol ik ek wol nei Tulum, dan ha’k dochs wat mear fan Mexico sjoen foar ik fuort gean en syn ferhaal en syn plannen leine my wol. Dus ik wit net HOE ik it sa snel beslisse koe mar ik ha in lyts taske mei spul pakt en hoppa we sieten yn’e collectivo op nei Tulum!
Ok, de rest fan’e tiisdei ha we eins net folle dien yn Tulum. We hawwe in airbnb, wol in prachtig moai skattig lyts húske wer 8 sliepplakken binne en it húske stiet midden tusken de lokale befolking. Dat is dan wol wer moai om te beleven. It mindere dêrfan is dat hjir allegear strjithunen binne. Ik ha my troch Derek fertelle litten dat dizze hunen net te fertrouwen binne en dat hy al ris oanfallen is jierren lyn. Ik gean dus sowieso leaver net allinne op paad hjir. Ik hie wat mear ferwachte fan Tulum eins.
It is hjir kalm en alles is ynienen wat goedkeaper omdat hjir 2 wiken lyn dy sjitparty west hat. Dêrom is it no feiliger as ooit omdat der oeral en nergens militairen , plysje en ekstra security runride en rinne.
We hawwe letter op’e middei 2 maten fan Derek ontmoeten dy elkoar hiel lang net sjoen hiene en sy binne op’t momint op harren ‘honeymoon’. We binne mei harren út iten west en sille moarn mei hun op paad.
Woansdei: Derek hat in auto hiert en we sille mei Mason en Lora op paad. Earst nei in ruïne. Ik moat earlik sein sizze dat ik net mega under de indruk bin fan de bulten stjinnen. It wie hyt, we moasten kilometers rinne, ik hie min slipt en ik bin gewoan wat sokke dingen betreft wat minder kultureel ynsteld ofsa. Doch my dan mar wat moaie natoer, dêr bin ik mear fan ûnder de indruk. Mar klear, we ha ús beweging han en der binne wat moaie foto’s makke.
Dêrnei nei in cenote! In hiele oars dan dy wêr ik mei Omer west bin. Dy wie yn’e butenlucht en dit wie echt ien sa ik um my foarsteld hie. In gat yn’e grun mei prachtig helder wetter wêrby allinne wat sinneljocht nei binnen komt fia it trepsgat boppe yn. Foto’s folgje!
We hiene noch folle mear plannen hjoed mar Derek fielde him sa freselik min dat it plan wie dat hy earst efkes in oerke sliepe soe en dan soen we ús trip ferfolgje. Letter bleek al snel dat Derek sa siik as in hûn is. Koartsig en warskynlik útdroege. Ik ha my dêrom mar wat prebearje te fermeitsjen yn it huske al wie dat net echt spektakulair. Hy baalde úteraard ferskrikkelik want hie hy my beloofd dat hy der foar soargje soe dat ik 2 machtige spektakulaire dagen ha soe 😉 Noja, tsjin sykte kin je fansels net op. We ha juns noch in poging dien om wat iten te heljen. We ha doe ynienen in hiel oar diel fan Tulum ontdekt. Ik tocht ik, der moat mear wêze as dit. Mar klear, we ha der hinne riden en werom want Derek gie hast út’e tiid sa siik wie der. Jun dus deljaan en moarn betiid werom nei myn feilige haventsje yn Playa del Carmen!
Tongersdei: Hjoed werom nei Playa, in soad dingen regelje en foar de rest geniete! Ik ha noch in ferekt lekkere massage han, dit wie tink it fijnste momint fan’e dei. Ik wit net wat de masseuze die, mar it fielde súver alsof se alle stress, angst, twifels en unsekerheid út myn liif wei massearde. It wie sa fijn, ik ha kompleet deljun en folop genoten! Ik wie best wol stressig oerdei omdat in oantal dingen dy ik regelje moast net sa maklik slagje woene. Ik krige de boardingpass mar net fia de mail, ha kilometers foar niks run om in test te dwaan etc etc. Op in gegeven momint ha’k mar besletten dat ik ophâlde moast, ik wie yncheckt en foar de rest fertrouwe op dat alles goed komt. Tas ynpakt en earst in bierke naam! Dit holp en makke my gelokkich wat kalmer haha! Foar de rest ha’k efkes bykletst mei minsken dy ik hjir kinnen leard ha. Ek noch efkes ôfskie naam fan Gaspar, myn mattie hjir yn’e strjitte wêr ik hast dageliks efkes in gesprekje mei hie.
Ik lear hjir op reis echt wat minder te plannen en foaral as ik ideeën hie, iepen te stean om se wer oan te pasjen. Sa hie’k ynienen in opwelling om de dúkinstrukteur (Clayton) dy út Texas komt en dy my al wat info jun hie, út te noadigjen om mei my in bierke te heljen by de bar op’e hoeke. Hjir woe ik hieltyd noch hinne omdat se ipv barkrukken skommels hawwe! Ta myn ferbazing wie Clayton wol yn foar in bierke want hy wie krekt klear mei syn wurk. Helaas wie der gjin romte mear op’e skommels. Clayton wist wol in better plak, de beergarten. Ik ha it idee dat ik Clayton syn help en tips noch wolris faker brûken gean yn Texas dus it like my wol in fijn idee om him wat better kinnen te learen. En sa sjoch je mar wer, sa komme je ek wer op leuke nije plakken telâne.
Juns hiene we in ‘new moon meditation’. Ta myn grutte ferbazing wiene der wol in stik as 15 minsken fan it hostel dy’t mei woene! Mei syn allen nei it strân, in aardig ein fuort sadat we wat mear rêst om ús hinne hiene. We sieten krekt, doe begûn it keihurd te spielen. Gau ús spul mar pakt en werom nei it hostel draaft, mar fansels sijktroch! De meditaasje ha we doe op ‘e rooftop holden. In moai plak, mar omdat it nogal stoarme en we wiet wiene wie it ferhipte kâld!
Uteindelik bin ik juns om healwei 10 noch út iten west mei Derek, de jonge dy’t juster sa siik wie en my folge hat fan Tulum werom nei Playa. Der wiene net folle restaurantsjes mear iepen mar somsss.. ha je ynienen gelok! It restaurant wêr ik ite woe mei myn jierdei mar doe folboekt wie, kamen we per ûngelok tsjin en der wie no wol romte. OOh, ik yt eins gjin pasta normaal sprutsen mar man oh man, wat wie dit ferhipte lekker! Ik plofte hast nei de tiid, mar dit wie hearlik!
Freed: eindelik wer goed slipt! Foar de lêtste kear nei it strân run om efkes doei te sizzen. Lêtste spul ynpakt, mei heit en mem belle, it iten en spul wat ik net meinimme koe ha ik oan Remona jun en doe elkenien doei sein! Spannend, here we go. Ja inderdaad, WE. Want Sherman hie ynienen fannemoarn ek besletten om toch ek mar mei te gean. Hy hat mei in maat fan him ôfpraat yn Dallas. Ik moat sizze dat ik wol wat wrang fielde haha. Jaloezie hoe hij sa snel yn 2 oeren alles betocht hie, regele en foar elkoar. In test dien, ticket kocht, spul ynpakt en yn’e bus hat der noch efkes yncheckt. Hjir hie ik dus de hiele wike stress fan han! Grrr… noja
TEXAS here I come! Ik sit op dit momint fan skriuwen yn’t fleantúch. 3 oeren fleane en dan kom ik oan yn Fort Worth/Dallas. Bart van Ruiten sil my dêr oppikke. Hy komt oorspronkelik út Wommels wei mar is immigreert nei Texas. Doe ik him frege om ynformaasje oer Texas sei der dat ik wolkom wie om by harren del te kommen. Dat ha ik dus mar mei 2 hannen oanpakt want niks is leuker om in plak kinnen te learen troch de eagen fan in ynwenner. Dan sjogge je en hearre je mear as in toerist. Ek fyn ik it ek wol hiel noflik dat ik op in fertroud plak bin en hooplik kinne se my wat tips en tricks mei jaan 😉