Thailân - reisavonturen

Blog 1 #Bangkok

Dêr gie ik dan, eindelik! Tsja eindelik.. want as je foar sa’n skoft fuort gean dan is der iets núvers wat der yn de lêtsten wiken bard. Noja bard, wat je fiele. Ik bin der net de ienige yn ha’k wol fernaam, in soad minsken hawwe der lêst fan. It is in núver/raar/min gefoel wat je bij je drage. Je witte dat it ôfskie der oan stiet te kommen, je wolle alles perfekt regele hawwe en je rinne troch dit núvere gefoel faak as in hin sûnder kop run. Smoardrok, mar je komme neat fierder en wyls je JUST sa fan de dingen genietsje wolle dy je missen gean, wol dat gewoan net ofsa.. Ik herkende it gefoel lyk wer fan Australië en foar Mexico. Dus as it dan ien kear echt de lêtste dagen binne, dan is it eins hast in marteling wêr je trochhinne moatte want dan ha’k eins sokiets fan: lit me no ek mar sa gau mooglik gean want ik wurd der allinne mar zenuwachtiger fan om elkenien doei te sizzen.

Dizze blog sil dizze kear noch wat mear gean oer wat ik sjoen/dien ha tink ik omdat ik fannewike yn Bangkok in soad earste yndrukken op dien hie.

De drokte by de douane

Mar klear! Dan sit je eindelik yn’e auto en begjint sinds dit jier ynienen de spanning as je úberhaupt je fleantúch wol optiid helje troch alle drokte by de douane! Pfff wat in stress.. Heit en mem ha op my wachte tot ik myn tas yncheckt hie (ik tink 3 kertier ofsa) en doe yn’e rij foar de douane, dit duorre ek wol efkes mar úteindelik (wyls it ek noch hjerstfakânsje wie) koe’k sels noch in oere chille. Pfieuw, dat ha we wer han!

Samar in reismaatsje

Sinds in skofke sit ik yn in whatsapp groep mei allegear minsken dy nei Thailân gean of der al binne. Der sitte sa’n 500 yn ofsa en it giet dus de hiele dei troch mei praat. Fansels folgje ik net alles, mar as je ris wat witte wolle, setst gewoan dyn fraach der yn en ist mar krekt as der en hoefolle antwurd der komt. Mar ek kin je maklik wat werom fine omdat de oaren it miskien al 10x frege ha. Dochs fijn foar in ekstra check en je ha faak in soad oan in oar syn ervaring. Sa frege ik samar: is der immen dy tafallich no nei Thailân ta giet 16.15? En ja warempel, Nathanael (nathan) appte werom dat hy it selde fleantúch hie. Dochs noflik. Want syn hostel siet ek noch by myntes yn’e buert dus we ha nei in prima flucht tegearre de bus pakt, jild omwisselt, in sim kaart kocht en doe ús eigen hostel op socht! Is dochs wol maklik en gesellich!

In spesjale earste jun..?

In oer as 6 ha we efkes wat iten fan’e strjitte (2 euro foar wat riis mei wat griente). Dêrnei besletten we gewoan efkes om te sjouwen, efkes nei de rivier rinne ofsa. Sa rinne we in strjitte yn wêr eins gjin toerist mear wie. Wyls ik doe hast tsjin in skeef oerhingjende beam oanrun, kamen we yn gesprek mei in Thaise man dy dêr tafallich ek run. Hy skrok der ek fan dat ik hast onthoofd wie troch de beam. Hy frege ynteresseare wêr we wei kamen en wat ús plan wie. Sa pratende wei joech der ús wat tips. Fijn tochten we, want dizze man hoegt der neat oan oer te hâlden qua ferdiensten, dus echt brûkbare ynfo.

We hiene namelik hearder al ervaren middeis dat se ús fanalles en noch wat oansmare wolle. We krigen self de oanbieding om foar 40 baht (1,20 ofsa) de hiele dei yn in tuktuk nei allerlei tempels te kinnen. No dat koe fansels net, dêr siet in addertje under it gêrs! 😉

Gelok?

Mar klear, dizze man fertelde ús dat it hjoed de dei fan de budhisten wie en dat we jun it best nei in spesjale tempel moesten, wêr allinne Thaise minsken kamen. Ek joech der ús it advies om nei dit en dat toeriste info saakje te gean omdat dizze júst gjin toeristische dingen oansmaarde, mar je brocht nei plakken wêr echte locals leefden. Precies wat my ynteressearret sa jim miskien wol witte ûndertusken. En ta beslút, we moasten foaral net mear as 40 baht jaan foar de tuktuk want dizze wike wie der in spesjale deal mei in tankstation dat se dan gratis benzine krigen!  Hy pakte in stikje papier út syn tas, skreaun de dingen op en joech it ús. Sa kaam der tafallich in tuktuk oan en dy hold der oan. Hy ferteld yn’t Thais wêr wy hinne moasten en de man frege 50 baht. Noooo nooo rôp de man, 40 baht!! En ok, de tuktuk rider gie akkoard. Nathan en ik seagen elkoar oan, dogge we dit? Mar we fielden ús sa spesjaal en it wie mar 40 baht, fansels namen we dizze spesjale oanbieding oan. Wat hiene wy in gelok!

We binne earst dus nei de earste tempel west. It wie juns dus it wie eins ticht mar we koene wol nei in gedeelte. Wyls we dêr stiene en de tuktuk fierderop wachte, kaam der in oare man nei ús ta by de tempel. Hy frege ferbaasd as wy boedhistisch wiene. No nee, dat wien we net. As we dan yn Bangkok wennen? Nee, dat ek net. Mar hoe wie it dan mooglik dat wy dêr telâne kamen!? Want der wie nea in toerist dy hjir kaam, en it wie in hiel hiel spesjaal momint dat we hjir wiene want dizze lucky buddha (of wie it no in oare namme..?) wie mar 1 of 2 kear per jier iepen! Syn broer gie trouwen binnekoart dus dêrfoar gie hy hjir hinne want it joech gelok yn harren hiele relaasje, dus wy wiene seker hiel gesegend! Wy fielden ús beide super spesjaal fansels! Wat hiene wy in gelok!

Doe troch nei it toeriste info center. We ha der tink al gau in oardel oere sitten. In super leuk, enthousiast froutsje (mei núvere Thaise gelûden tuskentroch), hie earst in hiele planning makke foar Nathan. Wat hy dwan KOE, wat se advisearde en wat it kosset. Nathan hat doe lyk foar in wike alles boekt.  Omdat it al aardig let wie, en ik toch net lyk alles boeke woe, beslisse koe en earst mear fergelykings materiaal woe binne we doe mar fierder gien. Op nei de lêtste tempel wêr fannejun fjoerwurk komme soe!

Dat fjoerwurk ha we net sjoen, de tempel wie ek ticht mar ’t wie opsich wol moai om te sjen mei alle ljochtsjes juns.

Doe we werom giene wiene we beide behoorlik kapot nei de hiele reis dus gau op bêd. Ik ha in fijn hostel! Rustig, in prive keamer en in tún wêr je sitte kinne en tagelyk in restaurant is. In keuken is der net, dat wie ik net went by hostels mar ik bin der al gau achter kaam dat dat by de measte hostels  hjir ûntbrekt omdat it iten op strjitte sa goedkeap is, en in supermerke ha’k hjir noch nea sjoen.

Woansdei: Noja, lit ik foar hjoed mar net alles yn detail fertelle.. Mar it komt der op del dat ik hjoed al in bytsje mear ervaring krige mei hoe it hjir wurket yn Thailân. Iederien wurket samen en hellet der op ien of oare manier syn centen út. De ‘random Thai’ juster op strjitte dy tafallich in fodsje papier by him hie en ús wat tips joech en dingen oanriede is blykber ek al tig minsken oerkaam. Elk hat sa syn eigen konneksjes! Want doe ik foar 40 baht graach de hiele dei fan de iene nei de oare tempel woe  MOAST ik ek perse nei in pear dingen wêr sy mei nei ta ha woene. Dat wie net MYN toeriste info, mar in oaren dy neffens hun noch folle better wie.

Ek koe it wol foar 40 baht marrr dan moasten we wol efkes dêr en dêr hinne sadat hy gratis benzine krige. No klear, ik fyn it dus gewoan ferekte lestig om te bepalen wa ik wol en net fertrouwe kin! En dat fyn’k net leuk, want ik gean altyd wol út fan it goeie yn in mins, en no wit ik dus net as ik der hjir wol op oan kin.

Puntsje by pealtsje, ha’k der foar fochten dat ik EK lâns myn eigen info froutsje gie en dy hat it ien en oar foar my útskreaun, tips jun en prizen jun. Ik hie noch neat kocht, ik woe der efkes oernei tinke. Ik kaam der allinne al wol achter, dat doe ik by dy oare toeriste zaak kaam, dat ik dêr foar exact itselde it dûbbele betelle!!! No dat joech my dus wol it fertrouwen dat myn eigen froutsje (Aon) in stik better te fertrouwen wie dan de oaren!

Ik bin nei in pear tempels west en it grutte paleis. De tuktuk rider sei doe der my dêr ofsette, dat it hjir eindige.. Ik sei: what? No way, you can’t just leave me here!!?? Mar hy wie der fan oertsjûge dat it paleis en de oare tempel wol in heale dei duorje soe dus hy koe sa lang net wachtsje. Ik ha der foar stride moatten en al myn charmes yn’e striid goait dat der toch akkoard gie mei dat der my 3 oere wer oppikke soe. Dat wie in oardel oere. Want ik kin mysels en ik wit dat ik it dochs net sa ynteressant fyn as de rest en gau útsjoen bin. In oardel oere wie mear as genôch!

Noja.. ik ha it úteindelik rêden wyls ik flein en draaft ha!! Pfffff.. it wie noch in hiel stik rinnen! En omdat ik samar in t shirt keapje moast en 500 baht betelje moast foar de yntree woe’k dochs ek baat foar myn jild ha. By de oare tempel ha’k dr hast trochhinne draaft! Ik tocht, ik hie lústerje moatten dat it idd safolle tiid koste marja. Ik fun it ek NET earlik as ik gewoan net op kaam dagen op tiid want hy wie sa leaf my dochs wer op te pikken.

Toch naait?

Hielendal beswit en búten adem kaam ik 15.05 oan op it plak wêr we ôfpraat hiene. Hy stie der net.. Der wiene in oare man dy dêr stie en my fertelde dat dy man dochs echt net op soe komme dagen. Ik bleaun stuf folhâlden dat ik der dochs echt wol op fertrouwde.. en oars, wie lyk myn fertrouwen yn de Thai aardig skeint. Ik ha der tink 20 minuten sitten en efkes wat bykaam. Doe ik dochs de man mar leaue moast dat myn tuktuk mantsje net komme soe. Grommend bin ik begun oan de rintocht fan 20 minuten yn’e hyte sinne.

Doe ik tink ik 7 min. Underweis wie hearde ik immen roppen!! MISS MISS!!! Ik draaide my om en warempel, dêr wie myn tuktuk rider!!! Hy wie wat te let, en hoopte dat ik net te lang wachte hie. Hy wie al by ús punt west en de man hie him ferteld dat ik mar rinnen gien wie. Fansels wie ik hiel bliid dat ik yn e tuktuk fierder koe en foaral. Dat ik TOCH wol op de Thai fertrouwe koe en myn gefoel dat ik tocht dat ik dizze man wol fertrouwe koe!

Myn earste Thaise massaazje

Juns hie’k samar it idee om in massaazje te nimmen. Yn elke strjitte  hast der sowieso wol 4 saakjes. Soms ek gewoan midden op strjitte

Tongersdei: hjoed myn eigen plan lutsen. Op’e hop on hop off boat by Chinatown west.. jemig sis, tis krekt of is dat aliexpress! Haha.. yndrukwekkend en in hiel soad prikkels! :S Foar de rest fan’e middei ha’k lekker op’e boat sitten! Tsja.. betelle foar in hiele dei op en ôf de boat, mar dus mar ien kear der ôf west.. noja klear, it wie ek mar 5 euro haha

In SKYbar en bleate pealdûnsjende froulju!

Fannewike wie ik op in terras yn gesprek kaam mei Tino. Ik leau dat der in jier as 50 wie en al 10 kear yn Thailân west wie. Hie joech my wat tips en as ik woe, woe der my gerust wat moaie plakjes sjen litte. Sa binne we dizze jun tegearre op nei sukhumwit setten. It ‘echte’ Bangkok sei hy. De wurkjende wrâld, de wolkekrabbers en in oare stap wereld. Ik ha it allegear mar op my ôf komme litten en my leidde litten troch Tino.

Earst 2 drankjes op in sky-bar. Op de 32e ferdjipping, in prachtig útsicht oer Bangkok, dat wie dochs wol efkes hiel moai! Hjirnei binne we rinnende gien nei soi 24 (soi is syd-strjitte neffens my). No.. dit wie wol efkes in oare wrâld! Gogo-bars, ik hie as naïeve boeredochter noch nea fan heard. Ik waard al behoorlik oan sjoen doe ik de strjitte yn run mei Tino want de measte froulju dy hjir wiene, runen yn harren underguod of oare schaars geklede tenue. In diel fan dizze froulju wie der puur om de minsken nei binnen te lokken en it oare diel fan de froulju stie YN de bar te dûnsjen om wat peallen om de mannen te ferleiden. Ik seach hjir foaral in soad âldere mannen út Japan en it westen. Allegear wyld mei Asiatische famkes/froulju. We hawwe yn sa’n club 1 drankje han. It wie in hiele belibbenis om te sjen en Tino fertelde dat dizze froulju net dwongen waarden om hjir te wêzen sa as it soms wol is yn Amsterdam as se fanút it bûtenlân komme ofsa.

Ik fun it wol wer in beleving om mei te meitsjen en ik hie it idee dat de froulju der ek wol wille yn hiene en foaral ek lol mei elkoar. Dochs die it my in hiel soad. It feit dat je je eins as frou-wêzende as in object behandelje litte. Ik bin hjir tink ik te gefoelig foar. Ik fiel safolle medelijden mei hun en it feit dat se dochs stik foar stik harren reden hawwe om hjir te wurkjen. Ik tink dat in hiele protte fan dizze fammen hiel unseker is en op dizze manier wol harren oandacht krije en sich gewild of spesjaal fiele. Fansels is dat moai, mar ik hie it fijner fun as se dit wurk der net foar nedig hiene om dat yn te sjen.

We binne hjirnei noch nei Hillary 2 west, in stikje fierderop mei de taxi. Hjir spile in live band, dat wie wol leuk mar ek hjir seach ik wer dat der foaral allegear frijgeselle mannen wiene (ek jongeren) en de aziatische famkes dy dat reuze ynteressant funen en om harren hinne hongen. Bliid dat ik dit net seach yn it gebied wêr ik sit mei myn hostel. Al mei al, ha Tino en ik moaie gesprekken han en wie it in hiele gesellige jun mei in soad yndrukken.

Freed: 7 oere der út. Utcheckt by it Lamphuhouse hostel en wyls ik noch oan myn ontbijtsje siet kaam der in famke nei my ta dy sei: ik mocht dy ophelje fan de taxi sjauffeur. Oh! Wow, hy is hearder as ferwachte dus. No hoi, ik bin Petra haha. Lêtste happen nei binnen wurke en doe gau nei de taksje ta. It is in oardel oere riden nei de ‘railway market’.

Ik kaam by Isa en Stan fia de whatsapp groep en sa ha we besletten mei syn 3en der hinne te gean en de taxi te dielen. De railway market wie leuk, al wie der neat oan de merke en Isa sels hast oer har nekke gie troch de gore fisklucht dy der hong! Marr.. doe de trein der dwars troch hinne flein en elke standhouder syn kraamke gau oan’e kant luts wie dat wol in hiele leuk ervaring om te sjen!

Doe troch nei de floated market. Warempel wiene we ynienen ferplicht in boat- ticket te keapjen want oars koest net iens by de market komme en koest neat sjen. Dêr hiene we gjin rekkening mei holden want der wie my ferteld dat dat KOE mar net HOEGDE. Se hiene ferskillende tickets, sommigen foar in hiele dei zelf inclusyf mei olifanten ride. We fleagen achteroer fan de priizen. We hiene mei opset de taxi dielt omdat it oars te djoer wie en no moasten we foar it allergoedkeapste kaartsje al 1500 baht betelje! Alle 3 sein we lyk dat we dat net dwan soene! Samar koen we doe foar 1000 baht pp. Noja dat wie al 500 baht minder mar noch steeds fierstente folle. Wyls it hjir dan wol net djoer is, it kostet wol allegear jild!

Efkes handelje

Wyls we dêr mei de hannen yn it hier stiene, kaam ik mei in oar plan. Wat no as we zogenaamd al ús jild bij elkoar sprokkelje en dat oanbiede. Se kaam fansels lyk mei it ekskuus dat we hjir ek wol pinne koene! Mar sa slim as ik wie fertelde ik har dat we fansels fanút feiligheid al ús passen yn it hostel litten hiene. Sa wiene we der oer út dat as we mei syn 3en 2000 baht fersamelden, dat we it dan wol woene. En ja hjer, ek hjir gie se mei akkoard. No dan hie it warskynlik ek wol hast foar noch minder kinnen haha.. noja we fielden ús aardig naait omdat it ús dus wol ferplichte waard.

We binne dus yn in boatsje stapt en binne sa by allegear kraamkes lâns faart. It wie leuk om te sjen, mar leau net dat it it jild wurrich wie. It wie allegear wat itselde spul wat der te keap wie.

Fuortdraaft sunder te beteljen

Ja, dat ha ik dien.. OOPS! Want nee ik die it net mei opset haha. Mar doe ik werom yn Lamphuhouse kaam om myn backpack op te heljen kaam der in Thais jonkje foarsichtig by my om my te sizzen dat ik fannemoarn de rekkening fan myn ontbijt net betelle hie! Oepssss… noja dat kaam fansels omdat Isa my op kaam pikken en ik sa hurd mooglik fuort gien bin. Ik ha it dus mar gau betelle en myn excuus oanbean 😉

Sneon: útkoest tot 10 oere! Blykber hie’k it nedig! Ik ha it stille hostel ferlitten, myn spul wer ynpakt en in ontbijtsje op Rambuttri naam. Ik koe gelokkich myn spul al kwyt by it hostel en sa bin ik 12.00 mei Isa nei Chatuchak setten. De grutste merke fan’e wrâld, dy hjir allinne yn’t wykein is. No moat ik sizze dat it my wat ôf en mei foel. It foel mei omdat it net sa grut en drok wie dan ik tocht. It foel my wat ôf wat ik dêr krije koe. Se hiene my ferteld, dat as je it hjir net fine koene, dat it dan nergens op’e wrâld wie. No nei myn miening is dat behoorlike bullshit. Der wie in soad, mar ek in soad itselde en sels dingen dy ik yn’e holle hie hjir te keapjen wien der net. Noja, it foardiel is dan mar wer dat ik tocht net folle keapje koe omdat ik fansels net fanôf de earste wike myn tas al foller ha wol. Ik ha it litte by in shirtsje fan 2 euro en in bikini.

Fierder ha’k hjoed de earste 2 nachten boekt foar Koh Chang (Koh Chang is in eilân) yn in hostel. (2x sa djoer as wêr ik no sliep en dan ha’k ek noch in prive keamer! Mar ja..) Ik ha efkes by kletst mei Juan (de argentinische jonge dy dus hjir wat heal wennet. Hy wurket de simmerskoften yn Noorwegen en dan kin der de rest fan’t jier gewoan reizigje en fakansje fiere yn Thailân!) en neidat ik iten hie ha’k mei Carlos (de Mexicaan) in drankje dien en sa myn lêtste jun wat trochbrocht yn Bangkok. Carlos is gewoan relaxed en gesellich en it feit dat ie út Mexico komt fyn’k leuk omdat ik dêr dochs gau moaie herinneringen oan ha. Ik merk dat ik hiel faak út automatisme Spaanse wurden brûk sinds ik dêr wist bin. It sit der dan sa automatisch yn om ‘gracias’ te sizzen yn pleats fan thank you ofsa.

Sneintemoarn 4.30 by de bus wêze. Koe net geweldig sliepe omdat ik benaud wie my te fersliepen. Mar dochs (op dit momint fan skriuwen) wekker genôch want sliepe wol net mear. De reis sil sa’n 5 oeren bus wêze, dan fan Trat (stedsje) nei de ferry, en dan mei de ferry in oere ofsa nei it eilân. Dêrwei wurd ik nei it hostel brocht en as it goed is, SOE ik dan fannemiddei al op’t strân lizze kinne!! Wiehoeeee, moat earlik sizze dat ik dat wol wat miste yn Bangkok mei dizze waarmte. Je wolle sa no en dan efkes ôfkuolje en in strân heard dochs wat by it moaie waar 😉

Foar de rest fannewike in soad minsken ontmoete, en leuke gesprekken han. Sa as bygelyks Daniël, in dútser dy op’e fyts op wei is nei Vietnam! Ynteressant sokke minsken en ferhalen. Qua iten moat ik noch wat myn paad fine. It Thaise iten is super goedkeap en erg lekker mar TOTAAL net paleo proof. It is sowieso mei riis of noodles en der giet troch elke saus in lading sûker en oare shit.. it fleis is der trochhinne flein dus dat fult ek net echt.. Mar klear it pittige falt 100 punten mei!

Myn plan is dus om dizze wike op Koh Chang te ferbliuwen omdat ik tongersdei myn jierdei dêr fiere sil. 😊

7 Comments

  • Tjikke Wijngaarden

    Hoi Peet, wát al wer in belevenissen!
    No, dat bytsje fleis, dêr hoegst net rouïch om te wêzen. Dat, en skeind fruit kinst better net ite. Wy ha yn 1989 nei Nepal west en dêr hiene se ús dû foar warskout!
    Ik winskje dy wer in fijne tiit dêr!
    Groetsjes fan Tjikke.

  • Peter Kusters

    Dochs noch efkes in reaksje posten hjir hear. Wat giest moai en wat hast in hearlike fibe. Hâld dat lekker fêst en bliuw genietsjen. Bliuw dy ferwûnderjen om al it moais yn en om dy hinne op dizze reis.

    Winskje dy no al in hiele fijne jierdei ta (bin ik ek ris de earste no). Hold on en pas goed op dysels!

    Leafs,

    Peter Kusters

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *