Thailân - reisavonturen

Blog 10 #werom fan Fryslân nei Pai!

Efkes werom yn Fryslân

Tsja poe he! Wat wie dat samar in ferrassing! wat in feest en beleving om as ferrassing werom nei hûs te kommen foar Kryst en âld en nij! Jimme hawwe fêst allegear it filmke al wol sjoen op youtube. De reis nei hús waard my noch ferekte spannend makke omdat ik dus hast it belangrykste fleantúch mistte, mar gelokkich is alles goed ôfrun. Undertusken hold ik heit en Timothy op’e hichte. Want dy wisten der fan en as der wol in fleantúch delstoarte soe of ik soe ergens kwytreitsje dan wiene der yn elts gefal 2 minsken oan beide kanten fan’e wrâld dy wisten wêr ik ergens wie.

Heit hie it trouwens ek spaans benaud krigen doe ik myn longen út it liif draafde om it fleantúch te heljen. Se hiene op dat momint thús stress om de boiler dy stikken wie en de oare wetterleidingen yn’e stâl dy befêzen wiene dus heit hie wol genôch stress oan’e kop en wyls dus ek noch stiekum mei my oer de telefoan sitte te stressen. Mem hie al sein: doch dat rotding oan’e kant, se begreep fansels net werom heit ynienen safolle op syn mobiel siet (want dat sit der eins nea).

Mar klear.. moaie ferrassingen, leuk om ek oare freonen te ferrassen en mei aardig protsje ha’k efkes ôfprate kinnen en gesellich bykletst. It wie efkes flink wenne fan de lekkere waarmte nei it iis te gean. Want de dei neidat ik oankaam ha’k lyk al efkes 20 minuten op it iis riden! Dêrnei 4 oeren lang mei heit mei op’e trekker foar de ljochtsjes elfstedentocht en lyk dêrnei mei gang 4 freondinnen ferrasse tidens in itentsje. Tsja as je dan toch thús binne moat je fansels alles beleve!

Ik ha dizze 2,5 wike by heit en mem yn’e hús wenne. Bykletse, mei mem puzzelje en de stêd yn, mei heit de stâl yn en sjen hoe it der no oan ta giet no de molkkij fuort binne. Kofjeleute mei de rock’n roll ploeg, leave wurden en dikke wille mei myn broer en sussen tidens in itentsje, âldjiersdei as vanouds fiert mei leave freonen en famylje, ek noch in nachtsje yn Grins koest en sels noch in nije ‘volger’ ontmoeten hahaha.. tefolle om op te neamen.

Foar je it witte wie it al Kryst en doe wie it yn 4 dagen en samar âld en nij en alwer tiid om nei hûs (Pai). (gek.. dat ik it beide ‘nei hús ta’ neam haha)

Tsja ik makke my súver efkes TE drok rûnom Kryst.. tefolle kontrole ha wolle en je fersette tsjin ‘wat is’. Ik woe der TEfolle úthelje en dan kin ik SA drok wêze om alles te krijen hoe ik it yn’e holle hie dat ik eins just alles mis. En tsja.. dat liet myn liif my dúdlik witte. As jo net lústerje, dan lit je liif it wol op in oare manier witte. Sa waard ik 2e krystdei wekker en skeat it my yn’e rêch.. Ik wist lyk hoe let it wie. Ik bin stapke foar stapke nei beneden run, mar doe ik op’e grûn lei koe’k al net mear oerein komme. De rest fan’e wike en sels underweis yn’t fleantúch ha’k hieltyd pynstillers han oars wie’t hast net te dwaan. Sels no in wike letter fiel ik it noch, mar it giet wol stikken better hjer!

Heftige jetlag: extreme nachten en núvere dagen

Poe.. ik wit net of’t ik hearder sa’n heftige jetlag han ha.. Ik ha yn ien rits de flucht fan amsterdam nei Bangkok dien en 2 oeren letter lyk de flucht fan Bangkok nei Chiang Mai. Dêr ha’k ien nacht koest. Noja, mear wekker lein omdat it tiidskema yn’e kop fansels yn’e war wie en myn rêch ferhipte sear die omdat ik sa lang sitten ha yn’t fleantúch. Yn’t fleantúch wie it ferekte kâld en troch myn rêch koe ‘k net noflik sitte dus ha net bepaald sliepe kinnen.

De oare deis lyk moarns troch mei it buske fan Chiang Mai nei Pai en begjin middei kaam ik oan. Ik wie sa doof as in kwartel troch it hichte ferskil en it reizigjen en wie uiteraard erg wurrig. It leafst woe ik lyk koese 2 oere middeis mar ik moast spitichgenôch tot juns 8!!! oere wachtsje tot eindelik myn bêd opmakke wie mei skjinne lekkens. Ik ha slipt as in baby!! 13,5 oere! potjandikkie.. wol om de 4 oeren wekker mar dan draaide ik my om en koeste wer fierder..

Moai tocht ik, ha we dat ek wer han. Ik bin bijslipt en de jetlag is klear.. No nee dus! Ondanks myn 13,5 oeren sliep hie ik in hiele minne dei.. Bah, it woe fan gjin meter. Unrustig yn’e kop, niks is goed en it fertrouwen yn it retreat wêr ik sa’n sin yn hie om te organisearjen wie ynienen FIER te finen!

De folgjende nacht.. 9 oere juns yn sliep fallen want wie noch steeds wurrich..waard ik 2 oeren letter wekker, ik tocht ohja, hie ik juster ek. Gewoan omdraaie en wer sliepen gean.. No jim wolle net witte wat ik wol net allegear prebearre ha dy nacht om wer yn sliep te fallen mar it slagge net!! 12 oere, 1, 2, 3 (mar wer ris appe, lêze, spultsje dwan, pisje etc etc) 4, 5 (HEELLP falt ik dan NOOIT mear yn sliep???) ja hjer 6.30 moarns bin’k wer yn sliep fallen en fansels hie mevrouw de wekker 8 oere.. *&^%$*%! Noja.. in minne nacht dus.. mar op ien of oare manier hie ‘k in PRACHTIGE dei!! Ik fielde my hearlik, siet wer fol fertrouwen, hie der sin yn en wie dankber foar alles om my hinne! Ik snapte der neat fan mar fun it wol hiel noflik! en sa gie it eins wat fierder dizze wike. Iene dei bleehhh, en dan de oare dei wer jippieee haha.. núver frommes bin’k soms ek! sa hurd dat it op en del gean kin!

Op paad mei Timothy

Freedtemiddei bin’k noch efkes spontaan mei Timothy der op út west. En ooh jonges, jim soene ris witte moatte wat ik allegear om my hinne sjoch, it is folle moaier as foto’s en filmkes. It is gewoan alles om je hinne. Ik tocht ooohh Peet, wat sonde eins dast YN it doarp wennest want búten Pai is it sa moai!! de riisfielden, de kij hjir en dêr, it fiere sicht, de bergen en oeral grien fan’e jungle, prachtig!! Timothy is frij rustig en wyls kakelje ik in ein hinne, mar we ha it gesellich tegearre 🙂 Timothy observeert alles en sei fannemoarn samar, “ooh this is a new mood, this is number 6!” Tsja ik wit it, ik bin net altyd deselde, en ik leau dat ik dat mear úterje dan de gemiddelde minsk. Dat hear ik wol faker.

Start cursus, sykje retreat

Dan hjir noch efkes in pear updates! Nei wat twifels ha’k dochs mei folle moed beslúten om kommende wike de massaazje kursus te gean dwaan yn pai bij ‘mr Baan and Joy’. Sy binne tige ervaren en hawwe alle certificaten fan’e ‘government’. Dus as ik aanst myn certificaat ha dan is it mear wurdig dan by oare skoallen ha’k my fertelle litten. No we sil it beleve!

Foar de rest bin ik eins konstant dwaande yn myn holle mei it retreat. (it hat my earlik sein sa no en dan wat TEfolle yn’e macht) It iene momint wol ik alles cancelje, want tsja dan kin je ek net fale en ûnderútgean. Dan ha’k gjin stress en kin’k lekker relaxed genietsje hjir. Mar in oar momint tink ik wer : PEET! toe no, ek al soest fale, dan hast it yn elk gefal prebearre! Wat is it ergste wat der barde kin? Doch it gewoan, ast it ien kear dien hast bist ferekte grutsk op dysels!! Der is altyd wol in ekskuus om it net te dwan.

Dusss.. Ik gean der foar! Hjoed bin’k mei Timothy op paad gien om wat plakken te besjen dy geskikt binne. Ik moat kommende wike knopen troch hakke, datum prikke en in flyer meitsje en minsken sjen te krijen! Hatsikidee, Go for it.. (wyls ik it ferekte spannend fyn!)

Dikke wille

Ja dit wol ik toch noch efkes fertelle.. Wat in wille ha ik hjoed han tidens it ontbijt. Timothy en ik soene te ontbijten. In restaurant wat bekend stie as tige sun en dat hâld hjir faak yn: VEGAN.. No bin ik fansels hielendal net vegan, mar faaks binne se yn sokke plakken wol wat bewuster fan sûn iten. Noja klear. Ik seach der nei út, hie honger as in hynder en koe fansels nea in keuze meitsje. Mar ta eintsje beslút miende ik dat ik in sprútsje salade besteld hie mei noch as ekstra menu mixte griente. Ik seach allerhande lekker boarden foarby kommen, al it iten like hjir super goed en in super soad.

Noja.. ik sit it mar koart halde… Ik krige gjin sprútsjes.. mar gewoan in boardfol mei simpelwei fan dy útspruten dinkjes. Ik wit efkes net de goeie benaming. en de mixte salade?? dat wie in pantsje mei in droeg blêd sla en NOCH mear fan dy gêrsdingen.. dit kin je toch net miene!! ik fielde my krekt in ko! Timothy en ik ha beide yn in skeur lein mar ik ha it braaf op iten. Heal fuortwurke mei de ‘lemonGRASS’ tee om alles mar yn it tema gêrs te hâlden.. noja gjin folle buk, wol lamme kaken fan it kôgjen mar yn elts gefal in soad wille han!!

Wurd ferfolge!

7 Comments

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *