Reisavonturen - Amerika

Blog 16 – Yn’e caravan @ Thonotosassa

En doe wie it ynienen in skoft stil op’e lijn..

Poahh it is al mear dan in wike lyn dat ik dingen opskreaun ha! Ik ha it hielendal efkes loslitten foarige wike mar ik sil prebearje te herinnerjen wat ik allegear dien ha.

Christmas presents

Mandei ha’k mei Hennita op paad west, efkes nei wat winkels om noch wat ‘Christmas gifts’ te keapjen foar Stephen en Reagan. Sa beneamde Hennita ek tusken mûle en lippen troch dat ik miskien wat romte meitsje moast yn myn koffer. Ohhh tocht ik, se hat dochs neat foar my kocht! Ik hie hjir gjin rekkening mei holden, ik wie al super dankber dat ik by harren wêze mei mei Kryst. Sy fiere it de dei letter mei de hiele famylje mei kadootsjes. Dus ondanks dat se hjir gjin 1e en 2e Krystdei hawwe, ha ik dat dus dit jier hjir wol in bytsje!

Ik wol fansels dan ek wat werom jaan! Mar wat? Ik wol fansels iets perfects jaan mar ik kin harren noch mar 2 dagen en HOE kin ik iets keapje sunder dat se it witte? Ik kin gjin kant op immers. Ik kin in fyts liene om in eintsje te fytsen mar folle mear as in supermerke nei 15 km fytsen ha ik net echt. Ik ha it earst mar efkes los litten.

Alwer iets wat op myn paad komt wêr ik fan leare wol

Nei de winkel binne we op’e tee west by Eva, ek in Nederlânske frou dy nei Amerika emigreert is. Se wenje op in prachtig plakje. We ha hiel wat kletst en letter kaam ek 1 fan harren soannen der by. Hy hat ferteld oer syn business, hy is 24 jier mar runt it mega business dy der sels begun is as hobby/bijbaantsje. Hy keapet 2e hânds klean en fernaait se tot nije. En it rint sa as in tierelier dat hy 1,9 miljoen folgers hat ofsa! Se keapje fan him oeral oer de wrâld!

We hawwe samar oeren en oeren praten oer fanalles. Business, je passie, filmkes, etc etc. Hiel interessant! Hy hat my in soad tips en advies jun, û.o. om tiktok te brûken en miskien de filmkes/vlogs koarter te meitsjen en út myn comfortzone te stappen en it ris yn it Engels te dwan. No wa wit. Ik ha oan it einde in boek fan him krigen. Ja, ja, noch in boek yn it Engels.. Mar ik leau en ik wit dat sokke dingen net foar neat op myn paad komme, ik wol en moat der wat mei dwan! 😊

Tiisdei ha’k in jonge kinnen leard dy hjir yn Tampa momenteel wennet. Hy hat my it ien en oar sjen litten. We hawwe hiele bysûndere gesprekken han, in moaie dei. Doe ik werom kaam by Stephen en Hennita betocht ik my ynienen: miskien kin dizze jonge my wol helpe mei Christmas gifts! Ik ha him frege of der noch in kear ôfprate woe om dan ek efkes mei my lâns in winkel te gean sadat ik wat keapje koe foar harren. Dat woe der wol, ek om mei my mei te tinken wat ik dan keapje helje soe. We soene dan de rest fan’e dei wat oars leuks utfine.

Liege

Wyls moast ik fansels wat oars tsjin Hennita en Stephen sizze. It moast fansels wol in ferrassing bliuwe. It wurd te langtridderig om alles te fertellen mar oh oh, wat ha ik fannewike in soad tsjin harren liege moatten. It shoppen foar de cadeaus duorre fansels FIERSTENTE lang! Dus we hawwe hast neat oars dien! Gelokkich hie dizze jonge (Bradley) alle geduld fan’e wrâld en brocht my fan’e iene nei de oare winkel. It pittige wie dat Stephen my wol 100 kear frege wat ik allegear sjoen hie fan Tampa, en wat ik beleefd hie.. Noja NIKS dus eins, niks oars as winkels, file’s en goeie gesprekken mei Bradley. Marja, dat ik dwaande wie mei harren Krystkadootsjes koe ik fansels net diele. Bliid doe snein de pakjes útpakt wiene en ik harren eindelik alles útlizze koe!

Ohja, fansels wolle jim witte wat ik úteindelik kocht ha. Noja ik ha it mysels net makkelik makke betink ik my achterôf. Ik woe fansels wat spesjaals hawwe. Iets wat harren hooplik fiele en witte litte soe hoe dankber ik wie dat ik by harren ferbliuwe mocht en dat ik iets achter liet wêroan se dat soene herinnerje. Geeske (myn suske) kaam mei it idee om in waarstien te meitsjen. En dat ha ik dien. Oeren socht yn allegear winkels om de goeie dingen by elkoar te krijen. Hout, ferf, stiften, etc.
Dêrneist ha’k iets creatiefs foar Hennita kocht omdat dy graach creatief bezig is. Foar Stephen ha’k iets grappigs fun. Ik fun it hiel moeilik om iets foar him te keapjen mar Bradley sei: Wêr hâld der fan? Uteindelik kamen we by geweren. Iets mei in gewear en warempel we funen in wc-rol hâlder as in gewear! Haha..  Ohja, tenslotte ek noch in spultsje: Skip-bo!

Myn earste ALIGATOR!

Freeds ha ik moarns earst mei Hennita en in freondin fan har oan it wandeljen west. Gewoan troch bewenne gebied, troch in park mei wat lytse plaskes wetter. Sinds se my hjir ferteld hawwe dat der oeral aligators sitte kinne wêr wetter. Prebearje ik by elke drup wetter dy ik sjoch te checken as der ek eagjen en in neus boppe it wetter útkomme!  En doe seach ik ynienen hjoed samar in aligator!! Ok, it wie dan wol in baby fan noch mar 1 meter lang ofsa, mar it wie in aligator! It idee dat der dan ek in mem wêze moat, en it idee dat we op in heale meter ôfstân fan it wetter rinne.. brrr haha.. mar wol sensaasje! 😉

Krystnacht

Middeis ha ik NOCH in kear mei Bradley te winkeljen west om de letste dinkjes foar de Krystcadeaus en omdat ik it fansels geheim hâlde woe ha ik by syn appartementsje oan’t skilderjen, mjitten en skriuwen west. Omdat Hennita en Stephen fansels wol wat op my pasje wolle wyls ik hjir bin wiene, woen se eins wol witte mei wa ik op paad wie. Want se fielden harren wol in bytsje ferantwurdelik foar my. En wyls Bradley gesellich mei nei binnen kaam en mei iten hat kaam sa ek ter sprake dat hy wol mei koe nei de Krystnachttsjinst.

We binne nei in Katholieke tsjerke gien hjir yn’e buert. Stephen is Katholiek opfoeden, fandêr dat se hjir no hinne gean. Allinne mei Kryst sa as ik begryp. Ik moat sizze dat elke kear tsjerke yn in oar lân in soad indruk achter lit. No dizze kear ek. Al moat ik wol sizze dat it hiel oars wie as de oare kearen. Alle gewoantes fan’e katholieke tsjerke bin ik net went en ik wist sa no en dan net wat my oerkaam of wêr we mei dwaande wiene. Knibbelje, in sjongende dominee, net alles ferstean kinne, rook, geuren etc. It wie wer in belevenis. Ik ha genoten fan de Krystferskes!

Kryst
Earlik sein ha we sneon op de echte Krystdei net folle geks dien. Kalm oan, lekker lunched, kletst, hapkes etc… snein we hjir mear Amerikaanske Kryst fiert mei alle cadeautsjes ensa. Se hiene Bradley ek útnoege omdat hy dit jier net Kryst fierde mei syn famylje. Ik hie hearder fannewike stroopwafels fun yn’e supermerke dus dy ha ik ynpakt as krystcadeau sadat hy ek in kadootsje hie 😉 Hiel sneaky ha ik myn oare kadootsjes der ek by lein op’e grutte stapel rûnom de krystbeam!

Off-Road

Moarns ha ik earst noch wat oars belibbe! Reagan hie my frege of ik ek mei off-road woe. Ik sei fansels, ek al wist ik net precies wat ik ferwachtsje moast. Off-road yn syn Jeep wurd fêst machtig! En dat wie it ek! Ik ha hiel wat filmkes en foto’s makke en ik fun it machtig! Ik hie de ôfrune 2 nachten eins net slipt, dus fielde my as in zombie mar dit wie in moaie manier om moarns wekker te wurden. Mei 4 jeeps binne we nei Hudson gien en ha dêr moaie routes riden. Filmkes folgje!

Utpakke, lekker ite en spultsjes dwan

Doe we ien kear los giene mei de cadeaus middeis, gie it razendsnel! Brooklyn (4) en Jameson (2) mochten in cadeau pakke en it ien fan ús lêze litte wat foar namme en dan lyk útpakke. Jameson fun dit noch lestig en begun fansels mei elk pakje út te pakken as nimmen oplette. Sa feroare it ynienen yn 10 minuten tot ien grut cadeau en útpak momint, sa rap dat ik net heal wist wêr ik sjen moast wat iederien eins krige. Moai om te sjen hoe hearlik gek en entûsjast as Brooklyn wie. Helemaal gek fan de cadeaus!

Ik ha sels ek noch samar super leuke kadootsjes krigen!! In badhanddoek en tas fan Florida, in kraslot en 2 nûmerboerd fan Florida en Texas!! Super leuk!! Echt brûkten, dus dy sille seker in moai plakje oan’e muorre krije thús!

Nei alle cadeaus ha we hearlik iten. Hennita hie har útslooft foar lekkere griente en bakte jirpels en Stephen hie sich op it fleis rjochten. Dêrnei hawwe we búten gesellich sitten en spultsjes dien 😊 hiel gesellich ek al wie ik behoorlik wurch.. Nachts ha ik dan ek in alderferskuorrendst djip slipt, eindelik 😉

Op’e boat

Omdat Stephen en Reagan noch frij hiene hiene se my en Bradley útnoege om mei te gean op’e boat fan in freon fan Stephen. Sa binne we moai op’e boat troch Tampa faart. Hiel leuk, want dan sjogge je de stêd fan in hiele oare kant! Weromreis wie it tsjuster dus doe wiene de ljochtsjes hiel moai op it wetter.

Efkes neat

Tiisdei en woansdei ha ik efkes alles op stop setten. Wyls dizze moaie aventoeren wat ik jim krekt allegear ferteld ha, is der undertusken ek mear gebeurd. Wêr ik no noch net folle oer sizze kin. Ik bin altyd hiel iepen en earlik, mar sommige dingen binne net geskikt foar yn dizze blog. Ik kin en wol der dus net tefolle oer sizze, wa wit komt der letter mear.. Ik kin wol sizze dat de kop behoorlik yn’e war west hat en dat ik it gefoel hie dat ik mysels al sa fier ferlern wie dat ik al myn fertrouwen yn alles kwyt wie. Dit is dan ek de reden dat it efkes wat stil wie fan dizze kant. Ik ha in wike neat oan’t skriuwen west, it stie allegear efkes stil.

Oef dêr skrikke je dan sa fan, want dat fielt dan as de echte ienige wurklikheid. It gefoel dat alle goeie dingen, it gefoel dat ik eindelik echt gelokkich bin, ynienen nep binne. Dat alles je troch de fingers glidet en je net mear witte wat je úberhaupt noch goed dogge of goed dien ha. No klear, miskien letter mear hjir oer of miskien yn’e foarm fan in blog. It is fansels myn ‘expeditie’, dit wie efkes in djip dal mar ik bin der wer!! En dêr bin ik ferskuorrendst dankber foar!

Oan’t de oare kear!

2 Comments

  • Geartsje

    Leave Peet, ik bin bliid te lêzen dat is sa goed mei dy giet! Datst leert hast de controle los te litten en te libjen yn it NO. Dan bliuwt der safolle energzjie oer om te genietsjen. Noch n pear dagen yn dit jier en dan op nei 2022! ’n Hiel soad LEAFDE fan ûs.
    Klaas Dirk en Geartsje, Jildou, Marije en Doutzen

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *