Thailân - reisavonturen

Blog 2 #Koh Chang

Samar alwer in wike foarby! Myn 2e wike op reis, en dizze wike op it eilân Koh Chang west, ik bliuw hjir ek noch efkes. Hoelang wit ik nog net.

Ik moat sizze dat ik earst nogal ferbaasd wie hoe leech it wie. We wiene mei in bus fol minsken fanút Bangkok hjir hinne, mar de helte gie nei in oar eilân. Ik tocht der sille wol in hiel soad bussen en maatskappijen wêze mar we bleken de ienigen, en sieten dan ek mar mei 20 man op’e ferry!! Dochs net te leauen? Neist my yn’e bus siet Amira. In dúts famke fan 25 jier. It wie wol tafallich dat wy ek tafallich beide yn itselde hostel sieten! We hawwe dêrom de earste 2 dagen ek tegearre trochbrocht. In soad kletst, en wyls de boel wat ferkenne!

Sa moai en sa stil!?

De earste dei tocht ik dat it puur om de omgeving fan ús hostel lei, dat it sa stil wie. Want ik stie eins perplex doe we it strân op runen. SA MOAI, SA PRACHTIG!! Mar wêrom binne der gjin minsken? Ús hostel is fijn, leave receptionisten en self in swimbad. We betelje dan ek wol krekt wat mear as by sommige oare hostels. It is hjir sa’n 15 euro per nacht en dat is eins best djoer foar hjir as je ek noch in deelde keamer ha mei 6 bêdden. Mar klear.

I’m on FIRE!!!!

De earste jun ha ik mei Amira it plakje yn west om in restaurant te sykjen. No hjir ha ik ek myn earste ‘fire’ ervaring han. Ik hie hiel dúdlik sein dat ik it NET pittig woe. Oh, mar dat koe wol, it soe absoluut net pittig wêze! Doe it iten foar my stie en ik in stikje oanrekke bruts it swit my út, die my alles sear en Amira seach it ek lyk. Ik ha der lyk immen by roppen, en sein dat ik sein hie NET pittig. Oh, sei de jonge, gjin probleem. Hy naam myn iten wer mei en nei in skoftke kaam it werom. It iten wie fan oranje feroare nei ljocht giel. Fêst in soad kokoscreme dr troch ofsa.. Noja no wie it ECHT net mear spicy seine se.. No.. ek nei in hap hjir fan die alles my seach. It wie wol WAT better mar foar my it hast net te dwan. Ik ha foaral mar in soad wite riis iten en wat stikjes fleis der út pikt. Lesson from Thailand: NO CURRY AT ALL FOR ME :S

Wyls ik mysels hieltyd better kinnen lear wurd ik faak confronteard mei it feit dat ik echt yn ALLES en EXTREEM gefoelich bin. Pittig iten is der ien fan, en ik kin it net helpe, it is foaral erg irritant. Sels sommige kauwgom is foar my al te pittig, dan wit jim ungefear oer wat foar level pittig ik it ha. Hehe.. Ek letter hjir in pear kear op Koh Chang wie it ferhipte pittig wyls ik hiel dúdlik sein hie NO SPICY AT ALL!! Haha.. soms meitsje se it opnij, soms laitsje se der om en moat ik iets oars bestelle omdat ik it gewoan echt net ite kin.

Troch de rein yn’e kroeg

Doe Amira en ik werom soene kaam it wetter werkelik mei geweld út’e loft! We ha gillend dr trochhinne draaft tot we fanôf de oare kant fan de dyk troch 2 Thaise froulju nei binnen roppen waarden, come over here!! We binne nei de doar draaft en fleagen nei binnen. Doe we om ús hinne seagen, seagen we dat we yn in kroegje belanden wiene dy runt waard troch allinne mar froulju. Gesellich efkes sitten en doe mar gau nei it hostel om lekker te koesen.

Op’e scooter!!

Moandei binne Amira en ik der middeis op út west om in scooter te huren om dan de west kust ris efkes te besjen. Wa wit fine we noch bettere plakjes wêr wat mear minsken binne! De receptionist skrok trouwens wol doe se hearde dat ik noch net hearder scooter riden hie. Noja ik sei heus wolris, mar net safolle en noch net op Thailân. Se seach lyk bleek en sei: hast wol sjoen wat foar diken it hjir binne? It giet op en del en allegear haarspeld bochten. Noja, ik sei ik ryd thús ek trekker en it sil wol goed komme! Haha..

No moat ik sizze dat de man fan de ferhuur ek 7 kleuren skite doe der seach dat Amira my útlei hoe de scooter oan moast ensa.. YOU NEVER DID THIS BEFORE?? Haha, ik sei oohjaa wol hjer, allinne sommige scooters wurkje wat oars miskien haha.. ik tocht noch aanst giet dr ek noch moeilik dwan omdat der tinkt dat ik net ride kin. Noja ik moat sizze dat ik wol efkes wenne moast, mar nei in dei racede ik oeral en nergens hinne. By de hierspjeld bochten stapvoets en kop dr by. En foar de rest ek wol kop dr by hjer, want it kin samar wêze dat der ynienen in gat yn’e dyk sit of de dyk is samar ôfsetten oan ien kant. Tis hjir allegear mooglik.

Apen, olifanten en white sand beach

We ha nei it boppeste plakje riden: ‘White sand beach’. Oh nee, we wiene it earst foarby riden. Kamen doe by it útsicht punt en doe we dêr stiene foto’s te meitsjen kamen der ynienen in stik as 15 apen op ús tarinnen!! Dat wie al efkes in machtige belevenis. Letter seagen we noch olifanten lâns de dyk. White sand beach wie eins net folle levendiger dan ús eigen plakje. Wol fijn om te witten, want dan miste ik neat haha… Hjir op it strân kamen wy Patrick tsjin út Canada dy samar in praatsje begun. Hy komt letter yn it ferhaal wol werom.

Bang bao

Fan it noarden binne we nei it súden fan it eilân riden, nei Bang bao. Moai útsicht en langzem oan dizze dei begun ik mear en mear te waardearen dat it ondanks it rustig is hjir, eins in hiel fijn eilân is! De rust ha ik miskien just wol efkes nedig. It is stil en de natoer komt eins folle moaier út. Je stean echt stil by de moaie kleuren, de vlinders, it kabeljende wetter etc.

Lonely beach

Op’e weromreis ha we noch efkes de sinsundergong sjoen en binne we nei it plakje west (lonely beach town) wêr alle backpackers te finen wêze moasten. No dit wie echt in spooky ghost lonely town.. It wie sa dea as in pier. Hmzz… Wol kneiterlûde muzyk yn’e nacht mar ik sjoch gjin kip!

Tiisdei

Tiisdei moast ik útchecke by Pajamas hostel en de scooter moast werom foar 12 oere. Ik bin dêrom fannemoarn mei Patrick nei it Noarden riden om in moaie wetterfal te besjen no ik de scooter noch hie. Iederien hat hjir eins scooters omdat de taxi’s gewoan net normaal folle jild freegje yn ferhâlding. Kinst foar 200/300 baht in dei in scooter hure en ien lyts stikje taxi is al 100. It punt is allinne dat ik fansels echt low low budget reizigje wol dus elke dei in scooter is toch wer sa’n 8 euro per dei extra en dat is eins itselde as in goedkeape nacht.  En Tsja de regel bliuwt, hoe cheaper ik leef, hoe langer ik reizigje kin.

Online lesjaan

Foar de rest ha ik hjoed de earste online les jun! Dat wie efkes útfûgelje hoe it wurke en as dat wat run. Ik bin namelik 3 wike foar myn fertrek starten om in âld learling bijles te jaan 2x yn’e wike. Hiel fijn eins, want ik ha der de tiid hjir foar en ik fyn it fijn om him echt efkes 1 op 1 de útlis en oandacht te jaan. It is soms efkes skakelje fan it reisleventsje nei ‘juf’ wêze mar as we ien kear kontakt ha dan ferjit ik alles om my hinne en bin ik wer efkes juf en genietsje ik der fan as ik fernim dat myn wurk helpt. Syn learkracht fernaam namelik al behoorlik ferskil wat betreft it rekkenjen, YES! 😀 dankber

Juns bin’k ferbleaun yn Kai bae. Foar mar 300 baht hie’k in bungalowtsje. Dat hâld yn: in sliepkeamer en douche en wc as in soart fan 2 under 1 kap. Gjin airconditioning mar in ‘fan’. Kai bae is juns erg leuk mar oerdei best dea.

Nature beach resort

Lit ik mar gjin wurden smoarch meitsje oan hoefolle tiid en energie it my koste hat om de keuze te meitsjen, mar ik bin úteindelik belanden yn ‘Nature beach resort’! ja ja, want heit en mem hiene sein dat se foar myn jierdei wol 2 nachtsjes wat mear luxe betelje woene. Super leaf! Want dit hat my echt al in earste jierdei gefoel jun. It is alsnog net mega djoer foar NL bedragen mar dit resort wie echt gezellig. It ienige plak wêr echt altyd minsken binne, famyljes en stellen, mar ek de backpackers komme hjir omdat it strân hjir moai is en it is gewoan in fijne sfear!

Ik ha noch efkes mei James en Emilio (myn beste matties fan myn foarige reis yn Mexico) belle, dat wie erg leuk! Middeis in online ôfspraak mei Janneke werby ik in traject folgje oer ‘familiesystemen’. Ek wer hiel ynteressant!

Ik ha ein fan’e dei noch efkes rinde nei lonely beach town west om in hostel te checken om hjirnei te ferbliuwen. Mar warempel, ek dat hostel is failliet gien en is ticht! Doe bin ik yn in kroegje belanden wer tafallich 2 minsken oan’e bar sieten. Dêr ha’k mar efkes in bierke dien en ik waard self wer nei hús brocht op’e scooter troch de eigener! Whaha, sa rustig dat je dus wol in soad oandacht krije haha en Thaise minsken binne hiel leaf.  

Oan’t wurk foar myn luxe suite by it resort

Fire show

Juns by it resort genoten fan in moaie fjoershow by it resort en doe nei in hearlike douche yn in mega grutte badkeamer under de hearlike tekkens kropen yn myn mega grutte bêd! Ik ha as in see stjêrke yn’t midden lein om safolle mooglik alle kanten fan it bêd te benutten haha! Hearlik koest! Ek noch mei in airco fansels!

Myn 33e jierdei

Ja ja, doe wie it dan echt sa fier! Myn jierdei!! Hearlik! Ik ha op facebook al it ien en oar dielt dus ik sil hjir net tefolle der oer sizze mar koart sein wie it gewoan geniete! Wekker wurde mei in meditaasje, swemme yn’e oceaan, noch in meditaasje, swembad, lux ontbijte, douche, chille, wat belje, massaazje oan’t strân, in toetje by it resort en juns nei de online les bin ik út iten west mei Patrick (omdat dy wat regele hie en net woe dat ik it allinne fierde!) Hy hie namelik oan’t hifkjen wist hjir en dêr wêr der hjir op it eilân in jierdeis taart te krijen wie! Sa super leaf!

It restaurant wat it wol regelje koe hat nei de oare kant fan’t eilân west om it ien en oar meitsje te litten foar my en juns nei in hearlik etentje kaam dan de taart mei myn namme der op by ús op tafel! Nei dit feesje soen we noch nei oare kroegjes ta om te feesten mar werkelik. It wie en is gewoan sa dea as in pier der yn dat plakje. We joegen it op en runen nei de scooter om nei hús te gean. Uiteraard mei de rest fan’e taart yn’e pûde mei nei hûs.

As je de striid opjoue en de ferwachtingen loslitte..

Tsja en doe ynienen hearden we noch muzyk yn e fierte en binne we samar yn in kroegje belanden mei allegear Thaise dronken froulju. We hawwe dikke wille han. Ek hjir krige ik noch in ferrassing doe se der achter kamen dat ik jierdei wie. In dienblêd mei 3 bierkes yn’t midden mei kearskes op’e dop en allegear ships der om hinne! Haha, super leuk no. Sjoch foar it filmke myn website of de link yn’e mail! Ohja.. de taart hat it trouwens net overleefd. Ik ha um de hiele jun rjochtop yn’e han holden tot ik werom wie by it resort doe plofte der underste boppe op’e grûn! Oepssss

De day after

Hjoed waard ik wer wekker yn it resort, wow! Hearlik! Mar 12 oere útchecke en ha dwaande wist mei myn earste vlog en de koarte video oer myn jierdei. No wie ik fan plan de vlogs per wike te dwan sadat se net sa lang binne… mar ferhip dizze earste wie toch alwer 27 minuten! Mar klear dat komt fansels omdat je yn it begjin alles foar it earst beleve.

Middeis ha ik in scooter huurt en bin ik mei Patrick nei in wetterfal flakby Kai bae gien, prachtig!

Sneon: de east-kant  fan Koh Chang

Hjoed in dagtripje nei de oare kant fan Koh Chang. Je kinne net in runtsje om it eilân dwan dus je moatte hielendal lâns de kust fia it noarden. Sa’n oardel tot 2 oeren riden as je sa no en dan ek ff snel stopje foar in foto. Prachtig is it, echt wier, echte jungle!!

We ha hjir oan’t kayakken west, in moaie wetterfal sjoen en oan’t einde nei long bay beach.. De lêtste foel freselik tsjin want der wie werkelik neat! Mar foar de rest wie it leuk! Foaral it riden op’e scooter jout je in fijne ‘breeze’ en de wetterfal wie hie moai! Je moatte wol klimme en klauterje om der te kommen troch de jungle, mar dan ha je ek wat!

Juns bin’k yncheckt by de bungalow wêr ik de 3e nacht ek wie. Ik fyn it mar ferekte lestig om in plakje te finen wêr ik alles ha wat ik wol. Ik ha trouwens sawiesa besletten dat ik hjir noch efkes bliuwe wol. It wie nogal hectisch mei keuzes ensa oer wêr te ferbliuwen en troch myn jierdei en ik ha no ek al hiel wat sjoen fan it eilân. Dan hoopje ik fan ôf no gewoan wat mear tot rust te kommen. Gjin fleanerij, mar kalm en tot myself komme. En foaral mediteare en wat mear djipgong krije yn pleats fan it unrustige wat der no noch wat yn my siet. Ik sil hjoed (snein) yn checke by Sea flower bungalows.

Ja ik wit it, ALWER in oar plak, it hinne en wer gereis, yn- en wer útpakke kostet in hiele soad tiid! Dus ik hoop dat ik fannacht GJIN herrie yn hutsje ha, en dat it plak my befalt en dat ik hjir BLIUW! Ik bin namelik no wol yn it deade plakje, mar ik bin op 10 minuutsjes rin-ôfstân nei Nature beach resort wêr ik gewoan it leafst omhingje, swem en wurkje. 😊

No dit wie it wer foar dizze wike, myn earste wike op Koh Chang! Oare wike mear!

One Comment

  • Tjikke Wijngaarden

    Ja jong, pittich iten! Kinst wol roppe fan no chili no pepper mar se kinne net sûnder! Dat makket foar hun de ,,smaak,,!
    En wy ha ek genôch apen sjoen yn Nepal.
    Foaral op plakken wer toeristen komme.
    Dêr is wat te halen….

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *