Blog 20 #Koh lanta–>Ao Nang –> Koh Samui –> Koh Phangan
Mr Long hostel @Ao Nang
Ik bin ien nachtsje yn Ao Nang ferbleaun. Ik koe namelik net yn ien dei fan Koh Lanta fia Ao Nang (om myn backpack op te pikken) nei Koh Samui. Ik fun warempel in hostel op airbnb wat hiel bysunder wie! HEARLIK! want ik fyn Ao nang eins niks, mar dit hostel wie back to nature, lekker hippy stijl, ik fielde my hielendal thús! Mr. Long is in portret opsich en it wie in prachtige lokaasje om video opnames te meitsjen foar de promoasje fideo en en de oare fideo’s dy ik meitsje woe foar de projecten wêr ik hieltyd mei dwaande bin!
Koh Samui
Koart mar krachtig, Koh Samui foel my ôf. Ik bin der 3 nachten west en siet miskien de earste 2 nachten ek net op it goeie plak. It moast IT fakânsje-oord wêze fan Thailân, mar blykber undertusken net mear. Ik ha ien dei op’e scooter in runtsje om it eilân dien en dat wie leuk! Ik ha hjir en dêr in foto’tsje makke en doorrr haha.. It waar wie bewolkt alle 3 dagen dus de sinsundergongen ha’k net mei krigen en dus ek net echt op’t strân lein ofsa. Wyls ik just fun dat ik wol in pear dagen fakânsje fertsjinne hie. Mar klear, blykber hie it universum wat oars foar my yn petto.
De wetterfallen ‘Na Mueang’ wiene prachtig!! en as immen ris op Koh Samui ferbliuwe wol dan yn elk gefal nei Lamai gean of nei fisherman village! Op it lêtste plakje ha ik de 3e nacht koest. Gesellich en netsjes hostel. Hoe ik der kommen bin pfff.. das in oar ferhaal hahha
Taxi’s, pech of just gelok?
As je hjir yn sokke toeristen plakjes runrinne dan wurd der constant oan alle kanten TAXI!!?? roppen. Se wolle foaral net dat je in stap tefolle dogge. No nim ik fansels NEA in taxi want Peet wol dat jild besparje, dêr kin ‘k namelik wol wer in miel iten foar helje! Haha.. Mar no op Samui moast ik der dochs oan leaue. Ik hie moarns myn suitcase en myn grutte backpack al op’e scooter nei it nije hostel brocht mar dêrnei moast ik de scooter ynleverje. Mei myn lêtste 2 tassen wie ik dêrom fan plan om in pear km oer it strân te rinnen rjochting fishermanvillage en as ik dan myn nocht hie soe ik nei de dyk en foar it lêtste stik in taxi nimme. Hoe fierder ik rin, hoe mear ik my besparje!! Haha, ja it is idioat soms, mar mem wol wat 😉
Ik tocht 3 ‘miggen yn ien klap’. Ik sjoch it strân fan Chaweng noch efkes, ik doch oan beweging en tagelyk besparje ik myn jild en kom tichterby. Noja.. tot sa fier gie it goed.
En de earste 2 wiene ek seker wier.. Mar doe ik nei in oere rinnen skjin myn nocht hie en de rêchtassen dochs wol swier waarden yn’e 35 graden beslúte ik om nei de dyk te gean en in taxi te pakken. Wat bleek… Petra hie dizze kear net goed genôch op google maps sjoen. Wat wie it gefal: yn pleats fan dat ik tichterby run wie, wie ik just folle fierder fan de dyk ôfrûn. It strân run namelik wat yn in oare rjochting dan ik tocht hmzzz… Ik hie skjin myn nocht en woe genôch jild jaan foar in taxi. Mar moast miene dat der op dat momint in taksje foarby komt!! NIET DUS!! dus ferfolgens NOCH in healoere oan’t rinnen west! Doe hie’k undertusken wol wer sa myn nocht dat ik it ek ferhipte om no noch in soad foar de taxi te beteljen.
Doe de earste scooter taxi dy ik seach my in mega bedrag frege tocht ik ferrek mar, dan rin ik noch leaver! Ik bin no toch al safier!! Doe ik de folgjende scooter taxi tsjinkaam woe ek dy my net bringe foar it jild, marrrrr hy sei: sitten gean op dizze stoel. Ik regel foar dy in tuktuk (blykber goedkeaper?) Mar warempel, NERGENS in tuktuk fansels. Ik sei tsjin de leave man dat ik wol wer fierder rinne soe want hjir sitte, dat sjitte ek neat op. Nee nee!! Sitten bliuwe, HY soe wol myn tuktuk betelje… HUH? Werom soe der??
Lang om let, der kaam gjin tuktuk en de man gie oerstach, hy soe my dan sels wol bringe! Dus ik achterop de scooter en hy brocht my nei it hostel (wat toch noch wol ferekte fier wie achterôf!) Doe ik ôfstapte en him it jild jaan woe skodde der syn holle. Ik mocht it wol hâlde… Ik stie perplex.. mar sa leaf en behulpsem binne sommige Thai dus ek seker. Ek dit barde HAST itselde de oare deis.
Ik rin no mei 2 swiere backpacks EN myn suitcase. Hie foar mysels al beslúten NET te besparjen op in taxi en mysels dy luxe te jaan hjoed. No hie ik frij snel in taxi dy my nei de pier bringe soe om nei Koh Phangan te gean. It wie wat priizig mar ik tocht, ach doch it mar. Kom ik oan, sil ik ynchecke by de pier.. seit de leave man achter de balie: Sorry madam, but this is not the right pier, you have to walk another kilometer back… WHAT???!!! Dat mienst net! No jou ik ris it jild út en no giet it mis! No ik ferekte om nogmaals it jild út te jaan, adem yn en út ennnnn rinne mar werrrr.. GRRRR.. no healwei stopte der fansels in taxi. Ik ha him earlik útlein dat ik eins myn budget al jun hie oan in oare taxi dy my nei it ferkearde plak brocht en dat ik dêrom wol rinne soe.. Hy seach my oan en sei: hup, stap mar yn mei alle koffers en tassen.. en ek dizze taksje sjauffeur woe gjin jild oannimme doe der my ôfsette 4 min. letter.. Al mei al, in soad beweging han en ek noch 2 gratis taksi ritsjes 😉
In goed gesprek mei Kazembe
Tsja, alwer in goed gesprek mei Kazembe. Ik sil it wat koart hâlde (hoop ik haha). Om earlik te wêzen wie der in bepaalde spanning tusken ús beiden. It flowde net, we begripe elkoar hieltyd ferkeard op’e whatsapp en dit soarget noch wolris foar frustraasje. Ik fernaam oan mysels dat it my unbewust in soad enerzjy kostet. It feit dat ik foar him wurkje sil. (Wêr HIEL bot it bewiizen en it goed dwaan wer nei boppe komt!) Wannear is it goed genôch? Ik wol mear jaan dan hy eigenlik ferwachtet, ik wol my bewiize dat ik inderdaad in goeie keus bin om mei te gearwurkjen. Ik woe him bewiize dat ik hurd wurkje kin, in soad foar elkoar krij, georganiseerd bin en dat der in HIEL soad oan my hat. Mar it woe net sa.. (en dat siet um puur by my hjer dat gefoel)
Onbewust wie ik dêrtroch koart ôf nei him, hold him wat op ôfstân ofsa en sa ik sei waarden we geregeld wat geïrriteerd troch elkoar. No juster ha we elkoar wer troffen op Koh Phangan. Want we soene oare wike moandei in workshop tegearre hjir organisearje. Ek dêr siet in soad spanning. DAT KIN toch net sa hurd? Ik kin it hiele eilân net iens, wêr helje we de minsken sa hurd wei, wat in druk, in stress mar tagelyk WOL ik it ek sa graach!! It soe sa leuk wêze en Kazembe hat der alle fertrouwen yn dus ik wol dat ek! (Unbewust alle seintsjes negeare dy my oanjouwe dat it my stress jout)
Koart mar krachtig. Juster doe we elkoar troffen ha we hiel lang oan’t praten west.. Oer dy frustraasje, oer ús miskommunikaasjes, oer ús machtig moaie iepen, earlike en kwetsbere gesprekken. En wat hiene we wer in prachtige ynsichten. Safolle dúdlikheid wat it ússels ek wer joech. En doe oan’t einde kaam samar de workshop ter sprake.. en hoe it sa snel koe ik wit it net. Mar we wiene earlik nei ússels ta dat it eins IDIOAT wie om dit te wollen yn sa’n koarte tiid! Wat jout it ús in stress. Kazembe is spesjaal nei it súden kaam foar dizze workshop mar we hawwe gewoan samar beslúten dat we it NET dogge.. Wat ha we ús der slop om lake. Wat in spanning moast der blykber út. Sa stom eins dat we ússels sa foar de gek holden hiene wyls it ús beide stress besoarge mar we woene NET op jaan.. En no diene we dat wol.. en wat fielde dat hearlik. Wat in wille ha wy han.. Ek ha we it oer it wurk han. Ik sei it leit um puur oan mysels hoe folle druk IK der op lis.
Kazembe wol júst dat ik my foaral rjochtsje op myn eigen dingen en fansels kin ik him helpe mei dingen mar miskien moat ik it oars beneame tsjin oer mysels. Ik help him wêr ik kin en wêr ik wol. En that’s it. Net beneame dat ik foar him wurkje as secretaresse ofsa want wannear is it dan goed genôch? No klear… in moai gesprek, mei prachtige ynsichten en in moai foarútsicht dat we gewoan lekker chillen gean deze dagen!!
Super koart mar krachtig, wat miskien op in oare manier werom komt (video of oar blog)
- Freedtejun in drumcircle! WOW wat in minsken ynienen en wat in enerzjy tidens de drumcircle fan 2 oeren!
- Nei 2 nachten yn in ‘party hostel’ sitten te hawwen, in oar hostel fun mei in keuken! YESS!
- Alwer freselik pine bealch elke moarn as ik ek mar iets yt.. Wat doch ik dochs ferkeard? Ik ha dit no sa faak han yn Thailân wyls ik yn Mexico eins pas foar’t earst siik wie nei 6 moarne! bleehhh
- In moai nij doel foar mysels op skreaun wat no it IENIGE is wêr ik oan wurkjen gean. 🙂 Ik sil der in aparte blog oer skriuwe 😉
- Eindelik sjoch ik hjir en dêr wat ‘pai-achtige’ minsken rinnen op Koh Phangan.. hippy’s, dreadlocks, tattoo’s oeral, prachtige klean etc etc.. It ferskil hjir is dat se wat mear ferspreid binne op it eilân mar ik sil se fêst mear en mear finen en moetsjen gean dizze dagen!
- OOHHH der komt in moai nij artikel oan! 😀
doeiiiiii, oan’t oare kear!
Klik hjir under foar de audio opname fan dizze blog!