Reisavonturen - Mexico II

#blog 22 noch steeds de kluts kwyt en in ommeswaai

Ik hoopte mysels wer aardig op’e rails te hawwen mar ik ha blykber mear te ferwurkjen dan ik my bewust bin. Ek dizze dagen run ik rûn as ik hin sunder kop. Ik mien dat ik oeral en nergens wêze moat mar ik bin nergens mei de kop der by. Sa no en dan ha ik in goed gesprek of lol mei wat freonen dy ik hjir undertusken makke ha en in momint letter bin’k mysels wer hielendal kwyt. Minsken stelle fragen wêr ik ynienen gjin antwurd mear op wit. Se freegje bygelyks wat myn doel is hjir, wat ik doch of wêrom ik my net hielendal goed fiel.

Ik wol dan gewoan antwurd jaan mar omdat der SAfolle yn my omspilet gean der safolle wurden en gedachten yn myn holle dat ik gewoan net mear in normale sin meitsje kin. Of ik bin ynienen it Engels kwyt en kin mysels net útdrukke. Hiel frustrerend. In sein foar my dat ik noch net mysels werom ha.

Ek merk ik dat ik net akseptear dat ik my sa fiel. Ik baal dat ik sa werom fallen bin. Ik wie hjir yn Selina degene dy oaren advies joech hoe en wat mei dingen om te gean. Ik wie opstarten mei ideeën om online te dwaan. De workshop, online cursus, de vlogs.. ik wie sa grutsk op mysels. No ha’k it idee dat ik fan dy berg ôfdondere bin en wer by start begjinne moat. It feit dat oaren MY no advies jouwe en dat ik dat nedig ha frustreerd my. Se sizze de dingen tsjin my dy ik foarhinne tsjin de oaren sei. Dingen dy ik dus wol wit of al leard ha mar sa fier fuortsakke binne of net mear oankomme.

in mini workshop fan in famke wat life coach is

20-keamer en op stap

De keamer mei 20 bêden is my meifallen moat ik earlik sizze. Ik ha wol wat freonen hjir troch makke en ik ha redelik slipt elke nacht. We binne mei in pear nei in oar hostel west foar in feesje (mar dat wie net hielendal myn ding). It op stap gean is hjir wol wat in dingetje. Der binne in hiele soad dy elke jun op stap gean en dan nei Santino bygelyks. Ien fan de grutte clubs hjir. Dat is gewoan net myn ding. Ik bin dus sneontejun nei it Che hostel sels der noch efkes op út west, fansels wer nei FAH.

Fah is it restaurant wêr se live musyk ha en altyd rock. Doe ik oankaam sneontejun by Fah hearde ik al in machtig nr draaien. Ik mocht allinne net nei binnen! It wie fol sei it famke by de doar. What? Ik bin mar allinne, der is heus wol romte foar allinne my, sa fol wie it hielndal net.. grr.. doe kaam der samar in âlde man fan út it restaurant nei my ta en sei tsjin it famke: ‘she is with me’. It famke seach wat núver en seach om har hinne en joech ús dêrnei in gebaar dat we it stil hâlde moasten omdat se eins nimmen mear binnen litte mocht. De man is mei my nei binnen run, en sei: Have a nice evening! Ik ha him fansels noch efkes hertlik tanke! Ik bin binnen!

Lyk in bierke bestelle tocht ik en dan genietsje fan de band. Ik hie krekt myn bier foar my stean en wyls ik betelle sei de sjonger fan de band: Thank you for tonight! Bye!  NEEEEE he… wie ik eindelik binnen en in bierke, stoppet de band! En op syk nei in oar plak koe net sa hurd want ik moast earst myn bierke opdrinke. In Dútser flak neist my seach syn kâns en begun in hiel gesprek. Nei in healoere hie ‘k wol aardig myn nocht en bin’k mei de smoes dat ik pisje moast der mar fantroch gien. Dêrnei fun’k it wol heilig, mar gau werom nei it hostel en lekker koese 😉 Ik wie trouwens dizze jun op paad op myn boots! Machtig haha, elkenien dy ik tsjinkaam fun se prachtig!

Snein bin’k nei it strân west mei de jonges dy ik hjir moete ha. Eindelik begjint it wat te kommen dat minsken sjogge dat ik hjir langer bliuw en bin en ik krij wat mear kontakt mei elkenien. We hawwe noch wat moaie nije sûne restaurants fun dus dat is ek wol fijn foar de takomst. Dit wie wer echt sa’n momint dat ik tocht, yes ik bin der wer. Mar blykber wie dit it foar hjoed. Hjirnei wie’k wer hielendal it paad bjuster. Ha skoften mediteard en in hiele soad stress der út jankt. Hjir nei fiel ik my altyd leech mar dan wol leech op in goeie manier. Opluchten want de druk is der ôf. Juns ha’k mei in pear in kaartspul spile, fijn 😊

Dit is toch te hilarisch foar wurden?? We gean út iten en krije boarden mei plastic der omhinne sadat se net hoege ôf te waskjen!!

Cursus fan in wike

It hostel bied dizze wike foar it earst in kursus oan foar de ‘co-workers’. Moarns in oere mediteare om 7.30 en middeis 4.30 in oere yoga. No ik tocht dit moat mar wêze. Ik leau dat ik dit wol brûke kin. Ik ha my dus opjun en moandei te moarn betiid de wekker foar de meditaasje. We wiene mar mei syn 2 mar dat fun’k hielendal net erg. Ik meditear normaal sprutsen elke dei 2 kear mar de meditaasje dy dizze jonge docht (Emilio) is hiel oars as wat ik doch dus ik fyn’t erg ynteressant om wer ris in oare manier oan te pakken. We binne folle mear dwaande mei it sykheljen.

De yoga middeis wie nogal intens. Ik hie opsich in prima dei han. Nei DHL west foar ynformaasje om in pakket te ferstjoeren (mar dat kost 213 euro!!!), nei de walmart foar iten en lunched mei de jonges. Nei dit allegear wie it blykber alwer tefolle foar dizze dei. De yoga nekte my hast. It famke wat dit joech wie hiel leaf, dêr net fan. Mar ik wie de IENIGE, dus alle oandacht wie rjochte op my. De bewegingen giene sa hurd fan de iene nei de oare dat ik der gewoan stress fan hie sa hurd fleagen we hinne en wer. Healwei krige ik alderferskuorrendst pine holle en doe ik hast understeboven stie, stie it janken my nader dan it laitsjen. Ik ha efkes pauze frege en dêrnei binne we troch gien. Ik woe my fansels net kinnen leare. De oare dei ha’k dochs mar earlik tsjin har sein dat de yoga momenteel wat tefolle is.

Juns ha’k hearlik iten makke. Ik moat sizze dat ik dêr wol wer enerzjy fan krige! Lekker myn eigen iten meitsje, it wie rêstig yn’e keuken en it iten wie hearlik. Dat wie wol efkes in gelok momintsje. Ik ha ekstra folle, dus moarn kin’k der ek noch fan ite 😉

Nei myn favoriete keamer!

Nei hjoed hie ik útsjoen. Utchecke moarns en middeis wer ynchecke nei de keamer wêr ik my eindelik settelje kin! Eindelik rust en my deljan, alles útstalle etc.. Nou dat foel dus efkes flink tsjin..:S
Troch ien of oare fout ha se my samar efkes yn in oare keamer pleatst! Hielendal it allerfierste plak wat je mar betinke kinne, 3 treppens heech en it alderfierst ôf fan de keuken en it wurkplak. Ik ha noch it bewiis sjen litten dat se it my beloofd hiene dat ik yn dy keamer koe mar se koene der neat oan dwan, der wiene no oaren yn’e keamer. Jeumig wat wie ik doe efkes flink lilk en fertrietig! Dit koe ik net brûke! Ik hie al safolle stress en muoite mysels oerein te hâlden.. Mar klear, de keamer wie wol stiller as de oare keamer mei 20 en der wiene 2 aardige jonges wêr ik de keamer mei dielde.

Snurk snurk..

Oohh man, wat in nacht mei dizze 2 kerels. Ik wie mei opset let op bêd gien sadat ik goed wurch wie. 12 oere foel ik yn sliep. Ik ha tink ik 2 oeren slipt oan’t ynienen 2 oere ien fan de keamergenoaten binnen kaam en it ljocht oanknalde. Wekker fansels! Dêrnei wie it allinne mar fan kwea tot erger. Ien fan’e jongens begun de snurken, en net in bytsje ek. Eardoppen yn, mar it snurken wie lûder.. Musyk lûd yn’e earen mar sels doe wie it snurken lûder.. Doe ik tocht dat it net erger koe begûn ek meneer 2 te snurken!! Ik ha it folholden oan’t 4 oere en doe wie ik sa skjin oan ein dat ik lûdop sei: CAN YOU PLEEAASSEE STOP SNORING!!! Ien fan’e jonges wie stil.. de oare snurkte lekker troch. Ik hie de neiging mei myn tekken buten op it beton sliepen te gean mar it is dizze wike sa ferekte kâld dat ik dat net oandoarde. Ik tink dat ik fan 6 tot 7 slipt ha en doe gie de wekker omdat ik 7.30 mediteare soe. Holy shit he, hoefolle kin in minske hawwe.

Bradley?

Wyls ik my sa naar fielde ôfrune wike ha ik ek kontakt han mei Bradley, hy fyn’t it hiel ferfelend en rot dat ik my sa fiel en dat ik my sa kapot fiel trochdat ik sa lang by him west ha. Hy wol alles foar my dwan, sels wol nei Mexico komme foar in pear dagen. Ik ha my earst sels ôffrege of dat slim wie of net. Want hy wie de reden wêrom ik my sa klote fiel en wêrom ik mysels kwyt bin. Wêrom soene je dan dygene útnoegje om WER te sjen? No ik ha it serieus oerwogen omdat ik gewoan ferhipte soad ferlet ha fan in lichamelike kroep, net in digitale mar gewoan yn immens earmen hingje en alle sooi der út janke. En aangezien ik hjir krekt wol wat minsken kin mar noch net sa close bin om myn hiele siel te dielen en út te gûlen, ha ik it oerwogen.

Loulou

Loulou is in prachtig moai en leaf famke hjir yn Selina dy ik kinnen leard ha. Ik ha it der wat mei har oer han hoe de situaasje is en om de beslissing te meitsjen sei se.. Lit it no los, net mear oernei tinke en ast moarnier wekker wurdst, it earst wast tinkst of fielst dat dochst. Dêrnei NET mear weromskakelje nei in oare keuze, want seker wete dyn holle sil dan gelyk it tsjinoer gestelde fiele. No dat ha’k dien. Doe ik tiisdei wekker waard en meditearde mei Emilio woe alles yn my in dikke kroep fan Bradley. Ik ha him doe lyk mar stjoerd dat ik graach woe dat der kaam en sa snel as mooglik, net in wike wachtsje. In healoere letter krige ik berjocht. Hy hie in vlucht boekt en soe yn 2 oeren al fleane! Jun komt der oan! Wowzie!

Ferwurking

Wyls stoarme der fansels fanalles troch my hinne. Mar ik ha hjoed in oantal dingen dien wat in hiel soad holpen hat. Ten earste ha ik mei Syb belle en alle sooi der út goait. Ik skamje my foaral foar in soad dingen. Dat ik it safier komme litten ha, dat ik net ferstandiger wie om hearder yn te sjen dat ik kapot gie, dat ik no sa weromfallen bin en dat ik mysels net ‘gewoan efkes’ herpakke kin.
It gesprek mei Syb hat my goed dien, der wie wer hiel wat druk fan’e ketel.

Dêrneist ha ik fannacht (omdat ik toch de hiele nacht wekker lei) betocht dat ik alles wat der yn my omspilet om Bradley opskriuwe wol yn in brief. Gewoan alle frustraasje, fragen en ek lilkens der út goaie. Ik sjoch hieltyd mear yn dat it net as sear fertriet is mar foaral ek lilkens wat yn my sit. It moat der út. Ik bin dus begun te skriuwen. Earst wist ik net heal wêr ik begjinne moast it wie sa’n chaos yn myn holle. Dochs mar begun en wyls musyk yn’e earen en de trinnen runen my sa no en dan oer de wangen. Wyls sit ik gewoan tusken allegear minsken dy oan’t wurk binne en it kin my gjin reet skele, de measten binne dochs dwaande mei harren eigen ding.

Nei in skofke seach ik Loulou sitten. Bin nei har tarûn, joech oan dat ik efkes in knuffel nedig hie en doe kamen de trinnen, ik skodde der fan. Leave meid dat se is want se fong my hiel leaf op. Der kaam blykber in soad nei boppe doe ik de brief oan’t skriuwen wie. Ik ha mei har en noch in freondinne (Monica) in hiel skoft praten, echt in peptalk! Nei in oere hie’k wer hiel wat enerzjy en ha ik de brief ôfmakke. It wie inmiddels 3 oere en ik hie mega pine kop mar wat in ontlading. Fijn dat ik dit allegear dien ha, ik fiel my in stik better. Juns ha’k wer mei in soad minsken kaartspultsjes spile. Momenteel binne der in hiel soad minsken út Ierlân, en alderraast wat ratelje dy hurd Engels!

Letter juns in oer as healwei 10 kaam Bradley oan. Hy ferbliuwt yn in airbnb net hiel fier hjirwei. It wie spannend mar ek hiel fijn om him wer te sjen.

Nachts ha ‘k yn’e airbnb slipt, noch in nacht mei dy snurkkerels koe ik net oan en moarn kin ik gelokkich EINDELIK!!! Nei de keamer wêr ik hinne wol!

Wurd ferfolge.. kommende dagen dus mei Bradley runbringe mar tagelyk mysels net wer ferlieze

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *