Thailân - reisavonturen

Blog 22 #Revalideare, de wiisman en de himel @Koh Phangan

Dizze blog begjint miskien wat bleehh mar hy eindigt yn’e himel 🙂 Haha.. Alles komt goed!!

Tsja wat moat ik der fan sizze nei de blog fan woansdei. Myn wike hat allinne mar yn’t thema stien fan it ûngelok. Minstens 2 kear per dei alle wonden ferskjinje en wer ynpakke. Hiel kalm en mindfull, yn’e 100 graden want it wie fannewike hyter as oait. As ien han net mear wurket, fernimme je ynienen hoe FRESELIK irritant it is. ALLES wol net, in fleske iepen dwan, knoop fan’e broek los, klean út en oan en dan ha je it allinne noch mar oer de basis dingen. Want iten meitsje duorret no oeren langer, en bijv scooterje foar wat frijheid of acroyoga wat my sa bliid makke is over en uit.

Ik wist dat dit oanjoech dat ik my deljan moast. Mar ondanks dat ik amper wat koe, slagge my dat mar dreech. Der kaam hieltyd wer wat op myn paad wêr ik folgens mysels noch wat mei moast of wat ik earst fikse woe.. Wyls dizze dame leard hat dat je it net elders sykje moatte, alles is hjir en no.

It flowde efkes net fannewike. Ik gie yn myn holle sitten, miende wer dat ik fanalles earst beslúte en betinke moast foar ik rust krije koe. Dat is toch iets typysk wêr ik wolris faker yn werom fal. 2 april moat ik Thailân út. Wêr sil ik hinne? Wat wol ik, wat kin ik, wêr ha ik behoefte oan? No fannewike wie wol dúdlik wêr ik behoefte oan hie. RUST!! In noflik plak wer ik super goedkeap en kalm op mysels wêze kin. Ik kin it hjir net sa best fine sunder de frijheid fan in scooter.

Tagelyk woe ik graach los fan 10 kilo! fuort der mei! Ik ha oan’t skiften west en bin mei de backpack nei it postkantoor west. Mei tas en de ynhâld dy ik wol kwyt wol, is it samen 10 kilo mar foaral in grutte doaze. Dat giet my 185 euro kosjen!!! In hiele ferlichting, mar dat is wol in HIEL soad jild! Allinne de ynhâld (5 kilo) kosset 92 euro.. Das ek in soad jild en dan sit ik noch steeds op skeept mei dy grutte backpack.. bleehhhh

Ik lit it los.. Draai troch yn alle keuzes.. Loslitte, dan komt it wol. En samar de oare dei ha’k besletten om moandei hjir wei te gean. Ik skip Koh Tao (ek al seit elk dat it prachtig is) ik ha net mear de enerzjy. Ik sil yn myn lêtste wike noch lâns it nationaal park: Khao Sok. Dêrnei gjin idee.. Laos siet konstant yn myn holle, rust, natoer en supergoedkeap. Supergoedkeap makket dat ik my deljan kin. Want no myn hûs leechstiet en alle kosten fan it súden en it ungelok meitsje it der net makliker op.

Wurd allinne wat bang praten troch de ferhalen oer dat Laos en Cambodja beide ek fol rook stean. Shit dêr gean myn opsjes. Der fljocht sels troch myn holle dat ik ek nei hûs kin. Dan hoech ik no neat op te stjoeren. Ik soe Aaipop meimeitsje kinne!

Tsja.. leuk betocht, mar ik wurd der by de gedachte al chagrijnig fan dat ik dan lyk kneiterhurd oan’t wurk en wa wit foar baan, wat my warskynlik allinne mar leechsûgt omdat it leven dêr sa djoer is. It ûnderwiis hat learkrachten nedig sizze se mar elke dei fan de iene nei de oare skoalle fleane ha’k 8 jier dien en dat is sa min. Je witte nea wer je oan ta binne, je kin je net foarbereide en ha gjin echte bân mei de bern. As ik it doch, dan wol ik it goed dwaan en der ek wat wille yn ha.

Yn Nederlân gean ik wer yn de stress en druk frequensje wêr ik sa gefoelich foar bin. Ik sil it wer kâld ha (ek al is’t net mear winter, leau mij, ik sil ferrekke). Ik fiel my hjir frijer. Ik foar foarig jier fernaam dat ik yn Fryslân hiel gau wer it gefoel ha dat as ik dêr bin dat ik ek wer mien dat ik oeral wêze moat. It moaist soe wêze om efkes foar Aaipop nei hús, 2 wike my deljan (en dan ek echt NIKS dwan) en dan wer fierder 😉

Oh oh oh, wat in frustraasje efkes wat der út moat! Hahaha

Finansjeel is it hast lyk om. As ik myn rekkeningen fan thús betelje en hjir super goedkeap leef as wanneer ik werom gean en it djoere libben betelje moat. Ek al kin ik dan gratis sliepe. It fertrou der dêrom noch steeds op dat der in tidelike huurder komt oan’t healwei juni.

PPfffff… wyls deze dame dus fannewike sa bewust is dat se yn har holle sit, lukt it my net der út te kommen..

Koh Phangan is in eilân wat bomfol sit mei yoga retreats, allegear healing skoallen, hippy’s en bysûndere dingen. Dêrfoar wie ik hjir kaam, en no kin ik dus eins amper wat. Want alle ynteressante dingen binne ferspreid oer it eilân. Ik baal fansels as in stekker, al wit ik wol dat alles mei in reden gebeurd. Alles giet sa it gean moat, t’is allegear goed sa it is..

De wiisman út Pai

It is net it grutste ding wat my bezig hâld mar op it momint fan skriuwen wol. De wiisman út Pai wêr ik hearder oer praten ha. De jonge dy syn leven útleeft omdat der mei in liif FOL mei pine en sykte sit. Ik seach him yn Pai hurd achterút gean. Ik hoopte dat it mar in momint wie. Hjir yn’t súden ha ik in soad oan him tocht. Ik koe it net loslitte. De wiize wurden mar ek syn pine. Ik wit net hoe..mar ik fiel it as in brok yn myn liif. Nimmen kin him helpe seit der en hy wol ek net dat minsken him helpe wolle.

Ik appte him fannewike.. en myn gefoel wie net mis. Hy fertelde dat der 2 hart oanfallen han hie. de earste wie heftig en hy wie ek aardig ferwûne op syn gesicht. Hy wie allinne en hat um sels nei hús krigen. Ik skrok, hy fansels net. Hy hie miskien wol hope dat it liif it opjûn hie mar hy kaam werom en wie noch te sterk. Hjoed ha ik him in filmke stjoerd mei in ferhaal wat ik him noch hieltyd graach sizze woe. Wurden dy hy miskien wol net hearre wol mar dy ik graach wol diele woe foar as der net mear yn dit lichaam is. Hy seit no dat der wer 2 lytse hertoanfallen hat en no mar gewoan yn bêd leit.

Ik fiel my machteloos fanút hjir, kin neat dwaan en wat hie ik graach dizze jongeman ALLES jun wat ik ha. Al is it in kroep sunder wurden. Gewoan oan syn side stean. Ik tocht God, as der gean wol, lit him dan mar gean, hy hat al sa ferskriklik striden, lit him mar gean…

Fan de wiisman nei de himel 😉

Fanút dit ferhaal oer him is it in lyts stapke nei de sin dy my der hjoed wat trochhinne hellet. Fannemoarn lústere is wer in stikje nei : in ongewoon gesprek met God. Ik waard der allinne mar mear fan yn’e war. Ik wist efkes net mear hoe ik it ha moast mei alles wiisheid en kennis by elkoar. Ik fersoop der wat yn. Dochs kaam letter ynienen út it niks in sin yn my werom dy ynienen binnenkaam. En tagelyk ek wer kompleet oerien kamen mei wurden fan de wiisman.

Dizze wiisman sei immers: jim minsken binne altyd mar op syk, nei iets tot it better is. Mar it is nergens better, it ieinige is no. En de sin út it boek wie: leef net sus of so omdast nei de himel wolst of omdat it aanst better is. Want do bist NO yn’e himel.

Huh no? Ja… wa seit dat dat net sa is? Wat no as dit, wêrsto no bist, dat dit de himel is.. Ik liet it efkes binnenkomme. It joech rêst…en ik seach it ynienen efkes oars. Hjir wêr ik bin, ik sjoch om my hinne.. Ik bin no yn’e himel.. hmm… dy hâld ik der yn hjoed.. Ik laitsje ynienen nei de minsken, nim de gedachten wat minder serieus…

Lit ik it hjir mar by hâlde hjoed.. myn pols kin net mear oan (dizze blog hat al 30 pauzes han foar myn pols haha)

Oan’t oare wike!!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *