Reisavonturen - Barra de Navidad

#Blog 29 Op nei Puerto Escondido / Barra de navidad

Tiisdei te jun ha ik fan Emilio noch in nije meditaasje techniek leard. We moatte it ljocht trochjaan en no flugger dan plant sei Emilio om alles wat der geande is yn’e wrâld. In pittige techniek is dit moat ik sizze. Elke moarn en jun in kertier dizze techniek dwaan. Ik sil myn bêst dwan en dan kin ik letter de fruchten plukke!

Ik tink as dankberheid fan Al, hat hy my in taksje oanbean dy my nei de airport brocht. Oars moast ik mei de bus mar no stoppe de taxi rjocht foar myn hotel en sette my precies ôf wêr ik wêze moast. Dit wie wol efkes hiel lux en ik wie him hjir hiel dankber foar!

Yn Puerto Escondido oankaam, pikte Nayeli my op. Sy is fan it hostel, noja WIE. Want krekt foardat se my oppikte hie se de sleutel oerjun oan de folgjende eigener. Dat wie wol efkes pittig fansels. Se woe dêrom alle tiid foar my nimme om my de stêd sjen te litten en juns hat se my al myn earste les Spaans jun.

Gjin Engels mear..

Tsja.. Barra de navidad.. wat sille we dêr fan sizze.. in kompleet oare wrâld dat is seker! En ik moat earlik sizze dat de oergong fan toeristisch playa del Carmen nei hjir wol hiel grut is! Puerto Escondido is iets toeristisch mar Barra de Navidad oan’e oare kant fan’e rivier is kompleet oars. Gjin inkele toerist en in blond persoan ha se neffens my noch nea sjoen. Ek Engels prate kinne se hjir net, ik sil der oan liuwe moatte om myn Spaans hurd te learen! It is stil hjir, hiel stil.. Noja, in soad blaffende en wylde hûnen en hoarnen oeral! Hoarnen foar it fjochtsjen fertelde Nayeli my en de hûnen binne oeral en nergens omdat se hjir simpelwei gjin jild ha om de bisten te castrearen.

Ek de omgeving is oars, bergen en heuvels en mear grien. It hostel hat gjin airco, gjin waarm wetter yn’e douche mar wol in prive keamer en in dielde keuken. Ik moat gewoan wer efkes wenne en myn plakje fine.

In kompleet oare wrâld mar ik sjoch no ek wol mear yn dat Playa del Carmen wol echt in gekkeboel is en ik wit net as ik dat wol wer wol..

We sille sjen, ik bin hiel benijd hoe myn tiid hjir yn Barra de navidad wêze sil!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *