#blog 35 Oaxaca city en op nei Mexico city
Ik bin sneins noch echt wat in zombie west mar ha der mar net te moeilik oer dien. Oerdei gewoan trochgean en ôfleiding sykje. Yn dit hostel sitte sa as hast oeral wer ôfgriselik soad Nederlanders. Ik fyn dat soms net altyd leuk. It fielt alsof je nei Spanje nei Lloret de mar gean wêr sels it Spaanse personiel NL praat. Dochs trof ik hjir wol in pear hiele gesellige Nederlânders! Ik bin sneins lyk mei 2 fruolju it stêdsje yn west, hiel gesellich omdat ik eins neat ferwachte hie fan dizze dei. De twa froulju bleken suskes te wêzen en binne tegearre op reis, al giet de âldste sus oer in moarne werom. Ik ha yn dizze dagen wol faker ris efkes mei dizze froulju fuort west, hiel gesellich!
We ha lekker omstrúnt yn Oaxaca city. It is yn myn eagen echt in kompleet oare stêd en sfear as de plakken wêr ik oan’t no ta west ha. It is de earste stêd NET oan’e kust en de sfear is oars. It is minder toeristisch en it docht my wat mear tinken oan Italië. In plein wêr it te beleven is, tsjerken, en terraskes hjir en dêr. Ek stiet Oaxaca bekend om’e merken, en dêr hâld ik dan wol wer hiel erg fan 😀
Foar de rest as je troch de stêd hinne rinne en je sjogge nei de gebouwen en de strjitten dan is der eins neat oan. Alles is rjocht en sljocht. De strjitten binne allegear blokken en fjouwerkantsjes dus herkenning fun ik dreech. En dan dus alle gebouwen. As it no húzen binne, winkels, restaurants of zakelike dingen. Alles is fan beton en rjocht en sljocht. It beton hat faaks wol alle kleuren en dat makket it dan noch wat better mar dan ha je it ek sein. Ik fyn’t dus net moai en it noadiget ABSOLUUT net út. Mar dochs.. as je dan ynienen earne rjocht foar in iepen doar stean en je kinne nei binnen sjen dan sjoch je dus soms dat der in kompleet oare wereld achter sit!
Krekt as by myn hostel. Ik krige it spaans benaud doe ik myn hostel seach.. Huh? Here?? But this is no hostel!! It wie gewoan in garagedoar! Mar ek hjir, as je de garagedoar iepen dogge sit dêr ynienen in hiel gesellich, knus en jungle-achtig hostel ferstoppe! Ik ha my dus hjir en dêr wol ferbaasd oer wat der soms ynienen achter in doar siet.
Wat ha ik dien yn Oaxaca?
Ik ha eins mar 2,5 dei echt yn Oaxaca west. Te koart fun ik sels om in toer te dwan nei wat dingen wêrfan iederien seit dat ik it dwan moat. Tsja dêr ha je it wer. Ik waard wer behoorlik triggere troch dat iederien elke dei oeral en nearne hinne gie en dat ik dat net die. Ik koe dochs net dit of dat misse sein se dan? Dochs ha ik lekker myn eigen ding dien en ik ha der achternei gjin spyt fan. Al hie ik wol mear sjen wollen, de online cursus frege ek noch steeds in soad tiid fan my dus dêr bin ik eins elke moarn fan 7 tot 1 mei dwaande west. Ik bin der hast wol klear mei!! Pfff.. hieltyd wer nije dingen dy der by komme, teksten oanpasje, kleuren, dingen dy net wurkje.. bleehh
Op’t fytske en ‘mole’ ite!
Marrr.. middeis ha’k der wol op út west. Je koene in fyts hure fan it hostel en hoppa sa wie ik samar efkes in nei in oare buert fytst. Ik moat sizze dat de fyts net oerhold en dat de diken net echt makke binne op fytsen. It binne in soad hege stjinnen en gatten dus nei 2 oeren koe ik hast net mear sitte op’t sadel. Ik bin fansels ek gjin fyts mear went, haha. Ik ha moaie muorre skilderingen sjoen en lekker op’e strún west. Mandei te jun ha we mei syn 6en (incl de twa suskes) in ‘mole’ proeverij han. Dat is typysk fan dizze streek en fansels moasten we it prebearje. En wat dat is?
No Mole is in soart fan saus. Se dogge it soms by fleis ofsa mar hjir iten we it mei tortillas. Dus je krije tortilla’s (sis mar wraps) en dy dippe je wat yn’e saus. It wie in moaie ervaring en we ha ferskillende smaakjes han, mar we wiene der eins allegear net understeboppe fan. De sauzen sjogge der brun, zwart of grien út en ha wat in smaak fan brune beannen. Mar dan mixt mei núten, krûden of self cacao. Ik fun’t soms mar núvere kombinaasjes. Mar we hiene it gesellich!
Sels op’e strún
Doe ik ek tiisdei te moarn de hiele tiid wer wurke hie (wyls iederien by my lâns run om dag te sizzen omdat se op in toer giene) en ik behoorlik de smoar der yn hie, ha ik myn eigen aventoer creeërt. Dizze dame soe wol efkes rap yn in pear oerkes allegear dingen op’e fyts by lâns race en dan hie ik tenminste ek hiel wat kultuer snúft!
Dus wylst myn kont noch sear die fan ’t rottige sadel fan juster stapte ik wer op dy ferhipte fyts oer de rottige stjinnen te hobbeljen. Ik ha de gang der yn setten, snel wat foto’s hjir en dêr en warempel hie ik nei 2 oerkes in buert besjoen, Oaxaca tapijtsjes, in postzegel museum (yn 10 minuten!), in tsjerke fan búten en sa wat fan dy dinkjes. Doe woe ik noch sa graach op sa’n terras oan’t plein sitte. Yes, dat fun’k hearlik! En nei in lekkere salada mei aqua del fruta bin ik de merke oer gien.
Doe fleach de tiid foarby want ik naam de tiid haha. Ik ha oeral lekker oan’t sneupen west en oohhh wat docht it dan soms sear dat je eins neat keapje kinne omdat ik it gewoan net mear ergens drage kin! In earmbandsje, en souvenierkes foar in pear freondinnen en ja warempel. Peet hat it oandoart om samar in Mexicaans Oaxaans shirtsje te keapjen haha.. Ik ha it lyk mar oan dien en ik fielde my der lyk tusken pasjen. Al moat ik sizze dat ik my wol hiel erg oansjoen fielde!
Woansdei op nei Mexico city
Wat it wie de lêtste dagen ik wit it net, mar ik wie gewoan konstant wat zenuwachtig. Ik wie net lekker yn myn hum. It feit dat ‘k de kursus noch net klear ha sit my achter, it feit dat ik sa snel wer fierder reizigje, hoe it komt allegear, wêr ik kom en dan tongersdei in sollicitaasje gesprek online! Ik merk ek oan alles dat it my totaaaal net sint dat ik alles no plant ha oan’t ik fuort gean. Ik fiel my net mear frij, ik kin net spontaan mear dingen dwaan sis mar. It einde sit my al op’e hielen.
Mei pine búk fan alle stress ha’k woansdei te moarn ontbijt nei binnen wurke en doe gau mei de taxi nei de bus. Ik hie um noch hast mist ek omdat it ferkear hielendal fêst siet. Ik moat sizze dat de spanning no yn’e bus (op momint fan skriuwen) al aardig sakke is. Ik sit yn’e goeie bus, Emilio en James wachtsje my op en dan gean we dus as ferrassing nei syn mem ta. Ik sil jim witte litte hoe har reaksje is.
Ek ha ik foar mysels efkes wat dingen op in rijtsje setten oer it sollicitaasje gesprek. De druk der wat ôfhelle en my goed foarbereiden. Dêr hie’k moai tiid foar yn de 7 oeren bustiid. Noja, 7 oeren wie de planning.. mar it is no al 7 oeren fierder en ik moat noch minstens 100 km :S oei oei.. hoe komt dit no wer.. de laptop is no earst leech, ik typ letter wer fierder 😉
Oankaam yn Mexico city!
Poahhh.. no dy 7 oeren waarden 10 oeren! File, file.. ik moat sizze dat ik it net sa erg fun. Ik bin undertusken went oan de lange ritten en ik siet prima.. Ik fun it allinne wol hiel ferfelend dat ik wat hongerig waard en dat Emilio en James al sinds 12.30 op my wachten en ik kaam pas nei 7 oere juns oan! Ik ha tidens in plas-stop noch hap-klare taco’s kocht. Mar oh hemel. Dit wiene de ferskrikkelikste taco’s dy ik oan’t no ta sjoen ha! 6 foar 30 peso.. ik tocht huh? Mar tsja de kwaliteit sei dus werom (30 peso is ung. 1,40 ofsa) Se swommen yn it fet.. en der siet amper wat tusken.. 2 mei smotste bearnen, 2 mei stampte jirpel en 2 mei iets as fleis.. haha noja klear ik hie wat yn’t liif 😉. Hiel fijn om Emilio en James wer te sjen!
Emilio’s mem ferrasse!
Ik miende dat we der no wiene eindelik yn Mexico City mar omdat de stêd minstens 7 kear grutter is as Amsterdam duorre it noch wol in oere foar we by Emilio’s hús kamen. In appartement, in prachtig hús! Echt wier, ik wist net sa goed wat ik ferwachtsje moast mar ik fun dit hiel moai en noflik! We ha syn mem mei de lift nei beneden lokke trochdat Emilio syn beppe belle leau ik en dy sei dat syn mem mar efkes nei de resepsje ofsa moast. Doe se út’e lift kaam stie Emilio dêr ynienen! Ik ha it filme, dus it komt oer in skoft yn’e vlog werom! Se wien fansels super bliid him te sjen! Doe nei boppe en syn broerke ferrasse, dy wie ek hielendal underste boppe dat syn broer dêr ynienen stie! Patricio, Emilio syn broerke, is 17 jier en soe de kommende nacht krekt nei Cancun fleane foar fakânsje en as ferrassing ek nei EMilio! Dat wie dus wol efkes flink dubbel mar hy komt moandei werom en dan binne wy der fansels ek noch! Ek syn mem hie eins mei sillen op fekânsje nei Cancun.. GELOKKIG koe se net frij krije, oars hiene wy hjir as ferrassing stien en hiene sy beide fertrokken! Hahaha
Syn mem’s jierdei
Emilio folget noch online skoalle en ik koe moai oan’e slach op’e laptop mei de online cursus.. we ha ballonnen kocht en wat taartsjes en sa syn mem ferrast. Foar de rest dogge se hjir net oan fisite mar binne we mei har sus en de 2 dochters út iten west. We wiene in ynteressante fersameling. Engels, Spaans en oare talen troch elkoar! Har sus koe gjin Engels mar har dochters woene it just graach leare en James en ik moasten júst Spaans leare 😉
rbt
De online cursus……
Juns ha’k noch flink trochwurke en doe.. jawol jawol.. Ik ha myn online cursus klear!! Noja de earste module sadat ie testen wurde kin en wyls meitsje ik mei it advies module 2 en 3! Ik kin der eventueel noch wol in testpersoan by ha dus as der immen is dy tsjin frijwillige bijdrage module 1 folgje wol, lit it dan witte 😉 De earsten binne begun, dat fielt hearlik!
Sneon Mexico city yn
Hjoed betiid de wekker want we sille der op út. We sille nei de tempel ta. It is de tempel fan Emilio syn guru Yugananda. We gean betiid want 9 oere sil der in meditaasje wêze, ik bin benijd. Ik wie earlik sein wat oerdondere doe we der ienmal sieten en it mear like op in tsjerke tsjinst en ik te hearren krige dat dit de langste meditaasje wêze soe fan’e moarne. 3 oeren! Oeff!! Ik hâld fan mediteare, mar 3 oeren?? Al mei al kaam it der op del dat it ferdield waard yn 3 dielen. Alles wie yn it Spaans mar it ienige wat de dominee sei yn’t Engels wie: If 3 hours is too long, you can leave the room when we sing. Ok.. noja ik sil sjen hoe lang ik it folhâld.
We starten mei ús trijen yn’e tsjinst mar langsem oan kamen der mear minsken by. (Mexicanen binne net sa strikt mei de tiid immers 😉 ) We songen ferskes yn’t Spaans dy ik net koe en de skriftlêzing wie ek yn’t Spaans. Ik moat sizze dat ik doe myn oandacht hieltyd wat kwytrekke mar hy lêsde it hiel stadich en dúdlik foar dat ik hjir en dêr wol goed myn Spaans oefenje en ik herkende wurden as Jesus [geesoes], disciplos etc haha.. Mar ja ja, wyls myn bealich der wat muoite mei hie ha ik wol genoten fan de meditaasjes tusken troch en ha ik de hiele 3 oeren folholden! It wie al mei al in bysûndere tsjinst.
Hjirnei binne we run nei it grutste park fan Mexico. It wie efkes in tripje fan in oere rinnen mar wyls ha we dus ek wol wat fan Mexico city sjoen. Gesellige gesprekken wyls han en Emilio hie noch in oare maat útnoege dy ek mei ús op paad gien is. Yn’t park wiene allegear kraamkes mei fanalles en noch wat, en oohhh wat wol ik dan sa graach fan alles en noch wat keapje!! It is safolle goedkeaper hjir dan thús. Ik wol bulten boartersguod foar de bern meinimme en allegear spul wat hjir foar my in waarde hat. Marja.. ik besef ek dat as ik souvenierkes mei nim dat it foaral foar my wat seit, en net foar degene dy it krijt haha..Noja, dat it tink ik wat altyd sa is mei souvenierkes net?
It koste ús in oardel oere om werom te kommen nei it hús mei 4 metro’s, in bus en rinne. Pff.. Dat is dochs wol wer de reden werom ik net wenje wolle soe yn sa’n grutte stêd.
Juns kapot! Betiid op bêd en hjoed (snein) sille we nei downtown! Oare kear mear!!