Blog 37 2 dagen Puerto Vallarta, Sayulite ferkenne en ‘being high’!!
Puerto Vallarta
Sneon bin’k mei ’t fleantúch oankaam yn Puerto Vallarta. It is it pinkster wykein dus oeral bommetje fol mei toeristen. Foaral ek Mexicaanske toeristen, al binne se der fansels ek fanút Amerika en Canada. It hostel seach der prima út moat ik sizze mar ik fun it sfearke net sa denderend. Iederien wie wat foar himsels.
De keamer dielde ik mei 6 oare mannen en 1 frou en it wie ien fan de minste bêden wêr ik yn slipt ha. Ik lei boppe op in stapelbêd en as ik sykhelle hie’k it idee of wiebele der al sa bot dat we wol kantelje koene! Whaha, vreselijk fansels as je dan koese wolle. Ek it lawaai wie net hiel noflik. Gjin kroegen bútendoar mar júst de minsken fan’t hostel dy gjin reet om oaren joue en as se nachts werom komme fan it stappen sette se gewoan noch efkes de musyk lûd oan yn’e lounge romte (lyk neist ús keamer) Naja.. en dan wie der noch de manager dy wat omhong de hiele dei, wat ompielde en wat fragen beantwurde mar foaral fan ôf moarns betiid al weed smookte.. FRESELIK.. haha ik hie it idee dat ie dêrom de hiele dei lekker stoned wie mar de walm gie de hiele dei troch it hostel.. naja, yn Nederlân kin soks fansels net liket my.. as je wurkje kin je net wyls stoned wêze, lit stean as je de manager binne en je dogge it ek noch lekker yn’t sicht fan elkenien. Naja klear haha..
De dei dat ik oankaam ha’k wat oan’t chillen en oan’t wurk west yn’t hostel en snein bin ik de hiele dei Puerto Vallarta yn gien. Alles mar yn ien dei propje want moarn gean ik al nei Sayulite. Ik ha miljoenen winkeltsjes en foaral kreamkes sjoen, artiesten op strjitte, efkes op it strân en efkes in drankje op’t strân. In bomfolle dei. In leuke dei ek wol. In souvenierke hjir en dêr kocht foar de famylje en mysels trakteart op American pancakes (al hie’k dêr de rest fan’e dei spyt fan! Hahaha klear, mar net wer)
Ik hie de ôfrune dagen mei James en Emilio in soad ynteressante gesprekken han oer hoe oaren eins altyd je eigen spiegel binne en hoe de wrâld soms ek sa je spiegel is, as je it mar sjen wolle. Hoe we soms útdaagt wurde troch ferleidingen fan it ‘ego’. Hiel moai, ynteressant mar ek konfrontearend faaks. Wol wer hiel learsem. It is tefolle om alles te fertellen.. mar hjir in pear dinkjes..
We ha it in soad han oer de balans fine yn allegear dingen.. Hjir yn Puerto wiene de keunstners dwaande mei itselde.. Balans mei grutte keien, machtig toch!!! Sjoch dit dan! Ik tocht earst dat it nep wie mar oan’t ein fan’e dei lei alles wer plat en elke moarn sykje se wer foar elke stien in balans! WOW! Ik woe dat ik dat sa moai koe, de balans fan alles fine yn myn libben..
Peaskesnein nei tsjerke?
In strjitte fierderop wist ik efkes net wêr ik lâns soe. Safolle strjitten links en rjochts en ik wie op syk nei de winkeltsjes en it fertier.. Dochs luts my 1 strjitte en warempel doe ik de strjitte yn run hearde ik musyk. In moai ferske wat my herinnerjen die oan’e tsjerke yn Texas. En ja hjer, it wie sneintemoarn, it wie peaskesnein en der wiene hjir Amerikanen dy in restaurant ombouwt hiene tot in tsjerke tsjinst foar dizze moarn. Ik stie mei iepen mûle te lústerjen nei it ferske want de kant fan’e strjitte wie gewoan iepen dus ik koe sa mei sjen. Wat in moaie tekst yn it ferske, it rekke my en ik stie dêr samar mei de trinnen yn’e eagen. Wat moai dat dit no sa moai tafallich op myn paad komme mocht op Peaskesnein. Der wie in frou dy frege of ik nei binnen woe mar nee, dat woe ik net. Dat wie tefolle fan’t goeie. Wat as it aanst oeren en oeren duorre. Nee ik fun dit moai mar ik woe wer fierder want ik soe sjoppe!! Doe ik fierder run kaam ik ek noch by de oare yngong fan’e tsjinst lâns. Dêr stiene 2 âlde mannen, seagen wat der barde, dat ik nee sei en fierder woe en doe seine se tsjin my; miskien dizze yngong dan? Hjir bist ek wolkom 😉 oeff… no moast ik NOCH in kear nee sizze. Ik flapte der samar út dat in pear freonen wachten op my.. en doe flitste der wat troch my hinne..
Miskien iets fan it Peaske ferhaal dat Petrus 3x nee sei.. en ek Emilio syn ferhaal dat hy de juns derfoar sa ferleiden waard troch oare dingen en dat je dan soms net mear sjogge wat der ECHT ta docht.. de man sei noch: your friends can wait.. ik seach um oan en sei ja… Ik bin nei binnen gien, krige 2 pyplytse kopkes yn’e han. Ien mei wat read drinken en de oare mei in fiskje as koekje. In mini avondmaal. De tsjinst duorre noch mar 10 minuten mar ik ha der folop fan genoten. Doe ik der út run wie der sels noch in frou dy foar my bidde woe en t’wie krekt of wist se precies wat der yn my omspile. Dankjewol, dit wie in prachtige ervaring..
Samar noch mear moaie belevenissen!
Nei in hiele soad oare dingen sjoen te hawwe, en û.o. noch in moaie tsjerke soe ik wachtsje tot de sinne under gie. Ik run earst wat run as ik kip sunder kop. Wat ferfeeld want ik wie wurch. Ik ha wat iten (Taco mei hiel spesjaal fleis!! mei eagen, hersenen en lippen fan in ko!! ) en doe waard der op strjitte salsa dûnse. Foaral troch alde mexicanen mar der wiene bulten toeristen dy der nei stiene te sjen. Doe ik it iten op hie en ek efkes sjen woe run der samar in âldere man nei my ta (Amerikaansk) en frege as ik dûnsje woe. Hy wie eltse winter yn Puerto Vallarta en woe graach eltse snein dûnsje as der immen fine koe.
Ik koe fansels net salsa dûnsje! Mar de man soe it my wol leare en ik seach hoe graach dizze dunsje woe. Ik bin doe hiel rap út myn comfortzone stapt en mei myn rêchtaske noch achterop stiene wy ynienen ek te dûnsjen tusken de âlde minsken.. Dit wie wol wer bysunder, wyls ik eins yn’e broek skite tocht ik .. SKIJT!! Hahaha (lekker dubbel btw) Nimmen kin my hjir, it jout my neat.
In mindere belevenis is dat ik efkes letter via in prieeltsje nei it dûnsjen stie te sjen en doe ynienen waard der in âlde frou ûnwel. Ik wit net hoe it ôfrun is mei har, mar de measten tochten in hertoanfal of herseninfarct. Yn elts gefal , it like net goed. Ik wie bysunder ferbaasd oer hoe dat hjir ta syn wurk giet dan. Yn Nederlân soe iederien yn paniek wêze, minsken gûle, drave hjir en der hin en wer om materiaal of minsken te regeljen dy wat dwan kinne, der wurd roppen as 112 al belle is of as der in dokter ergens is.. En hjir? Minsken giene der allinne mar hinne te sjen. Allegear!!! Sels lytse bern, se lieten alles ta en se setten nimmen oan’e kant. Ik tocht dy frou moat romte ha!! Ik tink dat der wol ambu belle is mar dy wie der noch steeds net doe ik wer fuort gie. De minsken bleaune kalm.. Typisch wat se hjir sizze oer dea gean. As it sa fier is, dan is it sa.. Se aksepteare it en binne net yn paniek ofsa.. Hiel oars as hjir.. miskien is in balans better, wer dy balans 😉
Wyls dit gebeurde kaam ik te praat mei Yostan, in Mexicaanse jonge dy út in oare stêd komt mar hjir no 6 moarne is foar syn wurk. We ha gesellich kletst mei in mix fan Spaans en Engels. We sille miskien de kommende wike noch wolris faker efkes elkoar opsykje want we hawwe beide noch gjin freonen hjir.
Sayulite
Moandei bin ik oankaam yn Sayulite. In plakje wêr ik in soad oer heard hie en dêrom ek wol moaie ferwachtingen fan hie. It moast in soart fan lyts Playa del Carmen wêze. Noja, dat is it eins ek wol mar dochs oars. HIEL lyts, yn 2 dagen hie’k eins it measte wol besjoen. Wol in leuk skattig en oersichtelik doarpke hjer! It punt wie allinne wol dat it hjir yn Mexico noch steeds Peaske fakânsje is en der dêrom mega soad Mexicaanse en Amerikaanse toeristen binne. De rikere Mexicanen uiteraard en út’e ‘middleclass’.
It neidiel foar my hjir foar is dat alles bomvol is en foaral DJOER! Want de priizen feroarje per direct. Se doarre wol te freegjen en wyls ik gjin Amerikaans ynkommen ha wurd der wol dy priis foar frege. Ik ha undertusken op hiel wat plakjes west yn Mexico en ik wit dus undertusken ek wat it kostje KIN, en dat it net 10 kear sa djoer hoegt te wêzen! Ik ferhip it dan ek om foar 10x safolle te beteljen. Dêrneist ha’k undertusken de letste 2 moarnen safolle kraampkes op merken sjoen dat it soms ek wol in bytsje itselde is. Noja net alles hjer, mar it komt in soad del op de dingen dy se sels meitsje kinne.
It sân is GOUD HJIR!! sa moaiii!!!
It hostel
Ek de hostels hjir binne in stik djudder dan bygelyks yn Puerto Vallarta! Ik sit yn in erg goedkeap hostel foar 16 euro per nacht mar yn Puerto is de gemiddelde priis 11 euro bijv. It hostel hjir is wol moai hjer, mar ik fielde my de earste dagen totaal net thús en fijn. Der wie gjin kyp te finen yn it hostel en as ik immen seach en prebeare in praatsje te meitsjen murk ik dat elk foaral mei sichsels dwaande wie. Hmm spitich, ik hie sa’n behoefte om efkes wat geselligheid. Wat freonen meitsje en mei elkoar út iten bijv. Foaral omdat je tusken alle ‘fakânsje- famylje muite’ je redelik allinne fiele kinne. Elk is mei de hiele famylje fuort of as steltsjes. Yn oare plakken wêr foaral backpackers binne fielt it dochs oars.
San Pancho en Lo de Marcos
Tiisdei bin ik dêrom op paad gien. Miskien wie Sayulite net it perfekte plakje foar my? Ik bin op’e bus stapt en bin nei in lyts doarpke derneist gien. Hiel gesellich en skattig doarpke! Ik tocht jaaa dit liket my wol wat! Mar spitich genôch gie dat entûsjasme der ôf doe ik by it strân oankaam. De golven en it strân is hjir kompleet oars. De stroming is sterk en de golven sûge je samar nei it djippe. Nimmen swom hjir en de measte doarden net fierder as de inkels yn’t wetter. Nee, dit wie gjin plak foar my. Ik mei graach myn ôfkuol-momintsjes hawwe yn’t wetter! (ja ja, wie hie dat oait tocht, de kâldkleumer 😉 )
Ik ha noch moai oan’t strúnen west yn San Pancho en bin dêrnei op advies wer op’e bus stapt om nei it folgjende doarpke te gean: Lo de Marcos. Hjir soe ik wol swemme kinne moatte en it wie minder toeristisch. No hoppa, lyk mar ûndersykje. Leuk doarpke ek, en ik koe swemme! Ik ha dêrom wol fan it strân genoten mar ik waard wol wat núver oansjoen omdat ik hast de ienige NET Mexicaan wie. It doarpke is echt net toeristisch! It hat in mega grut strân mar de minsken swemme mar op ien hiel lyts plakje en lizze dêr boppe op elkoar. Warskynlik omdat dit it ienige plak wie wêr se ‘lifeguards’ hiene om eventuele drenkelingen te rêden.
It doarpke hie in prachtig plein wêr yn ik tafallich noch it gelok hie in filmke te meitsjen fan fruolju dy in dûns oan’t oefenjen wiene mei hiele grutte jurken oan. In famke fertelde my dat juns alles ta leven kaam. Lo de Marcos is dus wol in moai en leaf doarpke. Ik tink earlik sein dat it foar my momenteel wat te stil wie. Dan fiel ik my allinne mar mear allinne. Foar allinne wurkje soe it perfekt wêze mei juns wat ôfleiding. Nei Lo de Marcos dus mar wer mei de bus op nei Sayulite. We binne wol wer 2 doarpkes ervaringen riker!
Woansdeis ha’k moarns oan’e kursus wurke en middeis lekker it strân op gien en de merke oer strúne. (Ja ik fun noch in merke wêr ik net west wie)! Juns ha’k út iten west mei in hiele famylje. Dat wie ek wol wer in bysundere jun haha. We wiene beide oan’t wachtsjen foar in tafel om te iten. No wiene sy mei syn 4en en ik mar allinne mar ik wachte al in skoft. No kaam der in hiele grutte tafel frij. No ja, dat woe ik no ek wer net. Dat ik hielendal allinne oan’e grutte tafel siet en dat de famylje wachtsje moast. Sy stelden foar dat we wol in tafel diele koene! Noja wêrom ek net? We ha oanskowt en ien en al ervaringen en ferhalen dielt. De frou kaam oorspronkelik út Nederlân! Se is op har 9e nei Austraalje ferhúze, krige har earste dochter yn Bali, de twadde mei in oare man yn Brazilië en no wie se tegeare mei har nije freon yn San Diego. De dochters wenje op oare plakken yn’e wrâld mar no wiene se alle 4 bij elkoar. In moaie kombinaasje en it wie gesellich!
In nije ervaring.. ôfvinke en mar net wer…
Tsja en doe kaam tongersdei. Ik bin de dei begun troch gewoan te wurkjen wer oan’e kursus. Ik ha trouwens ek noch kontakt han mei Dutch for kids wêr ik it solicitatie gesprek han hie. It wurd um net. It fret foar my tefolle myn frijheid yn en foar harren wie it in ding dat ik tefolle reizige en se woe leaver immen dy op in stabiel plak siet. Noja klear, ik bin wer frij 😉 Mar klear ik ha undertusken wat mear minsken kinnen leard hjir yn it hostel. Helder en Carae bijv. Helder is de namme fan in Mexicaanse man dy hjir ek frijwilligerswurk yn’t hostel docht. Syn namme sprekke je út as ‘Gelder’ mar ik sei Helder is moaier! It is neffens him oarspronkelik ek in NL namme. Undertusken hat Helder Carae en my ek bijnammen jun samar spontaan. Ik hjit ‘Happiness’ en Carae hjit ‘Mango’. Ik bin earlik sein wol bliid mei myn bijnamme, wurd der spontaan froliker fan 😉
Mango komt út Texas dus ik hie fansels lyk in klik mei har. Se frege my as se mei my mei koe nei it strân. Hiel gesellig, efkes net alline! We binne earst de merke oer west en ha in souvenierke foar Alice kocht! 😀 en miskien sil ik noch in ‘hippie’ broek foar mysels keapje!
Letter op’t strân kaam Helder der ek by en sa kamen we mei it idee om jun mei elkoar de sinsopgong te sjen en dêrnei lekker út iten te gean by de italiaan mei glútenfrije pasta wêr ik de hiele wike al nei út seach. We moasten wol efkes 30 minuten rinne foar de sinsundergong mar dan ha je ek wat. Op’e weromreis ha we wat oars beleefd. Mango hie my al witten litten dat sy wolris weed rookte en se hie in elektrische joint sis mar. Dit soe in stik feiliger en better wêze. Ik hie al witte litten dat ik nea smookte mar wol nijsgjirrich wie. Ik hie der no safolle minsken oer heard yn dizze reis dat it my foar safolle helpe koe ensa. Dat ik tocht, miskien moat ik it noch mar ris besykje. Dat hearlik ‘high en chill, relax gefoel’ wêr se it altyd oer hawwe.
Ik fielde my feilig by harren beide en it wie moai rustig op it strân. Mango fertelde my dat ien teug foar my wol genôch wêze soe as ik it oars nea die. No, ien hijs dan mar. Ik prebeare it earst 2 kear mar blykber folge ik de instruksjes fan harren net goed genôch want it rook kaam lyk myn neus wer út en net yn myn longen.
De 3e kear wie raak, en hoe!!! Ja no siet it yn myn longen en no wie myn reaksje blykber wol dúdlik dat ik no dien hie wat ik dwaan moast. Ik wie warskôge dat ik warskynlik earst kuchelje soe mar nei 5 minuten wie dat nare gefoel fuort en soe ik lekker ‘high’ wêze. No dy earste 5 minuten duorre by my wol 10 minuten. Ik fielde my ferskrikkelik akelig! Ik koe wol spuie de hiele tiid, kuchele my de longen út it liif, spuugde hieltyd mar en myn kiel die ferskrikelik sear. Bah! Ik hope mar dat it aanst better wurde soe en dat ik my hearlik high fiele soe.
No in reaksje hie ik seker. Mar alles dan wat ik ferwachte en hoopt hie. Ik fielde my dronken! Ik ferlear myn balans, waard dúzelig en licht yn’e holle. Fielde my alsof ik elk momint út’e tiid falle koe. Ik bin dus mar healwei út tocht werom op in stoepke sitten gien en mango hat wat patat kocht omdat se seine dat it miskien wol goed wie dat ik earst wat ite foardat we werom by it restaurant wêze soene.
De dúzeligheid gie fuort nei in skoft en we ha út iten west. Mar oh oh oh, wat fielde ik my naar! Bah ik hold helemaal net fan dit gefoel! Ik hie gjin kontrole en hie it gefoel dat ik hieltyd om de safolle seconden in stikje miste ofsa. Alsof je dan wer wekker skrikke en skerp bliuwe wolle. In naar gefoel fun ik it dus en ien ding wist ik lyk al seker: DIT DOCH IK NET WER!!! Hahaha.. we koene der gelokkich alle 3 om laitsje mar oh oh, wat fielde it naar dat je hieltyd kwyt binne wêr je binne of wêr je mei bezig binne.
Doe ik eindelik werom wie yn’t hostel wie it in drama om my klear te meitsjen foar sliepen. Ik run nei búten om te pisjen mar sadra ik dêr wie wist ik net mear wat ik dêr eins die. Ik bin sa wol 3 kear yn en út bêd gien omdat ik my dan toch herinnere dat ik noch wat moest en sadra ik stie wie ik it wer ferjitten.. oh oh.. Ik waard wekker mei myn pyjama binnenstebúten en myn ringen noch om myn fingers.. Wat wie ik bliid dat it moarns wie en dat alles foarby wie! Hahaha.. wat in aventoer, mar ik wit wol seker dat ik dit net wer wol..
Ohja, wat hiel núver wie dat doe ik yn de fase siet dat ik yn sliep falle soe seach ik allegear beelden foar my. Servies fan mem fan eartiids en núvere beelden fan toen ik jong wie. Dat heard der allegear by waard my fannemoarn ferteld. Noja in experience ryker dus.. Peet wie stoned en high mar foar my net in ‘noflike, chill en relaxed’ ervaring. Dus we kin it ôffinke op it lisje mar tis neat foar my 😉
Hjir wie ik stoned hahaha
Freed
Hjoed de dei wer begun mei wurkjen achter de laptop. Dizze blog skriuwe en wer mei de kursus oan’e slach. Ek ha’k beslúten dat ik hjir oan’t sneon bliuw en dan dochs werom nei Puerto Vallarta. Wol in oar hostel dan ik no siet! Ien mear yn it centrum. Puerto is folle grutter dus dan kin ik wat mear kanten op! Ik sil dan sneintemoarn wer nei de tsjerketsjinst wêr ik foarige wike per ongeluk foarby run. En Yostan, de jonge dy ik de lêtste jun der ontmoete ha woe ek wol mei. Ik bin benijd nei Puerto mar no earst genietsje fan myn lêtste dei hjir yn Sayulite! En miskien myn hippie broek keapje 😀
even laterrr
Ja dy broek ha’k kocht! Middeis noch it strân op west mei Carae en we eindigden mei 3 Amerikaanse jonges dy mei freonen in bachelorparty hiene. No moat ik earlik sizze dat we plannen hiene om myn lêtste jun hjir op stap te gean.. Mar doe ik juns seach dat de jongens sa dronken wiene en dat ik sels ûntdekte dat se sinnebrâncrême dy ien fan’e jongens noch yn’e noas hie, GJIN sinnebrân creme wie mar coke doe hie’k it hielendal wol han. Tsja drugs is miskien gewoaner foar oare minsken op’e wrâld dat ha’k wol leard yn dizze reis.. Mar ik koe gjin normaal gesprek mear mei se hawwe en ik hie’t wol besjoen. Gelokkich wie Carae it wol mei my iens.. we binne moai nei hús setten, bliid dat ik yn bêd lei 😉