Reisavonturen - Mexico II

#Blog 39 siik mar ek suksesfol

Sneontejuns let bin ik oankaam yn Playa del Carmen. Werom nei it plak wêr ik starten bin yn oktober. Ik sil dizze lêtste 2,5 wike hjir ferbliuwe by Al. Ik ha al hearder oer him ferteld, de veteraan/âld militair dy ik moeten ha krekt foardat ik fertrok yn febrewaris. Al hiert in penthouse hjir en omdat syn freon inmiddels by syn nije freondinne ynlutsen is hat hy in keamer, badkeamer en balkon frij en hat my útnoege hjir te ferbliuwen, geweldig toch?

Doe ik oankaam sneontejun wie ik best wol dwarstroch, we ha noch efkes kletst mar dêrnei ha’k my gau deljun. In goeie nacht draait mar snein wie ik der noch net. It like wol dat ik fanút de altitude sickness oer gie nei ferkâldens en koorts. De earste 2 dagen wiene dus net sa suksesfol wat dat betreft. Ik fielde my knap ellendig en futloos.

Undertusken hat Al my wat de omlizzende strjitten sjenlitten en ha we boadskippen dien. It is foar ús beiden wat útsykje hoe en wat. Al is in lange tiid op himsels west dus is eins net mear went om samen te wenjen en fansels kinne we elkoar ek noch net SA goed. We hawwe de ôfrune moarnen wol in soad oan’t appen west dus we witte wol hiel soad fan elkoar mar we binne op in hiele soad gebieden ek hiel ferskillend. Mar klear, op dy manier kinne we fansels ek wol wer in soad fan elkoar leare.

Elts is in spegel foar dy

Sa seach ik nei 1 dei yn Al de âlde Petra. It stikje Nederlân wêr ik sels wat mouite mei hie. Planne, drok, snel en rapido. It núvere is dat ik hjir troch mysels eins realisearde hoe kalm en rêstich ik eins wurden bin yn’e tiid dat ik hjir bin. Grappig dat ik dat net hearder sjoen ha. Ik wie der eins wol bliid mei te realisearen dat ik safolle kalmer en minder plannerig bin! Hearlik! 😊 Uiteraard ha ‘k ek de oare kant sjoen dat Mexicanen soms meeeggaa traach wêze kinne en oeren te let komme, mar der is in balans! Ik hâld der ek wol fan dat Al en ik wat planne en dat we wat witte wêr we oan ta binne, mar it hastich wêzen ha’k loslitten.

In oare feroaring dy hjir al geande is, is dat Al stoppe is mei roken op moandei! Ik ha him beloofd dat ik him helpe sil wêr ik kin. Hy rookte best in soad dus ik bin super grutsk dat der samar stoppet! Hy warskôge my dat der de earste 3 dagen wolris koart wêze kin, ûnrêstich of prikkelich. No hie der it moandei al flink dreech. Doe ik nei de Walmart wie, barde der it ien en oar wêrtroch hy flink de pest yn hie en my appte dat it him speet mar dat der no echt ien roken gie. Ik sei NEEEE wacht op my tot ik werom bin! Ik tocht ferdikkie, NO moat ik der foar him wêze.. ik ha appt safolle ik koe en rapido mei de collectivo werom. Lokkich hat Al himsels stopjen kinnen. We ha film sjoen, chilled en doe wie de grutste druk der ôf. De tiisdeis gie it al better, bin sa grutsk op him!

In hearlike suksesfolle dei!

Tiisdei ha’k in hiele goeie dei han eins! Ik fielde my better en dêr wie ik hiel bliid mei!! Ik hie lyk de motivaasje om oan’e slach te gean mei de kursus want dy moat ik eins it einde fan’e wike klear ha!

Ik ha video’s opnaam, editten en hoppa samar wat dingen ôfstreept, jout in hearlik gefoel! Ohja ik ha der ek noch efkes mei Al op út west om in suitcase te keapjen. Dan hoe ik aanst net alles mei te sjouwen mar kin ik gerust noch wat souvenierkes foar mysels ofsa keapje want dan ha’k mear romte. En warempel, we funen der ien!! Ik ha no in mega grutte! Der sit in skuor yn, mar dat jout my neat, tis mar foar 1 reis en ik woe der net tefolle jild oan útjaan. Se fregen der 200 foar mar Al krige it foarelkoar om der 100 fan te meitsjen.. JOEHOEE haha, koest my net bliider meitsje 😉

Klean foar de trouwerij

Al hat hjir undertusken in hiel soad freonen creeërt  omdat hy hjir al 1 ½ jier wennet. Sa wurd der geregeld útnedige foar jierdeis en no in trouwerij! Sneon is der in lytse trouwerij en hy waard útnoege. Hy frege of ik mei mocht en dat wie prima. Marrrr we moatte der wol kreas by rinne en ik ha hjir gjin klean wat goed genôch is. Al beloofde in jurk foar my te keapjen en mei wat creativiteit kin ik myn boots der ûnder drage. Dan hiene we allinne noch in broek foar him nedig en dan wiene we kompleet. Noja no is Al net sa’n shopper.. Dus it moat rap en mei gang en dat wurket foar my net sa best.

Druk wurket averechts by my en ik hie der eins wol nei útsjoen om der op ut te gean foar in jurk. Lekker shoppe en my moai fiele yn in nije jurk. Dat rûn no efkes oars. Omdat we tafallich yn’e buert wiene beslúte Al dat we NO EFKES in jurk heljen giene. Hup in winkel yn, pak it, pasje en go.. Ik streste um behoorlik om it op dizze manier te dwaan en ik wie dan ek net echt te genietsjen. Mar ondanks myn minne humeur en de stress ha’k it wat opjun. Opjun dat it in dagje lekker shoppe en genietsje wurd. En ik tink dat dat foar dizze klear slagge is. Ik hie in jurk yn 15 minuten.

Al moat ik wol earlik tajaan dat we it der dêrnei wol efkes oer han hawwe. We binne gewoan hiel ferskillend hjir yn. Al hâld absoluut NET fan shoppen en wit PRECIES wat der wol, ik bin in twifelkont en ha myn tiid nedig. Nei dizze snelle race om’e jurk woe Al eins ek noch efkes in nije pet ha tsjin’e sinne. Hy wie syn oare ferlern. Hy wist dus precies wat der ha woe, dus dat soe samar klear wêze…. No helaas.. we binne de komplete stêd troch west, winkel yn, winkel út, treppens op, treppens del, rinne, sjouwe tot we beide nei in pear oeren SA SKJIN ús nocht hiene dat we it opjûn ha.  Gjin pet, wol kapot

En doe de broek

Ek gie it helaas mei de broek fan Al ek net sa soepel. Hy wist wer precies wat der ha woe en yn welke winkel. Spitich genôch wie dat it dochs net, dus mar EFKES fierder sjen.. Poe, dat foel noch net mei.. We hiene úteindelik in goeie broek fun mar doe der betelje soe sloegen we beide achteroer!! whaatT???? Dat foar in broek, neeeee net foar 1 juntsje brulloft.. dus mar wer fierder sykje.. en dêr giene we wer, oeren fierder haha. It pittige is dat Al wol precies wist wat der socht mar Al is frij lang dus in broek yn syn lengte is noch wolris it probleem. Uteindlik binne we wol mei in broek werom kaam al wiene we net 100% tevreden oer de lengte mar better as gjin broek 😉Sa wiene we samar 2 dagen kwyt oan’t sykjen fan in jurk, pet en broek…

De online cursus en myn dei oersicht

Eltse moarn set ik de wekker in kertierke hearder. Ik hâld der sa fan om de moarn lekker betiid mei te nimmen. 6.17 komt de sinne op en as it net bewolkt is dan kin ik dat sjen fan ôf myn balkonterras. Ik start eltse moarn mei in meditaasje en sinds ik wer yn Playa bin, begjin ik ek wer te draven sa no en dan. Hearlik oer the fifth avenue. Dêrnei rap yn’e douche en 7 oere of 7.30 sit ik paraat mei myn laptop om te wurkjen oan’e kursus. Ik hoopte fannewike de 2e module fan’e kursus ôf te meitsjen omdat de earste klanten dit wykein klear binne mei de earste module.

Ik moat sizze dat ik soms efkes de motivaasje opbringe om te starten mar as ik ien kear dwaande bin gean ik sa lekker! Ik fyn it sa fijn dat ik op dizze manier in hiele soad minsken tagelyk helpe kin en it feit dat der sa no en dan reaksjes komme oer hoe se it fine docht my hiel goed! En fansels as ik wer in nije klant krij jout my in hiele soad nije motivaasje! 😀

Meastal gean Al en ik middeis efkes der op út. Dizze wike dus om de klean en soms efkes in oerke nei it swembad op’e rooftop om by te ‘tannen’.  😉 Juns meitsje we hjir in diner en meastal is’t dan hast 9 oere en giet it ljochtsje foar ús beiden út en gean we moai optiid op bêd.

Net sa myn dei

Freed wie it in net sa myn dei. Gjin idee hoe it kaam mar je ha soms fan dy dagen dat je it gefoel ha dat alles je tsjinwurket. No dat hie ik hjoed. De laptop woe net meiwurkje, programma’s ferhipten it ynienen, mega pine kop, de airco op myn sliepkeamer gie stikken en doe ik mysels ferwenne woe op in ijsje om de dei wat better te meitsjen sloeg ik earst achteroer dat dit ijsje hast 5 euro wie en doe ik um op ite seach ik dat der smolten west wie. It iis wie feroare yn wetteriis en it sjokolade wie net te iten!! Haha

Ohja om jim in byld te jaan wêrom dy airco sa fan belang is… It is momenteel HIEL HYT yn playa dizze tiid fan’t jier. Doe de airco der mei ophâld wie it binnen in mum fan tiid 31 graden yn’e sliepkeamer.. no ik sil jim fertelle, dan is der NET te wêzen en ist spaansbenaud! Sneon wurd der makket gelokkich mar fannacht ha’k it sunder dwan moatten. Ik mocht ek wol by Al koese of op’e bank mar ik bin sliep dochs altyd better as ik allinne bin. Ik ha de doarren nei búten ta wagewiid iepensetten en ha mei de hannen en fuorten gespreid lein sadat myn liif sa folle mooglik ôfkuolje koe. Want sels as ik mysels oanrakke wie it al te hyt! Haha ik moat sizze dat ik ondanks de nachtmerries best koest ha.

Module 2 klear!

Yesss… fannemoarn de module 2 fan’e kursus ôfmakke! Krekt optiid want de earste 2 wiene klear mei module 1 en ha beide beslúten ek module 2 en 3 te folgjen! Woehoee.. It jout my in goed gefoel en no kin ik it efkes loslitte.. Hoe it hjoed mei de brulloft komt wit ik net want Al waard fannemoarn wekker en appte my dat no hy siik is. Hy bliuwt hjoed yn bêd en hooplik fielt der him better foar de brulloft!! 😀 Oars soe alle stress om’e klean ek noch foar neat wêze..

vlogs

De laptop lit ik noch efkes net los want it sit my dochs wol ferhipte dwars dat ik sa ’n ein achter rin mei de vlogs. Ik soe it folle leuker fine dat jim dizze ferhalen lêze en tagelyk it filmke ek sjen kinne. Dêr komt by dat ik eins net noch de hiele simmer dwaande wêze wol om alles by te wurkjen. Ik ha fannewike dêrom al efkes flink oan’t knallen west en ha 2 vlogs klear! Ik hie it begjin hjir al fan dus dat skeelt! En no eindelik dus ek de earste vlog klear fan Mexico… De earste moarne yn Mexico ûntbrekt noch mar dy moat mar as lêtst tink ik.. oefff….

Oare wike mear!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *