Laos

#Blog 7 – Laos, Muang Ngoi

Yn de reis fan dit jier ha ik net elke wike in blog skreaun. Ik bin noch steeds wat sykjende yn hoe en wat. Dochs mis ik it sa no en dan ek wat. Dus miskien komme der no dochs wer wat mear ferhalen. Yn dizze blog fertel ik jim oer in ‘mislukte HAPPY shake’, dat ik momenteel net allinne reizigje, in bytsje oer it bysûndere doarp wêr ik no bin en oer de plannen foar de kommende tiid!

De ôfrune wike yn Nong Khiaw en Muang ngoi wiene trouwens ferhipte kâld!! In wike lang ha we gjin sinne sjoen! Allinne mar bewolking en ik hie alle klean oan dy ik by my hie! Der bleek in stoarm yn china of Vietnam te wêzen en dêrom hiene wy bewolking. Mar no ist wer waarm hjer! SMOARHYT self!

Foto’s Luang Prabang

Ik reizigje net allinne??

Klopt. De earste dagen yn Laos wie ik hjir noch wol allinne, noja allinne. Ik learde Mari en Rosa kinnen op de slowboat dy jim fêst werom sjoen ha yn’e vlogs. Wat in wille ha ik mei harren han. In Dútser, Spanjaard en Fries, in interessante kombinaasje 😉 Ek ha ik Joe en Phill kinnen leard yn Luang Prabang. Dêr ha we noch in machtig moaie ferrassende boatreis mei han omdat we útnoege waarden. Dizze 4 minsken ha elk harren eigen stikje efterlitten yn myn kopke. En ik fiel dat ik in oantal fan harren noch seker wer tsjinkomme sil 🙂 .

Dêrneist ha ik Mitch wer troffen. Mitch ha ik yn Pai moete yn it kloaster. Mei Mitch hie ik de selsmakke dyk untdútsen. Jim sjogge ek him foarby kommen yn’e vlog oer Luang Prabang.

En dan tusken al dy drokte is Bob fanút Vietnam nei Laos flein. Bob ha ik ek moete yn Pai. Bob is sa frij as in fûgel qua timing want hy reiziget al 3 jier as backpacker en dat foldocht him bêst. Dit is no gewoan syn wei fan libjen. Wy reizigje no tegearre troch Laos. Gjin plannen, gjin ferwachtingen want we binne beide ek went ús eigen ding te dwan.

Foar alle dúdlikheid yn dizze blog:
Luang Prabang = grutte stêd
Nong Khiaw = lyts doarpke, 3 oeren ride oer freselike diken
Muang Ngoi = NOCH lytser doarpke, allinne te berikken mei de boat. Gjin dyk, allinne modderpaad en eins mar 1 strjitte.

Happy shake

Oef… tsja.. Dit wie wer in leske en befestiging. Ik wit net of jim it ferhaal noch heuge kinne fan Mexico doe ik foar de 2e kear yn myn libben wiet rookt ha. Doe kaam ik der achter dat ik in behoorlik sterke reaksje hie op de joint. Dat kaam omdat de earste 2 teugen toch wol dúdlik harren effekt hiene blykber. Myn ervaring mei wiet wie dus net sa bêst. Ik ferlear myn geheugen elke pear seconden.

No soene we hjir foar de happy shake gean. Ik woe it graach noch in kâns jaan om ek ris dy ‘relaxte’ ervaring te hawwen wêr minsken it altyd oer hawwe.

Yn Laos is wiet net oeral te krijen, it is tink ik offisjeel net tastien. Mar!! Yn’e restaurants stiet it samar soms ynienen op de menu kaart. Bygelyks tee mei wiet, tee mei opium of bygelyks wiet oanmakke yn bûter bakt ofsa mei banaan en noch iets.. DE HAPPY SHAKE dus.. Ik wie mei Bob, dy hie ik ferteld oer myn ervaring yn Mexico en dat ik dus wat foarsichtig wie.. Hielendal bêst..al hie der noch NEA hearder heard fan sa’n núvere reaksje op wiet.

Ik fun it wol ferstandig om earst mar ris in shake te dielen. Net in hiele shake foar my, dat soe warskynlik te folle wêze foar my. We hiene de shake nei in skofke op en doe mar wachtsje.. It duorre en duorre.. In oere letter sei ik tsjin Bob: it soe no dochs wolris wurkje moatte net? En oars, noja dan ist in flop. Ik hie der net echt folle ferlet fan om NOCH in shake te dielen.

Langsem oan begûn it doe te wurkjen.. It wie best grappig en tagelyk hâld ik der ek net sa hiel erg fan dat ik de kontrôle wat kwytreitsje. mar klear, oerjaan. It holp my troch de eagen ticht te dwaan.

Opsich wie de ervaring doe noch wol moai. Hiel djip en spiritueel wie it. Ik krige dúdlik antwurden fan bepaalde minsken wyls ik de fraach allinne yn’e holle stelde, in hiele djippe meditaasje en foar de rest is it allegear te djip en faach om hjir alles te fertellen.

It wurke sterker en sterker..

Tsja en doe fun ik it wol genôch en fun it net sa leuk om de controle te ferliezen. Ik hie deselde reaksje wat as jierren lyn mei de joint. Ik ferjit hieltyd alles. Ik ferjit wêr we oer praten, en sa waard myn geheugen hieltyd koarter. Dat ha ik ek sei Bob, mar makket neat, lit it mar gewurde, dat heard derby. Kontrole loslitte en gewoan genietsje. Ik liet it los, mar hâld der net fan op dizze manier.

Ik hie wol yn’e gaten dat ik it stopje woe. Ik woe ite! want ik hie honger en dan soe it hearder stopje! Mar doe krige ik de slappe lach doe ik de menu kaart foar my seach. HOE kin je no in menu kaart lêze as je nei 3 sinnen wer ferjitte wat de earste sin wie? Hahaha.. Ik ha op in gegeven momint Bob mar wat kieze litten en ik koe der gelokkich om laitsje. Ik wie wol helder genôch om yn te sjen wat der eins oan’e hân wie. It núvere is, dat de tiid eeeeeuwig liket te duorjen.

Der is gjin tiid..

Tiid bestiet net ha ik yn’e lêtste jierren leard. Der is gjin tiid, tiid is in illusie. Der is kloktiid, mar foar de rest is der gjin tiid. Dat klinkt raar en ik jou earlik ta dat ik it sels ek noch hiel faak lestig fyn om it te begripen en ik ha in HIEL soad lêze moatten om it te akseptearen. Mar ik tink dat ik troch dizze ervaring it echt fielt ha. Tiid is net horizontaal mar verticaal. Alles gebeurd tagelyk. Ik bin dan ek wol 5 a 6 kear opnij begun oan it fol board iten, FET NúVer! wyls hie ik it gefoel dat myn búk wol foller waard mar ik begun hieltyd mar wer opnij te iten oan in fol board! As je it hiele idee net begripe dan kin dat best angstig wêze mar ik tocht no ynienen: he! Dit is dus wat se bedoele! Ik kin my foarstelle dat in soad lêzers no in grut fraachteken op harren holle hawwe en tinke dat ik gek wurden bin haha. Mar dat is net it gefal hjer 😉

Hoe eindige dit?

No net sa geweldig earlik sein. Ik rakke hieltyd mear yn in oare staat en gelokkich wie Bob der en dy hat goed op my passe. Nei it iten hawwe we de shuttleservice fan ús sliepplak belle en dy hat ús feilich thúsbrocht. Ik hie wat help nedig om rjocht te rinnen en ik ha doe we der wiene de hiele boel der út jakkere. Oh OH! Wat wie dit wer wat.. mar we ha wer in leske leard. Peet en wiet dat giet gewoan net sa best tegearre, mar net wer!! Yn elk gefal gjin eetbare dingen mei wiet, net iens de helte en as ik oait wer wat besykje dan wol ik wol graach feilich thús sitte en net ergens oars! 😉

Ha ik der spyt fan? Nee hjer! Ik bin in ervaring riker!! en ik kin der laitsjend op werom sjen en sels yn it momint ha ik ek hiel wat oan’t laitsjen west. Mar dochs mar net wer 😉

Foto’s Nong Khiaw

Skoalle Muang Ngoi en donaasje jild

Foar 2 redenen woe ik graach nei de skoalle yn Muang Ngoi. Ten earste omdat ik altyd nijsgjirrich bin hoe it skoalsysteem is op oare plakken op’e wrâld. Mei myn eigen kennis en ervaring as learkrêft fyn ik dat tige ynteressant. No dat ha’k belibbe! Haha..

De oare reden wie omdat ik tocht dat de skoallen hjirre wol in donaasje brûke koene. It doarp wêr de dyk oanlein waard hie 5 miljoen nedig. Dus der is noch in bedrag oer fan it donaasje jild. Dat idee gie allinne net sa op. Fansels kin elkenien it jild wol brûke, mar ik wol it wol graach jaan oan in groep of idee dy it dan ek echt nedig ha en der wat mei kinne.

Nei dat Bob en ik de ienige Engels pratende learkrêft fun hiene kamen we eindelik wat fierder. Se noadige ús út om moarn op skoalle te kommen om 8 oere dan mochten we dan wol efkes sjen. Prima.

De oare deis wie ik betiid op skoalle, gjin minuut hearder as oere kaam ek ‘Pet’ oanrinnen, de Engelse learkrêft. Ik ha har in hiele bult fragen stelt oer hoe en wat alles giet op dizze skoalle. Oer it finansjele stik wie se redelik dúdlik. De regering passe goed op harren en der waarden momenteel 2 nije gebouwen bouwt. Se hiene eins alles wat se nedig hiene. Harstikke moai fansels!

It giet hjir wol allegear wat makliker op skoalle. Oars, hiel oars fansels. Machtig moai om te sjen en te belibjen. In pear grutte ferskillen mei NL: sadra de learkrêft binnen komt stean de bern op en groetsje har hiel netsjes. Ferfolgens begjint de les gelyk. Ek al rint de helte noch yn en út en hingje bern fan oare klassen troch de iepen ramen. It is ien grut lawaai, fan búten, de oare lokalen en yn it lokaal self. De learkrêft raast der gewoan troch hinne. Hiel gewoan.

Wyls ik by ferskillende klassen nei binnen rin, sjoch ik nea in learkrêft in bern oansprekken as se net lústerje of net meidogge. It is harren eigen ferantwurdlikheid tink ik. Do wolst leare, prima, krijst de kâns mar moast de discipline opbringe. Omdat ik de taal fansels net behearskje krige ik der net folle fan mei WAT der sein waard. Mar it stikje wat ik seach oer biologie (want dy les joech de Engels learkrêft op dat momint) wie dat de bern gewoan oerskriuwe út it boek en sels harren húswurk meitsje. Nei 10 min. naaide se út en de bern begjinnen braaf te skriuwen.

Heech nivo!

Wat ik letter seach is it nivo fan de hegere klassen. Op dizze skoalle sitte sa’n dikke 300 bern. En dat binne dan alle levels. Fan 3-7, fan 7-10, 11-15 en 15-17. De âldsten krigen ferhipte yngewikkelde wiskunde moat ik sizze! Wat ik seach wat se diene wie dochs op syn minst havo of vwo nivo. Echter tink ik ek dat it hiel erg der oan leit wat dyn learkrêft docht.

Doe ik ek efkes nei de jongste bern gie lei ik fia ‘google translate’ út oan de learkrêft dat ik tastemming hie om run te sjen. Dat ik nijsgjirrich wie omdat ik sels ek learkrêft bin. Hij knikte, stie op en kaam nei 5 min. werom mei Engelse boeken. Joech se my en seinde dat ik wol in Engelse les jaan koe. Uuhhmm.. ok.. Peet, kom op, net te benaud, let it go.. doch it mar gewoan, ek al is it net foarbereiden.. Foar ik it wist wie de learkrêft foetsie (foar in pauze ofsa) en dêr stie ik. Mei in boek yn myn han op de goeie blz en in groep fan 20 bern foar myn neus dy GJIN WURD Engels koene!!

Hoe se yn fredesnaam by dit haadstik wiene, gjin idee!! Want allinne al: good morning, my name is Petra begrepen se net. Ik ha it boek mar snel oan’e kant lein en ha kreatyf prebearre wat Engelse wurden te learen troch lichaamsdelen oan te wizen en se it herhale te litten. Dit sloech oan gelokkich! Nose, eyes, arm, finger etc etc. Nei in skofke wie de konsentraasje fan de bern op en ek ik hie myn nocht want it is behoorlik frustrerend as je neat ha om wat út te lizzen en sa foar de liuwen goait wurde. Ik hie my dan leaver wat mear foarbereid. Mar klear, we ha it beleefd!

Foto’s skoalle

Wij joue les!

De Engelse learkrêft frege of we middeis beide komme woene om har te assisteren by de Engelse les. Bob ek, want it wie goed foar de bern dat se ferskillende manieren Engels hearden. Fansels. Ik ha Bob frege, en hy gie akkoard. Gjin idee wat ús te wachtsjen stie, wiene wy optiid op skoalle middeis. Doe eindelik Pet ek oankaam, sei se: oohh, no English class anymore, I did it already this morning! Hmmmm ok.. mar MOARN! Moarn woe se graach dat we kamen om 10 oere. En dan ek graach dat WY de les diene. Se joech ús in boekje mei en wees oan by welke les se wiene.

Pet sels koe wat Engels, mar it wie net ‘je fan het’. De helte fan wat we tsjin har seine begreep se neat fan. We wiene dan ek stomferbaasd doe we de Engelse les beseagen! It nivo wie heech!! Teksten, fragen, en opdrachten wêrby sels ik efkes goed neitinke moast. Hoe koe Pet dizze lessen jaan as har eigen Engels net iens ok is? Mar klear, wy ha de les foarbereiden.

Doe we de oare deis foar de klasse stiene wiene der mar 12 fan de 20 bern. De rest wie hjoed net op komme dagen. Ik moat sizze dat dizze âldste bern goed lústeren en hiel oars binne as de pubers yn Nederlân fan dizze leeftiid. Net geheel ûnferwachte kamen we der al snel achter dat it Engelse nivo fan dizze bern lang lang net sa heech lei as wat it boek wie. Flexibel en kreatyf wat we wiene ha we der wat fan makke. Pet wie foetsie, gjin ien taalde der nei wat wy yn dat oere mei de bern diene.

We ha in soad foarlêzen, herhale litten, oefene mei lêzen en rollespel dien. Tsja, it wie miskien net de beste les ooit, mar se ha seker in soad leard! Yn’e flog kinne jim der mear oer sjen.

Koarte update oer wêr ik bin en wat ik doch

Ik bin yn Luang Prabang oankaam, doe mei Bob nei Nong Khiaw gien en nei in pear nachten nei Muang Ngoi. beide lytse doarpkes en super chill! Muang ngoi is allinne te berikken mei de boat en har stroom sinds in pear jier mar dan ha je it ek wol sein. Der is net folle te dwan, dus RUST! 😉 Juster bin we werom reizige nei Luang Prabang omdat ik no op it punt stean om yn it fleantúch te stappen rjochting Pakse!

Pakse leit yn it súden fan Laos. Dan noch 3,5 oere yn in buske noch mear nei it súden en dan kom ik oan by de 4000 eilânen. Net tropisch ofsa by in oceaan mar yn’e rivier. Don Det is it eilân wêr ik hinne gean?

Wêrom yn fredesnaam dêr? No.. ik ha de kontrole hielendal loslitten en doe ik yn Pai yn it tee hûs siet kaam ik yn gesprek mei 3 minsken dy krekt út Laos kamen. Ik fielde ynienen iets yn my wat sei: Oplette Peet, sy gean iets bysûnders sizzen. Se seine: asto fan Pai hâldst dan moast yn Laos nei Muang Ngoi en Don Det. Dus dat is wat ik doch. Net opsykje, net oernei tinke mar puur út fertrouwen. Muang ngoi wie al geweldig!! No sil ik hjoed Don Det beleve!

Foto’s Muang Ngoi

Lêtste update oer it donaasje jild!

Ik ha juster yn Luang Prabang ôfpraten mei de Engels pratende jonge út it doarp mei de nije dyk. It like my it ferstandigst dat sy ek de oare helte fan it jild krije. Dan miskien wol net foar de dyk mar foar wetter en wc’s. Yn ús gesprek kaam echter nei foaren dat se noch lang net genôch hiene foar de dyk en dat it dêr allinne al hiel goed te pas komme soe! Hy hat my fanalles ferteld, útlein, ek op kamera en it is my in stik dúdliker. Yn maart of april sille se wer fierder mei de dyk omdat se no allegear dwaande binne om de riisfjilden klear te meitsjen.

Ek ha ik him frege of it net mear nedig wie om wetter en wc te regeljen dan de dyk. Hy lei út dat it no de droege tiid wie, mar as it aanst wiet is, dan is de dyk nei it doarpke ta levensgefaarlik. En dat begryp ik, it is in heuvel en it is nei 1 reinbui al ien dikke modderpoel en glydzbaan, lit stean as it echt reinseizoen is! Foar drinkwetter helpt de oerheid wol aardig sei der. Dus it jild is goed besteed!! Ik diel mei jim de foto’s en filmkes sadra ik dy krij!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *