
#Blog 7 – Ofskie Pai en earste mominten India!
In oardel moarne yn Pai, de dagen fleagen om. It wie moai, it wie machtig en ha my 80% fan de tiid echt hiel super geweldig fielt sa’t jim fêst wol trochkrigen hawwen troch de foargeande blogs. Ek fernaam ik dat ik dit jier oars omgean mei fuortgean. Myn focus lei mear op hoe moai it wie en dat it no gewoan tiid is om wer fierder. Net dreger meitsje dan it is. Alles komt en giet. Pai liet my yn de lêtste 2 dagen noch efkes ekstra witte dat it in goeie kar is om wer fierder te gean. It wie moarns wol SA alderferskuorrendst kâld!! It frear hast foar myn gefoel!
De lêtste dagen ha ik noch in freon út Dútslân op besite han. Ik ha him kinnen leard foarig jier yn Indonesië. Moaie mominten ha we belibbe, wat in innerlike groei oan alle kanten. Utdagingen, observeare, ticht by mysels bliuwe, net please en dan oan’t eintsje beslút de befestiging krije dat dat presys goed is.
De reis fan 34 oeren – POE!!!
Poe he.. dit wie my in reiske.. net omdat it lang wie mar mear wat ik mei makke. Ek hjir yn merk ik dat ik no oars mei dingen omgean, prachtig. it begun mei de 3 oeren reis yn it buske troch de 765 hierspjeldbochten. Ik waard útswaait troch myn Dútse maat al gie it allegear HIEL hastig! Ik wie wol optiid, mar it buske siet al fol en ik moast mei gang der ynspringe en nei in fluchtig lêste kroepke riden we al. No STOP ok? sei de sjauffeur dy neist my siet. uuhmm.. no stop? wêrom net? mar ik krige gjin antwurd. We sjeesden al fuort.
Ik hie de stoel foaryn, mei opset 2 wike lyn al boekt. Dan ha’k in moai útsicht en ha’k wat mear romte. Ik ha dit ritsje no al 8 kear dien en ik begjin te learen hoe it wurket. De stoel foaryn, piltsje nimme foar de tiid en foar dy sjen bliuwe, net op’e mobiel of laptop! Dan giet it oer it algemien best… mar dizze kear net… miskien it piltsje te let naam, miskien hie ik 2 ipv 1 piltsje ha moatten.. gjin idee.. ik wit allinne wol dat ik my net lekker fielde yn’t liif.. ik focht tsjin de pine búk. Focus op ademhelling… focus op iets fijns.. focus focus… Oan’t ik fielde dat ik hjir eins keihurd oan’t fjochtsjen wie.. wêr wie ik sa bang foar? Fansels woe ik gjin pine búk, mar ik woe ek net spuie.. mar wêrom dy stress? IT IS SA IT IS…
Ik mocht tajaan oan mysels, ik bin gewoan kotsmisselik en ik wol stopje te fjochtsjen. De sjauffeur hie gjin plastic pûde. Dan mar myn ’to go-iten’ yn’e hân meinimme. Dat joech lucht.. as ik wol spuie moat, dan ha’k in pûde..Ik ha in freeslik hekel oan spuie..miskien wol omdat it ynhâld dat ik dus gjin controle ha. Dus controle los..
En doe kaam de hiele brut der út… blleehhh… De chauffeur is it warskynlik went, hy joech gjin kick.. hy bleaun as in idioat riden.. Noja gjin kick, das net wier.. hy die wol gau it raamke iepen foar my. Kop nei búten en op de ien of oare manier begjin ik soms te gûlen as ik spuit ha.. no ik dit skriuw snap ik it ergens wol. It is fansels omdat ik yn overgave kom. Controle los.. oerjaan.. letterlik en figuerlik dizze kear.. Ik fielde my opluchten… al wie it blykber noch net genôch want efkes letter kaam de boel der nogmaals út…
Bliid doe we oankaam wiene yn Chiang Mai. De sjauffeur ferûntskuldige him noch. Hy wie him der bewust fan dat der sa freeslik hurd riden hie. We hawwe dus net iens in stop han underweis! It kaam omdat hy noch 2 ritten hinne en wer moast fan Pai nei Chiang Mai. Yn Chiang Mai earst efkes bijkomme en ik ha wer wat iten, want de mage wie leech fansels. In scooter taxi regelje en mei koffer en al mei de scooter nei it treinstation. Klear foar de nachttrein. Iets wêr ik nei útseach want ik koe my eindelik deljan foar 13 oeren en lekker koese yn’e trein. (sjoch de vlog foar hoe sa’n bedsje der út sjocht 😉
Blykber mocht ik mear loslitte..
Dat wie noch mar it earste diel fan de 34 oeren. De nacht treinreis fan Chiang Mai nei Bangkok gie opsich hiel soepel. Ik wie allinne ferskriklik wurch. Sa wurch dat ik foar 6 oere al sittend yn sliep foel. 18.18 wie it doe der in mantsje lâns kaam mei de fraach as ik de stoel al omtovert woe ta bêd. JA, graach! Foar ik it wist, sunder toskepoetse of pyjama oan bin ik yn sliep fallen. OP wie ik blykber.. Moarns 5.41 waard ik wekker en ik SKROK wekker want oer 4 minuten wie ik al op bestemming en moast ik rap útstappe!!! AAAHHHH!! Ik spring út bêd, gryp de toskeboarstel en draaf nei de wc om my hiel hurd yn 2 minuten op te frissen.. tsja.. en doe kaam kaam ik noch achter in oar ‘probleemke’…
ik sil net alle details yn dizze blog mei jim diele.. mar ik tink earlik sein dat de measte lêzers dit ferhaal wol oankinne. Doe ik wekker waard kaam ik der achter dat ik sa rap yn sliep fallen wie dat ik der net mear oernei tocht hie dat ik yn myn ‘froulike’ perioade wie.. Dêr kaam ik dus ’te let’ achter.. OH MY GOODNESS… ik koe wol troch de grûn gean, woe dat ik trochsichtig wie! Myn fest mar gau om myn middel, rap myn spul by elkoar pakke en sjen dat ik sa hurd mooglik dizze trein útkom! Sjeetje sis!! it kin fansels elke frou gebeure mar dochs…
Gelokkich gie de rest fan it tripje minder heftig. Op nei de oare kant Bangkok, doe earste flucht nei India. Troch de immigraasje, noch in check, noch in kontrôle, NOCH in kontrôle en foaral myn earste lessen oer India: SE HAWWE GJIN HAAST!! poe he.. op it nipperke ha’k de twadde fluch helle en kaam ik juns 7 oere oan yn India. Pikdonker wie it al. Gelokkich kaam ik tafallich in oare jonge tsjin dy ek mei in taxi nei Palolem woe dus we ha moai in taxi dielt.




Earste reaksje India
Earlik sein falt it my allegear hiel erg mei. Ik hie safolle ferhalen heard en wie hjir en dêr sa bang praten dat ik klear wie foar it ergste. Ik hie in legging EN in broek oan, lange mouwen, doarde nimmen yn’e eagen te sjen en ik fertroude nimmen! Noja.. dat wie wol wat te bot kaam ik achter. Seker yn Goa. Palolem is in plakje yn’t súden fan Goa en dêr is it aardig toeristischer dus ik kaam der de oare deis achter dat ik hjir gewoan in koarte broek oan ha kin en in himdsje. Ek op it strân rinne minsken yn harrren swimklean.
In oantal dingen dy my opfallen binne:
–> De kij dy hjir en dêr dus op strjitte! I love it!!
–> It ferkear is idioat. Se hâlde hjir net echt rekkening mei wandelaars op strjitte. auto’s, tuktuk’s, scooters en kij fleane om je hinne en toeterje konstant yn’e hoop dast oan’e kant springst!
–> Ik moat noch de júste wei fine om iten te krijen wat NET pittig is.. want ik kin wol sizze ABSOLUTE NO SPICY, NO CHILLY!!!! en dan ferfolgens krij ik in gerecht wat ECHT net pittig is NEFFENS HUN!!! mar dizze dame hjir stiet mei ien hap yn fjoer en flam!! gelokkich ha’k no 2 kear belibbe dat it WOL feilich yn te nimmen wie, dus dy restaurants gean’k mar faker opsykjen 😉
–> It klopt wol dat se my as ‘bysûnder’ beskouwe hjir. In westerse frou, lang, diels blond, en ALLINNE op reis.. dat is hiel bysûnder hjir. Ik hâld myn eagen rjochte op de dingen om my hinne en prebearje gjin each kontakt te meitsjen want ik ha it idee dat ik sommige kerels dan lyk falske gedachten jou. Ik moat gewoan wol op myn hoede wêze. De kerels kinne enorm stare en ik mei noch wat mear leare wa ik wol en net fertroue kin. Ik merk ek dat ik wol WAT losser wêze mei sa no en dan. Sa ha ik justerjun samar spontaan in moai gesprek mei in jonge dy hjir wurket. Hy is ek bewust en wekker en hie moaie ferhalen oer hoe hy syn libben leeft. Fertrou en lústerje nei de stimmen yn dysels, lit dy net tefolle beïnfloedsje troch de bútenwrâld.
Ik ha al hiel wat km’s run troch Palolem en al hiel wat sjoen.. De earste 2 nachten yn in hostel en no 2 nachten in prive plakje yn in hutsje wat hast út elkoar falt en se sille it warskynlik kommend jier ferfange mar ik bin der hiel bliid mei en koe hjir bliuwe foar in moaie priis, super leaf! Snein sil ik op nei Gokarna. 3 oeren mear nei it súden, sjen hoe dat is. Miskien bliuw ik dêr in oantal wiken en oars kom ik hjir fêst werom 😉
No ist earst wol wer genôch foar hjoed.. ik lit de boel wer los, en foaral dy ferhipte laptop.. miskien nim ik binnenkoart wol wer efkes pauze fan it skriuwen, der is safolle nijs hjir te sjen dat ik eins net op’e laptop wol.. mar fansels wol ik ek alle nije indrukken mei jim diele!







