
#Blog 8 – Echter India, Gokarna town en Kudle beach
Op it momint fan skriuwen ha ik útsicht op de see! Myn nije libbentsje foarlopig is op Kudle beach. Ik fertel jim der graach mear oer yn dizze blog want om earlik te wêzen moast ik noch wol wat wenne oan India.
My tripje fan Palolem nei Gokarna gie al net super soepel, dat kin jim werom sjen yn’t filmke. De treintiiden wiene krekt efkes oars 😉 doe ik úteindelik ein fan de dei dochs yn Gokarna oankaam wie it tripje fan it treinstation nei it doarp 7x sa djoer as de hiele treinreis fan oardel oere en dan ha we ek noch in hie skoft oan’t ôfdingen west. Logica is hjir soms fier te finen.
Fan de gekkigheid fan de dei kaam ik terjochte yn in bysûnder hostel. In betonnen hok, wat net bepaald útstraling hie en ik hie it gefoel of wie der gjin kiep. Ik ha wol lyk genoten fan de stilte hjir omdat achter it hostel in prachtige klif wie wêr ik lyk de sinsundergong sjoen ha. Dat wie fijn bijkomme.
De treinreis wie wol moai underweis foar safier ik it sjen koe! It ritsje fan treinstation yn ‘e tuktuk wie frij heftig, sa mâl gie it! Hjir wat foto’s hjir fan:






De oare deis ha’k kudle beach en it doarp besjoen om te beslissen wêr ik ferbliuwe wol en wer ik setteljen gean. Want dêr ha ik behoefte oan. Myn húske kreëare, deljan!
No, it wie my frij snel al dúdlik.. dat wurd NET yn it doarp. Krammele sis, wat in gekte, wat in drokte, wat in smoargens! Ik ha wol de hiele moarn my de eagen út sjoen, dit is dus ‘echt’ India, niks net toeristysk mar dit is hun leven. Foar my, as famke út in frij rustig doarpke, is it CHAOS! Der gebeurd in soad en ik hâld mysels kalm troch der net yn op te gean mar gewoan te observeren en te sjen wat der te om my hinne gebeurd.
Gekte!
De minsken binne drok, roppe en raze, fleane fan it iene nei it oare. It iene momint wurd ik SA mega oansjoen en sjogge se my oan alsof ik in aliën bin, it oare momint bin ik unsichtber en stow ik oan’e kant sadat ik net oer de fuorten riden wurd. Ik kin der dan ek wol wer om laitsje, wat in gekkeboel! It ferkear is wol in grutte ergernis foar my. Ek al rinne je netsjes oan’e kant fan’e dyk en is der romte genôch, der wurd KEIHURD toetere, NON stop! Dêr wurd ik wol hielendal gek fan as heechsensityf persoan.
Dizze foto’s binne yn Gokarna town makke : sa jim sjen kinne.. it is smoarch.. errug smoarch, sân oeral, ôffal oeral mar ek wol wer moaie plaatsjes en bysundere nije ‘brôchjes’.










Middeis bin ik nei Kudle beach gien. It is in strân fan sa’n 500 meter ofsa? Dat klinkt net sa fier mar ik sil jim fertelle dat it HIEL swier is en HIEL fier fielt as je mei 35 graden troch it djippe sân slepe de hiele dei om fan de iene nei de oare tent te gean om te freegjen as se in keamer of hutsje hawwe en as ik dy dan sjen mei. Ik tink dat ik mei elkoar sa’n 15 plakken besjoen ha. In oantal lyk fuortstreept omdat se fol wiene of omdat it te djoer wie. Dochs bleaun der wol moaie opsjes oer. Tis mar krekt wat je oer hawwe foar wat je krije.
Earste nacht Kudle beach (net sa bêst)
Ik ha beslúten om de keamer te nimmen fan Garden cafe. Net de allergoedkeapste mar wol moai oan’t strân mei frisse lucht! Tsja.. spitich genôch betekene dat ek dat ik hielendal idioat waard fan alle musquitos! Ik hie in tekken oer my hinne mar myn hiele gesicht is opfretten! Ek hie ik hjir net in plakje foar of achter myn keamer om te sitten. It siet lyk neist it restaurant. Ik ha dus moarns lyk mar wer útcheckt en de boel wer ynpakt. PFF, GEAN we wer! Ik wie ynmiddels nei alle dagen ynpakken en fierder slepen wol aardig oan ein.
Wichtig om hjir te melden is dat it foaral swier wie omdat it nogal pittig is om mei in folle koffer op tsjiltsjes oer it strân te kommen. Oftewel, yn Thailân is it prachtig om mei in trolley op paad te gean, mar foar India NET! Der is gjin normale dyk hast te finen. It binne grintpaden en op it strân is fansels allinne mar sân. It komt der dus op del dat ik de iene rêchtas op’e rêch dwan moat en dan de trolley optille en dan mei 35 graden en it swit op’e kop troch it djippe sân en 100.000 treppens! pfff Noja klear.. net seure, ik wol hjir sels wêze! 😉 haha!
Mar klear, ik bin dus wer ferkast. Ik bin nei it folgjende plak gien en ha noch wat fan de priis ôframmelt 😉 Geduld moat je hjir wol hawwe en ferwachtsje it meast unferwachte. Ynchecke koe bygelyks pas doe de eigener dizze kant ris op kaam, en dat wie pas 6.30 juns. Noja it hat dus efkes duorre mar ik ha no in moai eigen húske/hokje, MEI musquito-net, mei stilte en in tún foar my 🙂 Ik ha de earste nacht dan ek HEARLIK slipt!

It libben op Kudle beach
Ja, hjir kin’k frij koart oer wêze. Back to basic en shanti shanti. Oftewel: der is allinne mar strân en restaurants en that’s it! Gjin oare ôfleiding, gjin strânbêdden, gjin ferkear, gjin winkels, gjin massages of dingen om te besjen. Gewoan efkes lekker niks, en dêr ha ik nogal behoefte oan. As je wat wolle dan moat je in heal oere rinne nei it doarp en dêr is gekkigheid, dus leaver bliuw ik foarlopig lekker op Kudle beach! Ik moat der súver efkes oan wenne om fan de drokte ynienen nei ‘niks’ te gean 😉
Stank foar dank, begrutsjen of júst net?
Al in oantal kearen binne der bedeljende minsken foarby kaam. Meastal jou ik neat mar justermoarn kaam der in jonge mem mei in berntsje op’e earm it restaurant yn en gie by elke gast lâns om te freegjen om jild. Ik seach har oankommen en tocht NEE HE! IK JOU NIKS! mar doe se foar my kaam stean tocht ik: Peet, doch net sa hebberig. Sy hat it hurder nedig as my en net sa karig jong. Ik pakte myn tillefoan en joech har in bryfke fan 20 roepia (myn oare opsje wie 500 en dat fun ik te mâl).
Ik joech it har en ferwachte eins dat se dankber reageare soe omdat de oare gasten har neat jun hiene. Mar yn pleats fan dankjewol seach se súver wat geïrrriteard en rikke nei myn mobiel. Se moast mear! En ik moast mear jaan! Ik seach har oan en sei ferheard: Nee, ik jou net mear. Se bleau wat geïrriteard en doe waard ik dat ek: Ik sei kinst it ek werom jaan he!
Nei in skoftke prebearjen run se eindelik fierder. Ik stie perplex, stank foar dank! As it sa moat, dan ferhip ik it. Se hat net iens dankjewol sein! Ik wit dat 20 roepia net in soad is, mar foar it libben hjir is it fansels mear wurdig en ik ha leard: “wie it kleine niet eert is het grote niet weert.”
Se run it hiele restaurant run en ik seach dat elkenien har negearde. Mar ris efkes ferhaal helje by it personiel hjir hoe soks hjir wurket. Hy ferteld my dat der eins in frij dúdlike ‘regel’ is foar de measten wannear se wol of net joue. Dizze frou hat hannen en fuorten dus se kin wol wurkje of yn elk gefal iets dwan om sels har jild te fertsjinjen. Allinne as se in foet of hân misse, DAN joue we jild. OK, dúdlik! Dankjewol!
Wer wat wiizer
Efkes letter ha ik in gesprek mei twa jonges fan 20 en 21 op it strân dy kettingen ferkeapje. Ik mei graach it ferhaal witte wêrom se hjir krekt as 8 oaren mei kettingen rinne de hiele dei wyls ik nimmen sjoch dy wat keapet. Wêrom ferkeapje se net wat oars of wêrom kieze se net foar in oare baan?
De jonges fertelle by dat se in healjier yn’e kokosindustrie wurkje yn Hampie. In stêd hjir 8 oeren wei. It oare healjier ferkeapje se dus kettingen op it strân fan Gokarna. Se hawwe gjin oare baan omdat se net lêze en skriuwe kinne seit der. Om dat te learen moatte se langer nei skoalle en dat kin der net betelje. Ek moast de 10e klasse helle hawwe foardast pas in ‘baan’ krije kinst. Oan de iene kant fansels wol sneu. Oan de oare kant kom ik der nei in skofke langer praten en krityske fragen stelle achter dat de jonge eins ek hielendal gewoan gjin sin yn skoalle hat.
Omdat se net fan Gokarna komme, meie se allinne mar kettingen ferkeapje hjir op it strân. Om te foarkommen dat se oare banen oernimme fan de lokale minsken. Se hiene al it idee om bepaalde snacks te meitsjen en dy hjir op it strân te ferkeapjen mar dat waard net tastien. Moai wol dat se ideeën hawwe en ik ha se motiveart om foaral troch te gean mei harren dreamen nei jage en net opjaan. Ik bin wat wiizer en tagelyk fiel ik gjin ‘medelijden’ mei de jonges. Je sjogge en fiele dochs wol wat it ferskil as minsken echt harren ferantwurdlikheid nimme foar har sels as dat se harren sels as ‘slachtoffer’ sjogge en ‘sielig’ dwan gean. Dêr skoar je foar my gjin punten by. Ik jou graach, mar leaver omdat ik dy of dyn hulp enorm wardear en net omdast bedelst en ferhipst sels wat te dwaan.
Noja dit is it earst foar no! Hjir noch wat foto’s fan myn húske, gekke ontbijtjes, in skattig mini banaantsje, apen, en moaie útsichten hjir op Kudle beach! Moaie snein!










One Comment
Jan
Wat een belevenissen weer Petra! Ik lees je blogs met veel plezier, tot de volgende maar weer en veel plezier in India. Groetjes Jan