
#blog 8 Koh Phayam, bykomme fan in heftige emotie-achtbaan en in prachtig nijtsje!!
Earst efkes it prachtige nijtsje diele!!! Ik krige juster in tillefoantsje fan Geeske en Bram!! Harren dochterke is berne!! Ilza Sterre is har nammme, prachtig! Gees is thús befallen en it wie in pittige mar it giet goed mei har en de lytse poppe Dizze mouike is hielendal út’e skroeven!! 😀
In lange reis fan 50 oeren!
Poeh he! Fan Laos nei Koh Phayam wie in lang reiske! Boat, buske, nachtbus, wekker bliuwe yn Bangkok, folgende nachtbus en 3 oere moarns út’e bus kypt wurde omdat je arriveert binne en dan noch 8 oeren wachtsje op’e ferry fan 2 oeren tot ik oankaam yn Koh Phayam. It wie pittig, mar ik ha my der by del jun. It heart derby en as ik my der net tsjin ferset en gewoan yn it momint bin en net foarút tink dan is der neat oan’e hân! Bliid dat ik arriveert bin op dit leuke relaxte eilân!
De Nederlânske meditatie cursus is klear!!
Whoop whoop!! Yes! Juster eindelik ha ik de lêtste stappen dien en de kursus is no klear! In Nederlands talige kursus om te begjinnen mei mediteren. Itselde idee as de Fryske ferzje mar dan dus foar in grutter publiek. Ik sil it earst sa diele op social media en hooplik wurd it in soad dielt sadat it ferspreid wurd en ik de fruchten plukke mei fan alle miljoenen oeren dy der yn sitte. Foar degenen dy interessearre binne: KLIK HJIR.
De lêtste wike op Don Det – in ferkearde stap út myn comfortzone??
Ik ha der lang oernei tocht hoefolle ik hjir oer diele sil. Yn ferbân mei privacy fan de oare minsken út dit ferhaal en ik wit net tot yn hoefier ik dit echt yn detail diele wol. Dit is wat it wurden is:
Ik bin troch in mengelmole hinne gien! Poe, wat in achtbaan fan emoasjes. Ik ha in hiele soad oer mysels leard!! In hiele soad moaie lessen, ynsichten, âlde patroanen en nij gedrag!
Ik ha nije ervaringen in kâns jun, iepene foarsichtig myn hert. Liet it der wêze, genoot der fan mar ek waakzaam. Der wie dochs iets wat my tsjin hold. Ha hieltyd sa iepen en earlik west as ik koe. As je je hert iepenje is der ek kâns op hartzeer en tsja dat gebeurde. De balâns fine tusken wat is myn stik, wat is in oar syn stik. By mysels bliuwe, mar ek aksepteare dat ik in heech-gefoelich famke bin en dat it lestig is foar my om in oar syn gefoelens my net beïnvloede te litten.
Bang om oaren sear te dwan, bang om in oar teleur te stellen. Yn it ferline ten koste fan mysels, no in goeie balâns. Al is it soms lestig de goeie balâns te finen as je yn’e situaasje sels sitte en je folle emoasjes sitte.
Earlik wêze nei mysels en de oar, dúdlik yn myn eagen al is dat foar in oar soms oars. Ik ha geregeld murken dat myn iepenheid, frolikheid, lústerjend ear en it ‘sjen’ fan oare minsken sawol iets moais is as tagelyk in ‘valkuil’. It jout sommigen in oar sein dan myn intensje is, wyls ik gewoan mysels bin, freonlik en leaf.
3x yn koarte tiid fertriet en pine ervaren omdat ik earlik wie en dêrtroch net oan de ferwachtingen fan in oar foldie.
UT myn comfortzone stapt en sa’n situaasje oars oanpakt as ik normaal dien. Troch de pine hinne gean mar úteindelik mysels ’trooste’ litten ha. Ofleiding sykje yn oare dingen omdat de seare gefoelens net fansels en yn myn eagen net fluch genôch fuort giene. Net myn ding normaal sprutsen, mar he.. As we it altyd dwan bliuwe hoe we it altyd diene, krijst ek wast altyd krigest. Dus ik liet it gewurde. Angstig foar de gefolgen dy dizze nije keuze mei sich mei naam. Mar he, út myn comfortzone lit my eins altyd sjen en fiele dat it GOED is!
En dan.. as ik mysels krekt wat by elkoar raapt ha, it ljocht wer wat sjoch en de swierste pine gien is… Gebeurd precies wêr ik bang foar wie. In klap yn’t gesicht fielde it.. HOE KOE IK SA STOM WÊZE om út myn comfortzone te stappen!? It fielt ynienen noch folle djipper dan ik de ôfrune dagen wie. Ik koe mysels wol wat dwaan. Ik skamme my foar mysels.. Freselik!!
Dochs myn bêst dwan om bewust te bliuwen, kalm, it is wat it is… Mysels prebearje te ferjaan. Ik bin ek mar in mins mei keuzes. Goeie keuzes en miskien soms wat minder goeie folgens sommigen… Prebearje de skea wat te fersachtsjen mar it waard allinne mar erger. Ik krij fanalles nei myn earen, wurd foar fanalles útmakke...Twifelje oan ALLES oan mysels ynienen….
De oare deis betiid begjin ik te draven. Derby deljan wat gebeurd is, ik ha dien wat ik koe om de skea te helen. MYN part ha ik dien.
Wyls ik draaf komme der ynsichten, helderheid en it fielt alsof der engelen mei my mei gean en my fertelle dat it allegear precies gien is sa it gean moast. Alles is goed, it is allegear goed. Ik mei mysels ferjaan want se litte my ynsjen dat ik earlik west ha. IK kin mysels earlik yn’e spiegel sjen. Ik hie de situaasje oars ferwachte en it oars hope mar it is wat it is. Gefoelens binne der, dy kinne je net ‘forceare’.
Alles giet sa it giet en t’is allegear goed. Ik mocht hjir myn lessen út leare en âlde patroanen loslitte. Lestig, mar ik mei losser wêze yn bepaalde dingen. Mei mear genietsje fan it momint. Der sit in angst yn my om te ferbinen omdat de kâns der is dat ik de ferbining ferbrekke wol en dat betekend pine, fertriet en teleurstelling. Gefoelens dy ik leaver fermijd mar dêrtroch stopje ik mysels dus ek fan moaie ferbiningen. Ik mei mysels wer herinnerje oan: ‘alles komt en giet, en dat is prima, precies sa as it wêze mei’

















Wêrom Koh Phayam?
Sa jim no begripe wie ik ta oan rust en ta mysels komme. Dat betekend foar my hjir yn Azië: Thailân. It is centraal, ik kin it iten, de cultuur, it jild etc. Net tefolle ôfleiding om dingen te besjen etc. Koh Phayam hie ik faker oer heard fan freonen út Pai. It moast in eilân wêze wêr it noch net sa drok is, layed back en doe ik online in prive bungalowtsje fun foar mar 250 per nacht wie dat myn antwurd. Ik koe dat namelik net fine op’e oare eilântsjes. Pai ha ik ek oernei tocht mar tis dêr toch echt wol winter en smokey dus net bepaald fijn en sûn. Dêr komt by dat ik in soad freonen dêr ha en ik júst efkes ferlet hie fan echt ta mysels komme.
Doe ik de bungalow hjir boekt hie fertelden Jakee en Darren my dat ik eins net oan’e goeie kant fan’t eilân siet. Lyk by de pier en net by de moaiste strânen, de jeugd, de feesten etc. Ik bin hjir no 3 dagen en ik fyn it perfekt! As der fanalles te dwaan is om my hinne fyn ik it namelik lestiger om my del te jaan. Bang om wat te missen. En hjir.. hjir is net safolle te dwan.. de feesten binne psycho/trance/electric en dus totaal net myn ding, perfekt!
Ik ha FIERWEI it allergoedkeapste prive plakje fan it hiele eilân en dêr bin ik super dankber foar. Efkes net oaren dy my wekker hâlde, gewoan myn eigen ding. En it moaie is, it hostel wat der by heard hat in keuken, hangmatten en chilplak oan it strân!! Wat wolle je no noch mear!? Ik klets mei de gesellige minsken hjir as ik wol, mar kin ek lekker allinne myn eigen ding dwan. Boek lêze, mediteare, de kursus ôfmeitsje en gewoan efkes NIKS.. DAT hie ik nedig.. hearlik!









Dankjewol foar it lêzen! Ik winskje jimme in leafdefolle en machtig moaie snein ta!
Ps: Dankber dat ik noch leef!!
Hast ferjitten omdat ik hielendal op gie yn it skriuwen fan de oare ferhalen. Ik bin dankber dat ik noch libje en ongedeerd bin! Om in lang ferhaal koart te meitsjen (want it is alwer in lange blog!) Ik krige in lift op’e scooter fan’e in freon fan in freon fan it hostel, hie moast nei deselde bestemming. Ik woe nei in feesje oan’e oare kant fan it eilân en mei de fyts wie it net te dwan. Samar spontaan, dus hop ik achterop. Hâldst dy fêst? Ja hjer! Echt wier?? Ja…..
en dêr gong der….. Dizze man stie net yn foar wat der die. Hy ried SA FERSKRIKKELIK idioat en gefaarlik dat ik mysels net genôch fêsthâlde koe oan’e scooter self. Ik greep him fêst wyls hy folgens himsels grappig it gas extreem hurd iepengoaide sadat ik der hast ôffoel en ferfolgens KNEITERHURD remme. Ik skite 7 kleuren mar koe de wurden net fine om him te freegjen dat der alsjeblieft stopje woe en dat ik der ôf koe. Ik ha allinne mar bidden en koe allinne fertrouwe op God en beskermingelen dat ik ALSJEBLIEFT levend fan dizze scooter ôf komme soe.
Yn 3 minuten wiene we oan’e oare kant fan it eilân, 4 km. We FLEAGEN!! oan’e oare kant fan’e dyk, slingerjend, iederien foarby racend. Ik wie DEA BANG! Ik ha in pear kear sein dat ik benaud wie en dat it te hurd gie mar dan lake der en die der it allinne mar mâler! Oan’e oare kant fan’t eilân seach ik dat der my bestemming foarby fleach en in oare strjitte yn gie. Ik sei HUH wêr gean we hinne? Hy KNALDE op’e rem en sei dat we hiel ergens oars hinne giene. Hy wist sels net iens mear wêr we eins hinne giene. Ik sei ik rin wol! NO PROBLEM! mar dy kâns krige ik net. Hy draaide syn scooter (wat tink ik in MOTOR wie ipv scooter) en dêr fleagen we wer.
“STOP! HJIR WOL IK ITE!!! Ik moat by DIT restaurant wêze!” dizze sin hat my rêden. Ik sprong der ôf en ha him sels noch bedanke omdat ik wol murk dat dizze man NET helder wie en ta fanalles yn staat wie. Mar gjin rúzje begjinne. Wat bleek achternei? Dizze man stie strak fan’e drugs en drank. De freon dy it foarsteld hie fielde him ferskrikkelik. Hy wist it hielendal net en siet der hiel erg oer my yn doe hy mei de man prate doe der werom kaam by it hostel.
Hy hie him frege: he, soest net nei dat feest? Hast it famke netsjes brocht? Syn antwurd wie: huh?? wat?? Hy wist nergens fan, HELEMAAL fan’e wereld.. Ik ha myn les leard en ha wol 100x God en engelen danke dat ik noch leefde en heel wer mei 2 fuorten op’e grun stie!!!! PFFFFFFF…. De beste man sit ek noch yn itselde hostel kaam ik juster achter. Ik ha him fannemoarn sjoen, mar hy herkent my net iens, helemaal prima.. mar gau ferjitte en myn les der út meinimme 😉
No is’t ferhaaltsje echt út!