#Blog 9 Dikke wille mei de banana club!
De banana club!
Samar ûntstie der fannewike in ‘clubke’ yn it hostel. 4 fan ús (Brandon, Ori, Hilly en ik) wiene op paad. We funen al snel oerienkomsten dy ús bysûnder makken. We ha alle 4 gjin tattoo’s, wat bysûnder is hjir op it eilân! We binne allegear net faksineart en we roke alle 4 net. Dêrneist ha we dikke wille! Yn it begjin begunnen lyk útdagingen om elkoars leeftiid te rieden en wa der it fierst by ôf siet moast de rest in banaan ‘betelje’. Noja, dan witte jim it nivo ûngefear. Nei hast in wike wurd der no hiel wat ôfbetelle mei bananen of 10 sec knuffels. We binne in gesellich stel en dit ploegje is precies wat ik nedig ha momenteel.
Hillie is sa gek as in doar en hat enerzjy foar 20. Dêr komt by dat we ús hieltyd mear op ús gemak fiele en frijer. Sa dûnsje we spontaan op’t strân, gean we sjongend mei in ‘speakerke’ it eilân oer op de 2 scooters en ha we sels 2 acroyoga lessen han!
Ik ha bananepankoekjes oan’t bakken west foar elk wa priuwe woe yn’t hostel, we fine moaie plakjes, útsichten, sinsûndergongen, sinsopgongen, swemme en hjir en dêr in massaazje. En we binne gewoan hiel leaf foar elkoar, wat in segen! Dankjewol toppers! Jim meitsje myn tiid hjir geweldig. Dit hie ik nedig. Nei hiel wat belibbenissen yn Laos en it wurkjen oan’e meditaasje kursus ha ik efkes lekker pauze 🙂
It strân skjinmeitsje
Tiisdei ha ik mei in groep fan 8 in prachtig ferstoppe strân skjinmakke. It wie ferskriklik hoefolle rotsooi dêr lei! Ik tink dat dat strân nea hearder skjinmakke is. 10 minuten rinne troch de jungle en doe koene we fan start. Glês apart, piepskom en lyts plastic apart. Spitich genôch binne hjir net folle opsjes om de troep te recyclen. Allinne it glês en de flessen wurd recycled en ik bin bang dat in soad fan de rest ferbrânt wurd.
It wie ferekte hyt! Yn’e broeiende sinne, tusken de stjonkende sooi mar poe he wat ha we wat wurk fersetten! Oan’t alle sekken fol wiene, en doe moasten alle folle sekken TROCH de jungle werom nei de dyk! Pff.. fol mei musquito biten, mar ‘we did a good job!’
Dipdagen
Spitich genôch hie ik ek in pear minne dagen fannewike. Ik krige noch in flinke ‘sturt’ nei fan de belevenissen yn Laos. Iets mei zwart prate, dingen troch fertelle wat yn fertrouwen dielt is etc. Mar ek dat ha ik no achter my litten en ik gean troch.
Nei in pear mega machtige dagen mei ús ploegje hie ik ek 2 flinke dipdagen. Ik merk gewoan dat hoe LEUK it ek is, ik ha blykber mear as de gemiddelde minsk de tiid allinne nedig. Ek hormonen diene harren úterste bêst om my behoorlik zwak en kak te fielen. Juster in soad allinne west, en mei Jon út iten west. Man oh man, wat kin ik dan efkes it hiele fertrouwen ferlieze. Ik bin sa ferhipte benaud om wer yn depresje werom te fallen dat ik der sa tsjin fjochtsje om mysels te herpakken, wyls ik tagelyk ek sa bewust bin dat it ienige wat ik hoech te dwaan om it te stopjen is aksepteare en NET fjochtsje tsjin wat is. Mar klear, perfect bin ik noch net. Hjoed in nije dei en ik ha der sin yn! 🙂
Plannen
Ik ha de plannen omgoait! Gjin enerzjy foar in nij lân. Dus dizze dame hat de plannen omgoait en giet de 28e fan Ranong nei Bangkok fleanen. 1 nachtsje Bangkok yfm de fleantiiden en dan de 29e flean ik nei BALI!! JAAA ik gean alfêst nei Bali ta! Sin oan!