4e reis

#Blog 9 – wenne, útdaagd wurde, kieze foar mysels en ik fertrek!

Wat in wike.. en nee, dat wol net sizze dat elke dei sa min wie. Absoluut net, ik ha júst super moaie mominten han! Wol wie it in wike fan mega op en del. De iene dei waard ik moarns wekker en koe ik de hiele wrâld oan en dan middeis barde der iets wêrtroch ik it kompleet kwyt wie. Sa gelokkich ek oarsom dat pittige situaasjes der foar soargen dat ik tichter by mysels kaam en oaren losliet. Ik nim jim efkes mei yn in oantal situaasjes.

Wenne en myn soart..

Allerearst mocht ik wenne oan India, oan Gokarna, oan Kudle beach. Op Kudle beach is der in grutte groep reizigers dy hjir in soart fan tidelik wenje. De measte komme hjir al 20 jier of langer. Ik murk dat lyk omdat de measten elkoar allegear allang kinne en dat is in oare sfear dan as je ergens binne wêr’t mear minsken nij binne en dus tink ik mear op syk binne nei nije kontakten. Ik liet it wat gewurde want ik wie wol ta oan myn eigen rêst. Ik ha undertusken wol in oantal kinnen leard mar earlik sein noch net echt de ‘klik’ fun mei ‘myn soart’ minsk. Tsja dat klinkt miskien wat gek mar hjir mei bedoel ik deselde interesses, manier fan tinken, selfde ideeën ensa. Dat mis ik wol.

De minsken hjir binne hiel leaf mar ik fiel my ‘frjemd’ fan hun. Ik tink oars, ik reagear oars en dan mis je ergens soms wat in konneksje omdat je je minder begrepen fiele ofsa. Dat is dus sowieso ien fan de redenen dat ik net sa fêstklamp oan Kudle beach en it wol prima fun om fierder te reizigjen.

Utdaagd wurde

Tsja ik waard útdaagt dizze wike om by mysels te bliuwen. Ik ha it idee dat dit dochs wol in grut tema is sinds ik op reis bin. By mysels bliuwe, net mysels ferlieze troch oaren te pleasen, en mysels te akseptearen sa as IK bin. Ik merk dat ik noch steeds faak op syk bin nei de goedkeuring fan oaren. As in oar my begrypt en aksepteare kin, dan is it foar mysels ek makliker. Dochs wurket it de oare kant op. Ik mei earst mysels aksepteare en goedkeure, DAN sil de bútenwrâld dit ek dwan.

En hjir waard ik dus op útdaagd sjoch ik no yn. Ik murk dat ik erg onrustig wie elke dei. Ek waard ik wer geregeld negatyf wekker. Ik skowde it mar op ‘wenne’. Dochs seach yn nei in pear dagen wêr it wei kaam. Dizze dame hong har gelok fierstente folle ôf fan bepaalde minsken om my hinne. 1 persoan hjir op Kudle wêr ik eins de ienige ‘klik’ mei hie en wol mei op paad gie sa no en dan. We hiene moaie gesprekken wyls hy my wat gebieden en oare strânen runom Kudle beach sjen liet.

Automatysk murk ik dat we tidens de gesprekken iepener waarden en dêr hâld ik fan. Dochs murk ik ek dat dizze persoan net sa gefoelich wie as my en gau oeral in grapke om makke. We hawwe dêrom ek wol hiel wat lake hjer, dat wie hearlik! Dochs murk ik dat it my hieltyd mear begun te frustrearen dat ik my net serieus naam fielde troch him. Ik begun unbewust stiekem oan hieltyd mear hurder myn bêst te dwan om akseptaasje by him te finen om hoe ik my fiel en wat der yn my barde. Mar hoe hurder ik socht om waardearing en akseptaasje hoe hurder en mear hy my it gefoel joech dat der my hielendal net serieus naam. As ik my kwetsber opstelde grapte der of begun samar midden yn myn fertellen oer iets oars. Ik begun my mear en mear te ferdedigjen en te analyseren. Doe der úteindelik beslúte dat ik lêst hie fan in psychose en dat soart dingen begun it hielendal chaos yn myn holle te wurden. Waard ik no gek??

Nr 2: dan wie der noch in persoan wêr ik fierstente folle oan fêstholde. Immen dy ik hearder op reis kinnen leard ha en dy ik SA gunde om te ervaren wat ik sinds in oantal jier ervaar. Ik hie him dit ervare litten doe we elkoar seachen yn Pai mar doe we beide wer ús eigen paad giene koe ik him net mear berikke. Hoe ik ek prebearre him te helpen op ôfstân. Hy ferleard himsels hielendal yn âlde patroanen, angsten en foel werom yn drinke, drugs en oare gekkigheid. Ik wit dat ik him helpe kin. It punt it allinne dat HY it wol dwan moat, HY moat wol de keuze meitsje om de help ta te stean en de keuze self meitsje.

Ik murk hjir yn dat ik fierstente folle foar him soarge, ik ha him bulten enerzjy jun en leafde mar as der neat mei dien wurd of it wurd self ôfstjitten dan is it in lek. In lekkage punt foar my wêr ik fierstente folle oandacht, leafde en enerzjy en soargen ynsette mar eins frustraasje foar werom krige yn pleats fan wardearing. LOSLITTE PEET!!! LIT IT LOS!!

Doe ik myn kwetsberheid en gefoel dielde en ik dêr de deksel op’e neus krige wie it genôch. BOOS, FRUSTREART, MACHTELOOS, UNDERWARDEARRE, fertrietlik en mega yn’e war. Samar.. dit wie gewoan de druppel.

DANKBER úteindelik. Want ik wie te blyn om hearder yn te sjen dat ik leech gie op dizze situaasjes. Dankber dat it universum my op dizze wei eins forceerde om bepaalde keuzes te meitsjen. Dankber dat se my dan helpe as ik it sels net sjoch. Wol spitich dat it sa fier komme moast, mar hjir lear ik wer fan 😉 yn’t ferline hie it folle fierder gien en no wie myn grins der al folle hearder en naam ik dy ek serieus.

Ik fielde dat ik de frustraasje, boosheid, fertriet en ferwardheid diele woe mei in goeie freon. Tidens in audio berjocht ha ik alles der efkes útgoait. Soms moat it dus safier komme foar ik los lit..

Loslitte

Loslitte is wat ik dien ha. Net ien situaasje, net ien persoan mar ik bin efkes hielendal werom gien nei myn eigen basis. Werom nei allinne mysels, God en myn engelen. Alle oare trucs, wiisheid en alles efkes loslitte. Fertrou en leun allinne op mysels en as ik my net sterk fiel (sa as ik die) dan leune op God. NET op oaren om my hinne. SKIJT oan alle oaren om my hinne en allinne mysels, allinne mysels, allinne mysels.. Dat klinkt foar sommigen maklik en logysk. De minsken dy ‘people pleasers’ binne en bang binne dan ôfkeurt te wurden en minsken kwyt te reitsjen witte hoe freeslik dreech dit is.

Wêr ik nei ta wol, dat it my in reet roeste sil wat in oar fynt, docht of dat in oar my no wol of net serieus nimt, SKIJT! IK BIN IK.. IK wit wat ik ervaar, IK wit wat ik meimakke ha, IK wit hoe folle ik fiel en hoe it is om my te wêzen. Dat kin in oar allinne mar sels ynfulle en harren bêst dwan te begripen wat der yn my omgiet. Se kinne sizze wat se wolle, mar se binne net my. Sy ervare allinne hoe sy binne. Sy ha harren eigen shit en ik kin der nei lústerje, sil se serieus nimme, hearre en sjen. Ik ha net it rjocht om te oardielen oer wat sy ervare en te bepalen wat goed of net goed is.

AS IK MY NET BOEIT WAT IN OAR FYNT OF TINKT, DAN BIN IK FRIJ!! (Dit is niks nijs foar my, mar wol iets wêr ik mysels faker oan herinnerje mei!)

Dus ik ha it beslút naam de twa boppesteande minsken los te litten. Loslitte yn’e sin fan dat ik beslis dat ik net mear leech rinne wol op hun. Dat ik myn humeur en gefoel net mear ôfhingje litte wol fan wat sy dogge. dat betekend foaral: de FERWACHTINGEN loslitte dy ik hie oer de relaasje. Net mear ferwachtsje dat je wardearing krije, net mear ferwachtsje dat je sjoen wurde, dat de oar dy serieus nimt. Want as ik dat loslit, dan ‘lijd’ ik net mear.

En dit mei ik dwan mei elkenien. Net allinne dizze twa persoanen mar ik mei elk stikje loslitte wat foar myn gefoel net ‘sûn’ is. Wêr ik enerzjy yn ‘lek’, wêr ik in soad ynset mar net werom krij.

Sa ha ik ek in stik loslitten fan in hiele goeie maat. Ik seach tefolle tsjin dizze persoan op, woe wêze hoe en wêr hy is en ik murk dat in soad dingen net by my pasje. Noch net, of gewoan net kloppe. Dat makket ek net út as iets wier is of net. It makket wol út as ik my der goed by fiel. As ik my der NET goed by fiel en it kost my stress, LOSLITTE!!

Sa ha ik hearder ek al leard mei wiisheid. Bepaalde theory wol ik graach tapasse omdat ik wit dat it my helpe sil. MAR as it my in soad stress jout omdat it my NOCH net slagget, dan loslitte! besykje it letter noch ris. Sjoch it as in ‘doel’ wêr ik hinne wol, iets wêr ik nei streef. Mar as it my NO noch net slagget it nei te leven dan IS DAT PRIMA!! 😉 ASHE! (and so it is)

Loslitte is net kwytreitsje

Dit is in wichtige dy foar my dochs wol nij klonk. Loslitte is dus de ferwachtingen loslitte, dat wol net sizze dat je de persoan ek kwytreitsje. Myn ervaring is dat de relaasje yn elts gefal sûner wurd. Ik ‘hingje’ minder ôf fan de persoan.

No sa ist wol wer genôch foar no mei de djipte 😉 Namaste!

Achterlitte en in frisse wyn. in oare enerzjy!

Al mei al, in turbulente wike mei downs mar ek seker ups! wat in frijheid jout dat, wat fielt it fijn wer bij jesels werom te kommen 🙂 Doe fielde ik juster ek ynienen dat ik ta wie oan in frisse wyn, oare enerzjy! Ek al waait it hjir aardig oan’t strân, ik fielde ynienen dat ik eins wol fierder reizigje woe. Ik ha in ticket boekt wat hjir aardig yngewikkeld giet yn India. Freed pak ik in trein fanút Kumta nei Kochi. 13,5 oere yn’e trein nei it súden. Ik ha in bêd, mar ik ferwachtsje net de comfort en skjinheid fan Thailân. Ik ha 3AC. Dat betekend dat it trije bêdden boppe elkoar binne en wol Airconditioning. Dat hoech ik eins net dy airconditioning mar der waard my ferteld dat it warskynlik foar my as begjinnende india reiziger wol noflik wêze soe omdat it ek mear privacy bied. In gerdyntsje bygelyks en de kâns dat der mear reizigers binne ipv allinne Indiërs is wat grutter.. Ik sil it belibje!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *