Eye-openers

Op deze pagina deel ik verhalen over mijn ervaringen en kennis die ik de laatste jaren opgedaan heb. Inzichten die mij verder geholpen hebben om te komen waar ik nu sta. Of juist vragen of onderwerpen om eens bij stil te staan. Ontdekkingen en eye-openers in mijn leven, zo noem ik ze maar. Op deze manier neem ik jullie een stukje mee in mijn zoektocht, mijn Expedition Happinezz.

Deze verhalen zullen zo nu en dan ook erg persoonlijk zijn. Ik vind het daarom best wel spannend om het met iedereen te delen. Toch doe ik het omdat ik hoop en verwacht dat ik hier vast mensen mee kan helpen. Ik heb al een hele zoektocht achter de rug en ik weet dat er veel mensen met dezelfde onderwerpen struggelen en omknoeien. Ik hoop dan ook een inspiratiebron voor sommigen te zijn en anderen met mijn ervaringen verder te kunnen helpen. Al zou het maar 1 persoon zijn die er wat aan heeft, dat is er weer één!

Voor mij is dit tegelijkertijd een uitdaging om te leren loslaten wat een ander er van zou kunnen vinden!

  • Ferlet fan FRIJHEID!!
    Do bist dochs sa frij as in fûgel Peet? No.. nee, sa fiel ik my hiel faak net! En ik ha dit mear en mear oan’t observearen west! De frijheid wêr ik oer praat giet FOLLE DJIPPER! Op it level hoe de measten it sjogge: Ja, ik bin frij omdat ik net in ‘baan’ ha..Ja, Ik bin frij omdat ik yn Thailân bin of elders..Ja, ik bin frij omdat ik gjin partner en bern ha..Ja, ik bin in soart fan frij omdat ik sa ûntigelik súnich op myn spaarjild leef wêr ik de rest fan myn libben foar sparre ha en myn hiele libben amper wat útjun ha omdat ik mei weinig genôch ha..en Ja, ik bin opgroeit yn alle frijheid op’e pleats yn ús prachtige Fryslân wêr we ús kompleet feilich fiele kinne. Omdat ik yn’t ferline ek allinne mar op dit level tinke koe, begreep ik hiel faak net wêrom der dochs iets is wat my dwars sit. Ik tink no dat dat in stik frijheid is, wat folle folle fjipper sit. Dizze djippere foarmen fan frijheid wêr ik it no oer ha wol ik graach hjir mei jim diele. Djippere foarmen neam ik se. We fiele en sjogge se net sa gau mei kortzichtige sicht sjogge en fiele. Je kinne se dan ek allinne mar sjen en fiele as je earlik, iepen en kwetsber nei jesels doarre te wêzen. Kwetsber en faaks ek konfrontearend nei jesels ta. Gjin ekskúses mear om it op de bútenwrâld te skowen. Djip dus en soms konfrontearen mar ast dêr trochhinne doarst en bist dan kin ik dy belove dast ek in oar level fan frijheid en leafde foar dysels ervare silst! Iets folle moaier dast miskien betinke koest. Dus ik soe sizze, lês mei.. sjoch wat it mei dy docht.. en as’t der oan ta bist om by dysels nei binnen te kearen ha’k wat fragen oan’t einde om dy dêrby te helpen. Hast der net ferlet fan, snapst net wêr ik it oer ha of miskien bang om wat tsjin te kommen wat te konfrontearend is?? ALLES IS GOED.. want bist FRIJ om te dwan wast wolst! Ek al soest hjir stopje mei lêzen 😉 it’s all good! 😉 Giest der foar? haha, Yes! Enjoy the ride 😉 4 djippere kanten fan frijheid, op willekeurige folgoarder en diels sitte se yn elkoar ferweven. NR 1: De frijheid om echt ELK momint te dwan wat ik wol. Tsja dy klinkt miskien frij gewoan en net sa djip.. Mar wat as je no echt is stil stean by ALLES wat je dogge op in dei. Wêr ast hinne giest, wast seist, elke handeling dy ast dochst. HOEFOLLE dêrfan is automatysk en tinkst net iens by nei? Hoefolle dochst echt bewust omdat dát it allerleafste is wast op dat momint dwan wolst..?? Of hoefolle doch ik omdat ik tink dat it eins wol ‘moat’? Gewoan omdat we dat ‘went’ binne en sa opgroeit binne? Ik stel mysels no geregeld de fraach: (en wês efkes hiel earlik nei dysels!) wat soe ik dwan, as ALLES goed is? As alles mei, as ik genôch ha, as ik hielendal FRIJ wêze soe? Sûnder beperkende gedachten! Sunder angst foar iets yn de takomst, sunder te tinken wat in oar der fan fynt, sûnder angst om dan ôfkeurt te wurden, sunder angst fan tekoart. Dit hoege heus gjin grutte dingen te wêzen! Ik mei mysels echt HIEL faak per dei hjir oan herinnerje! Ik merk dat ik in hiel soad dingen sa op’e automatyske piloat doch. Hoe ik wekker wurd, wat ik yt, wêr ik yt, wat ik oan doch, hoe ik de dei ynful, wannear ik iets wol doch, wannear ik op bêd gean etc etc. It giet non stop troch. Sommige fan dy dingen binne prima hjer! Want dy doch ik omdat ik der in hearder momint bliid fan waard. Mar ik betraapje mysels der hiel faak op dat ik dan automatysk ferwachtsje dat ik it dan dus de oare dei ek leuk fine sil. Ik ervaar sa no en dan echt de kriebels troch myn liif as ik écht dy djipste gekke spontane yntuysjes folgje. Dy stiekeme gekke gedachtes dy we meastal net iens mear hearre omdat se salang fuort drukt binne. Fan dy momintsjes dast dysels efkes hielendal frij fielst om gewoan te dwan wêr ast op DAT momint bliid fan wurdst. de “SKIJT, IK DOCH IT GEWOAN” momintsjes 😉 en dy dingen binne foar elkenien oars!! It binne faaks de dingen wêrfan je systeem seit: neee Peet, dat kin net, dat HEARD net sa! en dan tsjin jesels sizze: FERHIP MAR! WA seit dat dat net kin of net mei?! en noch in kear: dat kin echt fanalles wêze! Dat kin wêze dat je eins ynienen middel op’e strjitte huppelje wolle, dat kin wêze dat je beslúte om moarns mei in pot bier te begjinnen, dat kin wêze om iets búten de ‘regels’ om te dwan, dysels te traktearen op iets, in gekke aksje om gewoan per direkt op fakânsje te gean, iets dwan wat NIMMEN soe dwan, beslúte in nacht NET te sliepen, iets extreems te keapjen of te ferkeapjen, it gewoan ris HIELENDAL oars as oars te dwan. Echt jong, dat jout in kick! FRIJ wêze!! JOU dysels dy frijheid!! Ik merk dat ik hiel faak fierstente BRAAF bin, te benaud en dat ik mysels dêrtroch hiel erg yn frijheid beperkte. Libje folgens de regels fan oaren hoe ik TINK dat de wrâld my sjen wol! Ik ha tidens myn reizen HIEL faak heard dat de minsken it gewoan te ‘skattig’ foar wurden funen hoe ik altyd mar bezich bin mei oaren om my hinne. In diel past by my, mar in diel mei ik loslitte want it beperkt my ek! Peet is klear mei PLEASEN! Stap út dyn âlde system en meitsje dyn EIGEN REGELS!! Dizze foarm fan frijheid skowe we faak nei de bûtenwrâld, mar hy sit dus fan binnen. Want IK bin it sels dy bepaald wat ik doch en wat ik ‘fyn’ wat wol en net mei. Dy beperkingen lizze we puntsje by pealtsje dochs ússels op! En ja, se kinne oarspronlik by dyn opfoeding wei komme, by in baas, it systeem of wêr dan ek wei. Ut goederbêst, dat seker.. mar NO is it oan DY wasto de mei dochst!! Hâldst der oan fêst omdat it feilich fielde of brekst dysels frij en bepaalsto no wat DYN eigen regels binne? Frijheid om te dwan wat ik wol en de frijheid om ELKE seconde (as ik dat wol) te wisseljen! Frij wêze om echt myn yntuysje te folgjen. NR 2: Jesels de frijheid jaan om NEE te sizzen. NEE is nij wurd yn myn ‘wurdeskat’ NEE is foar my in hiel wichtig wurd wat myn frijheid oanbelanget. Mei folle overgave nee doarre te sizzen as oaren wat freegje bestie eins net foar my. Nee sizze siet neffens my net iens yn myn ‘wurdeboek’. En AS der peroenglik der ris in kear útkaam dan kaam der SA’N MEGA lading oan skuldgefoel oerhinne dat ik al gau dy nee fuortfaagde en dochs tajoech en ja sei. Totaal onwaardig nei mysels ta as ik it sa sizze mei. It gelok fan in oar is altyd wichtiger dan myntes. it klinkt ûnnoazel, mar dat is eins wol wat je dogge as je konstant mar dogge wat je tinke wat oaren sjen wolle. In oar please ’tot en met!‘ it sit der SA ynprogrammeerd dat ik it sels net iens sjoch hoe heftig it wie en soms noch steeds is! Ik leaude jierren lang dat dat wie wat my bliid makke: as in oar bliid is, bin ik bliid.. sei de pleaser.. har eigen foarkeur sa fuortdrukt dat ik doe ik foar it earst allinne reizige hielendal gjin idee hie wat IK dan woe.. as der nimmen is te pleasen…. huh.. wat wol dy Petra sels eins sels? Sa as by in soad al bekend is: Nee nei in oar, is in Ja nei dysels. En dat is NET egoïstysk, dat is goed op dysels pasje. Soesto wolle dat in oan by dy is mei tsjinsin om dy te pleasen? Nee toch? Net de bútenwrâld mar IK bin it sels dy mysels net TASTIET om sa frij te wêzen! IK bin it dy myn grinzen bepaald en IK bin it dy it talit dat oaren oer myn grinzen gean!IK bin it dy beslút om nee te sizzen! Nr 3: Frijheid om te wyzigjen. “Ik wol toch net” Frijheid om ELKE seconde as ik wol te wyzigjen wat ik wol. Ik bin yn myn proces nei ‘wat wol Peet no eins echt’ best wol sykjende soms. Sa ik hearder al sei die ik in soad op de automatyske piloat. As ik dan wekker wurd en besef: Hé, mar eins wol ik leaver allinne wêze, of ik wol eins wat oars dwan, wat oars ite, ergens oars wêze.. Wol ik mysels dy frijheid gunne om dat der wêze te litten. By mysels slagget dat hieltyd better, woohoo… MYSELS tastean om tig kear myn plan te feroarjen hat my mega soad frijheid jun. Der ok mei wêze wyls ik nei iets ta rin dat ik dochs ynienen fiel dat ik wat oars wol. 100x wisselje is prima. Want op dizze manier kaam ik der faaks makliker achter wat IK eins woe. ‘niks is zo veranderlijk als de mens’. Yn it bywêzen fan oaren fyn ik dat noch wolris FEREKTE lestich!Leau my, dizze is pittiger dan der klinkt! Want poe he, wat nimme we it faaks noch persoanlik as in oar ôfseit of iets oars boppe dy kiest. Wat ik hieltyd mear lear, is dat hoe in oar der op reageart, is net myn stik. It is DYGENE syn keus wat dy der mei docht. As dy gene sich ôfwezen fielt omdasto foar dysels kiest dan is dat in stikje pine fan dygene. In wize les dy ik fannewike noch krige wie: meitsje dysels net lytser foar in oar syn lok. Oftewel, druk dyn eigen gefoelens net fuort om in oar te pleasen. As ik dizze ‘wisselvallige’ persoan wêze mei by immen, dan fiel ik sa’n mega djippe wardearing! Dan fiel ik my sa frij om by dygene te wêzen. EN wat der dan faaks gebeurd is dat as dy frijheid der IS.. dat ik folle minder de neiging ha om te wyzigjen 😉 Ast echt dy frijheid fielst by minsken om dy hinne, dat is GOUD wurdich!! NR 4: Frijheid om te wêzen wat ik bin Wêze wa ik bin. Mei al myn gekkigheden. Mei al myn ferskillende kanten. Frijheid om AL dy ferskillende foarmen fan my te wêzen. Frij om tagelyk de boeredochter, de punker, de bewuste, de onzekere, de stoere, de spirituele, de gefoelige en de wylde Petra te wêzen. Dy prachtige siel dy net sa gau yn in hokje te pleatsen is. Mar al har ferskillende kanten wêze mei. Dy it iene momint miskien stoer is en skijt oan alles en 2 minuten letter de grutste skiter, gefoelich en in trin lit. It iene momint it allegear hielendal seker wit en it oare momint it paad kompleet bjuster is. Dy frijheid oan mysels jaan.. DAT is in djippe foarm fan frijheid.. en yn dizze mei ik my noch fierder ûntwikkelje.. want hjir ha ik noch wolris mouite mei.. 😉 NR 5: Frijheid om te fielen wat ik fiel In oare foarm is om mysels de frijheid te jaan om te fielen wat ik fiel. En dat is in pittige hjer!! Dit betekend foar my: al myn gefoelens kompleet en folledig aksepteare. Mysels leuk fine yn’e mominten dat ik lekker spontaan, gek, frolik en leaf etc, das net sa moeilik! Mar ik fyn it noch steeds HIEL lestig om mysels te akseptearen op de mominten dat ik der gjin bal fan snap wêrom ik no wer fiel wat ik fiel. Wêrom ik ynienen út it niks sa ûngelokkich en ûnrêstich wêze kin wyls der krekt safolle is om dankber foar te wêzen!! Wêrom…
  • ‘It wurd dochs nea wat’
    Don Det: Samar waard ik wer oerrompele troch in núver iets wat myn flow stoppe. Ik hie sa’n sin en motivaasje om de Nederlânske meditaasje kursus ôf te meitsjen. En no is it safier, en it wol net sa soepel. Ik bin bewust, en fiel en sjoch wat der oan’e hân is. Bin wat minder streng, stopje wat hearder en prebearje de dingen te dwan wêr ik it measte sin yn ha op it momint. Dochs is der iets wat ‘wringt/knypt’ en dwarsbongelt! De folgjende dei mien ik wer fol goeie moed oan’e slach te gean. Ik negear it ûnderbúkgefoel want ik wol oan’e slach! It sil myn perfektionisme wol wer wêze, it sil de hitte wol wêze, allegear ekskúsen. It komt moarn wol wer, gewoan trochsette. Wyls fiel ik hiel stiekem dat ik efkes langer stilstean mei en hjir wat mei dwan mei om it echt wer flowe te litten. Ik wit en fiel dat ik djipper fiele mei wat der eins oan’e hân is. Noch in dei letter. Ik begjin itselde. Ik forceer mysels in bytsje. Ha net super folle sin mar dat sil seker wol komme as ik wat taken dien ha, as ik my ferfolt fiel. Wyls wit ik djip yn mysels dat ik mysels foar de gek hâld. Ik wol mei gang oan’e slach en net earst wer stilstean, dreech dwan, oan mysels wurkje. Dochs kom ik der net ûnderút en wit ik dat ik ‘iets’ wat oan’e hân is better earst boppe wetter helje kin, want it kin my in bulte stress, ferset en tiid besparje. Ik ha yn’e lêtste jierren faak genôch ervaren dat de tiid en ynfestearing yn jeself, dûbbel werom betelle wurd as je earst wer by jesels komme en ‘heale’ wat der underbewust dwars sit. Ik stopje myn wurk, gean sitten en meditear. Dizze kear in geleide meditaasje dy my helpt yn te sjen en te fielen wat der dwars sit. Al frij snel komt boppe wat der ûnbewust yn my spile. De gedachte: ‘It wurd toch noait wat!’. In oertsjûging dy ik al hiel wat faker tsjinkaam bin yn myn libben en dy ferhipte djip sit en lestig underút te heljen. Ik miende dat ik um loslitten hie mar hy wie no stiekem yn myn ûnderbewuste werom kroept. Wyls ik fol motivaasje mei de kursus oan’e slach soe wie dit in oertsjûging dy’t ik yn myn underbewuste meinaam hie yn it ûntwikkeljen fan’e kursus. In nare oertsjûging dy my ûnderút hellet. Dy djip siet en dus sterk is. Maklik om um te leauen, SA sterk dat it hast fielt alsof ik net oars kin as leaue dat it wier is. Want myn holle hat gjin tsjinbewiis, en wol genôch redenen te betinken werom it dus inderdaad noait wat wurd mei my. Ik prebearje fanalles, stoer en sterk, hâld de kop boppe wetter, creeër dingen, lear in soad. Ha 2 online kursussen, begjin te advertearen, lear mear, doch wer nije dingen.. Dochs ha ik noch net foarelkoar wat ik yn’e holle hie. Dus wyls ik stoer oan de folgjende kursus begjin en wit dat it goed is en mega helpend is wat ik kreeër.. Is dêr dus dochs dy underbewust oertsjûging, it ego, dat stemke wat ik net hearre woe. Mar wat stiekem ropt: KAPPE PETRAA!! Ferspilde enerzjy, it wurd dochs gjin sukses, it kosset dy folle mear enerzjy dan de pear sinten dy’st der oan fertsjinjen giest aanst, bereid dy mar foar dat it in flop wurd etc etc.. Oftewel: it wurd dochs nooit wat! Wyls ik meditear, lit ik it gefoel ta. Trinnen rinne oer myn wangen. Wat docht it mei my? Dy gedachten dat it toch nooit wat wurd, omdat ik ’toch nooit goed genôch bin’. It docht sear, it fielt sa echt, as maklik om de handdoek yn’e ring te goaien. Dochs jou ik net op, NET om sa’n gedachte, net om dy oertsjûgingen. Want dan jou ik se allinne mar mear krêft en jou ik eins ta dat it dus inderdaad wier is. Wat ik wol doch? Ik lit de trinnen der wêze. It feit dat dizze oertsjûging sa djip sit seit wat oer myn ferline. Sa lang ha ik leaut yn dy oertsjûging. It lytse famke yn my wurd rekke. Dat ‘gewonde’ stik, dêr mei ik no de oandacht oan jaan. Dat stik mei leafde ûntfange om te hielen. Ik bin dus hjoed efkes wat leaver foar mysels. Efkes stop mei de kursus en it gefoel der wêze litte, efkes net fjochtsje tsjin it gefoel en de oertsjûging. Ik hoech niks, ik MOAT de kursus net ontwikkelje, ik MOAT net suksesfol wêze. Ik MEI it dwaan omdat ik it leuk fyn en as it flowt. De druk dat it perfekt wêze moat mei ik loslitte. Ik wit dat ik in soad minsken helpe kin mei de meditaasjes, ik kreeër it fanút leafde. Dankber dat ik it effekt dageliks fiele mei en dankber dat it myn libben sa’n ommedraai jun hat. Sjen wêr ik no bin.. ASHE (and so it is)
  • De rol fan ‘minder fiele’
    In artikel oer wiisheid fan oaren, twifelje oan jesels en iepen doarren. 2 lessen Foarig jier ha ik fan Bradley in les leard dy geregeld efkes werom komt. Hy learde my: meitsje keuzes net op basis fan alle fertrouwen op allinne 1 ding of 1 persoan. Dêrmei bedoelde hy dat ik net alle fertrouwen ha moat yn ALLINNE dat iene ding of persoan. Brûk ek dyn eigen ferstân. Leau net allinne mar 1 wierheid, elk hat syn eigen wierheid en syn eigen idee oer it libben. Dêrneist krige ik op myn hert drukt troch Nancy út Pai; twifelje NEA oan dysles Petra! Wat der ek bard, wat minsken ek sizze! It libben hat in soad útdagingen wêryn we oan’t twifeljen brocht wurde en we soms efkes net mear witte wat we no moatte. Nei wat we lústerje moatte, welk paad we folgje moatte want we krije allegear ferskillende adviezen fan elk. Ik ha dan de neiging om as allerearst oan mysels te twifeljen. Ik helje mysels hiel maklik ûnderút. Dy stem fan it ego is sterk ûntwikkele en ferteld my by hast ELKE situaasje dat it MYN skuld is,IK wie net goed genôch en ek al hat it hielendal neat mei my te krijen: IK moat it fixe! Oaren net talitte boppe je te stean Dizze wurden fan Bradley en Nancy kamen no wer by my boppe omdat ik juster in soad minsken tsjin kaam dy my fanalles leare woene. It is allegear goed bedoeld mar ik fal automatysk dan yn in rol fan: Ik bin noch net goed genôch, ik bin der noch net. Ik fal geregeld onbewust yn dizze rol as ik hulp freegje of mei immen in fraach of probleem diel. Dan wurd ik oerdondere mei allegear goeie adviezen en al harren kennis. Faak binne it dingen dy ik allang wit. De eye-opener Ik mei de rol fan student loslitte! Ik mei de rol loslitte om ûnder oaren te stean en my lytser fiele te litten. Ik liet it self unbewust telkens ta. Ik liet it ta my te bestoken mei alles hoe ik it wol net oars of better dwan moatte soe. It kleineerd my geregeld. Yn pleats fan dat ik der better fan wurd troch al de adviezen, fiel ik my júst mear ‘nietig’. Wiis en sterk Ik bin ynmiddels sa wiis en sterk dat ik eins genôch wiisheid ha om foarlopig mei oan’e slach te gean. Net fierder sykje nei MEAR. Want dan sil ik it nea fine. It is hjir en no, ik ha safolle kennis fergaard. Ik mei earst eigen wurde mei de kennis dy ik ha. Dat is genôch, dat is goed. Ik ha it al, ik ha alles al yn my wat ik nedich ha. Sicht fanút in oar perspektyf Soms is it goed as immen je der efkes oan herinnert, omdat der safolle kennis is wat je fersamele ha en miskien koe ik foar dizze situaasje better in oare ’tool’ brûke. In oare kijk. Dat is prima. Mar mear as dat ha ik net nedig. Yn dizze situaasjes stean minsken neist je, net boppe je. Se joue in advies, omdat je freegje mar litte it dêrby. Prebearje net harren gelyk te krijen, it troch te drukken of noch folle mear ongevraagd advies te jaan. Ik wurd yn’e war as minsken allegear HARREN wurklikheid oer my hinne stroaie. Minsken dy oaren konstant oertsjûge wolle fan harren wurklikheid, kennis en wiisheid. Ik ha leard, dat wannear minsken sa hurd oaren oertsjûgje wolle, dat dy harren sels noch sa hurd bewize wolle. Wêrom? As men sichsels hielendal aksepteard en fan sichsels hâld, dan ha je net dy bewiisdrang. Iepen doarren, ik hoech net MEAR Sa as Jelle Hermus yn ien fan syn boeken ferteld binne der safolle iepen doarren. Der binne al safolle oplossingen foar ús problemen. Dochs sjogge we it faaks net. Ten earste kin dat komme omdat it TE moai liket om wier te wêzen. Ten twadde omdat it te ‘maklik’ liket. As tredde omdat we altyd op SYK binne nei iets betters. Nei iets NIJERS. We wolle sjen wat der achter de tichte doarren sit, wyls der gewoan iepen doarren binne mei genôch oplossingen. Praktyske fergelikingen hjir fan binne der oeral! Medicinen, skjinmakmiddelen, ûnderwiis, masjines etc. It bestiet allegear al, mar we wolle it BETTER, NIJER. Mar wat is der mis mei de oerâlde medicinen fanút planten en krúden dy faaks folle sterker wurkje en gjin troep besitte. Wat is der mis mei beppe har oplossingen om mei simpele huis- tuin- en keukenmiddelen dagelikse problemen op te lossen yn pleats fan chemische djoere merkproducten? Wêrom moat it underwiis telkens feroarje, telkens ‘leuker’.. wurde de bern der slimmer fan dan ús pake’s en beppe’s? Hearre we net hiel faak dat dy âldere nokia mobieltsjes net stikken te krijen wiene en alle nije gadgets samar ‘kadoek’ binne? We sykje altyd nei better, nijer en wat OARS.. mar eins.. binne alle oplossingen der al en creeëre we faaks allinne mar mear syktes en stress.. Wow, wat jout dat in rust. Ik hoech net mear op syk nei mear antwurden, ik hoech net op syk nei mear… Lit my earst mar djipper gean en genietsje fan alle kennis en wiisheid dy ik al ha!
  • Focus op bliid mei wêr ik NO bin!
    In eye-opener Soms, as ik oan’t skriuwen bin yn myn journal komt der safolle dúdlikheid en ynsichten. En hiel soms, as der dan ynienen in hiele lading oan wurden en enerzjy komt, dan fielt it súver alsof it God is dy’t my wat sizze wol of my wat fertelle wol troch my ynienen dizze wurden skriuwe te litten. Want op sokke mominten snap ik net wêr dit oars wei komt. It klinkt miskien hiel gek en idioat foar sommige minsken dy hjir te nuchter foar binne. Mar ik tink dat in soad lêzers fan dizze blogs wol begripe wêr ik oer praat. In bytsje itselde idee (mar dan wat minder heftig miskien haha) as wat der barde mei ‘Neale Donald Walsch’ yn: “een ongewoon gesprek met God”. En dat hie ik dus juster ek wer ris. Doe ik ynienen de ynsichten krige dat ik my fergelike mei minsken dy miskien noch net witte wat ik wit, net ervaren ha wat ik ervaren ha. Ynsichten dat in soad minsken pas bewust wurde en harren sa ûntwikkelje as se hast oan’t ein fan harren libben binne, of hielendal net iens. Ik stie efkes stil by al dy minsken dy ik de ôfrune jierren de eagen iepen dien ha, wêr ik it ferskil makke ha, dy ik wat ljocht sjen litten ha. Ik besefte dat ik sels immen dy’t 30 jier psycholoog west is in soad fan my leard, Al dy ik foar jier fan’e drugs ôfkrigen ha, dat ik in soad minsken inspirear en stappen sette lit. Dat ik dat wolris wat mear ynsjen mei! (Ja mem, ik wit dat mem it ek faaks seit mar dan tink ik: tsja, dat seit in mem fansels omdat ik har bêrn bin) Ik hingje der faaks in oardeel oan dat it NET sa is omdat ik der gjin jild mei fertsjinje of omdat ik noch net alles ‘perfekt’ begryp of neilibje kin. Earst wat ynfo foar ik oer myn doel fertel Earst in lyts stikje achtergrun hoe ik hjir by kom. hmm hoe doch ik dat.. want om it iene te begripen moat je earst wer it stapke dêrfoar útlizze.. en sa is it samar mooglik dat ik aanst in kompleet boek skreaun ha mar net it iene lytse ferhaal oer myn stik wat ik eins echt no diele wol! Ik beslút foar no mar net yn te gean op de achtergrûn info oer hoe it yn elkoar sit. Wêrom it hoe en wat, dat komt wolris yn in oare blog beslút ik by deze. Dit binne wat topics/ûnderwerpen/ynsichten wêr it op basseart is. en wêr ik dus yn in OARE blog fierder op yngean. –> It ferline en de takomst bestean net echt. It bestiet allinne yn ús gedachten en gedachten binne gjin wurklikheid. It ienige wat der eins allinne mar is, is NO. –> Der is gjin romte. (tsja das in pittige, ik wit it) Alles is oeral. –> We kreeëre ‘lijden’ as we ús fersette tsjin wat is. Tsjin it no, tsjin hoe it NO is. Makkest in fijân fan it húdige momint. –> Libje fanút ‘overvloed’ yn pleats fanút in tekoart. As je dus altyd in ekskuus ha bygelyks wêrom it NO noch net goed is. Pas as je dit of dat ha, DAN… –> Buddha: ‘de wortel van het lijden zit in het onophoudelijk begeren en verlangen’ –> Eckhart Tolle: troch fersette tsjin wat ‘is’, onnoadig oardiele en ontkenning fan it no, sitte je yn’e onbewustheid (dingen dwaan mei tsjinsin mar it fielt fertroud en it liket feiliger!) –> Eckhart Tolle: Alles wast dochst mei negatieve enerzjy wurd ek troch negatieve enerzjy besmet! + elke negatieve innerlike tastân is besmettelik. (dêrom is it sa wichtig dast de júste minsken om dy hinne hast dy dy motiveare yn de dingen dysto dwan wolst! en dy net oan’t twifeljen bringe!) –> Theo Buit (de arbo arts dy my wekker makke hat): angst voor geluk (het onbekende) is voor veel mensen de reden om door te gaan met wat ze altijd deden, veilig maar niet fijn. En dan worden ze ziek.. Doe ik juster oan’t skriuwen wie kamen ynienen de wurden: Potjandikkie PEET! Do bist 33 jier en al sa mega bewust, sa fier yn alles! Wês net sa streng dast noch net NOCH fierder bist. Want wannear wit je ALLES? Wannear is it goed genôch? Is der in mins wat NEA struggelt en altyd alles yn’e macht hat? As ik my rjochtsje op wat ik noch NET berikt ha, dan stjoer ik just onbewustheid út, dan lústerje ik júst nei it EGO dy seit dat it DAN PAS goed genôch is, of dat it ELDERS better is. Dat ik NOCH net goed genôch bin en dat ik dus net OK bin mei it NO!! Duss.. myn les, wêr ik my no allinne mar op focusje wol is dit ynsicht:Ynsjen hoe fier ik no AL bin, wat ik NO al leard ha, focus op de mominten dat ik WOL oanwêzich bin, bewust bin en dus helemaal OK bin mei wat is. Ok wêze mei wêr ik NO bin, NO stean, NO doch en al dien ha. It ego sil my tig kear per dei útdaagje om my it tsjinoergestelde leaue te litten. It sil allegear gedachtes komme litte om my ûnderút te heljen wêrom it noch NET goed genôch is. It sil my angstig meitsje wolle dat ik falen gean, dat ik dit of dat.. Allerhande gedachtes om my bang te meitsjen, wat foar ekskuus it ek mar is. En foaral sil it komme mei gedachtes dy gefoelich lizze by my fansels! Angst oer de takomst, angst dat ik toch net samar sunder angst kin! hahaha gedachten dat ik my dochs echt drok meitsje moat oer jild, oer wurk, oer tiid, oer takomst oer WIT IK VEEL WAT! It is oan my om ‘bewust en oanwêzich’ te wêzen! Want as ik bewust en oanwêzich bin, sil ik my net identificeare mei it ego mar ynsjen dat it puur it ego is dy my bang meitsje wol. Dy my yn’e war meitsje wol. Bedank him foar it warskôgjen mar dizze dame doet niet meer mee! Dizze dame identificeert har mei it fertrouwen, it NO, it bewust wêzen, fanút leafde. Lit it los en sjoch dat it it ego is. Ik stopje it handeljen en tinkten fanút angst en tekoart. Ik handelje fanút overvloed mei vreugde en leafde foar mysels en de minsken om my hinne. Fanút fertrouwen. Ik lit LOS dat ik pas suksesfol bin as ik myn jild hjirmei fertsjinje, ik lit los dat ik pas echt frij bin as ik miljonair bin. Ik lit los dat ik my soargen meitsje moat oer de takomst dat ik iets opbouwe moat omdat it oars net goedkomt. It ienige wat der is is NO, wês bewust! Libje en genietsje fan it NO AMEN, ASHER, NAMASTE!
  • Ik bin net depressief, mar ik HIE it..
    In artikel oer depressie, helpende labels, begrip, understatements, slachtoffer wêze, situaasjes aanvaarde, selfleafde en de swarte hûn.. In eye-opener foar mysels destiids (en soms wer opnij en opnij) om it gefecht op te jaan. Foar oaren miskien herkenning, inspiraasje…. of júst in nij ynsicht en in bettere útlis? Yn dit artikel lis ik it út oan de hân fan myn depressie mar it is fansels op allerhande dingen ta te pasjen dy’t dy yn’e macht ha of ûnderút helje! Sa as elk wa my kin wol wit, ha ik 12 jier striiden mei in depressie. Ik hie mominten dat ik hielendal fêst siet yn dy depressie. Mominten wannear ik SA lilk wêze koe op mysels omdat ik it mar net foar elkoar krige om de knop om te krijen. Wêrom slagge it my net om dankber te wêzen, om te genietsjen, net sa negatyf te dwaan, gewoan te leven sa as elk die!! As der gjin reden ta wie om my sa te fielen, wêrom koe ik dan net gewoan bliid wêze?? Ik focht hiele dagen tsjin myn eigen gefoelens, hoe STOM kin je wêze dat je dat net stopje kinne. En sa gie ik djipper en djipper yn dy spiraal. Skamme my dea, lilk op mysels, noch mear ferset, noch mear om mysels te haten en te balen fan hoe ik wie. Heftige wurden Soms wist myn mem dit efkes te trochbrekken troch te sizzen: Peet, it is logysk dat dat net wol. Do bist immers siik yn’e holle. Oef, ja foar jim klinkt dat miskien heftig en cru. Mar op dizze manier koe ik it wol los sjen fan my. Ja, dat labeltsje ‘ernstige depressie’ joech my in soad rust. Núver te begripen tink ik foar in soad minsken. Mar it soarge der foar dat ik it los fan mysels sjen koe. ik BIN net dy depressie! It is iets oars, iets búten my, iets oars wat momenteel de macht oer my hat. As ik dat wer efkes ynseach, waard ik leaver foar mysels. Want it is behoorlik heftig as je in ‘ernstige depressie’ ha. Earme ik.. ik ha hjir mei te dealen en dat is erg genôch. Ik sleep dit as it ware achter my oan, de hiele dei. Ik koe mar better wat leaf foar mysels wêze en der net tsjin fjochtsjen gean. Gjin medelijden, mar begrip foar mysels. Foar elk (en ik hoopje in soad) dy’t gjin erfaring hat mei sa’n heftige depressie, is it lestig om echt foar te stellen hoe fêst je hjir yn sitte kinne. Ik nim it se ek nea kwea ôf, want sels wannear ik yn myn bettere dagen wie, koe IK SELS net iens foarstelle hoe it no sa heftig wêze koe. Op myn goeie dagen hie ik allerhande tactieken betocht wat ik dwan koe, wat helpe soe. Mar as je der ien kear ynsitte, dan komt soks net oan. In fergelyking Om jim in idee te jaan en foar in maklike útlis fergelykje ik it mei in brutsen foet. Dat is iets wat elk him warskynlik wol foarstelle kin. As jo in brutsen foet hawwe ferwachtsje je net dat je in eintsje te draven kinne. Nimmen sil dat uberhaupt ek fan je ferwachtsje, se sille alle begrip foar dy hawwe en dy helpe wêr nedig. Wat ik eins die op de mominten dat ik focht tsjin de depressie is constant prebearje in marathon te draven mei dy brutsen foet. Lilk wurde omdat it enkel, de knibbel en de heup stikken is en ek noch yn’t gips sit. Lilk wurde dat drave, springe en gewoan rinne net slagget, lilk dat je net iens oerein komme kinne. As je it sa sjogge, dan liket it sa logysk dat dat fansels net kin. It is bale fan dy marathon mar t’is dúdlik dat it net kin en prebearest der it bêste fan te meitsjen troch dy wat ferwenne te litten en dy del te jaan yn’e sinne, foar in goeie film of in goed boek. Gewoan omdat it al slim genôch is wast hast. Klinkt frij logysk toch? Wêrom dat net slagget mei de depressie? No ik tink ten earste omdat it net sichtber is. It is iets yn ús holle, en dêr tinke we folle mear ynfloed op te hawwen en it is lestiger te begripen. Net sa konkreet as dy brutsen foet. Ten twadde is dêr it feit wat oaren der fan fine. Foar de brutsen foet hat elk begrip, al soe it moarnen duorje. Mar de minsken dy sels net yn sa’n depressie sitten hawwe, kinne harren meastal net goed foarstelle hoefolle heftiger en dat wêze kin dan se tinke. It wurd yn myn eagen faaks enorm underskatten. It begrip is der net sa omdat men is simpelwei net sjocht! Seker net as je jesels oan leard hawwe om it net oan’e butenwrâld sjen te litten omdat je je skamje. As je dan leaf bedoelde adviezen krije dan begjinne je allinne mar mear it gefoel te krijen dat je daadwerkelik je oanstelle en dat je inderdaad stom binne dat je it net ‘efkes’ positief wêze kinne of dy knop om sette kinne. Understatements sa as: Ah kom op, efkes positief jong –> klinkt as: ah kom op, spring gewoan efkes mei dy brutsen foet! Ik ha ek wolris in dei dat ik my net sa lekker fiel hjer –> klinkt as: ik ha ek in blauw plak op myn foet mar ik draaf de marathon wol! Dêrom meie we leaver wêze foar ús sels! We meie dêrom júst op de mominten dat we der efkes troch hinne sitte, leaver foar ússels wêze net sa hurd! Want it lijden wat ús oerkomt is al genôch om mei te dealen! As we ús der ek noch tsjin fersette en ússels feroardiele oer it feit dat we it net feroarje kinne, makket it lijden allinne mar erger! Dus ferwen dysels júst efkes ekstra op sa’n momintsje en lit los dast dysels altyd geweldig fiele moast! De balans tusken ‘slachtoffer’ en ‘aanvaarde’ Dit fun ik (en soms noch steeds!) in hiele moeilike!! Want it leit hiel ticht by elkoar faaks. By it aanvaarden sjochst it sa as ik krekt yn’t boppesteande beskreaun ha. It is al erg genôch dat ik dit ha, dus ik mei wol wat leaver foar mysels wêze. Je sjogge it as iets wat momenteel je yn’e macht hat, de depressie dy de oerhân hat of de foet dy brutsen is. Mar je BINNE it net. Do hast der lêst fan, mar do BIST it net. De reden wêrom ast dit hast list los. It is der, en do aanvaardst it. Sjochst dernei fan it ôfstandsje. hoe dit te dwaan? Dêr sil ik noch ris in stik oer skriuwe want dit koe ik net samar, mar it helpt my elke kear wer! As je yn it ‘aanvaard’ gedeelte sitte, dan nimst ferantwurding foar dysels en foar wat is. Asto dy identificeerst mei dy depressie, dan BIST it. Dan sist der yn fêst en bist slachtoffer. Dan oerkomt it dy allegear. Dan kinst alles de skuld jaan, it leit oan de baan, it leit oan dyn partner, de kollega’s, it jild, de wrâld, de bern etc. As’t dit of dat hiest DAN.. do bist slachtoffer en nimst net dyn ferantwurding want it leit um immers oan alles om dy hinne. Beide kearen kin de depressie (of wat foar ‘naars’ asto ek mar hast) der wêze, mar do lijdst der minder under as it aanvaardst ipv dast slachtoffer bist. Dizze 2 kinne hiel ticht by elkoar lizze, mar tagelyk is it effekt in hiel grut ferskil! Ik sis ek net dat it maklik is om fan de iene nei de oare te gean. Mar sa ik sei sil ik noch ris in artikel skriuwe oer hoe je dit foar elkoar krije. Foar my wie it dus soms efkes de opmerking fan myn mem dy sei dat it in ‘sykte’ wie. Ik wie de sykte net, ik hie der allinne lêst fan en hie der mei te dealen. Ik koe der neat oan dwaan!! Dat is in hiele hiele wichtige gedachte! In hiele wichtige, dy ik noch geregeld tsjin mysels sis en dy ik jim ek oanried tsjin jimsels te sizzen as soks je oerkomt. Feroardiel dysels net, wiis dysels net ôf, wês net te hurd foar dysels! Dan makkest it lijden allinne mar mear en it is al heftig genôch dast dit hast, dus meitsje it net erger troch dysels underút te heljen of der tsjin te fjochtsjen! “The black dog” Yn understeand filmke, wurd it hawwe fan in depressie moai en koart útlein yn 4 minuten. It lit krekt sa ik sei sjen dat it iets is búten jesels om. Je BINNE it net, mar yn dizze útlis is it dus in zwarte hun. Ik self naam it faak it zwarte doek as de dúvel dy je oernaam hat (yn it filmke te sjen wannear de zwarte hun de baas is)