#Blog15 op paad mei Sherman en in nij plakje!
Mandeis bin ik noch yn New Orleans bleaun en soe ik útsykje hoe en wat ik moarn mei de bus rjochting Tampa gean soe. Ik ha yn it wykein noch in kear in berjocht skreaun op de facebook groep fan ‘Nederlanders in Amerika’, en doe krige ik in samar dochs in pear fijne reaksjes fan Nederlânders dy yn Florida wenje! Joehoe, sjoch no wol. Aksje undernimme, fertrouwen hâlde, it loslitte en dan komt it fansels nei dy ta.
Wyls ik wachte totdat de bieb iepen gean soe foar wifi, krige ik in appke fan Sherman. Sherman ha’k al faker oer ferteld. Hy is mei my mei reizige nei Texas om ferfolgens in boat te keapjen en rap wer fuort te gean mei de boat. Hy hie my al in pear kear faker frege as ik ek mei him tegearre reizigje woe mar ik woe graach nei Texas en Florida. No wie hy werom yn Florida en hat nei in dikke moarne sykjen noch steeds gjin boat. Hy woe my wol oppikke út New Orleans sadat we tegearre reizigje koene, wat plakjes sjen en wyls op syk nei de boat. No ik tocht dan moat it no mar heve.
Moandeitejun bin ik noch mei Janneke, Chaad en syn dochterke Freya op’e fyts troch in ljochtroute gien. Hiel gesellich en ek al wiene de ljochtsjes net echt Kryst omdat it dino’s of oare bisten wiene. It wie in moai gesicht en tige gesellich mei syn 3en op’e tandum omdat Freya achterop siet. Se is in hiele slimme en leave meid en ik ha fan har genoten. Har hantsjes om my hinne en har wiize wurden achterop de tandum!
Pakketsjee!!
JAAA ek noch mandei: eindelik is it pakketsje oankaam!! Net dy fan Mexico (dy is al 2 moarnen underweis!). Mem hat doe ik nei Texas fertrok noch in poging dien om in nij pakketsje te stjoeren mar perûngelok nei in ferkeard adres. Noja, al mei al. It pakketsje is 3 kear fan de iene nei de oare stjoerd mar precies de dei foar ik wer by Janneke wei soe kaam it pakketsje!! Super dankber en sa leuk om út te pakken. Der sieten ûnder oare 2 kaartsjes by yn wêrop elkenien fan ús gesin wat skreaun hie foar my, super leaf en leuk om te lêzen.. Filmke komt miskien wol yn’e flog werom.
Mei Sherman op paad
Tiisdei ein fan’e dei hat Sherman my oppikt. Loslitte, dat moast ik. Want Sherman hat gjin planning en dêr moast ik my oan oerjaan. Sa no en dan hifke ik wat om in bytsje mear in doel te hawwe op wat my te wachtsjen stie, mar dúdlikheid krige ik net echt. It iene wat dúdlik wie is dat Sherman syn nocht hie fan al it sykjen en mei de dei MEAR en HURDER in boat nedig hat. Dat wie belangriker dan alles. Sels drinke underweis wie net slim want dan moasten we stopje om te pisjen.
We koene der nei in skofke wol om laitsje doe we mear en mear realisearden hoe wy ferskillend nei de dingen sjogge. Hoe we oars nei it leven sjogge, dat we totaal oars opgroeit binne en dat noch wolris in dinkje is fan diskussie. Ek tinke we oer in soad dingen itselde, mar dat binne net de dingen wêr je tsjin oan rinne fansels. Ite, drinke, en oars tinke wiene foaral dingen dy ús dwaande holden yn elkoar begripe. Ik yt bijv. 2x safolle as Sherman en ek al akseptearde hy my hielendal sa ik bin, hy fun it mar lestig dat ik net gewoan Indian food ite koe.
De riis yt ik net, en sels doe ik alles ‘NO SPICY AT ALL!’ besteld hie, baarnde ik myn lippen kapot en wie it foar my te pittig om te iten. Al mei al, wol wer hiel wat leard oer India en ik soe it noch wol hiel ynteressant fine om ris nei India te gean en dan Sherman op te sykjen as hy tafallich ek by ien fan syn pleatsen is. Hy hat my leard oer hoe it wurket dêr. Dat it foar him hiel normaal wie dat se in ‘driver’ hawwe dy je fan hot nei her bringt, dat se in bediende hawwe dy foar harren kôket en harren thee bringt bygelyks. Ik neam it ferwent mar hy lei út dat it júst in mooglikheid wie om in oar in baan te bieden. Minsken bin dêr earmer dus wolle graach foar 50 euro yn’e moarne leve om dan harren bediende te wêzen. Hy sei al soe ik se 500 euro jaan dan gean se fuort nei in moarne omdat se dan ynienen wol harren eigen business begjinne kinne! Tsja, as je it sa besjogge.. Ynteressant yn elts gefal!
Al mei al, Sherman hat noch steeds gjin boat en we ha fan hot nei her riden. Nachts oeral en nergens yn motels bleaun en oare dei wer fierder op syktocht. Ik leau dat Sherman undertusken ek leard hat dat minsken dy heegsensityf binne no ien kear gefoeliger binne. Yn alles. Hy koe der sa no en dan mar net by dat ik net oer it pittige iten koe, it samar hyt hie en letter wer kâld, dat it gelûd my tefolle waard (en leaver net sliep mei in lûde blazer om myn kop mar nachts graach ff stilte wol), dat reaksjes my mear reitsje, dat ik my problemen fan oaren oanlûk etc etc.
We ha in pear prima dagen han, mar it wie Sherman ek wol dúdlik dat wy sa tsjinoergesteld wiene dat wy nea in relaasje tegearre ha kinne soene. Fansels bin ik him tige tankber foar dizze dagen tegearre mar ik wie der oan ta om wer fierder te gean. Ik wie super dankber dat hy my nei Tallahassee nei de bus bringe woe (in rit fan 2 oeren!) want oars hie’k nachts yn’e bus moatten en ergens midden yn’e nacht om in oer as 4 oerstappe nei in oare bus en wachtsje yn’e middle of nowhere, toch net sa myn ding..
Cecilia Padilla
Underweis yn’e bus fan Tallahassee nei Tampa (5,5 oeren) ha ik in soad mei Cecilia kletst. In famke fan 25 jier neffens my en we hiene in soad oerienkomsten. Hiel gesellich! Se wie op wei nei har heit dy yn Spring valley wennet en se hie it oer dat se hoopte dat har heit mei Kryst nei in tsjerke yn Tampa woe. Heit gie neffens har leaver nei de tsjerke yn’t selde doarp mar sy wist seker dat de tsjinst stikken moaier wie yn de tsjerke yn Tampa. Ik ha har nr en sil har noch kontakte. Wa witte kinne ik oars wol mei Kryst mei har mei nei dy tsjerke..
Oankaam yn Tampa
Stephen hat my oppikt by it busstation. Stephen is Amerikaans en de man fan Hennita (dy’t út Dronten komt). Se wenje in eintsje buten Tampa, it falt under in oar doarpke mar se wenje yn in soart fan buert dy ergens yn’t niks stiet. De buert bestiet út in pear strjitten en buten dat om binne it foaral natoerparken. Bist ynienen yn in kompleet oare wrâld búten de stêd. We hawwe al herten sjoen, de sitte geregeld slangen yn’e tun fertelde Hennita, de ‘Wild pigs’ wrotte ek hjir alles stikken en Stephen fertelde my hjoed ek oer de mountain lion en de aligators oeral.. Dat hie ik dochs net sa gau hjir ferwachte! Ik ha de herten al sjoen, ik bin benijd wat ik hjir noch mear sjen gean.
Alfêst 2 Christmas parties!
Doe ik freedtejun oankaam by Hennita en Stephen waard ik lyk mei de snút yn’e bûter goait. Hennita har âld kollega’s soene komme foar in party en Stephen hie my warskôge dat it wol ‘overwhelming’ wêze koe. Hy wist ek net hoe de hûn reageare soe op donkere minsken. Newman, de puppy, hat enerzjy foar 200 en wie hielendal gek doe der ek noch 4 bern mei kamen. Ik moat sizze dat ik it dizze jun wat oer my hinne komme litten ha. Ik wie kapot oan’t ein fan’e jun mar ha my poerbest fermakke!
Ik fyn it machtig júst om allerhande ferskillende kulturen te priuwen en machtig om te hearren hoe sy dochs wer oars Amerikaans prate. Krekt as yn’e films, machtig! En sa as my yn Mexico al ferteld wie, Amerikanen binne lûd!! En dat binne se seker, de iene raast noch hurder as de oare en mei dizze ploeg gie it hielendal mâl as se wille hiene! Ik ha hjir en dêr in filmke makke mar op ien of oare manier wiene se dan ynienen in stik rêstiger en stiller..
Sneon ha we earst efkes kalm oan dien. Hennita hat no namelik ek krekt sinds hjoed fekânsje. Noja, se krijt net trochbetelle sa as yn NL. Hennita is noch efkes mei my nei de Publix west (supermerke) omdat ik eins net op’e fyts dêr komme kin. It soe kinne mar dan is it dochs sa ‘n 15 km sei se. Wyls hat se my sjen litten hoefolle natoerparken der om harren hinne binne. De iene is goed om te fytsen, de oare om te rinnen mar sommigen (fertelde Stephen my) kin je better allinne komme mei in geweer omdat je allegear wyld tsjinkomme. Ik bin benijd wat ik hjir yn real life sjen sil!
American party en organisaasje
Sneontemiddei binne we nei in christmas party west. Allegear wer nije minsken, wat in indrukken mar ik fermeitsje my best. Ik moat wol earlik sizze dat ik echt efkes hiel streng wer foar mysels wêze moat qua Paleo!! Oef sis, wat in lekker iten allegear! Wy neamme it faaks american party as elkenien wat meinimt mar dat is hjir dus echt hiel gewoan. Iederien bereid wat. Fan hapkes, sandwiches, taarten, sop of wat dan ek. In ferskil mei NL is wol dat wy wat strakker binne yn organisaasje. Wy soene by sa’n feesje dochs wat planne en wachtsje oan’t elkenien der is en dan mei elkoar begjinne te iten en oan tafel sitten gean.
Hjir komt elk op syn eigen tiid, en dat kin gerust 3 oeren ferskil wêze. En wyls de earsten de hapkes klear setten begûnnen se al behoorlik te snoepen fan alles. Ik ha mar wat meidien want ik hie undertusken ek wol sin yn wat. Foar iederien der wie, wie der fan alle moaie traktaasjes al behoorlik wat fuortsnaait. Ik hie mysels prebeare wat yn te hâlden omdat ik aanst oan tafel net fol siet foar it iten eins echt begjinne soe fansels. Ok, dat giet hjir dus efkes oars. Minsken komme, en ite wannear se wolle en it is mear snaaie dan echt ite. Doe se namelik eindelik sieten waarden der eins allinne mar kadootsjes útpakt en hielendal niks mear iten! Ik ha noch wol ferekt lekker toetje han! Net folle paleo, mar wol hiel lekker haha.. By it twadde feesje wie it wol iets mear in boerd pakke en as lopend buffet derby lâns rinne mar ieder docht it op syn eigen tiid. Controle dus wer wat loslitte en mar gewoan wat mei dwan en folgje wat de oaren dogge haha!
Caravan!
Ohja, ik ha noch net ferteld wêr ik hjir ferbliuw by harren. Se hawwe achter harren hûs in grutte achtertûn, best wol hiel grut! Yn dy achtertún stiet in caravan. In hiele moaie, dy fan búten net heal sa grut liket as wat der fan binnen is. Wat se hjir dus mei alle caravans, campers en trucks dogge is dat je in diel útskowe kinne! Ik ha in filmke makke dus dy komt seker yn’e flog werom! In hearlik plakje, in eigen plakje en ik bin wer super dankber wêr ik telâne kaam bin en dat ik wolkom bin by Stephen en Hennita. Se nimme my oan’t no ta oeral mei hinne en wolle my fanalles sjen litte. Ik sil hjir sowieso mei Kryst ek wêze dus jim hearre fêst mear!
Oare kear wer mear!
Ohja.. super leuk om sa no en dan in prive berjochtsje te krijen fan minsken dy eltse kear myn berjochten lêze en de ferhalen moai fine. Tige tige tank, super leuk om te hearren! 😀