#blog24 Eindelik efkes blije ferhaaltsjes! :D
Troch alle oare dingen dy geande wiene ha ik eins hielendal net oandacht besteden oan de leuke dingen dy ek bard binne yn’e lêtste tiid. Dy sil ik earst mei jim diele!
Elk lyts bytsje helpt!
It 1e is dat ik in kilo lichter bin! Haha.. noja ik sels net mar myn bagaazje! Der wie in Nederlânsk famke wat werom nei Nederlân gie en doe ik it hie oer myn spul opstjoere of miskien ergens stalle sei se: ik kin wol wat foar dy meinimme? Se hie noch romte oer yn har handbagage. Se komt út Utrecht mar sei dat se geregeld nei Terherne kaam en dan woe se it wol meinimme. Super toch? Ik ha har in boek mei jun, shirtsjes, en noch wat dinkjes wêrfan ik ynskat dat ik se net mear nedig ha. Ohja en in lange broek! It fielt lyk al lichter 😊
In earlike bekentenis
It 2e leuke is dat ik mei in famke (ek út Nederlân) lekker yn’e sinne lei by it swembad yn it hostel. We hiene elkoar krekt 10 minuten lyn kinnen leard en wiene gesellig oan it kletsen. Wat roddelje oer de jonges dy foarby runen. Doe sei se ynienen: ik moat dy wat fertelle! Ik hie it gefoel dat se it wol graach efkes kwyt woe en it makkelikst is fansels oan in ûnbekend persoan! 😉 Se hie justernacht wat dien wat se noch nea hearder dien hie. It gie oer ien fan de jonges dy tafallich ek by it swimbad omhong. Se hie in TRIO han justernacht! WAT? Hahahaha, ik fun it machtig dat se dat samar fertelde. Noch nea hearder hie se dit dien, se hiene drank op nei in gesellige jun stappen en ien fan de jonges hie in prive keamer yn Selina. De jonges koene elkoar leau ik ek allinne mar fan it stappen hjir.
Se fertelde it fol dikke wille. Se hie der gjin spyt fan ek al wie se aardig dronken west. Se wiene te swemmen wist earst op’e strân en doe wie se har klean kwyt rekke en se wiene dêrom mar werom nei it hostel gien. Nei it triootje wie se mar yn har underguod werom run nei har keamer. Wat in stunt! Haha
It moaie wie dat ik in dei letter mei in ploegje om in picknicktafel siet en der wie in jonge dy fertelde oer dat der syn bril kwytrekke wie justernacht. Ik sei : dat mienst, wat wie der dochs justerjun, ik hearde al mear minsken oer dy wat kwytrekke wiene. Wat dan frege se my, no sei ik: in famke dy har klean kwytrekke wie. Ja sei de jonge, dat ferhaal kin ik en hy lake wat. Doe ynienen tocht ik ferhip, it famke wist net seker as de oare jonge fan it trio wol herkenne soe, soe dit him wêze? Ik frege him as hy tafallich in prive keamer hie. Hy seach my oan en lei dubbel fan it gnizen, Ja sei der.. No ik wist wol genôch!! Dit wie de 3e jonge fan it trio! Hy hie wol yn’e gaten dat ik der fan wist, de rest fan’e tafel net. Ik ha mar neat sein mar oh oh, wat hie ik in dikke wille yn mysels!!
Skijt oan’e rein
It 3e leuke is dat ik sneontejun efkes troch alle stress fan alles der út moast! Ik bin op paad gien mei in groep út it hostel nei in bar oan it strân. Ik hie efkes it SKIJT gefoel nedig dus ik ha myn stoute skuon oanlutsen, ja letterlik dizze kear. Myn Texas boots! Ik hie de hiele jun dikke wille mei in gast wêr ik gesellich praat mei hie. De groep wêr ik mei wie fertrok nei in skofke nei it sân en letter dûnsen se op musyk wêr ik net fan hâld. Ik fermakke my dêrom leaver mei de gasten wêr ik gesellich mei kletste. Nei in skofke seach ik wer om my hinne mar de groep wie fuort. Net yn’t sân en net op’e dûnsflier, hiene se my hjir gewoan achterlitten? Ik ha in pear in appke stjoerd mar krige neat werom. No dan mar net, ik fermakke my prima en wie eins ek wol ta om nei hûs. Marrr doe ynienen begun it kneiterhurd te reinen sa as it de rest fan’e dei ek dien hie. En dat hie ik no efkes net ferwachte en dat wie fansels net goed foar myn boots!!
Mar wa efkes kreatyf tinkt komt der wol út. Ik ha om in vuilnissek frege en ha de learzen, sokken en mobiel yn’e pûde dien. Kapuchon op’e holle, de sek as swarte pyt oer it skouder en op bleate fuorten yn’e rein werom nei hûs! Haha, ik ha genoten fan it rinnen yn’e plassen en it echte ‘skijt’ gefoel wat ik efkes nedig hie. De gast wêrmei ik de juns praten hie woe graach in gentleman wêze en hat my mei de fyts oan’e han rinnend nei Selina werombrocht. Dochs wol in grappig juntsje sa 😉
Net grappig wol in heftige realisatie
It is al in skofke lyn mar ik bin it hieltyd ferjitten te fertellen. It wie âldjiersnacht. Bradley en ik leine op bêd yn Tampa. De airbnb dy we hiene stie yn in buert dy oan’e butenkant der hiel bêst útseach mar blykber wie it net de meast feilige wyk. Ik bin der nea allinne op út west mar Bradley wolris om te draven en hy fielde him net echt feilich.
We waarden op âldjiersnacht ynienen wekker fan in knal, fjoerwurk fansels!! Ik ha my wer deljun, wyls Bradley noch efkes nei it raam run om nei búten te sjen. De oare deis fertelde Bradley my, dat dy knal dy ik hearde gjin fjoerwurk west hie. It wie in geweer west, immen yn ús strjitte hie op in oar sjitten. As der deaden fallen binne witte we net. Bradley koe nea sjen doe der troch it raam seach. Ik bin bliid dat Bradley it op dat momint net ferteld hie want dan hie ik fansels gjin each tichtdien.
Ik moat wol earlik sizze dat ik der efkes misselik fan wie. It idee dat der op nijjiersnacht immen miskien dea sjitten wie. Miskien gewoan om niks omdat se drank op hiene, gjin idee. De realiteit yn Amerika kaam ynienen hiel tichtby. Dit wie gewoan mooglik hjir. Je witte fansels nea hoe en wat mar dochs fielde ik my der wat ferdrietig om. Ik kin gewoan net best oer fertriet en geweld. Ek al hat it in hiele nare persoan west, ek al hat der miskien wat misdien. It is en bliuwt in mins, in libben, in persoan dy ek in heit en mem hat en miskien broers en sussen. En as der wol op it ferkearde paad siet, dan is der fêst in reden foar west liket my.. Spitich, hooplik wie de knal mis en hat der fluchte kinnen en 2022 dochs starte kinnen.
No, no eindigje ik dochs wer mei in dreger ferhaaltsje mar dan earst noch mar efkes in oar ferhaal!
Want ik hie jim yn’e foarige blog ferteld dat ik wat nijs dwaan gie! In nije erfaring! No hjir sil’k oer fertelle.
Cacao ceremonie
Ja ja, dizze dame hat in cacao ceremony dien. Haha, ik hie der sinds 2 dagen lyn noch nea fan heard. In Nederlânsk famke kaam der mei en har nicht docht dit yn NL leau ik. Se koe de jonge dy it hjir yn Playa del Carmen docht en tafallich wie dat precies in dei letter! Wat hâld it yn? Noja it is in hiele ceremony mei in meditaasje, sjonge, musyk meitsje, dingen diele mei elkoar en wyls drinke we in glês cacao. It is net gewoan sjokolademolke, it is op in spesjale manier makke wêrtroch it in bepaalde útwurking hat op je liif.
We hawwe Spaanse ferskes songen, Engelse en ien koe yn alle talen. En ik hie it lef om it yn it Frysk te dwaan 😉 It is it sjongen en herhalen fan 4 sintsjes, se neamme dat honoponopono ofsa. “Ik hâld fan dy, it spyt my, ik ferjou dy en ik bin dy dankber’”.
Ik moat earlik sizze dat ik iets mear ferwachte hie dat ik ‘high’ wêze soe mar ik fielde hielendal neat yn myn liif. Se seine dat dat kloppe, it wie fansels gjin ayahuasca. Mar de cacao soe my helpe moatte om wat makkeliker relaxed en happy te wurden of yn in bepaalde sfeer te kommen.
Soundhealing
Oan it einde moasten we allegear ús lekker deljaan en lizze, alsof we in massaazje krije soene en allinne ontvange. De man makke muzyk en gelûden mei allegear ferskillende instrumenten. Fansels woe dizze dame de controle hawwe en wie myn holle de hiele tiid oan it tinken. Fiel ik al wat? Wat soe der gebeure? Ik wol fansels wol dat der wat gebeurd, miskien moat ik hurder myn bêst dwan? En wyls wie der in musquito dy myn hiele hân opfrette. Poe wat wie it pittig om myn konsentraasje te hâlden en my echt del te jaan.
Dochs ha ik it gefoel dat it eindelik syn wurk die nei in skofke! It wie ynienen alsof ik yn in dream siet. In fantasy dy ik foar my seach. Ik stie ynienen op it rantsje fan in klif en immen joech my in flinke treau! It wie achternei alsof iets yn my sizze woe: Petra stop te tinken!!!! Gean en lit it gean!
Ik fleach fan’e kliff ôf en gie kneiterhurd troch de loft. Sa hurd dat ik it gefoel hie dat de wyn sa hurd wie dat dy fanalles fan my ôfspielde. Doe fleach ik de wolken yn en ek de wolken hellen fanalles fan myn liif ôf. Ik waard hielendal skjinmakke en spielt alsof alle troep, rotsooi, stress, ferleden en gedachten fan my ôfspield waard. Doe ynienen foel ik yn in wolk alsof it ien grutte bult watten wie. Ik moast my deljan, gewichtloos en sssssstt..
Sa no en dan begun myn holle wer te tinken: soe dit it wêze? Wat betekend dit? Of betink ik it sels allegear? Haha, mar gelokkich koe ik ek hieltyd snel werom komme om wer fierder te gean yn’e dream dy my meinaam.
Oan it einde waard ik opslokt troch de wolk. It wie krekt alsof ik noch tefolle oan it tinken wie en dat de dream sei: STOP! Ik pak dy yn en ik snoer dy de mûle. Want it wie krekt alsof de wolk in sek wie wêr minsken yngean as se dea gean. De wolk makke in rits en ik moast ophâlde de kontrôle te krijen. Ik ha my deljun want ik fertroude it, ik wie gewoan wekker en dit wie foar my in teken dat ik it gewoan op my ôfkomme litte moast. Ik ha miskien 10 seconden yn dizze wolk ferstopt west en doe wie ynienen de soundhealing ôfrûn, alsof de dream it wist! Hiel bysunder allegear…
Net koese kinne
De cacao soarge der wol foar dat ik net sa best sliepe koe de nachts. Dat hiene se al sein, it is as in soad caffeine dus it hâld je wekker. No dat ha’k witten mar op ien of oare manier ha ik my gjin momint drok makke en ha ik my gewoan deljun. It wie krekt of kaam ik tot rust nei wat der allegear bard wie ôfrune wike. Al mei al in hiele moaie erfaring en super leafe minsken wêr ik mei wie. En no, de oare dei, sit ik ynienen mei in big smile achter myn laptop! Nei dizze minne nacht fannemoarn betiid derút foar de meditaasje mei Emilio. Emilio kaam net opdagen mar ik fun it hielendal net erg. Ik ha genoten fan de moaie sinsopgong fan ôf it dak. Ik wie gewoan relaxed en chill en tocht, moai dan nim ik gewoan de dei mei en gean ik fêst nei it kantoor om oan’t wurk!
Nije plannen
Ek samar ha ik juster in airbnb boekt foar maart! Ik tocht hoppa, net te lang twyfeljen bliuwen, aanst binne de beste plakken fuort of folle djudder. Ik sil 2 maart nei de oare kant fan Mexico! Nei Barra de Navidad, flak neist Puerto Escondido. Ik woe graach de geselligheid mar ek de rust! Ik bin benijd! Earst noch oan’t de 20 ofsa hjir yn Selina!
Oan’t sjen!!