Reisavonturen - Barra de Navidad

#blog30 Machtige aventoeren en in ûnsekere Peet

Dagje Mazunte en (naakt) Zipolite

Sneontemoarn krige ik fan Julia in appke dat se hjoed nei Mazunte gie en dat ik wol mei mocht. Noja, wêrom net! Dan ha’k dat ek mar sjoen en hoech ik it net yn myn uppie út te sykjen foar as ik der wer in kear hinne wol.

Earst in oere wachtsje en dan mei in buske wat folstampt siet mei minsken in oere ride rjochting Mazunte. Dan oerstappe op in taksje of collectivo (wy hiene in folstampte taksje en sieten boppe op elkoar mar klear, efkes trochsette) Yn Mazunte oankaam.. WAT IN HIPPIES!! Haha, werkelik machtig moai.. ik hie in pear machtige filmkes makke miende ik mar achterôf bleek dat ik net op start klikt hie dus it is net opnaam :S. Spitich want yn it filmke is te sjoen HOEfolle minsken hjir dreadlocks of oar spesjaal hier hawwe. Ik wol hjir wol graach wer hinne, dan mear mei minsken prate en sjen en fiele hoe de echte sfear eins is.

De wasmasjine en hast fersûpt!

We binne yn Mazunte earst it strân op gien. Poe he, wat is it hjir hyt mar wol in moai strân! De oceaan is in oar ferhaal. De oceaan is hjir gewoan folle heftiger en sterker as oan’e oare kant fan Mexico. Dat is dan ek de reden dat in soad minsken hjir komme om te surfen. No, nei hjoed bin ik wer efkes hiel wis fan it feit dat ik gjin wetter minsk bin en seker gjin surfer!!

Wyls ik by Ernesto en Julia yn’e buert bleaun en we wille hiene yn’t wetter, wie der nei in skofke dochs in golf dy my oerkaam. De golf wie sa heech dat der my hielendal meinaam under wetter. Ik fleach fan under nei boppe en wist net mear wat boppe of beneden wie. Troch de skrik ha ik tink ik ûnder wetter sykhelle want myn liif siet fol sâld en wetter. Wyls troch alle streaming fleach myn bikini út! Wyls dit allegear warskynlik yn in pear sekonden gebeurde fielde it as minuten foar ik eindelik myn broekje wer omheech roetsje koe en realisearde hoe ik wer boppe wetter kaam. Holy shit! Ik tocht echt dat ik fersûpe soe en dat de oceaan my meinimme soe!! Ik skodde, kuchele en wie súver yn paniek. Are you okay? No! I’m not!!

It fielde alsof ik yn in wasmasjine siet hoe de oceaan my meinaam en yn’e rûnte draaide. Julia fertelde my dat dat júst altyd gebeurde as je surfden. Sy gie dan dageliks troch dy wasmasjine! No, net foar my mear! Ik bin bliid dat ik noch leef en ik kom it wetter net mear yn foarlopig!! Allinne mei myn enkels en net fierder want it wetter is hjir sa sterk!! Dat it je sa oerkomme kinne dat it ynienen tot je heupen stiet en it je meisûgt!

Bykomme op’e handdoek.. mar sels oeren letter kaam der noch wetter mei flagen út myn neus.. Nee.. surfe en wasmasjines yn’e oceaan is net myn ding!

Zipolite

Nei Mazunte efkes besjoen te hawwen binne we yn in kollectivo gien nei Zipolite. In lyts plakje flakby. Dizze lytse plakjes binne net hiel toeristisch mar wol mear hippie vibe, apartigheden, vegan en faaks sûnder wifi. Ek de stroom en wetter is geregeld problematisch. Zipolite stiet bekend om it naaktstrân. Want tsja dat heard fansels by in eco, natuurlijk en vegan leventsje. Wol efkes wenne, mar it strân is grut en net elkenien is neaket. Ek minsken mei in bikini oan sa as ús kinne hjir gewoan op’t strân lizze.

Yn in stampfolle collectivo, mar ik sit op’t dak!

2 leuke plakjes wêr ik fêst en seker werom komme sil.

Ohja, net te ferjitten.. Op’e weromreis nei Mazunte ha we de undergeande sinne sjoen fan ôf in klif! Ien hiel populair ding wat je hjir seker beleve moatte! It wie in hiel oan kloaien en klauterjen om der te kommen mar dan ha je ek wat! Bulten minsken komme hjir en de sins undergong wie prachtig om te sjen!!

Samar in Mexicaans aventoer!

Snein, de wekker wer om 6.15 omdat it dan noch wat koeler is en ik graach wat dien ha wol foar de rest yn aksje komt.  Motivaasje om de online cursus te meitsjen hie ik net. Dan mar in vlog yn elkoar sette want it sint my lang net dat de vlogs sa’n ein achter rinne. It hat my in heale dei koste.. mar doe hie ik eindelik de vlog klear oer de tiid mei Sherman en de tiid yn Tampa mei Stephen en Hennita. Mar poe, dit kostet myn wol hiel wat frustraasje en geduld. Ik bin wol 5 kear stoppe. Efkes de kop op wat oars en in flinke traap under myn kont om wer fierder te gean want wat lôke it my om de boel de boel te litten en der út.

Want wyls troch myn iepen raam  hearde ik muzyk! Live muzyk! In hoempa hoempa blaasband en it klonk super gesellich! Nei ik eindelik myn vlog klear hie om 3 oere beslúte ik dat it no wol genôch wie foar hjoed en ha de stoute skuon oan dien om gewoan brutaal op syk te gean nei wêr de muzyk wei kaam. Gjin idee hoe fier want it waait hurd, miskien soe ik it wol hielendal net fine. Mar ik sil besykje!

It klonk tichtby dus ik gokte der op dat it yn Barra de primera wie, de oare kant fan’e rivier. Earst de berg del en dan mei de slippers yn’e hân de rivier oerstekke. De rivier is net djip en der is sân op’e boaiem dus dat dogge mear minsken. (sommigen lizze der de hiele dei yn om ôf te kuoljen)

Oan’e oare kant fan’e rivier fielde ik my nogal oansjoen. Ek yn Barre de Primera komme gjin toeristen en in blonden ien hielendal net. Om jim in bytsje in idee te jaan fan hoe it der hjir útsjocht. No ik tink dat it redelik liket op Afrika. De minsken libje hiel simpel. Se hawwe wol húzen fan stien/cement mar dan hast it ek sein. Bern boartsje op’e grun mei stientsjes of wetter. Ramen hawwe se net yn’e hûs. In gat yn’e muorre wurd opfult mei handdoeken en dan ha je lyk in gerdyn. Oeral wylde hûnen en de diken en strjitten is ien en al sân en stien. Alles is dus ek smoarch, mar dat is hjir allegear totaal unbelangryk!

Ik fun it dea eng fansels doe se my sa oanseagen mar ik prebeare leaf te laitsjen en freonlik ‘buenos dias’ te sizzen. Ik eindige in bergje op en hearde dat ik flakby wie, ik seagen undertusken gjin minsk mear. En doe.. tsja doe seach ik wêr de musyk wei kaam. Healwei de berg, samar tusken twa âlde krothúskes wie in grut seil spannen tsjin de sinne. De band spile en doe seach ik spanddoek hingjen dat dit in brulloft wie! Ooh machtig, mar dan gean ik dus mar net fierder want dat heard net sa. Wol ha ik efkes by it hek stien om it fan in ôfstandsje te besjen.

Wyls seach ik ek wêr it fjoerwurk weikaam wat ik de hiele dei al hearde. Se knalle hjir geregeld en hjoed wie it wol hiel mâl en dit wie de reden dus. Echte knallen sa as carbit mar ik seach dat dizze jonge it gewoan die fanút syn han! Hy hie in stok ofsa yn’e hân wêr der de pylk yn leunde en dan stuts dr um oan. Kneiterhurde knallen mar hy die it alsof it neat wie. (it filmke komt yn’e flog!)

Wyls wiene der lytse bern dy rundraafden en ek mei fjoerwurk boarten. Bultsjes makken fan droege blêden, in fikkie makken en sadra it oansloech en der in echt fikse flam ûntstie skrokken se en stampten se it gau wer út. Wat in wille!

Doe ik krekt wer fuort soe stoppe de band en de jongens seinden my dat ik komme moast. Ik ha der in hiel skoft stien te twyfeljen. Fansels woe ik nei binnen, mar dat hearde net sa! Se kinne fêst ek gjin Engels! Doe ik werom run tocht ik  ynienen. Peet jonge, kinst se op syn minst fia google translate fertelle dat de musyk sa gesellich klinkt en dast net wistest dat it in brulloft wie. Se sille it fêst leuk fine om te hearren. Dus ja ja, dizze dame skodde der oer sa spannend mar ik bin der hinne run! Ha harren it berjochtsje lêze litten en foar ik it wist waard der my in bier yn’e hannen drukt!

Ik hearde by de band en ik ha moai op’e achtergrûn achter de band oan’t genietsjen west fan it feest. Kommuniseare is hast unmooglik mei dizze jonges. Se kinne gjin inkel wurd Engels en google translate fertaald it blykber faak ferkeard. Mar mei hannen en fuorten ha ik dêr ungefear in oerke my fermakke. Doe kaam it bruidspear, se seagen my ek.. want tsja in blonde lange meid tusken allegear Mexicanen dat falt nogal op fansels!

Ik ha ek harren mei in berjochtsje witte litten hoe it yn elkoar stuts en ha harren feliciteerd. Doe seine se beide: Bienvenidos!! (wolkom!) Ik mocht mei de band mei om wat iten te heljen! Waah serieus? We runen dwars troch it feest hinne en ik fielde de eagen oeral yn myn rêch prikken mar ik prebearre mar in big smile op te setten en my beskeiden foar te dwan. De jongens fan’e band (fan hiel jong oan’t âld) wisten fan gekkigheid net hoe se it ha moasten mei my.

Gekke Mexicanen

Elkenien draafde foar in stoel, joech my iten en bier en it wie súver pittig om elkenien syn oandacht te jaan. Op in gegeven momint fochten se sels oer wêr ik sitte moast. Dochs hie ik nei in skoftke ek wol it gefoel dat se der wat de gek mei hiene en dan foaral de jonge jonges.. Se fjochten om my en makke flauwe grappen. Noja ik ha se mar gewurde litten en genoten fan it sjen nei alles wat der barde op’e Mexicaanse brulloft. Wat in aventoer, machtig machtig!

Om in oer as 6.30 gau werom! Want ik moast wer troch de rivier rinne en as de sinne undergiet 6.38 dan wurd it hurd donker. Wat in dei, machtig machtig!

Spesjale wc ervaring!

Ien fan de bysûndere mominten op ‘e brulloft wie it gean nei de wc! Donde esta el bano?? No dêr ergens, achter in kleedsje wat spannen wie. Dêr stiene wat fruolju te wachtsjen foar in lyts hokje. It like wol alsof it hokje op in ôfgrun stie mar blykber wie der yn dat hokje in wc. Rêstich wachtsje op myn beurt en sjen wat de oaren dogge.

Foar de doar stie in grutte tûne mei wetter en in pear amers der yn. Eltse kear as der immen út’e wc kaam naam dy in lege amer mei en de nije persoan gie mei in folle amer de wc wer yn. En dat op in brulloft wêr elkenien yn syn moaie klean is! 😉 hahaha.. Ik wie al ferbazend hoefolle fruolju der elke kear yn’t hokje ferdwinen sadra de doar iepen gie. Mar ik tocht miskien binne der wol mear wc hokken yn dat hok, of miskien moat immen it âld wyfke helpe dy ek nei binnen gie.

No ik kaam der al gau achter. De frou foar my wie oan’e beurt mar seinde my dat ik EK oan’e beurt wie. Beide in amer mei wetter mei en it donkere hokje yn. En doe seach ik dat der 2 wc potten rjocht tsjinoer elkoar stiene! Whahaha, dit mienst dochs net? Foar dat ik wist wat der barde skuorde de frou har underbroek nei beneden en plofte yn’e wc. Ik ek mar rap de broek nei beneden en pisje. No ha ik nea problemen mei pisjen mar ik wie no wol efkes sa oerdondere dat se rjocht tsjin oer my siet dat ik earst net iens pisje koe!  Hahha.. mar klear, se proppe my wat wc papier yn’e hân wat we fansels yn’e prullebak goaie moatte neist ús en dan wetter yn’e wc pot goaie. Rap de broek omheech want de oare frou stapte alwer nei búten ta.  Wat in wc belevenis, sa normaal foar harren, sa gek foar my. Mar ik hie wol dikke wille en ik fun it ek wol wer in moaie ervaring. Wat dogge wy soms ek moeilik en wat moat it krekt. Hjir tinke se gewoan: ik moat pisje en de boel moat derút. It jout gjin meter hoe of wat 😉

myn útsicht juns troch it musquito gaas fanút myn keamer

In eintsje (spannend) drave

Fannemoarn hie ik eindelik mysels safier dat ik draaft ha. In spannend drafke. Wyls it moarns betiid wie en moai stil, wiene alle strjithûnen wol wekker en fleach der geregeld ien achter my oan. Bah, mar der mar gewoan op fertrouwe dat se niks kwea wolle.

Fierder búten it de bewenne wereld kaam ik wat yn in natoergebied telâne. Prachtig moai en stil mar ek wol wat griezelig. Der wie gjin mins en as dr in krokodil út de lagoon hjir op myn paad kaam en my opfrette soe, soe nimmen it merke tink ik. Stephen, fan it hostel, hie my ferteld dat hy hjir ek wol draafde. Hy hie ek ferteld dat der yn’e lagoons wol krokodillen sitte, dus dêr mar net komme.

No fun’k it wol ferekte spannend. Ek al ha’k gjin krokodil sjoen, it idee dat se hjir wol binne. En dat ik dan sa yn myn uppie yn’t natoergebied bin. Ik bin tot it wetter gien, op in ôfstân en doe mar gau werom. Doe op myn werompaad yn’e jungle seach ik ynienen kij mei grutte mega hoarnen op myn opkomme rinnen. Oh nee dochs! Dat hie’k no net ferwachte. Oan beide kanten fan’e dyk yn’e jungle wie prikkeltrie dus dêr koe ik net hinne. No bin ik in principe net benaud foar ky, mar je witte it hjir mar nea. As dit harren gebied is en se my as yndringer sjogge? En dan dy grutte hoarnen! Sa as de longhorns yn Texas! Minstens in meter breed wat der dan op je ôf komt.

Gelokkich foel it mei en seach ik yn’e fierte dat der ek in hynder achteroan run mei in jonge der op. Gelokkich de bisten waarden allinne mar fan’t iene nei it oare plak brocht! Warempel, se giene ek noch krekt foar my de bocht om wêr ik ek hinne moast. Noja dan mar net mear drave, lekker rinne en genietsje fan’e natoer. As sy foar my rinne is der yn elk gefal immen by my yn’e buert.

Doe ik werom kaam fan dit drafke en it oan Stephen fertelde, fertelde der my noch efkes dat ik wol foarsichtig wêze moast. Der wiene hjir namentlik ek scorpioenen en tarantula’s.. WHAT??? TARANTULLA’S?? Grapke mei’k hoopje? Mar nee, dat wie gjin grapke. Sterker noch, yn it jier dat hy hjir siet hie Nayeli al 5 tarantula’s yn har hús han! En twa dagen lyn hie Stephen noch in scorpioen út keamer 2 helle.. aahhhh, harrejakkie…!! Ik wie krekt sa bliid yn al dizze tiid dat Mexico tenminste gjin rare bisten hie! Hy fertelde ek dat hy foaral benaud wie foar slangen en dat dr in skofke lyn yn’e see oan’t swemmen wie en op 10 meter ôfstân mei in lytse krokodil each yn each stie.. Jakkiebakkie, dat is dus dit gebied. Noja gelokkich fertelde hy my ek dat de tarantula’s en de skorpioenen de measte tiid altyd beneden bleaunen en net heger op giene. Us hostel is op’e 1e ferdjippig dus dat skeelt 😀

Striid mei mysels

Tsja en dan de striid mei mysels.. want wyls ik dizze aventoeren beleef, spilet der in soad yn my. Ik moat earlik sizze dat ik my hjir net sa geweldig noch fiel. It leit um neffens my net om de omgeving want ik fyn it eins ek wol hiel ynteressant dat alles oars is. Ik fyn it moai om it te beleven en de oare kant fan Mexico te sjen. De earmoede, de simpelheid, de creativiteit en de stilte hjir. De reden wêrom ik my net sa denderend fiel sit um mear yn myn holle.

It wol gewoan net! Ik kin gjin motivaasje opbringe, ha nergens mear sin yn en foaral alle fertrouwen yn alle goeie en machtige ideeën is hiel hiel fier te finen. Ik bin hjir hinne kaam sadat ik my totaal rjochtsje en stoarte soe op aksje! Ik ha safolle ideeën mar ik ha konstant excuses om te begjinnen en om de ideeën wurklikheid te meitsjen. En tagelyk ha ik dus safolle druk lein op de moarne dat ik hjir bin. Yn dizze moarne moat it allegear gebeure. Gjin ôfleiding mar knalle!

No en dat wol dus net.. Ik folgje wyls in kursus online fan wonderlijkwerken.nl. Ik krige in opdracht wat ik woe wat minsken oer my seine of seagen oer in 1 jier, en oer 5 jier en oer 10 jier. Poe dat makke alles nogal definitief en ik woe fansels it perfekt hawwe. Doe ik úteindelik eindelik wat op papier hie en redelik bliid wie en it opstjoerde ferwachte ik eins dat se it geweldig en machtig funen. Sa ôfhinkelik bin ik dan wer fan oaren harren miening. Ik wit wol dat ik der skijt oan ha moat, mar ik ha it gefoel dat ik der no noch te fragiel en te kwetsbaar foar bin. Ik lit my te gau fan myn sokkel ôfdonderje. En doe krige ik it antwurd dat ik wat concreter wêze moast. WAT woe ik dan precies, WAT binne myn kwaliteiten en talenten wêr ik dit dan mei berikke wol?

Tsja en doe wie ik it hielendal kwyt.. Niks eins.. ja ik krij faak te hearren dat ik in leaf famke bin. Mar dêr kin’k myn iten net foar betelje. Ik bin der faak foar oare minsken en hoop in lústerjend ear te wêzen en minsken der boppe op te helpen as it efkes net wol. Mar ek dêr wurd ik net ryk fan. It binne fan dy kwaliteiten wêr je yn it financiele leven neat oan hawwe.

Dy ferekte DRUK wer.. (en ik doch it sels..zucht)

De druk is te heech. Ik lis dy druk mysels op, sa as altyd.. In oar docht it net, ik doch it sels. De druk dat ik NET werom wol nei it âlde leven fan hjir foar. Echt net!! Ik wol in wei fine om rûn te kommen hjir sadat ik frij bliuwe kin en mei om te gean en te stean wêr ik wol. Want ik wol sekerste weten dat ik hjir folle lokkiger en relaxter bin. It waar is in mega mega grut ding mar ek de minsken dy ik tref op myn reis. Se joue my safolle inspiraasje en it binne allegear minsken dy frijheid fjochters binne. Genietsje fan it libben yn alle frijheid. It binne in soad frije minsken, spirituele minsken, ynteressante minsken, nije minsken, nije manieren om nei it libben te sjen en dêr hâld ik fan! Dat wol ik!

Dus ik moat rap in manier fine om jild te fertsjinjen en iets wat my ek gelokkich makket!

Myn talinten??

Ek it paleo iten, de workshops. Ik ferlear ynienen it hiele fertrouwen omdat it hjir op reis sa ferekte dreech is om Paleo proof te iten. Hoe sil ik dan oaren fertelle en oertsjûgje fan myn wurden as ik it sels net iens 100% doch? En itselde mei it meditearen en alle oaren dingen dy ik leard ha.

Ik snap der neat fan.. WÊROM ferlies ik sa hurd it fertrouwen en kin ik de moaie dingen net fêsthâlde? Wêrom komme de komplimenten no net binnen en alle dingen dy foarhinne my sa’n sterk gefoel joegen, wêrom fiel ik dat no net? As ik mysels net iens helpe kin, hoe sil ik oaren dan helpe?

Ik sit te tinken om advies te freegjen oan in suksesfol persoan. Mar tagelyk wit ik dat se dingen sizzen gean dy ik allang wit. Ik ha de measte kennis al, mar ik fiel it no net. Ik kin it op ien of oare manier no net tapasse..

Sa posityf myn foarige blogs wiene, dan soene je dochs sizze dat ik my no geweldig en sterk fiele moat. Mar it negatieve stemke yn my is sterker. Dy hellet alles wer underút. It wie dochs niks wat ik dien ha, dy jonge hat sels it beslút naam om te stopjen. Ik ha neat dien, ik bin hielendal net spesjaal of meitsje it ferskil net. Ik fiel my ynienen as in Engel dy miende dat se fleane koe mar no realiseert dat se net iens fleugels hat en gewoan op’e grûn leit.

Akseptaasje, akseptaasje..

Tsja jongens.. ek dat is Petra blykber. Dit stik moat ik aksepteare. Dat ik ek dizze mominten ha. Ik wit dat der wol wer oare mominten komme mar it stomme is dat je dat op SA’N momint dus net fiele en net leaue! Sa ûnnoazel! Myn ego hat my gewoan yn’e macht op sa’n momint. Hoe hurder ik prebearje der út te kommen en de kop der foar te hâlden hoe minder it wurd.

Ik fjochtsje dus wer blykber. Dêr moat ik mei ophâlde, dat wit ik! De druk moat der ôf! Dan dizze moarne mar niks en oare moarne mar wer nei in oar plak en wer besykje. Miskien as de druk dr ôf is wol it ynienen wol?

Want tsja, dat is ien ding wat ik seker wit fan mysels en wat sterker oanwêzig is dan ik elke kear wer tink: DRUK werkt averechts by my!! Foarút wurkje en dingen dwan FOARDAT it hoegt.. DAT wurket.. dus miskien moat ik dat mar yn gedachten hâlde.. Ik gean hjir NIKS dwan, hielendal niks..

Ik ha fannemoarn efkes mei Syb belle, myn frustraasjes der efkes útgoait en bykletst. Dêrnei in gesprek mei in famke dy hjir krekt oankaam is yn it hostel. Binnen 10 minuten kletsen sei se dat ik fierstente hurd wie foar mysels mar ek dat ik hiel wiis wie.. Hmm..

my deljan en OERjaan.. ik tink dat ik dat wer dwan moat.. jou my oer.. hâld op te fjochtsjen.. Dan mar fergriemde tiid.. blykber ha ik dat nedig om mysels wer op’e rails te krijen en wer yn’e flow te kommen.

4 Comments

  • Geartsje

    Sa ast sels al seist…. do leist dysels druk op… ek al yn dizze blog… omdatst noch net ‘by’ bist… dat hindert neat… ik genietsje no like goed fan dyn ferhalen! Ek al giet it oer de Krystdagen . Libje yn it no… dat is it ienichste wat asto dwaan kinst!!
    Dikke tût fan my

  • Tjikke

    Hoi Petra,
    Ja, it is wat mei dyn holle….
    Spytich dat it no en dan samar net wòl!
    Do makkest sa ’n protte leuke dingen mei en elkenien fynt dy in leuk frommes!
    Goed genietsje fan alles, miskien litst it dan los.
    Groetsjes fan Tjikke.

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *