Reisavonturen - Mexico

Myn 32e jierdei!! #blog6

WOW! It is noch mar krekt 10 oere west moarns en ik fiel my al sa ûntsettend dankber en segene!

Doe ik juster de donatie aksje online sette fun ik it hiel spannend. Wat soene minsken der fan fine, soene se it skoaierij fine en soe it wat opleverje? Ik wie allinne al dankber foar it feit dat de minsken dy ik hjir oer ferteld hiene super positief wiene en it in prachtig gebaar funen. It soe moai wêze as dr wat minsken wêze soene dy in pear euro’s doneare wolle. Ik tocht de measten sille it wol foarby gean litte en hoopje dat in oar it wol docht. Ik wie al super dankber west as ik totaal in pear tientsjes ophelje soe..

Alderraast, nei in pear oeren stie de teller al gau op 200,- euro! Ik krige de trinnen yn’e eagen, dit hie ik net ferwachte! Sa dankber, sa moai! It jild komt fan alle kanten mei leave berjochten der by. Sommigen fia de donatie en oaren stjoerden berjochten nei myself.

Doe ik fannemoarn wekker waard ontplofte de tillefoan ek al fan alle berjochtsjes dy ik krigen hie. Sa dankber, sa leaf dat minsken fan alle kanten oan my tinke wyls elk syn eigen drokke libben hat. Undertusken is it bedrag al ferdûbbele en stiet de teller op dit momint op 433,-! Net normaal! Sa moai dat minsken it fertrouwen hawwe yn my dat ik harren jild op it goeie plak bring! Tagelyk jout it my ek wol wat druk. It is in soad jild dus ik kin hiel wat moaie dingen dwan, no hoopje ik fansels wol de júste dingen te dwaan wêrfan de oaren ek fine dat dit in goed plan is. Mar ik fertrou der noch steeds op dat it fansels op myn paad komt!

De start fan myn jierdei

Ik bin starten fannemoarn mei in stikje drave, wat yoga poses (ik doch mar wat dus ik wit net of ik it wol yoga neame mei haha!) en fansels in hearlike meditaasje wêrby ik sa dankber wie en 10 minuten lang non stop in big smile op’e kop hie! Myn dei kin al net mear stikken omdat ik my sa goed fiel! Ik bin kalm, geniet, laitsje en sjoch wol wat der hjoed op myn paad komt! Dat is soms noch wolris in lêstig dinkje foar my om de kontrole los te litten mar faaks krij je dan júst de moaiste mominten.

Harm, hjir út it hostel is fannemoarn betiid fertrokken nei Amerika. Foar dat der fuort gie hie der 2 kadootsjes foar my! Dit wie fansels al super leaf, it idee allinne al. Hy hie in pinada kocht en ik krige in mikrofoan om bettere webinars jaan te kinnen. Hy hie in nijere helle en ik mocht syn oare hawwe!

De planning foar hjoed

It ienige wat ik hjoed plant ha is dat ik in restaurantsje keazen ha wêr ik lunche wol. Ik sjoch wol as der immen mei giet en oars allinne, ek prima. Dit restaurantsje ha ik untdekt mei Omer en we ha der al 2 kear iten. It is lyts, sjocht der út om sa foarby te rinnen mar de 2 âlde fruolju dy der wurkje meitsje al it iten mei safolle leafde, at priuwe je gewoan!

Se binne freonlik, nimme harren tiid, fine it machtig dat wy harren kieze litte wat we ite wolle en ha dikke wille. Dat is dochs prachtig. Foarige wike binne se ek aardig wat klanten misrûn omdat dy te hastig wiene. Foardat se bestelle koene omdat de fruolju yn’e keuken dwaande wiene, naaiden de gasten alwer út. Letter tocht ik, mar goed ek. As jim net de tiid hawwe om harren passie te ûntfangen dan bin jim ek net geskikt om hjir te sitten. Noja klear, it iten en drinken is hearlik en hjoed wol ik der dus wer hinne om wat oars nijs út te prebearjen!

Ek ha ik in massaazje plant om 5 oere! Hearlik ik ha der sin yn! Foar de rest sil ik aanst mei de famylje videobelje en sjoch ik wol hoe de dei rinnen giet! Ik gean yn elts gefal myn bêst dwaan om de hiele dei mei in big smile de dei troch te gean omdat ik sa dankber bin foar alles!

Wat in dei!

No de hiele dei mei in big smile rinne dat is slagge hjer! Ik ha in machtige dei han. Echt elk momint ha ik my fermakke mei de noadige chillmomintsjes tusken troch. Ik ha mei de hiele famylje tagelyk oan’t beeldbeljen west. Gesellich om elkenien wer by elkoar te sjen en mem hie sels it hûs fersierd wyls ik der net iens wie. Ek hawwe se thús moarns kofje mei gebak han en middei Mexicaans iten. Fijn om elkenien fia beeld toch allegear tagelyk te sjen!

Super leuk om myn leave familie allegear tagelyk te sjen!

In machtige lunch mei dikke wille!

Hjir nei miende ik efkes yn in gat te fallen omdat ik allinne fuort soe foar lunch. Doe krekt foar ik fuort soe frege Rachel as se my ek út iten nimme koe foar lunch foar myn jierdei! Prachtig, gesellich tegearre wille hawwe, hearlik ite en goeie gesprekken. We hawwe der wol 2 of 3 oeren sitten. By it tentsje wêr ik hearder al oer ferteld hie. We wiene de ienige gasten, dus alle rêst en oandacht. Doe ien fan de 2 fruolju fan it restaurantsje der efter kaam dat ik jierdei wie kaam se by ús en hat se samar spontaan in prachtig lied foar my songen. Ik hie it sa graach opnimme wollen mar ik fielde dat dit net geskikt wie en dat ik it dit momintsje yn myn hart opslaan moast. Sa leaf en prachtig wat se song, it kaam echt út har hart. We hawwe letter noch mei harren op’e foto west.

Mei Rachel lunch yn ‘Mi Kfé’ (Venezueels iten)

Doe we eins al ploften fan it iten hawwe we dochs noch in toetje besteld want Rachel fun dat we fansels wol in taartsje ha moasten! De twa fruolju kamen doe tegeare sjongend oan mei de taart en hiene der in kearske yn stutsen. Fansels moast ik in winsk dwaan en it kearske útblaze. Mar op ien of oare manier ha ik it kearske úteindelik wol 10 kear útblaze moatten omdat der elke kear wer opnij oan gie!! WHAHAHA, wat ha wy hjir in wille om han. In diel hjir fan hawwe we op film krigen gelokkich 😉 Dizze sil ik seker mei jim diele! It bleek letter in grap te wêzen fan de fruolju, it wie in spesjaal kearske!  Geweldig, wat in fijne lunch en super leaf dat ik it as cadeau fan Rachel krige! Ik sei tsjin Rachel dat ik eins no wol stopje woe mei myn jierdei want it wie al sa geweldig tot safier! Ik wie al tevreden foar hjoed.

Chille, massaazje en út iten mei de ‘Playa familie’

Nei de lunch wie it tiid om efkes lekker te chillen en ha ik noch efkes in pear baantsjes lutsen yn it swimbad. Noch efkes 10 minuten oer it strân runstrúnt en noch genoten fan wat live Mexicaanse musyk op it strân. De massaazje wie hearlik, ik ha genoten. Dizze krige ik as cadeau fan mem 😊

Juns hawwe we út iten west mei de Playa family. Dit is sinds dizze wike in ploegje minsken hjir út it hostel dy’t wol behoefte hawwe oan wat konneksjes. Iederien kin yn’e groepsapp stappe en hjir yn wurd dielt as minsken mei elkoar iten gean, kofje drinke, op stap wolle of wat dan ek. Mateo, hjir út it hotel is hjoed ek jierdei dus no hiene we in moai ploegje fan 6 om út iten te gean mei elkoar. Fansels mochten Mateo en ik alles bepale dizze jun! We binne úteindelik by in Italiaan bedarre en hawwe in hiele gesellige jun han!

De tequillas fleagen oer de tafel, mar ik my hjir foar gelokkich sterk genôch hâlde om der ôf te bliuwe. Ik ha hielendal NIKS mei shots, doch my mar gewoan in bierke. Ik ha net folle drank nedig en ik wol graach de kop der by hâlde. Dit slagge dus noch best tidens it iten. Doe we hast út iten wiene kamen der ynienen 2 super lekkere toetjes oan mei fjoerwurk!! Yeaahhhhh!! Hahaha, dit fun ik machtig, dêr hie ik ek op hope. It toetje wie trouwens ek FEREKTE lekker!! Ik woe it eins hjir al wer stopje omdat ik tocht dat de dei eins net mear better koe! Te benaud dat it no allinne mar minder wurde soe. Dochs binne we hjirwei nei Fah gien op myn fersyk. Dit is it restaurant wêr se live musyk hawwe en meastal rockbands.

rbt

Tidens it iten fannejun hie ik ynienen it lef om de oaren sjen te litten wat ek de oare kant fan my is. Myn hier omheech en ik fun in hiel âld filmke op youtube werby ik hielendal kompleet út myn dak gean op it podium mei Jitiizer. In filmke wêr ik soms wol foar skamje omdat ik echt kompleet los gean en skijt oan alles ha. Ta myn grutte ferbazing wiene se hjir oan’e tafel SA under de yndruk, Cheetos en Mateo koene hast net leaue dat IK dat wie. You go wild!!!??? Sa fan, huh? Kinsto as braaf famke, sa losgean? JA!! Dat bin ik, en ik bin trots op dy ‘skijt oan alles’ kant! Haha.. Omdat harren reaksje sa posityf wie doarde ik my wat mear gean te litten juns. Dan sjogge je toch mar wer dat je dochs unbewust wer te benaud binne om ôfkeurt te wurden.

Op stap juns

Doe we nei Fah giene ha ik foar de feroaring ris in cocktail besteld. In blauwe noch wol, net om de smaak mar ik fun de kleur gewoan machtig haha.. Doe Cheetos kompleet los gie yn de 4 m2 foar it podium koe ik my ek net mear ynhâlde. We binne op ien nummer hielendal losgien. Ik ha oan’t headbangen west, springen en gek dwan. SKIJT oan wat de oaren (lês: it hiele restaurant) der fan tinke soe. Wat in wille!

rbt

De shots, tequilla en sambucca fleagen my om’e earen en it wie ferekte lestig om nee te sizzen want elkenien bestelde der 2, SPESJAAL foar Mateo en my foar ús jierdei. Werkelik, tequilla is hjir hielendal it ding, mar ik fyn it rûken en priuwen nei terpentine of wat oars chemisch. BAH! Ik ha sa no en dan mar in lyts nipke naam foar it idee en oan alle kanten sneaky de shots trochjun oan oaren om my hinne dy se graach ha woene. Haha, dit wie dan myn spultsje wyls wat.

It moaie wie dat der fan de 50 minsken yn’e playa familie app hieltyd mear minsken by ús kamen sitten yn Fah om de jierdeis fan Mateo en my te fieren. Dit fielde dochs wol spesjaal. Sels fan minsken wêrfan ik de namme net iens wit krigen we allegear drankjes en felicitaties. Spitichgenôch fermakke Mateo him wat minder by de live muzyk en hy woe graach nei in club om te dûnsjen. Foar my wiene se nei Fah gien, dus no moast ik ek mei nei de club.

Pfff ok.. koart sein ik ha echt 3 kertier lang enorm myn bêst dien. Mar minsken, minsken, ik fielde my as sa’n streetview popke wat se sa midden yn CHINA delplopt hiene. Ik ha mei grutte eagen om my hinne sjoen. Foar safier ik wat sjen koe troch alle ljochten en rook. Ik fielde my enorm ungemakkelik omdat dit soart muzyk gewoan sa NET myn ding is en ik my gewoan ungemakkelik fiel om mei de meute mei te dwaan. Mar klear, ik ha it beleefd, ha myn bêst dien en my realiseert dat ik tocht echt fan in oar kaliber minsk bin hahaha.. Ik wie 1 oere thús, tevreden bin ik hearder nei hús gien. Ik hearde fannemoarn dat de oaren 5.30 thús kaam wiene.

Tot slot

Al mei al, in prachtige, machtige  en spesjale dei myn 32e jierdei!! Ohja, en uuh ik sis mei trots dat ik 32 jier bin! Ik fyn it wol in moai getal en ek al bin ik âlder dan in soad oaren hjir, dan lis ik gewoan de nadruk wat mear op it feit dat ik al hiel wat mear levenservaring en wiisheid ha en it júst super stoer is dat ik op myn 32e oan’t reizigjen bin!

Ohja de donatieteller bliuwt mar stijgen!! SAA DANKBER!!! Wat in leafde!!

Momenteel € 515,-!

Oan’t oare kear!

2 Comments

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *