Fryske SpegelSpreuken!!
Hokker tekst sprekt dy it meast oan?
Fryske Selfleafde SpegelSpreuken!
Plak dyn moaiste tekst op’e spegel (of op in oar plak) sadasto faak oan dizze spreuk herinnere wurdst!
MAKLIK, LEUK
en mei in BIG SMILE
in positiever self-byld krije!
Sjoch dysels oan yn’e eagen en sprek it út!
laitsje ris nei dysels en jou dysels in knipeach!
‘Beskeiden wêze is prima,
dochs meie in soad Friezen wol wat mear fan harren sels hâlden gean!’
Jou dyn freon(dinne), heit, mem, broer, sus of buorfrou ien kado!
Bisto al 100% tevreden mei dysels? geweldich!
Der is fêst in persoan yn dyn omjouwing
dy sa’n sticker brûke kin!
1 foar 4,95
3 foar 14,-
alle 6 fariaasjes foar 26,- !
Stjoer dyn bestelling nei: 06 22 001238. In berjochtsje mei hokker sticker(s) asto bestelle wolst, hoefolle en dyn adres, en dan stjoer ik se op!
(1,- per post of gratis ophelje by Yldau ontwerpen @Workum)
‘De wrâld hat dy nedich, presys sa asto bist!’
Goed om te witten:
–> De tekst: ‘Ik bin goed genôch’, is in echte sticker. Transparant mei wite letters mar wurket as in ‘echte’ sticker en kin dus op ferskate dingen plakt wurde.
–> De oare 5 teksten binne spesjaal en allinne foar op’e spegel of op in raam! Dizze binne statisch materiaal en der bliuwt dus gjin plakrommel op’e spegel sitten as’t de sticker dochs op in oar plakje hawwe wolst.
Grutte fan de stickers:
- Ik bin goed genôch: 6,5 x 4 cm
- Ik bin genôch, ik ha genôch, ik doch genôch: 9 x 5 cm
- Ik bin presys goed sa at ik bin: 9 x 4 cm
- Ik hâld fan myself! : 10 x 4 cm
- Ik leau yn dy! : 9 x 4 cm
- Ik hâld fan dy! : 9 x 4 cm
It ferhaal achter dizze stickers
Myn mem en ik skreaune stiekem wolris mei lippestift wat leave wurden op’e spegel omdat we elkoar oan dy wurden herinnerje woene. Dêr wie it begjin fan it idee fan dizze Fryske SpegelSpreuken!
‘ wat bisto in machtig moai minsk! ‘
We dogge mar al te hurd ús bêst om ‘goedkeurd’ te wurden en befestiging te krijen fan oaren. We litte ús selffertrouwen noch te faak ôfhingje fan wat in oar fan ús fynt.
Mar it is dochs wol wat gek dat wy de leafde foar ússels ôfhingje litte fan in oar!
Mear self-leafde, mear selffertrouwen krije is it krachtigst as dyn eigen gedachten en oertsjûgingen oer dysels posityf binne!!
Dyn self fertrouwen hinget ôf fan hoesto nei dysels sjochst en wat foar gedachten en oertsjûgingen asto oer dysels leaust. De gedachten en oertsjûgingen oer dysels wolle we dus posityf hawwe, sadast dysels de goeie kant op helpst!
Miskien tinkst no: makliker sein as dien mar om dit op in makkelike en leuke manier te dwaan is troch dysels der eltse dei in oantal kear oan te herinnerjen asto yn’e spegel sjochst (of op in oar plak wêr asto faak nei sjochst, sa as foto 1, op it mobiel hoeske)
Feroarje sa op ûnbewust nivo âlde belemmerjende oertsjûgingen nei positieve!
en hâld sa eltse dei in bytsje mear fan dysels!
Wêrom seit de iene sticker ik fan fan DY en de oare ik hâld fan MY?
Dit is bewust dien om twa redenen. As earst omdat we it faaks makliker fine om ‘ik hâld fan DY’ te sizzen dan ‘Ik hâld fan myself’. It is dêrom soms makliker om it tsjin dyn eigen spegelbyld te sizzen! De twadde reden is dat it fansels ek in hiel leaf en moai kadootsje nei in oar wêze kin! Sykje mar in tekst út dy’t dy it meast oansprekt! Der binne noch mear en oare teksten yn ûntwikkeling, dus hâld de site yn’e gaten asto fan bist fan de stickers!
Wês lekker dysels, der binne al safolle oaren!
Leafs fan Peet
www.expeditionhappinezz.nl